Elizabeth Bishop, Lette atmosfear

 
Lette atmosfear

Ut in midsnachtlike gûcheldersmouwe
      ferspriede de radiosjongers
al harren leafdessankjes
oer de dauwiete gazons.
      En as dat fan in wiersizzer
is harren murchpriemjend rieden wat je leauwe.

Mar op de stjoermêst fan de Marine-
      basis fyn ik better tsjûgen
foar leafde yn simmernachten.
Fiif fiere reade ljochten
      ha dêr harren nêsten; Feniksen
dy’t rêstich brâne, dau kin dat net berinne.

 

Late Air

From a magician’s midnight sleeve
      the radio-singers
distribute all their love-songs
over the dew-wet lawns.
      And like a fortune-teller’s
their marrow-piercing guesses are whatever you believe.

But on the Navy Yard aerial I find
      better witnesses
for love on summer nights.
Five remote red lights
      keep their nests there; Phoenixes
burning quietly, where the dew cannot climb.

 

Ut North & South, 1946

Pleatst yn Elizabeth Bishop | Tagged | Reaksjes út op Elizabeth Bishop, Lette atmosfear

Foar famylje, freonen – en it Fryske folk

Twahûndert jier de Lapekoer

Yn 1822, twahûndert jier lyn, ferskynde De lape koer fen Gabe Skroor fan de bruorren Halbertsma. It wie mar in behindich boekje, mei foaral rymstikjes, en in bytsje proaza deropta. Likegoed wurdt it boekje sjoen as in mylpeal yn de ûntjouwing fan it Frysk as literêre taal. Dêr wienen Fryskskriuwers foar nedich, mar fansels ek Frysklêzers, en de Lapekoer soe dat lêste op gong brocht hawwe. Mar wie dat fan ’e miet ôf oan de yntinsje fan de bruorren?

Fjouwer Lapekuorkes, no yn Amsterdam. UB Amsterdam en partikuliere kolleksje.

Tekst en metatekst

Sa op it each stelt de earste printinge fan de Lapekoer net folle foar. It boekje telt mar 36 siden fan noch gjin 13 by 11 sintimeter, yn in ienfâldich omslachje fan brún moarmere papier. It bylket bepaald net. Mar it wie wat nijs, dy Lapekoer. Fansels fanwegen de taal fan it boekje, it Frysk, mar ek fanwegen de toan. Jawis, de ferskes pasten binnen de romantyk dy’t ek yn Nederlân stadichoan opjild die, mar de frivoale ferskes klonken krekt in slachje frijmoediger as wenstich wie en de mankelike ferskes hienen in swarte râne.

Hiel dúdlik komt dat lêste ta utering yn it ferneamde ‘Deagrawers sankje’. Dêryn bemimeret in deagraver dat it lot fan de lju dêr’t er no grêven foar dolt elkien wachtet en ea ek sines wêze sil. Skealik hast stelt er him foar dat de deadsholle dy’t er by it dollen tsjinkomt ienris fan in tsjeppe faam wie. Hy einet net mei in blik op it hegere of in bea ta God, mar ropt syn lodde, syn skeppe, oan:

Eeltsje Halbertsma yn 1821. Stiendruk troch Petrus Halbertsma, in soan fan Joast, nei in tekening troch Douwe de Hoop. Partikuliere kolleksje.

Lodde, lodde in modder!
Jou mij brea in reast;
Jou mij earme bodder
’n Greaf, ien greaf for ’t least.

Ek it fers ‘It libbens ein’, dat it ferfal en de deastriid fan in âld man skilderet, slút folslein yllúsjeleas ôf: ‘De dea is master fenn’e wraad! / De wraad forgiet in wij fersinke. / O! lit uus jimmer derom tinke.’ Beide ferskes binne memento mori’s sûnder moraal.

Nêst dy beide fersen befettet dy earste Lapekoer noch fjouwer oare rymstikjes en in flarde proaza. De tekstkes stean op namme fan Gabe, in boeresoan earne tusken Boalsert en Frjentsjer, dy’t skroar (kleanmakker) wurden wie om’t er in swakke sûnens hie en kreupel wie. Winliken is de Lapekoer in soarte fan manuscript found in a bottle: it hjit dat de tekstkes nei Gabe syn iere dea út de fodkoer fandele binne dy’t er ûnder syn wurkbank stean hie.

