Wallace Stevens, Lêste monolooch fan de beminde binnenyn

 
Lêste monolooch fan de beminde binnenyn

Untstek it earste ljocht fan de jûn, as yn in keamer
Wêryn’t wy ús deljouwe en sûnder folle grûn tinke
Dat de ferbylde wrâld it heechste goed is.

Dêrom is dit it ynmoedichste rendez-vous.
It is de tins wêryn’t wy gearkomme,
Ut alle ûnbenullichheden wei, yn ien ding:

Binnen in inkeld ding, earm as wy binne
In inkelde sjaal strak om ús hinne wuolle, in waarmte,
In ljocht, in krêft, de wûndere ynfloed.

Hjir en no ferjitte wy inoar en ússels.
Wy fiele de tsjusterheid fan in oarder, in gehiel,
In witten, dat wat it rendez-vous arranzjearre,

Binnen syn fitale begrinzing, yn de geast.
Wy sizze dat God en de ferbylding ien binne…
Hoe heech ferljochtet dy heechste kears it tsjuster.

Ut itselde ljocht wei, út de sintrale geast wei,
Meitsje wy in wente yn de jûnsloft,
Dêryn tegearre wêze is genôch.

 

Final Soliloquy of the Interior Paramour

Light the first light of evening, as in a room
In which we rest and, for small reason, think
The world imagined is the ultimate good.

This is, therefore, the intensest rendezvous.
It is in that thought that we collect ourselves,
Out of all the indifferences, into one thing:

Within a single thing, a single shawl
Wrapped tightly round us, since we are poor, a warmth,
A light, a power, the miraculous influence.

Here, now, we forget each other and ourselves.
We feel the obscurity of an order, a whole,
A knowledge, that which arranged the rendezvous,

Within its vital boundary, in the mind.
We say God and the imagination are one . . .
How high that highest candle lights the dark.

Out of this same light, out of the central mind,
We make a dwelling in the evening air,
In which being there together is enough.

 

Ut The Rock, 1954. YouTube: Final Soliloquy of the Interior Paramour foardroegen troch Wallace Stevens sels.

This entry was posted in Wallace Stevens and tagged . Bookmark the permalink.