Kolofon

Konsenylje befettet Fryske oersettings fan Ingelsktalige gedichten, foaral fan Emily Dickinson. Ek jout it plak oan resinsjes en oare stikken, meast oer Fryske poëzy. In rubryk apart is ‘Poste restante’, oer ansichtkaarten út Fryslân en de minsken dy’t se brûkten.

It weblog Konsenylje bestiet sûnt jannewaarje 2013. By de start binne earst âldere, foar in part earder publisearre teksten pleatst. Online reagearje is mei opsetsin ûnmooglik makke, mar reaksjes per e-mail binne wolkom.

Sûnt juny 2014 wurdt Konsenylje digitaal argivearre troch de Koninklijke Bibliotheek.

What’s in a name?

Yn fiif gedichten fan Emily Dickinson komt it wurd cochineal foar. It is de namme fan in djoere, reade kleurstof dy’t makke wurdt fan skyldluzen en fan oarsprong út Súd-Amearika komt. Hoe cochineal te fertalen? Yn de besteande Hollânske oersettings is keazen foar karmijn, mar dat heart krekt wat te gewoantsjes, en ik hâld karmyn leaver achter de hân as oersetting fan carmine, dat by Dickinson ek foarkomt. Folle mear as karmijn, karmyn en carmine hat cochineal neffens my in eksoatyske en om sa te sizzen ekskize byklank.

Yn modern Hollânsk wurdt dy reade kleurstof út skyldluzen wol oantsjut mei it Frânske cochenille. Mar âldere Hollânsktalige boarnen jouwe consenielje, konsenielje, konzenielje en konsenijlje. Dy lêste foarm dûkt bygelyks op yn De Ystroom, in lofdicht op Amsterdam út 1671 fan Joannes Antonides van der Goes:

    De verwkuip wacht reets nae haer Gallen, en Aluin
    En Konsenijlje grijs van graen, of levend bruin
    Van buiten, die door konst geheldert tot scharlaeken,
    Alleen de zon schijnt af te maelen door haer blaeken.

Nei analogy fan dat âldere ferhollânske lienwurd kaam ik foar myn Fryske oersettings fan F436 en F786 út op de nijfoarming konsenylje. In moai wurd, fyn ik, frjemd dat it noch net bestie. No dus al. Wa wit hellet it noch ris de Foarkarswurdlist fan de Fryske Akademy (wat ik ek hoopje foar ekskize).