Mar Gabe is in fiktive figuer. De eigentlike skriuwer fan de tekstkes wie de Grouster doarpsdokter Eeltsje Halbertsma. Gabe ferhâldt him ta Eeltsje as Piet Paaltjens ta François HaverSchmidt yn syn ferneamde Snikken en grimlachjes (1867). Lykas letter HaverSchmidt hie Eeltsje Halbertsma studint yn Leien west, mar hy hie him dêr ûnmooglik makke (wêrmei is ûnbekend) en de wyk nommen nei Heidelberg. Dêr krige de literêr oanleine Eeltsje in tik mei fan de Dútske Romantyk, dy’t heftiger en rouwer wie as de Nederlânske, wat syn wjerslach krige yn de Lapekoer.

Eeltsje Halbertsma mei dan de skriuwer fan de tekstkes wêze, de auctor intellectualis fan de Lapekoer as gehiel wie syn âldste broer Joast Halbertsma, minnistedûmny yn Dimter, in man mei in tige brede belangstelling, benammen foar skiednis, taal en letterkunde. Joast hie it inisjatyf naam ta de Lapekoer, stalde it gear en foege ‘metatekst’ ta oan Eeltsje syn wurk, plus ‘noch in wurdsje oer Gabe’ by wize fan ôfsluting. Boppedat soarge hy derfoar dat it boekje printe waard – yn syn wenplak Dimter, by de widdo J.H. de Lange en soan – en dat it ûnder de minsken kaam.

Foar famylje en freonen

Titelside fan De lape koer fen Gabe Skroor, Dimter, widdo J.H. de Lange en soan, 1822. Partikuliere kolleksje.

Under de minsken, net ûnder it folk. De twahûndert eksimplaren dy’t fan it boekje printe waarden, wienen net te keap. Joast dielde se út oan famylje en freonen. Dat is alteast it byld dat de bewarre bleaune eksimplaren jouwe. Se binne ornaris foarsjoen fan in opdracht yn it hânskrift fan Joast, sadat wy witte wa’t de befoarrjochten wienen. Eksimplaren fan dy earste Lapekoer befine harren hjoeddedei yn tal fan bibleteken en partikuliere samlingen binnen en benammen bûten Fryslân. Ik behein my ta de fiif eksimplaren dy’t trasearber binne yn Amsterdam: ien yn de bibleteek fan de Vrije Universiteit, twa yn de bibleteek fan de Universiteit van Amsterdam en twa yn priveebesit.

It earstneamde eksimplaar hat in opdracht oan Johannes Eusebius Voet van Campen (1778–1851). De man hie net mear bining mei Fryslân – lit stean it Frysk – as dat er in jiermannich herfoarme predikant west hie yn Boalsert. Dêr wie er in kollega fan Joast, dy’t dûmny yn de stêd fan Gysbert Japix wie foardat er yn 1821 beroppen waard yn Dimter. Beide mannen hienen niget oan taal en hawwe grif faak kontakt mei inoar hân. Doe’t de Lapekoer it ljocht seach, wie Voet van Campen lykwols al wer fiif jier predikant yn de akademystêd Leien.

In Lapekoer mei in (trochskraste) opdracht oan Seerp Brouwer en in opdracht oan Jan Bos. UB Amsterdam, kolleksje S. van der Burg.

De beide eksimplaren fan de UvA wienen ornearre foar Gepke en Seerp Brouwer, bern fan de Ljouwerter minnistepredikant Jan Brouwer. Gepke (1791–1863) wie troch har houlik mei de kommisjonêr Jelle Hingst yn 1817 keapmansfrou yn Amsterdam wurden. Har broer Seerp (1793–1856) wie in jeugdfreon fan Joast. Seerp wie yn 1822 noch genêshear yn Ljouwert, mar waard it jier derop beneamd ta heechlearaar wis- en natuerkunde yn Grins. Letter soe er noch in skoft lid fan de Twadde Keamer wêze. Mar hat Seerp syn Lapekoer yndied krigen? It liket derop dat Joast him fersind hie of betocht hat: de opdracht oan Seerp is trochskrast en, yn Joast syn hânskrift, ferfongen troch ien oan Jan Bos (1757–1831), dy’t lid fan de Boalserter froedskip west hie.

Fan de eksimplaren yn priveebesit hat ien eigendom west fan Pieter Boeles (1795–1875), dûmny yn Penjum, in man mei in protte niget oan it Frysk en letter ek it Grinzers. Pieter wie de heit fan de bekende histoarikus W.B.S. Boeles, dy’t ûnder mear in mânske stúdzje publisearre oer de Frjentsjerter akademy. It oare eksimplaar wie fan Jouke alias Jodocus Heringa (1765–1840), in neef fan Joast en Eeltsje – Jouke wie in soan fan tante Janke Halbertsma – mar boppedat, nei in jiermannich dûmny west te hawwen, fan 1794 ôf heechlearaar teology yn Utert.

