Poste restante VIII

    ‘Leeuwarden’ (l.û.), ‘Tweebaksmarkt.’ (m.û.), ±1898–1901. Ljochtdruk, 91×138 mm. Utjûn troch F. Huisinga, Ljouwert. Poststimpels Harns 02-01-1906 en Amsterdam 02-01-1906. Ferstjoerd oan Jan Elbers van der Burg, Amsterdam, troch Jetske Wiskia Hora Adema.

    Hlg. 1-1-’06. *i– / 8––86 / 0++4c / 4f4– / ×I* / 8× / 94 / 7446+i× / f4bd4++4– / 30d / 4b / ’– / 6bic×4 / 8– / 34 / *00× / 8c / fIIb / 34 / last IIIcd / + inclosed ’n 8––864– / 1b845 / f0– / *8+84– // I / ×i– / c270d ’t is jII / *I48+i× / 9Ie / jII / d4 / *I4d4– / *8cc4– // 4– / 8× / g44d / 30d *i– / *0––84 / ’t II× / jII / *I48+i× / 7445d…. 7Ie / 94 / *00b / 6I43 / *i– / c270d / 8× / 3I4 / II× / *i– / 14cd // 44– / 306 / fIIb1i / d4–*8–cd4…
    I.H.Z. 4– / 0++4c *44b / f0– / 9Ie 8–d4–c 4864– / 94 / jII / j84+c+8457. fbIeg f0– / +84534. 306 / *i– / c270d / I / g0d / j0+ / 8× / j84+c64+e××86 ji– / 94 / –84d *44b / d4 7I4f4– *8cc4– 4– / 30– / 0++4c / jII j0+86 c0*4–… 0+di3… 74…


Yn de grûnwet is fêstlein dat post dy’t noch besoarge wurde moat net iepene en lêzen wurde mei sûnder tastimming fan de adressearre. Dit saneamde briefgeheim jildt net foar ansichtkaarten. Dat soe ek lestich te hanthavenjen wêze, se wurde ommers sûnder slúf ferstjoerd. Postrinders, hospita’s en húsgenoaten kinne muoiteleas en straffeleas meilêze wat de ôfstjoerder oan fertroulikheden of ôfwaaid praat op in ansichtkaart kwyt woe.

In brief stjoere wie (en is) dus diskreter, mar ek djoerder. Al gau waarden der wegen fûn om ansichtkaarten in boadskip mei te jaan sûnder dat tredden fuortdaalk meigenietsje koenen. Ien dêrfan wie it brûken fan geheimskrift. Dy metoade wie uteraard effektiver neigeraden de koade dreger te kreakjen wie. It geheimskrift hjirboppe, mei letters, sifers en symboaltsjes, liket yngewikkeld, mar it falt ta. Elts teken korrespondearret nammentlik ien-op-ien mei hieltyd deselde letter.

Yn de kryptografy wurdt dat mono-alfabetyske substitúsje neamd. Dy is te ûntsiferjen mei frekwinsje-analyse: tel hokker tekens it faakst foarkomme, lis der in letterfrekwinsjetabel fan de taal dy’t fermoedlik brûkt is nêst, en je hawwe de kaai ta de koade yn hannen. Is de kodearre tekst oan de koarte kant, dan helpt it en pak der ek even in wurdfrekwinsjelist by. Mar de tekst op de kaart hjirboppe is langernôch. De kaai ta it brûkte geheimskrift sjocht der sa út:

0 = a
1 = b
2 = c
3 = d
4 = e
5 = f
6 = g
7 = h
8 = i
9 = j
× = k
+ = l
* = m
– = n
I = o
II = p
a = q
b = r
c = s
d = t
e = u
f = v
g = w
h = x
i = ij
j = z
   

Ferrifeljend is al even it net-kodearre wurdsje ‘inclosed’. It suggerearret dat it hiele boadskip yn it Ingelsk steld is, mar nee, it boadskip is yn it Hollânsk. En boppedat yn de taal fan de leafde:

    Hlg. [= Harlingen] 1-1-’06 mijn innig alles even kom ik je heerlijk vertellen dat er ’n grijske in de maak is voor de last post + inclosed ’n innigen brief van milien o mijn schat ’t is zoo moeilijk jou zoo te moeten missen en ik weet dat mijn mannie ’t ook zoo moeilijk heeft…. hou je maar goed mijn schat ik doe ook mijn best een dag voorbij tenminste…
    I.H.Z. en alles meer van jou intens eigen je zoo zielsliefh. vrouw van liefde dag mijn schat o wat zal ik zielsgelukkig zijn je niet meer te hoeven missen en dan alles zoo zalig samen… altijd… he…

Net alles yn it boadskip op dizze op nijjiersdei 1906 skreaune kaart is helder. Wat is in grijske of gryske? Wa is Milien? En wêr stiet I.H.Z. foar? It sil wol sokssawat as ‘Intens Heerlijke Zoenen’ betsjut hawwe. Och, salang’t de ûntfanger it mar begriep. Dúdlik is yn alle gefallen dat de ôfstjoerster – ja, it is in sy – oeribele fereale wie op de adressearre. En dat treft moai, want noch gjin twa moanne neidat se har frijer sa longerjend skreau, soe se mei him trouwe.

