Hommaazje oan Tsjêbbe Hettinga

Amsterdam, 28 april 2013 – Tsjêbbe Hettinga hie hjoed sels optrede sillen yn De Nieuwe Liefde yn Amsterdam-West, mar de dea kaam dertusken. Freonen makken fan de byienkomst in hommaazje oan de ferstoarne dichter. Tsead Bruinja en Nynke Laverman bewiisden hoe meislepend Hettinga syn poëzy wêze kin, ek as hy dy net sels foardraacht.

De oan syn wurk wijde middei wie al pland en Hettinga al boekt doe’t er op 7 maart kaam te ferstjerren. Dochs wie er dizze 28ste april yn De Nieuwe Liefde oan de Da Costakade te sjen en te hearren, yn fragminten út ’e dokumintêre Yn dat sykjen sûnder finen fan Pieter Verhoeff en yn inkelde registraasjes fan syn ûnneifolgbere foardrachten.

Live waard syn wurk eare oandien troch Tsead Bruinja en Nynke Laverman yn optredens dy’t yndruk makken. Bruinja, troch presintator Tommie van Eck oankundige as ‘nazaat’ fan Hettinga, brocht it bekende gedicht ‘It faderpaard’ mei in diksje en ritmyk dy’t dy fan Hettinga sels benei kamen, sûnder him te imitearjen. ‘Ik doe het in het Woudfries’, warskôge Bruinja; wat folge wie in earsteklas fertolking.

Ek Nynke Laverman lies fersen fan Hettinga en boppedat song se, begelaat troch Sytze Pruiksma en in lûdbân mei Hettinga syn stim, it mankelike nûmer ‘Eftereach’ fan har nijste cd Alter. Oan dat nûmer hat Hettinga noch meiwurke as tekstskriuwer en foardrager. Laverman fertelde oer de har dierbere gearwurking, en hoe’t Hettinga útnoege ta krityk troch syn tekst yn te leverjen mei de wurden ‘Besjoch en beflybkje’.

De goed hûnderttweintich oanwêzigen krigen fierders in minykolleezje fan Jabik Veenbaas, dy’t in struktueranalyze losliet op it troch him geniaal neamde gedicht ‘It weinhûs’. David Van Reybrouck lies it in memoriam foar dat er by de útfeart fan Hettinga útsprutsen hat. Om dy syn niget oan ‘vette taal’ te yllustrearjen sitearre Van Reybrouck in tal barokke ôfslutings fan brieven dy’t er fan him tastjoerd krigen hie. Hy sei te hoopjen dat in útjouwer nochris in Hettinga-brieveboek oandoare sil.

Foar de muzikale intermezzi soarge it duo Sax & Stix. Saksofoniste Eva van Grinsven joech earlik ta (‘Ik kom uit Brabant, sorry’) dat se oant foar koart nea fan Hettinga heard hie. It repertoire dat sy en slachwurker Ramon Lormans brochten en de firtuoazens dêr’t dat mei barde, foarmen likegoed in moai ekwivalint fan de poëzy dy’t op dizze noch kâlde maitydsmiddei yn De Nieuwe Liefde klonk.

This entry was posted in Berjochten and tagged , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.