Famylje en freonen, jawis, mar tagelyk minsken út de hegere stân, notabelen, om net te sizzen pommeranten: in keapmansfrou, dûmnys, professoaren. Guon mei in oantoanbere ynteresse foar taal en literatuer, mar de measten wenjend bûten Fryslân, op ôfstân fan de Fryske taalmienskip. Wie de Lapekoer makke om dy mienskip oan it lêzen fan de memmetaal te krijen, dan waard dat aksjemiddel alsa net botte adekwaat ynset. Hie Joast it boekje yn dat gefal net better tastjoere kinnen oan de ferskate lêsselskippen yn Fryslân?

Proefballontsje en groeiboek

Kanonfoarming op it skyld fan in Fryske skuoralmenak. Yn top Gysbert Japix, daalk ûnder him Joast en Eeltsje Halbertsma. Frjentsjer, T. Telenga, om 1883 hinne. Partikuliere kolleksje.

Behalven as in weijouwerke wie de Lapekoer ek bedoeld as in op ’e smaakbringerke. Dy yndruk jout alteast Joast as er, jierren letter, yn in brief út 1863 oer de earste Lapekoer skriuwt: ‘Die eerste slag was een driegulden waard. De liefhebbers, die geen exemplaar kregen, schreeuwden er om als magere varkens, en de weg was gebaand voor al de stukjes, die gevolgd zijn.’ It foaropwurdsje yn de Lapekoer sels leit it aksint justjes oars. Dêryn wurdt steld dat de gearstallers de fodkoer fan Gabe noch wolris trochnoaskje sille as sy dêr sels nocht oan krije, en as dat ienris sa fier is, sil der foar in werútjefte betelle wurde moatte!

Dy werútjefte is der kommen, yn in tige útwreide foarm, al ferskynde dy pas sân jier letter, yn 1829. Dy twadde printinge telde al 237 siden, wêryn’t fan de lieten tsien fan muzyk foarsjoen wienen. De tredde printinge (1834) dijde út ta in lytse 500 siden mei grutter blêdspegel, en sa gong dat mar troch. De útwreidingen wienen faak yn proaza. De achtste printinge (1871) waard omdoopt ta Rimen en teltsjes. Under dy nije titel ferskynden oant no ta tolve printingen, de lêste yn 2009.

Sûnder oerdriuwing kin sein wurde dat it boek útgroeid is ta in classic. It is boppedat in ikoan fan de emansipaasje fan it Frysk. De Lapekoer hat de rop dat it de oanset wie ta de renêssânse fan it skreaune Frysk, in opbloei dy’t gauris yn in Frysk-nasjonaal ramt set wurdt. Sa hienen de Halbertsma’s neffens Klaes Dykstra yn syn Lyts hânboek fan de Fryske literatuer mei de Lapekoer ‘it folk’ wer lêzen en sjongen leard en it dêrmei ‘in grûnslach foar nij bewustwêzen’ jûn, wêrnei’t Dykstra de Lapekoer typearret as ‘it nasjonale folksboek dat it no noch altiten is’.

Heiling mei Fryske rymkes fan de Halbertsma’s. Dimter, J. de Lange, om 1829 hinne. Partikuliere kolleksje.

Wat dêr fan wier is, falt bûten it bestek fan dit stik. Mar it kin gjin kwea te wizen op it ferskil tusken de úteinlike Rimen en teltsjes, oploege mei smoute, meast fleurige ferhalen, en dy earste Lapekoer, mei syn toan fan morbide mankelikens. Boppedat sil it net dy sa eksklusyf fersprate earste Lapekoer west hawwe dy’t de lju leard hat om Frysk te lêzen. Ynfloed krige it boek pas fanôf de twadde printinge út 1829, en yn ’e mande mei alle oare Frysktalige belletry en bric-à-brac fan de Halbertsma’s.

Dêr brûkten sy media foar dy’t ek de gewoane man en frou berikten: almenakjes, it fluchskrift De Roeker fan broer Tsjalling, lietbledsjes, nijjiersdichten, weachbriefkes, wiersizzerijkaartsjes en benammen de saneamde heilingen of sintsprinten: goedkeape blêden mei houtfykjes en ûnderskriften, meastentiids op rym, ornearre foar bern. Wylst de Lapekoer lange tiid mar matich ferkocht waard, gongen dy heilingen grif fan de hân. It lêste sil Joast en Eeltsje deugd dien hawwe: wa’t de jeugd hat, hat de takomst.

