Poste restante XIII

    MARSUM.’ (l.û.), ±1900–1904. Ljochtdruk, 90×140 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Foto troch Abraham Warburg. Poststimpels Marsum 24-07-1904 en Kollum 24-07-1904. Ferstjoerd oan Doetje ter Haar, Kollum, troch Barend ter Haar Dzn.

De tolvejierrige Barend ter Haar hie dêr yn Marsum foar syn suske Doetsje mar in moai ansichtkaartsje útsocht. It jout in blik op de Marsumer Buorren (yndertiid noch oantsjut as Hoofdstraat), mei links de herberch fan it echtpear Skelte Kuperus en Tryntsje de Boer en dêrachter de toer fan de Marsumer tsjerke. It is wat dan wol hjit in ‘animearre’ ansicht: der steane, even goed telle, mar leafst achttjin minsken op.

Fjouwer fan harren binne de nammen fan oerlevere yn in byskrift by in oar eksimplaar fan de kaart yn Marssum in oude ansichten (1991) troch Geert Verf. As dat byskrift kloppet, stiet hielendal links ‘Geertje van Sjouke’, de man mei de wite broek is fjildwachter Joseph Petrus Waanders (1841–1922) en rjochts foaroan posearret it echtpear Johannes Faber (1858–1932) en Martzen Veenstra (1851–1910). De foto, nommen fan de krusing dêr’t Buorren, Haven, Rypsterdyk en Skoallestrjitte gearkomme, is makke troch de Frjentsjerter fotograaf Abraham Warburg (1872–1960).

Mar hie Barend it kaartsje wol sels útsocht? Hy hie it yn alle gefallen net sels skreaun. De adressearring en Barend syn namme binne yn it hânskrift fan syn heit, Dirk ter Haar (1860–1905). Dirk wie in soan fan de Nijmeechske predikant en skriuwer Barend ter Haar Bzn. Yn 1890 waard Dirk notaris yn Wergea en yn 1899 fûn er in nij stânplak yn Kollum. Dêr bewenne er de steatlike notariswente oan de Foarstrjitte 87, dy’t hjoeddedei Philippusfenne hjit en ryksmonumint is. Yn 1891 wie Dirk troud mei Jetske Wiskia Bergsma (1868–1949), dochter fan de Ljouwerter gemeentesiktaris Petrus Adrianus Bergsma. Se krigen trije bern: de niis al neamde Barend (1892–1986), Doetsje (1894–1963) – daalk mear oer har – en Sara Catharina Louise (1899–1978).

Dirk ter Haar gong graach op de fyts de natuer yn – hy wie ien fan de oprjochters fan de Algemeene Nederlandsche Wielrijdersbond, de tsjintwurdige ANWB – en hold lêzings mei ljochtbylden oer wat er dêr fûn. Ter Haar makke namme as flinterekspert. Hy levere artikels oan it Tijdschrift voor Entomologie en de Entomologische Berichten, skreau in Handboek voor den verzamelaar van vlinders (1898) en makke in bewurking foar Nederlân fan Friedrich Berge syn Schmetterlingsbuch. Dy bewurking ferskynde yn ôfleverings tusken 1899 en 1904 ûnder de titel Onze vlinders en is ferskillende kearen opnij útbrocht. Ter Haar kaam op syn 44ste hommels te ferstjerren. Syn freon Johannes Oudemans pleatste in betinkingsartikel, mei it hjir ôfbylde portret, yn it tydskrift fan de klup dêr’t Ter Haar sa’n warber lid fan west hie, de Nederlandsche Entomologische Vereeniging. Sûnt 1998 foarmje leden fan de NEV dy’t harren mei makronachtflinters dwaande hâlde de Sectie Ter Haar, in namme dy’t in earbetoan is oan de Kollumer notaris.

Flinterfanger Dirk ter Haar hat de niget fan syn dochterke Doetsje oan it sammeljen fan ansichten grif goed neifiele kinnen. Fan de kaarten dy’t sy byinoar garre en yn in album stuts, binne der tolve yn myn kolleksje bedarre. Seis dêrfan binne har tastjoerd troch har heit. Op 5 septimber 1902 die er yn Burgum trije tagelyk op ’e post en op 10 febrewaarje 1905 die er dat nochris yn Dokkum: de notaris hoegde net op in pear sinten te sjen. Alle ansichten yn myn besit oan Doetsje, ferneamd nei har beppe oan memme kant Doetsje Offerhaus, binne nammers adressearre oan ‘Doe ter Haar’; blykber wie har eigentlike, sa Fryske foarnamme yn Huize Ter Haar net gongber.

Doetsje, sa’t ik har dochs mar neam, wie berne yn Wergea op 16 maaie 1894. Nei it ferstjerren fan har heit ferlieten syn widdo en bern Kollum en lutsen se yn by pake en beppe Bergsma-Offerhaus oan de Weard yn Ljouwert. Faaks hie Doetsje net in sterke sûnens; in ansicht dy’t har yn 1910 stjoerd waard, moast hielendal nei Heideheuvel yn Hilversum ta, in sanatoarium foar froulju. Yn 1918 troude se mei Derk Johan Hulsbergen (1894–1965). Se krigen twa dochters, fan wa’t de jongste as sânjierrige om it libben kaam by in autoûngelok. De húshâlding wenne respektivelik yn Schoonhoven, Helvoirt, Vught, Voorburg en Woeste Hoeve by Apeldoorn. Hulsbergen, by syn trouwen ‘commies van den waarborg en de belastingen der goud- en zilverwerken’, wie in ûndernimmend man, dy’t yn ferskate projekten partisipearre, bygelyks fan de arsjitekt en keramist Theo Colenbrander. Yn Woeste Hoeve wie er eigner fan in pelsdierefokkerij.

Wer even fierder werom yn de tiid. Der bestiet in moai tsjûgenis oangeande Doetsje as se likernôch achttjin jier âld is. It komt fan Willem Eduard Boeles (1906–2000), dy’t om 1985 hinne syn oantinkens oan syn Ljouwerter bernetiid op papier sette. Nei syn dea makke de famylje dêr in boekje fan yn in lytse oplaach ûnder de titel Herinneringen aan mijn jeugd. Goed santich jier nei dato beskriuwt mr. W.E. Boeles hoe’t Doetsje har ferskining him as boike ta syn miskien wol earste ‘schoonheidservaring’ brocht:

    Bij een ander feest mocht ik mee naar een bal in hotel De Doelen, ‘mon premier ball’. Ik weet niet meer wie dat gaf. Voor de gelegenheid werd ik gestoken in een wit matrozenpak, compleet met fluit en koord en we gingen er naar toe in een huurrijtuig dat doordringend naar paard rook. Ik zal 6 à 7 jaar zijn geweest en kon niet dansen. Wel liep ik zo nu en dan met een even klein meisje, vermoedelijk Betsy Verdam, tussen de dansers door. Het bal is echter onvergetelijk voor me geworden toen ik twee jonge dames in hun lange baljaponnen en handschoenen tot aan de elleboog ernstig en langzaam walsend voorbij zag zweven; ik vond dat prachtig en misschien was het mijn eerste schoonheidservaring. Een van de meisjes was Doetje ter Haar, een donkere domineesdochter. De dames waren toen nog uitgerust met waaiers; dat stond heel feestelijk.

It berop fan Doetsje har heit is Boeles mis mei, mar fierders leau ik him op syn wurd.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.