Poste restante XI

    BOLSWARD.’ (m.), ±1893–1896. Litografy yn grien, 91×138 mm. Utjûn troch K. Falkena Bz., Boalsert. Poststimpels Boalsert [..]-02-1896 en München 09-02-1896. Ferstjoerd oan Woldemar Mader, München, troch Willem Wierda.

    10 Februari 1896.
    Das abgesandte habe Ich erhalten,
    Was d’rin steh’t versuche Ich zu entfalten.
    Herzlichen Dank vor Ihre Güte!
    Innerhalb 4 Wochen will ich remitteren,
    Hoffentlich kann auch Ich dan interesseeren
    Ihnen, der Freunde Blüthe!
    Vielmals gegrüszt      W.J. Wierda

Samlers binne meast manlju, en ûnder mekoar binne it lytse jonkjes: wa kin it fierste pisje? Op 20 desimber 2015 twittere Tresoar oer ‘de alderâldste aansichtkaart fan Tresoar’, mei in link nei de Tresoar-Facebook-side. Dy kaart, nûmer W940, mei de Willemskade yn Ljouwert derop, is út Weidum wei nei Amsterdam ferstjoerd op 7 augustus 1898. Sjoch, dêr kin ik oerhinne!

Want myn âldste datearre ansichtkaart is deitekene en ôfstimpele yn febrewaarje 1896. It is in ansicht fan it ierste type, dat litografearre plaatsjes hat en in kleure achterkant: grien, blau (sjoch Poste restante III) of rôze, lykas hjirre. De trije stedsgesichtsjes op de kaart toane de wolstân fan Boalsert: de Jongemastrjitte mei it stedhûs, de Appelmerk sjoen nei it easten ta en de Merkstrjitte sjoen nei it westen ta. De kaart is útjûn troch K. Falkena Bz. Hy dreau sûnt 1891 in boekhannel oan de Jongemastrjitte, tsjinoer it stedhûs.

Klaas Baukes Falkena (1852–1932) wie de earste yn Boalsert – en sa’t it liket de earste yn hiel Fryslân – dy’t ansichtkaarten op ’e merk brocht. Al op 9 maart 1893 advertearre er yn de Bolswardsche Courant mei ‘Briefkaarten met Stadsgezichten van Bolsward’, priis 4 sinten it stik of 10 sinten foar trije. Dêr wie er flot mei, want de postwet dy’t in ein makke oan it monopoalje fan de PTT op it meitsjen fan brievekaarten, wie yn wurking kommen op 1 april 1892. De hjir besprutsen kaart moat ien fan dy yn 1893 troch Falkena útjûne ansichten west hawwe.

De kaart is ferstjoerd troch Willem Wierda, berne op 21 july 1864 yn Boalsert as soan fan Johannes Wierda (1829–1872) en Eke Bartstra (1833–1917). Syn jongferstoarne heit wie notarisklerk. Willem waard oplaat yn itselde fakgebiet, mar socht it hegerop: earst as kandidaat-notaris yn syn bertestêd en fan april 1898 oant syn ferstjerren as notaris yn Drylts, dêr’t er ek tritich jier lang siktaris fan de Spaarbankcommissie wie. Wierda rekke wei yn Drylts op 20 juny 1929. Hy wie nea troud.

De ûntfanger fan de kaart wie Woldemar Mader, berne yn 1859 yn Redwitz an der Rodach, yn Beieren. Hy gong nei it gymnasium yn Bayreuth, studearre farmasy yn München en promovearre dêr yn 1889 op in proefskrift mei de titel Beiträge zur Kenntnis reiner Honigsorten. Yn 1892 waard er ynspekteur fan it bûterfabryk yn Boalsert, mei as opdracht in laboratoarium op te setten en te lieden. Yn 1896 gong er werom nei München. Noch yn itselde jier troude er mei Emilie Jahn, dochter fan in apteker yn Kulmbach, en naam er de apteek fan syn skoanheit oer. Yn 1919 die er dy fan de hân. Mader ferstoar yn Kulmbach yn 1930.

Wierda en Mader hawwe yn Boalsert grif in freonskiplike omgong hân. Wierda skreau op de foarkant fan de ansicht in hertlik boadskip op rym, yn syn bêste, mar net flaterfrije Dútsk. De deitekening is mei rommele. De sekuere lêzer hat fansels al opmurken dat de datum ‘10 Februari 1896’ boppe Wierda syn rymstikje in dei letter is as de datum dy’t yn it Münchener postkantoar op de kaart stimpele is. Ien fan beide datearrings kin dan net klopje. En jawol, de ‘10’ liket oer in oar getal, mooglik in ‘6’, hinne skreaun te wêzen. Hat Wierda yn ’e beane west en de datum ferkeard ‘ferbettere’? Of hat Mader de datearring oanpast om der op dy manier in datum fan ûntfangst fan te meitsjen?

Ik wit it net. Myn âldste datearre ansichtkaart bliuwt it likegoed. Wat dat oangiet, pisje ik dus fierder as Tresoar, mar earlik is earlik, Tresoar plast folle langer troch. De kolleksje ansichtkaarten oan de Bûterhoeke is ommers hiel wat grutter as mines. En sa heart it ek.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , . Bookmark the permalink.