Ek publisearre yn Fryslân. Historisch Tijdschrift 28, nû. 4 (july/augustus 2022), s. 8–10.

Pleatst yn Artikels | Tagged , , , , , , , , , , , , , , , , , , | Reaksjes út op Foar famylje, freonen – en it Fryske folk

Wallace Stevens, Hieltyd minder minsklik, o woeste geast

 
Hieltyd minder minsklik, o woeste geast

As der in god wêze moat yn hûs, wêze moat,
Dy’t op de trep en yn de keamers dingen seit,

Lit him dan bewege sa’t op de flier it sinneljocht
Of moanneljocht beweecht, swijend, as de skym fan Plato

Of it skelet fan Aristoteles. Lit him syn stjerren
Uthingje oan de muorre. Hy moat stil ferbliuw hâlde.

Hy moat net prate kinne, sletten wêze, sa’t sy binne:
Sa’t ljocht is, nettsjinsteande al syn beweging;

Sa’t kleur is, al hoe tichteby ús ek;
Sa’t foarmen binne, ek al sizze dy ús oan.

It is de minske dy’t de bûtensteander is,
De minske dy’t gjin neef hat op de moanne.

It is de minske dy’t syn spraak fan bisten
Of fan de ûnmeidielsume massa begeart.

As der in god wêze moat yn hûs, lit him ien wêze
Dy’t as wy prate ús net heart: in koelte,

In fermiljoene neatens, in stikje fan de massa
Dêr’t wy te fier op ôfstân ûnderdiel fan binne.

 

Less and Less Human, O Savage Spirit

If there must be a god in the house, must be,
Saying things in the rooms and on the stair,

Let him move as the sunlight moves on the floor,
Or moonlight, silently, as Plato’s ghost

Or Aristotle’s skeleton. Let him hang out
His stars on the wall. He must dwell quietly.

He must be incapable of speaking, closed,
As those are: as light, for all its motion, is;

As color, even the closest to us, is;
As shapes, though they portend us, are.

It is the human that is the alien,
The human that has no cousin in the moon.

It is the human that demands his speech
From beasts or from the incommunicable mass.

If there must be a god in the house, let him be one
That will not hear us when we speak: a coolness,

A vermilioned nothingness, any stick of the mass
Of which we are too distantly a part.

 

Ut Transport to Summer, 1947. YouTube: Wallace Stevens draacht ‘Less and Less Human, O Savage Spirit’ foar, wierskynlik yn 1952 of 1954.

Pleatst yn Wallace Stevens | Tagged | Reaksjes út op Wallace Stevens, Hieltyd minder minsklik, o woeste geast

E.E. Cummings, ‘as elk(nei gewraksel mei minskene hel)’

 
as elk(nei gewraksel mei minskene hel)
minske falt yn syn eigen paradys
tankber
               alhiel,de griene wierheid sûnder wêr
fan in ivich no elk wie ferwolkomt
fan dejinge middenmank net telbere bins

(dy’t in folslein aparte ûnhy ferlit;
in tikjend fantoom troch inkeld it brein
fan tiid planteit fabrike:in spûk fan oan en út)
berik ik faaks in twadde steilste ding –

hoe mear as sliep ûnbegrinzge myn
– sa bot berne dat gjin fûgel de skepping
like maklik alle loft yn sjonge kin

(echt ûnechte wrâld,wolsto foar my miskien
it sykheljen dwaan wylst ik ôfwêzich bin?)

 

as any(men’s hells having wrestled with)
man drops into his own paradise
thankfully
                    whole and the green whereless truth
of an eternal now welcomes each was
of whom among not numerable ams

(leaving a perfectly distinct unhe;
a ticking phantom by prodigious time’s
mere brain contrived:a spook of stop and go)
may i achieve another steepest thing—

how more than sleep illimitably my
—being so very born no bird can sing
as easily creation up all sky

(really unreal world,will you perhaps do
the breathing for me while i am away?)

 

Ut 1 × 1, 1944

Pleatst yn E.E. Cummings | Tagged | Reaksjes út op E.E. Cummings, ‘as elk(nei gewraksel mei minskene hel)’

Wallace Stevens, Boeket roazen yn sinneljocht

 
Boeket roazen yn sinneljocht

Neam it in rûch effekt, swarte readen,
Rôze gielen, oranje witen, te bot as sy binne
En wês yn it sinneljocht fan de keamer wat oars,

Te bot as sy binne en feroarje troch metaforyk,
Te hjir en hjoed, dingen dy’t troch echt te wêzen
Alle ferbyldings dêrfan ta minder dingen meitsje.

