Poste restante XII

    ‘Hartelijk | Gefeliciteerd’, ±1910–1913. Boekdruk, blyndruk, appliqué mei selluloid en sierpapier, hânkleuring, 88×137 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpel Kollum 03-04-1913. Ferstjoerd oan Sjoerdtje Boersma, Aldwâld, troch Riemke Lulofs.

 
Al sûnt de begjintiid fan de ansicht wie der net inkeld in grutte merk foar topografyske ansichten en keunstreproduksjes, mar foelen ek fantasykaarten tige yn ’e smaak. Dy koenen in foarstelling hawwe mar ek alhiel dekoratyf wêze. Plaatsje en tekst wienen ornaris tasnien op it oerbringen fan lokwinsken by in jierdei of jubileum of mei Peaske, Krysttiid en âld en nij; de earste ansichten yn Nederlân wienen nijjierswinsken. Mar ek kaarten foar oare gelegenheden waarden massaal makke en ferstjoerd, lykas yn Ingelân en Amearika falentynskaarten, en yn Frankryk ienaprilkaarten, steefêst mei ien of mear fisken derop, en katarinakaarten, om trouripe mar treuzeljende frijfammen mei oan te trunen.

Fantasykaarten binne der yn útwrydske ferskiningsfoarmen. Utjouwers libben harren út yn foarstellings en typografy en brûkten tal fan techniken en materialen. Se plakten bygelyks op de eigentlike kaart byldeleminten fan krêppapier, side, kant, fluwiel, filt, wol, koark, finear en fearkes. Der waarden sels wol prefabrisearre eachjes of metalen briltsjes tafoege. Fan de sechtiger jierren ôf kamen der rariteiten as kaarten dy’t lûd, ljocht of in luchtsje joegen. Ut myn bernetiid haw ik noch in kaart fan in kikkert dy’t kweaket as er op syn búkje drukt wurdt.

De kaarten by dit stikje litte in grienmank oan techniken sjen. De beide wurden op de kaarten begjinne elk mei in útstânste haadletter dêr’t kleure selluloid oerhinne montearre is. Hâld de kaart tsjin it ljocht en it effekt is dat fan glês yn lead. De oare letters binne printe yn goudkleurige boekdruk. Oer twa hoeken rinne diagonale bieskes fan sierpapier mei oan wjerskanten goudkleurich opskildere rantsjes yn blyndruk. En oer de beide wurden en yn twa hoeken binne, fermoedlik mei help fan sjabloanen, mei de hân wolkjes en strikjes figuerd.

‘Afgezonden door Riemkje Lulofs’, skreau de ôfstjoerster op de achterkant fan de kaart boppe-oan dit blogje. Riemkje – offisjeel Riemke – waard berne op 7 maaie 1898 yn Westergeast as dochter fan Klaas Lulofs, arbeider, en Geertje Zandstra. Yn 1918 troude se mei Auke Brouwer (1896–1973), dy’t doe de kost fertsjinne as polderwurker. Riemkje rekke wei op 1 febrewaarje 1963 yn De Westereen.

Riemkje stjoerde de kaart ta oan Sjoerdsje Boersma as lokwinsk foar har fyftjinde jierdei. Sjoerdtje, sa’t se foar de boargerlike stân hiet, wie berne op 3 april 1898 yn Westergeast as dochter fan bakker Klaas Boersma en Hiltje van der Veer. Sjoerdsje troude yn 1922 mei de ûnderwizer Rinze Minne Minnema (1897–1937). Se ferstoar, koart nei har 93ste jierdei, op 9 april 1991 yn Doetinchem.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , . Bookmark the permalink.