Mail oan Minke

Bêste Minke,

Tankewol foar dyn feedback, sa’tsto it neamst, op myn oersetting fan Emily Dickinson har fers ‘I was the slightest in the House’ (F473). Ik bin wiis mei dyn lof en triuw wat ik fabrike hie reefeardich tsjin de rasp fan dyn krityk. Dochs bliuwt de oersetting sa’t er wie; ik sil besykje dy út te lizzen wêrom.

It grutste part fan har libben wenne Dickinson yn har âlderlik hûs The Homestead yn Amherst, no it Emily Dickinson Museum. Ast dat kenst, fan foto’s, filmkes of in besite, dan sjochst by it lêzen fan F473 automatysk de dichteresse sels foar dy wylst sy lêst en skriuwt oan it lytse taffeltsje yn har sliepkeamer foar it rút. De ‘mint’ dy’t se dêr heint – dy’t har ta- en ynfalt – soe dan de ideeërykdom út har lektuer of de ynspiraasje foar har gedichten wêze kinne. Yn beide gefallen is der taal mei anneks.

Do stroffelest oer myn oersetting fan ‘the mint’ mei ‘kaptaal’. Wêrom net gewoan oersette mei ‘de munt’, sa’t Peter Verstegen ek docht yn syn tsjokke Dickinson-boek dat op dyn nachtkastke leit, skriuwsto. Hy is oars net de iennichste dy’t dat docht; al yn 1956 sette de Dútske Dickinson-fertaalster Maria Mathi ‘the mint’ oer as ‘die Münze’. No hat ‘mint’ yndied de konnotaasje fan ‘klinkende munt’, ree jild, mar it falt net gear mei ‘munt’ yn de betsjutting fan ‘jildstik’, it Ingelske ‘coin’. En it byld fan ien jildstik dat as in jojo ‘onophoudelijk viel’, sa’t Verstegen hawwe wol, is ek in bytsje frjemd, fynst net? Dan is der mear te sizzen foar de oplossing fan Gunhild Kübler, dy’t foar meartal ‘Münzen’ kiest.

Dickinson har favorite boeken wienen de Bibel en de Webster. Dat wurdboek, yn de troch har brûkte edysje fan 1844, omskriuwt ‘mint’ as de ynstelling dêr’t jild slein wurdt en, oerdrachtlik, as ‘a source of abundant supply’, mar net as ‘coin’ of sokssawat. Yn syn taljochting by F473 sitearret Verstegen út de Webster dy oerdrachtlike betsjutting, mar hy fielt net oan dat ‘the mint’ oersette mei ‘de munt’ net rjocht giet. Oaren beseffe dat wol. Louise van Santen fynt in útwei yn de ferfanging fan ‘the mint’ troch ‘wat mij was toebedeeld’. Ans Bouter komt fanwegen mei ‘Verzinsels, dromerij’. Ivo van Strijtem docht de oerdrachtlike betsjutting dy’t de Webster jout mear rjocht troch ‘the mint’ oer te setten mei ‘de Overvloed’. Mar ek by him mankeart de konnotaasje fan ree jild dy’t ‘mint’ dochs ek hat. Miskien kinsto it mei my iens wêze dat dy al stiket yn ‘kaptaal’. In aardige byfangst fûn ik dat it wurd ‘taal’ der yn oppopt, al is it inkeld audiofisueel, net etymologysk.

Noch even, foardatst wer mei dy turf fan Verstegen ûnder de tekkens krûpst. Want dy ‘mint’ dy’t opfongen wurdt – blykber yn in kuorke – is mear mei te rêden. Yn har boek The passion of Emily Dickinson stelt Judith Farr planút dat it byld in allúsje is op de gouden rein dêr’t oppergod Zeus de keningsdochter Danaë mei befruchte. Susan Kornfeld liket Farr by te fallen; sy byldet alteast it skilderij Danaë fan Gustav Klimt ôf by har blog oer F473 op The prowling Bee. In ûndogens skilderij, sjoch mar op ynternet: klatergoud bereint Danaë tusken har bleate billen. No binne der Dickinson-eksegeten dy’t it oanwizen fan seksuele symbolyk yn gedichten fan harren Emily kategoarysk ôfwize. Dat liket my in ûntkenning fan de mearlagichheid fan poëzy en fan de wurking fan it ûnderbewuste. Wa’t ûntkent (sokken binne der) dat bygelyks it skitterjende seegedicht ‘I started Early – Took my Dog’ (F656) as in eroatyske allegory lêzen wurde kin, hat sân yn ’e eagen. Sa net, by ‘the mint’ tinke oan sperma fan Zeus, is wat fiersocht. It hat gjin wjerklank yn de kontekst.