En dochs is dat effekt in gefolch fan hoe’t
Wy fiele, en dêrom is it net echt, útsein
Yn ús besef derfan, ús besef fan it rypste read,

Fan giel as de earste kleur en fan wyt
Dêr’t it besef yn stilleit, sa’t in minske leit,
Massyf, yn in foltôgjen fan syn wierheid.

Us besef fan dy dingen feroaret en sy feroarje,
Net as yn metaforyk, mar yn hoe’t wy
Se beseffe. Besef oertreft dus alle metaforyk.

It oertreft de foarse feroarings fan it ljocht.
It is as in stream fan betsjuttings sûnder spraak
En fan likefolle betsjuttings as fan minsken.

Wy binne twa dy’t dy roazen brûke as wy binne,
Troch se te sjen. Krekt dêrtroch lykje sy sa fier
Bûten it berik fan de retoarikus syn taast.

 

Bouquet of Roses in Sunlight

Say that it is a crude effect, black reds,
Pink yellows, orange whites, too much as they are
To be anything else in the sunlight of the room,

Too much as they are to be changed by metaphor,
Too actual, things that in being real
Make any imaginings of them lesser things.

And yet this effect is a consequence of the way
We feel and, therefore, is not real, except
In our sense of it, our sense of the fertilest red,

Of yellow as first color and of white,
In which the sense lies still, as a man lies,
Enormous, in a completing of his truth.

Our sense of these things changes and they change,
Not as in metaphor, but in our sense
Of them. So sense exceeds all metaphor.

It exceeds the heavy changes of the light.
It is like a flow of meanings with no speech
And of as many meanings as of men.

We are two that use these roses as we are,
In seeing them. This is what makes them seem
So far beyond the rhetorician’s touch.

 

Ut The Auroras of Autumn, 1950

Pleatst yn Wallace Stevens | Tagged | Reaksjes út op Wallace Stevens, Boeket roazen yn sinneljocht

It poesyalbum fan Aaltsje Stienstra

In slach oer antykmerk De Looier yn Amsterdam smyt altyd wol wat op. Hjoed makke ik dêr in hûndert jier âld poesyalbum bût fan in famke út Hijum, Aaltsje Stienstra. In guodkeap makke boekje fan fersuorjend papier, mar Aaltsje hat der goed op past. It rûkt net soer, it rûkt nei kamfer.

Aaltje, sa’t sy neffens de boargerlike stân hiet, waard berne yn Hijum op 22 juny 1913, as dochter en iennichst bern fan Sierd Stienstra (1884–1941) en Grietje Brouwers (1886–1935). Aaltsje troude op 14 maaie 1941 yn it gemeentehûs fan Ljouwerteradiel yn Huzum mei Jan Smit (1914–1999). Sy buorken yn Hallum en wennen letter yn Stiens; harren houlik bleau sûnder bern. Aaltsje ferstoar yn Stiens op 22 juny 1989, de dei dat se 76 jier waard.

Har poesyalbum befettet acht bydragen út de jierren 1921–1928. Alle acht bydragen bestean út Hollânsktalige ferskes, elk opfleure mei ien oant trije plaatsjes. De bydragen binne fan:

1. Sierd Stienstra, Hijum, 15-10-1922. Aaltsje har heit.

Berne Hallum 13-10-1884, ferstoarn Ljouwert 06-10-1941, soan fan Nanne Stienstra (1854–1930) en Hiltje de Wilde (1853–1913), troud Ljouwerteradiel 15-05-1910 mei Grietje Brouwers (1886–1935).

2. Maaike Holwerda, Hijum, 12-02-1922.

Berne Blije 29-09-1901, ferstoarn Stiens 10-09-1986, dochter fan Wijbren Holwerda (1866–1932) en Sijtske van der Velde (1869–1905), troud Ljouwerteradiel 09-06-1926 mei Pieter Bosma (1902–1968).

3. Jitske Stienstra, Koarnjum, 01-08-1921. In tante fan Aaltsje.

Berne Hallum 30-03-1883, ferstoarn Ljouwert 02-12-1965, dochter fan Nanne Stienstra (1854–1930) en Hiltje de Wilde (1853–1913), troud Ferwerteradiel 07-05-1908 mei Lieuwe Brouwers (1883–1930).

