Poste restante IX

    SNEEK. (l.û.), ‘Zuidend.’ (r.û.), ±1900–1903. Ljochtdruk, 91×140 mm. Utjûn troch R. van der Meulen, Snits. Poststimpel Menaam 20?-10-1903. Ferstjoerd oan Gatske Schotanus, Minnertsgea, troch Antje de Jager.

    groet uit menaldum
    van je vriendin antje
    die vraagt haar eens spo
    [e]dig te sch[r]ijven

Werom’t ansichtkaarteskriuwers wolris geheimskrift brûkten, liket gjin grut riedsel te wêzen: om te ferhinderjen dat tredden lêze koenen wat de ôfstjoerder inkeld oan de adressearre tabetrouwe woe. In moai foarbyld binne de yn geheimskrift notearre gjalpen fan langst en leafde op de kaart fan Jetske Wiskia Hora Adema oan har frijer yn Poste restante VIII. Mar it boadskip op de kaart hjirboppe befettet dochs neat dat o sa partikulier is. Antsje fan Menaam docht de groeten oan in freondinne yn Minnertsgea en hopet fan har in kaart of brief werom te krijen, dat is alles. Wêrom brûkt se foar sa’n ûnskuldich boadskip dan dochs geheimskrift?

En wêrom kiest Antsje net in geheimskrift dat wat dreger te ûntsiferjen is? De koade dy’t se brûkt, waard (mei farianten) faker tapast. Dy koade giet werom op it frijmitseldersgeheimskrift, om krekt te wêzen: op de Ingelske fariant dêrfan. Letter waard it populêr binnen de paadfynderij. Elts teken jout de kontoeren wer fan in beskaat segmint fan yn totaal trettjin segminten op twa rasters. Elts segmint biedt plak oan twa letters; it hiele alfabet is dus yn de beide rasters ûnderbrocht. In teken sûnder stip deryn stiet foar de earste letter yn it oerienkomstige segmint, in teken mei in stip deryn represintearret de twadde letter. Is dizze útlis noch wat dizenich? Lis Antsje har boadskip nêst de beide rasters rjochts en alles wurdt grif op slach dúdlik (ek al wie Antsje net hiel sekuer: se hat twa tekens fergetten, foar de e yn ‘spoedig’ en foar de r yn ‘schrijven’).

Fergelykje wy no ris de adresside fan de kaart fan Jetske mei de adresside fan de kaart fan Antsje, dan rinne minstens twa ferskillen yn it each. Foarst, Antsje hat har kaart frankearre mei 1 sint, Jetske harres mei 2½ sint. En twad, Antsje hat it printe wurd ‘BRIEFKAART’ trochskrast en ferfongen troch ‘Drukwerk’, Jetske net. Antsje joech dêrmei oan dat har ansichtkaart foldie oan de betingsten foar ferstjoering as printwurk, tsjin in taryf fan 1 yn plak fan 2½ sint. Dy betingsten binne omskreaun yn bygelyks de Leeuwarder Courant fan 1 oktober 1904, ûnder it kopke ‘Prentbriefkaarten en strafport’:

    De prentbriefkaarten staan in het teeken des tijds. Door iedereen, groot en klein, worden ze verzonden. Het ontvangen doet den meesten genoegen, maar… dikwijls is er een minder aangename zijde, n.l. het betalen van strafport. Het is daarom niet ondienstig, vooral nu de postambtenaren scherper toezicht schijnen te moeten houden en daardoor het aantal overtreders dagelijks grooter wordt, in herinnering te brengen, dat, om voor één cent te mogen worden verzonden, er op een ansichtkaart alleen mag worden vermeld: de naam en de woonplaats van den afzender en de datum van afzending.
          Verboden zijn verkortingen als: m.g., h.g., m.d., p.f., p.r. enz.; “groeten”, “gelukwenschen”, “uw toegenegen” en dergelijke meer. De naam van den afzender mag niet worden uitgedrukt als: pa, moe, je broer of zuster en ook niet oom, tante, neef of nicht.

No waard oan dy betingsten net hiel strang de hân hâlden: der sitte aardich wat kaarten yn myn kolleksje dêr’t de ôfstjoerder ‘p.f.’ (‘pour féliciter’) op skreaun hat én in postsegel fan 1 sint op plakt hat sûnder dat dêr strafport oerhinne kommen is. Antsje skreau op har kaart lykwols al wat mear as in inkeld ôfkoartinkje. Mar oars as it geheimskrift fan Jetske befettet Antsje har boadskip gjin letters of sifers – it is feitlik gjin tekst! En dus koe it mei in segel fan 1 sint ta. It besparjen fan oardel sint oan port sil de foarnaamste reden west hawwe dat Antsje har boadskip kodearre en dêr in skrifttekenleaze koade foar brûkte.

