Jong hea

Ensafh is online úteinset mei sinjaleminten fan en reaksjes op dichtbondels dy’t op de longlist foar de Gysbert Japicxpriis 2017 steane. Edwin de Groot skriuwt oer as nomaden yn tinten teplak fan Sytse Jansma:

    […] wat Sytse mei dizze bondel delset is fan in hegere oarder. Hoe’t hy mei taal omboartet, mei it ritme, mei de klanken, nijfoarmingen betinkt; it dûzelet my. Ek de besprekken fan respektabele resinsinten sa as Eppie Dam, Abe de Vries en Arjan Hut binne foar it grutste part tige posityf. Ek Klaas van der Hoek – wêrom besprekt dy man my net in kear? 🙂 – skriuwt: “Lês Sytse Jansma!”
          Moai dat er trouwens mei it besprek fan Friduwih Riemersma ôfweeft. Dat frommes hat gjin sprút ferstân fan poëzij en besiket dat te ferblomjen mei heechdravend gedoch. Hawar, Jansma is wat my oanbelanget in grutte kânshawwer foar dizze priis. Lês de resinsjes der mar op nei. Op de side fan Klaas van der Hoek steane de linkjes wol.
          Jansma siket de grinzen fan de taal op, is net benaud en hat ek noch in soad te fertellen. Hy lûkt him, nomaden gelyk, net in soad fan grinzen oan. Net altiten mei it optimale effekt, mar hee: nothing ventured, nothing gained. Ik sis it ek: “Lês Sytse Jansma!”

Sjoch oer trije oare bondels dy’t op de longlist steane: Stien en streamend wetter, En dan dyn kukel en Taal in oersidich dykskiep (oer in bondel fan Edwin de Groot 🙂).
 

This entry was posted in Berjochten and tagged , , , , , . Bookmark the permalink.