4. Sijbren Schelte Brouwers, Koarnjum, 01-08-1921. In neef fan Aaltsje.

Berne Koarnjum 18-10-1910, ferstoarn Koarnjum 17-12-1977, soan fan Lieuwe Brouwers (1883–1930) en Jitske Stienstra (1883–1965), troud Ljouwerteradiel 09-05-1933 mei IJtje Kalma (1912–2006).

5. Jisseltje Olijnsma, Hijum, 10-02-1923. In klasgenoatsje fan Aaltsje.

Berne Feinsum 21-04-1911, ferstoarn Ljouwert 14-12-1997, dochter fan Cornelis Olijnsma (1882–1938) en Jacobje Postma (1887–1970), troud Ljouwert 03-05-1941 mei Wijbe Bouma (1920–1996).

6. Lieuwkje van Dijk, Koarnjum, 30-09-1928.

Berne Koarnjum 09-01-1915, ferstoarn Koarnjum 24-11-1971, dochter fan Keimpe van Dijk (1881–1929) en Klaasje van der Kooi (1886–1973), troud Ljouwerteradiel 09-04-1944 mei Johannes Keestra (1917–1979).

7. Pietje Hovinga, Koarnjum, 05-09-1928.

Berne Koarnjum 06-11-1913, ferstoarn Emmen 30-01-1990, dochter fan Nanne Hovinga (1884–1958) en Grietje Flapper (1885–1967), troud Ljouwerteradiel 08-07-1939 mei Sijbe Klaas van Dijk (1911–1974).

8. Ymkje Feenstra, Hijum, 28-10-1928.

Berne Stiens 09-06-1911, ferstoarn 10-03-1996, dochter fan Jacob Feenstra (1883–1953) en Ytje Fennema (1884–1946), troud Hinnaarderadiel 19-05-1933 mei Pieter Brinksma (1909–1993).

Yn de byldbank fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert sit in skoalfoto út 1922 (id.nû. HIJUM3007) mei Aaltsje derop. Sy is it famke dat it meast links stiet. Op deselde foto it famke mei de prachtige namme Jisseltsje Olijnsma fan bydrage 5. Ek bestiet der in kykje fan Aaltsje as jongfaam fan nei skatting in jier as achttjin, wylst sy in hynder by it helter hâldt. Dat kykje is te finen op side 14 fan it saneamde Famylje-album Brouwers I, om 1965 hinne gearstald troch Tineke Lettinga-Brouwers. It is digitalisearre en online set op de website fan Stichting Erfgoed Fundaasje. Op oare foto’s yn dat album stean guon famyljeleden fan Aaltsje dy’t hjirboppe neamd binne.

Tante Jitske en neef Sybren leveren as earsten in bydrage oan Aaltsje har poesyalbum. Heit Sierd die him dat pas rom in jier letter oan tiid. Achter syn bydrage, foaryn it albumke, binne twa tsjinoer elkoar lizzende siden blanko litten: grif foar in bydrage fan mem Grytsje, mar dy is dêr nea oan takaam.

Pleatst yn Fynsten | Tagged , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , | Reaksjes út op It poesyalbum fan Aaltsje Stienstra

Philip Larkin, De gersmeander

 
De gersmeander

De gersmeander sloech twaris ôf; op ’e knibbels
Fûn ik beknipe tsjin de messen in stikelbaarch,
Dea. Hy hie yn it lange gers sitten.

Ik hie him earder sjoen en sels ris iten jûn.
No hie ik syn ûnoptwingerige wrâld fernield,
Unwerstelber. Him begrave brocht gjin útkomst:

Ik stie de oare moarns op en hy net.
De earste dei nei in stjergefal is de nije absinsje
Altyd itselde; wy moatte foarsichtich

Mei elkoar wêze, freonlik wêze,
De tiid dy’t der noch is.

 

The Mower

The mower stalled, twice; kneeling, I found
A hedgehog jammed up against the blades,
Killed. It had been in the long grass.

I had seen it before, and even fed it, once.
Now I had mauled its unobtrusive world
Unmendably. Burial was no help:

Next morning I got up and it did not.
The first day after a death, the new absence
Is always the same; we should be careful

Of each other, we should be kind
While there is still time.

 

Ut Collected Poems, 2001. Skreaun yn 1979.

Pleatst yn Mear | Tagged | Reaksjes út op Philip Larkin, De gersmeander

Philip Larkin, Dit fers dan mar

 
Dit fers dan mar

Dyn heit en mem ferneuke dy.
    Grif net mei sin, mar ’t is al sa.
Krijst harren fouten fan se mei
    Plus foar dysels der wat op ta.