It giet om Jetske Wiskia Hora Adema en Jan Elbers van der Burg, dy’t elkoar op 20 febrewaarje 1906 yn Harns it jawurd joegen. Jan wie op 12 oktober 1879 berne yn Apeldoarn as soan fan Hendrik Jan van der Burg en Aaltje Menthen. Oplaat ta wurktúchkundich yngenieur waard er yn 1901 beneamd ta ‘adspirant-adjunct-Ingenieur’ by de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij. Jetske wie te wrâld kommen op 30 juny 1879 yn De Haach as dochter fan Johan Hora Adema en Lucia Aurelia Bergsma Fruitier de Talma. Heit Johan, direkteur fan de Leeuwarder Aardappelmeel- en Siroopfabriek, wie yn de jierren 1896–1914 boargemaster fan Harns.

Jetske hat harsels foar ferjitnis behoede troch twa famkesboeken te publisearjen. Beide ferskynden by de Meppelder útjouwer Ten Brink, yn moaie linnen bantsjes, yn de rige Juliana-Bibliotheek. Jetske har earste boek, mei in bântekening fan Willem Hendrik Bik en yllustraasjes fan Nelly Spoor, kaam út yn 1910 en hie as titel de namme fan de haadpersoan: Joke Gerritsma. It libben fan Joke is basearre op it libben fan Jetske sels. Beide binne berne yn de santiger jierren fan de njoggentjinde ieu, groeie op yn De Haach, hawwe twa âldere broers en in Fryske heit dy’t boargemaster wurde wol. Ek moetsje se beide de (takomstige) keninginne Wilhelmina: Joke sjocht har as famke yn De Haach, wylst de boargemastersdochter Jetske Wilhelmina in boeket blommen oanbiede mocht by dy har besite oan Harns op 27 septimber 1905, sa’t yn ferskillende kranten boekstave is.

Nei dy keninklike besite ferwiist Jetske op in oare ansichtkaart yn myn kolleksje. De foto op dy kaart toant Wilhelmina yn Fryske dracht, mei prins Hendrik oan har rjochter side, op it balkon fan it Harnser stedhûs – yn spegelbyld, sa’t Jetske ferdútst. Op 29 septimber 1905, twa dagen nei Wilhelmina har besite oan Harns, stjoerde Jetske de kaart oan Jan. It boadskip dat se deroan tafoege, is heal om heal yn gewoan en yn geheimskrift. De koade is deselde as dy fan it geheimskrift op de kaart dy’t se trije moanne letter ferstjoere soe. Ek de yntime toan, ynklusyf de ‘I.H.Z’, is al hielendal oanwêzich:

    Hg [= Harlingen], 29.9.’05. mijn innige schat Hier heb je al een herinnering aan de heerlijke dagen, en aan ’t plekske, vanwaar wij rozen gooiden in ’t kon. rijtuig! De koningin staat hier links door ’t afdrukken. ’t Planetarium ontvangen. De serenade was zoo leuk, natuurlijk weer een massa menschen, de heele overkant stond zwart. I hope bald meer lieveling O, dien weeldebrief vrouwke kan hem niet genoeg lezen en herlezen ’t Is ook zoo zalig! dag schat slaap gelukkig en denk: alweer twee dagen voorbij I.H.Z. en ASO alles meer van jou W.V.

Joke Gerritsma foel der by de resinsinten nammers goed yn. ‘Dit is werkelijk een mooi, een frisch boek’, ornearre de Nieuwe Arnhemsche Courant. De Leeuwarder Courant wie op 23 novimber 1910 wat kritysker, mar dochs:

    Het boekje is prettig en eenvoudig geschreven, zonder veel mooidoenerij. Dit zijn ongetwijfeld voor een meisjesboek prijzenswaardige hoedanigheden, doch iets meer illusie zou geen kwaad hebben gedaan. Het is nu wat vlak gebleven, wat heel erg “gewoon”. En dat willen kinderen soms wel eens wat anders. We kunnen “Joke Gerritsma” anders met vol vertrouwen als een vriendinnetje aanbevelen.

Yn 1913 folge De familie van Heyningen, opnij útjûn troch Ten Brink, mar diskear mei toeristyske foto’s út Switserlân yn stee fan tekene yllustraasjes, en in bântekening fan Harke Johannes Kolk. It bestean fan haadpersoan Froukje driget yn ûnstjoer te reitsjen as har famylje tydlik jildpine hat, mar by eintsjebeslút beteart it allegearre goed, mei as hichtepunt in reis troch it lân fan de Alpen. De toan en de moraal fan it ferhaal, mei in protte klam op gehoarsumens en famyljesin, binne net oars as dy yn Joke Gerritsma. Fan dat boek joech it winkelbedriuw Vroom & Dreesmann om 1927 hinne in werprinting út yn de rige Briljantjes. Ek droech Jetske yn 1913–1914 noch in pear koarte ferhaaltsjes by oan de Leeuwarder Courant.

Hoe’t it fierders mei Jetske en Jan beteard is? Dêr bin ik net folle oer te witten kommen. Nei harren trouwen wennen se earst yn Nijmegen, fan 1907 ôf yn Alkmaar en fan 1909 ôf yn Hilversum. Letter komme wy harren tsjin yn Zeist en Doetinchem. Jan klom op ta haadyngenieur en sjef earste klasse by de Nederlandse Spoorwegen en krige in lintsje fan de keninginne. Hy rekke wei op 8 novimber 1963, yn Doetinchem. Jetske folge him op 28 jannewaarje 1966; sy ferstoar dy deis yn in sikehûs yn Velp. Beide binne se kremearre yn Dieren. Yn it deaberjocht fan Jan yn De Telegraaf fan 11 novimber 1963 liet Jetske opnimme dat hy har ûntfallen wie ‘na een droef geesteslijden’, mar ek ‘na een reeks van bijna 58 mooie huwelijksjaren’.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.