Fierders spile der faaks fammemallichheid mei. Dy kaam by Antsje ek ta utering yn saneamde postsegeltaal. Antsje plakte de postsegel skean en op ’e kop. Siet in segel yn in oare stân as de meast gongbere op de kaart, dan koe dat in betsjutting hawwe: ‘Ik hâld fan dy!’, ‘Tinkst oan my?’, dat wurk. Der wienen ansichtkaarten en sels boekjes yn omrin mei oersjoggen fan de betsjuttings. Hiel geheim wie postsegeltaal dus net. Ek wikselen dy oersjoggen nochal – eins wienen der ferskillende postsegeltalen – en de mooglikheden wienen tige beheind. Al mei al wie it gjin effektive wize fan kommunikaasje. Etikette-keninginne Amy Groskamp-ten Have fûn it om oare redenen mar neat. Yn har yn 1939 foar it earst ferskynde en ytlike kearen werprinte Hoe hoort het eigenlijk? skreau se:

    Bakvischjes, verliefden en verloofden trachten in de “postzegeltaal” (het schots en scheef opplakken der zegels, waaraan bepaalde beteekenissen zijn verbonden) elkander boodschappen over te brengen, meestal van teederen aard. Zij, die gesteld zijn op goede vormen zullen zich hieraan niet schuldig maken.

Antsje fan Menaam stjoerde har kaart oan Gatske Schotanus, berne yn Minnertsgea op 2 novimber 1882 als dochter fan de skroar Christoffel Schotanus en Rinske Hoekstra. Yn 1901 helle Gatske in ûnderwiisakte en al rillegau stie se yn Minnertsgea foar de klasse. Dêr wie se kollega fan de Grinslanner Tamme Hendrik Kremer (1879–1968), mei wa’t se yn 1907 troude en twa soannen krige. Tamme syn ûnderwizerskarrière brocht harren nei Oostwold, Bandwijk, Harns, Apeldoorn en Krabbendam, en fan 1922 ôf wennen se yn Frjentsjer, dêr’t Tamme haad fan de kristlik-nasjonale skoalle oan de Foarstrjitte wurden wie. Gatske ferstoar yn Frjentsjer op 27 april 1960 en waard begroeven yn Minnertsgea.

Har Menamer freondinne wie grif Antje de Jager, berne yn Menaam op 2 jannewaarje 1882 as dochter fan Tjebbe de Jager en Aaltje Andringa. Gatske en Antsje wienen yn itselde jier berne en hellen alle beide yn 1901 yn Ljouwert in ûnderwiisakte. Faaks koenen de fammen elkoar fan de oplieding. Krektlyk as Gatske waard Antsje skoaljuffer yn har bertedoarp. Yn 1910 troude se mei de bakker Johannes Huizenga (1882–1957), mei wa’t se in dochter en in soan krige. Antsje ferstoar yn Menaam op 18 febrewaarje 1955. In foto fan Antsje mei har âlden, sa likernôch út de tiid dat se de hjir besprutsen ansichtkaart ferstjoerde, is op ynternet te finen yn in troch Pieter Boerrigter gearstalde stambeam-Huizenga. Dêr binne ek twa lettere foto’s fan Antsje en har eigen gesin yn opnommen.

Falt oer de minsken óp de ansichtkaart ek noch wat te sizzen? Neffens de byldbank fan it Fries Scheepvaart Museum al. Yn it byskrift by in oar eksimplaar fan de kaart wurde de frou mei de skelk en it famke oan har hân identifisearre as Gerritje de Boer-de Wilde (1876–1946) en har dochterke Wiepkjen Klaasjen (1900–1924). Oer Gerritsje en de jong ferstoarne Wypkje is fierders it measte net te finen. Tanksij dy identifikaasje troch it Fries Scheepvaart Museum (dêr’t oars net in boarne foar jûn wurdt) bliuwe sy dochs in lyts bytsje mear as nammen yn akten fan de boargerlike stân.

En dan noch de minsken dy’t yn de tiid dat de kaart makke waard wennen yn it hoekpân rjochts, adres Hoogend 1: de bakkerswinkel fan Mozes Pino (1845–1927) en syn frou Elisabeth de Wit (1856–1890). De winkel waard fuortset troch harren dochters Roosje (1884–1943) en Lina (1890–1943). De oerlevering wol hawwe dat sy de lekkerste eierkoeken fan Snits en fiere omkriten ferkochten. Doe kaam de oarloch. Roosje en Lina Pino waarden beide om it libben brocht yn Sobibor. Harren nammen steane op in tinkstien mei in list fan Holocaust-slachtoffers út Snits yn de tún fan it Snitser stedhûs, en yn it tegelpaad foar Hoogend 1 binne Stolpersteine oanbrocht ta harren neitins. Henk van der Veer betocht de beide susters mei in gedicht yn it Snitsersk yn syn bondel De Dames Pino en andere fersen over Joadse Snekers út 2015.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.