Ach, ienris binne sy ek naaid,
    Troch healegearen, kliemsk en kâld,
Dy’t (huodsjes op) âldmoadrich klaaid
    Elkoar soms griepen by de strôt.

De minske jout misêre troch.
    It rint skean del as in talúd.
Naai út sa gau ast kinst en sjoch
    Fan eigen bern ôf ta beslút.

 

This Be The Verse

They fuck you up, your mum and dad.
    They may not mean to, but they do.
They fill you with the faults they had
    And add some extra, just for you.

But they were fucked up in their turn
    By fools in old-style hats and coats,
Who half the time were soppy-stern
    And half at one another’s throats.

Man hands on misery to man.
    It deepens like a coastal shelf.
Get out as early as you can,
    And don’t have any kids yourself.

 

Ut High Windows, 1974. YouTube: Henrikson, ‘This Be The Verse’, 2021.

Pleatst yn Mear | Tagged , | Reaksjes út op Philip Larkin, Dit fers dan mar

Philip Larkin, Unwittendheid

 
Unwittendheid

’t Is frjemd gjin weet te hawwen en noait wis
Fan wat der wier is, echt, oprjocht,
Disclaimers jaan te moatten: Tsja, my tocht,
It skynt dat it sa sit,
Mar faaks is ’t oars, wa wit.

Frjemd net te fetsjen hoe’t de dingen gean:
Sy snappe hoe’t men jin bedript
En hawwe foarmgefoel, fersiedzje stipt
En passe harren oan;
Ja, ’t is lang net gewoan

Dat klaaid sels mei sok witten – want ús fleis
Wynt syn beslissings om ús hinne –
Us libbens dochs sa ûnsekuer ferrinne
En is ’t oan stjerren ta
Wy stûkje: Hoe no sa?

 

Ignorance

Strange to know nothing, never to be sure
Of what is true or right or real,
But forced to qualify or so I feel,
Or Well, it does seem so:
Someone must know.

Strange to be ignorant of the way things work:
Their skill at finding what they need,
Their sense of shape, and punctual spread of seed,
And willingness to change;
Yes, it is strange,

Even to wear such knowledge – for our flesh
Surrounds us with its own decisions –
And yet spend all our life on imprecisions,
That when we start to die
Have no idea why.

 

Ut The Whitsun Weddings, 1964

Pleatst yn Mear | Tagged | Reaksjes út op Philip Larkin, Unwittendheid

Mail oan Minke III

Leave Minke,

It boartersplak fan beukerskoalle De Paddestoel yn Boalsert stie in stiennen muorre omhinne – yn myn ûnthâld in hegenien. Moast dy muorre ús, kabouterkes, binnenhâlde of opslûpen pubers bûtenhâlde? Wierskynlik beide. Mar de skerpe diggels fan grien en brún glês dy’t mei speesje boppe-op de muorre fêstset wienen, tsjinnen grif inkeld it lêste doel. Se wienen net bedoeld om de boartsjende beukerkes ôf te skrikken. Likegoed joegen dy agressive glêsdiggels my yndertiid, rom 55 jier lyn, in gefoel fan ûnfeiligens, fan finzenskip hast.

Nee hear, ik haw dêr neat fan oerhâlden, mar ’t is my al bybleaun. Do fregest my nei de betsjutting fan muorren yn de poëzy fan Robert Frost. It is yndied in weromkearend motyf yn syn wurk. Ik leau lykwols net dat it fenomeen ‘muorre’ by Frost in fêste symboalfunksje of archetypyske lading hat. Neffens my wikselet de betsjutting dy’t der oan takend wurde kin per gedicht, sa bot sels dat in muorre by Frost soms in posityf en soms in negatyf ding is, of alteast liket te wêzen. It antwurd op dyn fraach is dus ôfhinklik fan hokfoar gedicht datst by de kop pakst, en fansels ek fan wa’t it antwurd jout. Ik rin de trije gedichten bylâns dêr’t it motyf ‘muorre’ in substansjeel elemint yn is.

