Biografysk
Klaas van der Hoek (1960) waard berne yn Boalsert, groeide op yn Spannum, gong nei de middelbere skoalle yn Ljouwert, studearre yn Grins en wennet sûnt 1993 yn Amsterdam. Hy set Ingelsk- en Dútsktalige gedichten oer nei it Frysk en skriuwt artikels en blogs oer meast ‘nederich’ erfguod (alba amicorum, poesyalbums, ansichtkaarten en sa mear). Earder wie er konservator hânskriften en moderne letterkunde by it Allard Pierson, de erfguodynstelling fan de Universiteit van Amsterdam. Hy wie redakteur fan Trotwaer yn 1987–1989, lid fan de advysrie fan it Fonds voor de Letteren yn 2004–2008 en lid fan de sjuerys foar de Fedde Schurerpriis 1990 en de Gysbert Japicxpriis 2005.
Kontakt
klaas.vanderhoek [a] ziggo.nl