Manna fan God, dat wie myn eigen earste assosjaasje by dy ‘mint’. Sil wol in kwestje fan komôf en oplieding wêze. Neffens Exodus 16 liet God nachts manna delkomme om it folk fan Israel mei te fieden doe’t it, op weis nei it lân fan belofte, troch de woestyn teach. ’Sjoch, Ik sil brea foar har reine litte út ’e himel wei,’ sei God tsjin Mozes, neffens de Fryske Bibeloersetting fan 1978. Al sûnt de hege midsieuwen slút de ikonografyske tradysje dêr sekuer op oan. Sa bygelyks – it is mar ien út tal fan mooglike foarbylden – op in houtfyk yn de Biblia pauperum, in blokboek út likernôch 1460–1470. Op dat printsje sjogge wy hoe’t manna as grutte heilstiennen fan boppen komt en troch de Israeliten opheind wurdt op in skaal en fandele yn… kuorkes. It wol my oan dat de puriteinsk grutbrochte Dickinson better thús wie yn de Bibel as yn de Grykske mytology. Boppedat wurdt myn assosjaasje spegele yn de lêste strofe.

Dy lêste strofe wurdt hiel ferskillend opfette en oerset. Trije foarbylden. Van Santen liket it stjerren te sjen as in mienskiplike reis dy’t net yndividueel en dus net ûngemurken ôflein wurde kin: ‘En als het niet zo ver zou zijn – / en ieder die ik kende – niet ook / die weg zou gaan – Hoe ongemerkt / dacht ik – ik zo zou kunnen sterven’. Wat kant Verstegen op wol, sprekt dúdliker út de taljochting op syn oersetting as út dy oersetting sels: ‘En was ’t niet zo ver weg geweest – / En wie ook mij bekend / Ging heen – dan dacht ik vaak hoe ik / Kon sterven – ongenoemd’. Neffens de taljochting hie Dickinson sizze wollen ‘dat ze zich bij elk sterfgeval bewust werd van de anonimiteit die haar eigen dood zou omgeven’. Kübler dêrtsjinoer komt út op: ‘Und wär es nicht so weit gewesen - / Und wär jemand gegangen - / Ein Freund - mir war, ich hätte da / Unmerklich - sterben können’.

Mar alle trije ynterpretaasjes lykje my diskutabel. Want wêr ferwiist ‘it’ yn dy strofe nei? Lykas sa faak leit de kaai ta in oannimlike ynterpretaasje yn Dickinson har beide favorite boeken. De Webster út 1844 jout by it lemma ‘far’ (as adjektyf) in oanhaal út Mattéus 25: ‘The kingdom of heaven is as a man traveling into a far country.’ Dy nijtestamintyske man dy’t nei it fiere himelske ryk reizget, hat in âldtestamintyske foarôfskading yn de Israeliten dy’t de woestyn troch moasten om it lân fan belofte te berikken. Mei ‘it’ ferwiist Dickinson yn de lêste strofe nei de himel dy’t sa fier fuort is, en dêr’t men net fan wit oft alle dierberen en bekenden der wol hinnegean. Wie de himel net skier ûnberikber en stie de frije tagong fêst, dan koe de ik yn it gedicht fredich, stilwei, sûnder drama stjerre.

No earst mar lekker sliepe. Hertlike groetnis, Klaas

 
Emily Dickinson, Verzamelde gedichten. Vertaald en van commentaar voorzien door Peter Verstegen. Amsterdam 2011, s. 153, 549.
Der Engel in Grau. Aus dem Leben und Werk der amerikanischen Dichterin Emily Dickinson. Eingeleitet, ausg[e]wählt und übertragen von Maria Mathi. Mannheim 1959, s. 167.
Emily Dickinson, Samtliche Gedichte. Zweisprachig. Übersetzt, kommentiert und mit einem Nachwort von Gunhild Kübler. München 2015, s. 425.
Emily Dickinson, Gedichten. Vertaald door en met een nawoord van Louise van Santen. Baarn 19866, s. 59.
De mooiste van Dickinson. Vertaald door Ivo van Strijtem. In een redactie van Koen Stassijns en Ivo van Strijtem. Ingeleid door Vik Doyen. Tielt/Amsterdam 2002, s. 89.
Judith Farr, The passion of Emily Dickinson. Cambridge, MA / London 1992, s. 52.

This entry was posted in Flessepost and tagged , , , , , , , , . Bookmark the permalink.