Frost syn ferneamde fers ‘Mending Wall’, in ferheljend gedicht yn fiifjambige rigels sûnder rym, befreget hiel eksplisyt it nut fan muorren. Wat doel hat it in muorre te meitsjen en te ûnderhâlden dy’t oars net docht as in stik lân mei appelbeammen skiede fan in stik lân mei dinnebeammen? Gjin inkeld doel, wylst it ôffreedzjen fan stikken lân oaren wol tagong en trochgong ûntseit. Mar neffens de antagonist yn it gedicht – de buorman mei wa’t de ik de muorre elk jier wer oplapet – garandearret de muorre goede buorskip: ‘Good fences make good neighbors’. De ik yn it gedicht sjocht der lykwols wat primityfs yn. Sa net, de muorre dy’t it grûnbesit fan de ien ôfskermet fan it grûnbesit fan de oar, is sels mienskiplik besit en ferget mienskiplik ûnderhâld. Fanwegen dat lêste bringt de muorre beide buorlju ek byinoar.

Dat is alteast hoe’t ik it gedicht lês. Ik diel myn ynterpretaasje mei in protte oaren, mar der binne ek ôfwikende ynterpretaasjes, en guon steane dwers op mines. ‘Mending Wall’ hat fan begjin ôf oan ûnderwurpen west oan útienrinnende analyzes. John C. Kemp jout yn syn boek Robert Frost and New England in oersjoch en merkt, foarôfgeand oan syn eigen útlis, op:

The variety of interpretations has been remarkable. By concentrating on one of the two characters, by making more or less of the poem’s symbolism, its irony, or its connection with Frost’s other work, readers have found ways to condemn the speaker as well as to defend him, and they have been equally ingenious in presenting arguments for and against the farmer’s adage about good fences.

It fers ‘A Cow in Apple Time’ set muorren yn in hiel oar ljocht. Hjir hat de muorre in dúdlike funksje: hy skiedt gjin appelhôf fan in dinnebosk, mar in appelhôf fan in greide mei fee, en dat fee moat weihâlden wurde fan it fruit. Mar in ko brekt troch de muorre hinne en fret har sêd oan de appels. Dat is net sûnder gefolgen: de gistende appels meitsje har dronken en soarchje derfoar dat se gjin molke mear jout. De appels, dy’t net foar har ornearre wienen, dogge har skea.

Op it earste gesicht is it ferske in ûnskuldich teltsje – Dean Yeagle makke der yn 2005 in fleurich berneprinteboek fan – mar in laach djipper is it neat minder as in parafraze fan de sûndefal. De ko is as Eva, dy’t de skied tusken it tastiene en it ûntalitbere oerstuts, fan de ferbeane frucht iet en dat belije moast. Wat boadskip wol Frost kwyt? Dat der begrinzings binne, fan boppen ynsteld, dy’t in minske te earbiedigjen hat? It soe passe by it puriteinske stimpel dat op Frost drukt is yn syn jeugd.

En dan it nuvere gedicht ‘Not Quite Social’. Nei de foarm is it vintage Frost, mei kwatrinen mei krúst rym en fiif heffings de rigel binnen in frij metrum, mar kwa toan en ynhâld is it in swarte swan binnen syn oeuvre. Der klinkt in spotsk lûd út op dat yn it ornaris bespegeljende, mankelike, ferhoalen-iroanyske wurk fan Frost seldsum is. En ynhâldlik smyt it fragen op. Yn The Robert Frost Encyclopedia neamt Todd Lieber it mei rjocht ‘a somewhat obscure poem’. De ik yn it gedicht hat wat dien dat net rjocht akseptearre is en moat foar syn antymaatskiplike aksje faaks straft wurde. De omskriuwing fan wat er misdien hat, is kryptysk: hy hat de lju warskôge troch harren foar te hâlden

That the city’s hold on a man is no more tight
Than when its walls rose higher than any roof.

Hjir liket in motyf yn mei te sprekken dat yn Frost syn ‘rurale’ oeuvre faken foarkomt: de tsjinstelling tusken plattelân en stêd, dy’t gearfalt mei de tsjinstelling tussen goed en kwea – wat dat oangiet hie Frost in Frysk skriuwer wêze kind. De goedens en goedmoedigens fan it plattelânslibben paste by Frost syn publike imago, dat Derek Walcott yn in pear halen omskreaun hat as: ‘Robert Frost: the icon of Yankee values, the smell of wood smoke, the sparkle of dew, the reality of farmhouse dung, the jocular honesty of an uncle.’

Mar wat hawwe yn ‘Not Quite Social’ dy ‘walls’ te betsjutten? Oars as de natuer hâldt de stêd de minske yn de greep, en dy greep wie nea grutter as doe’t de muorren heger riisden as alle dakken. Dy dakken joegen faaks burgenens, mar mei sokke hege muorren is dat in burgenens ûnder in slachskaad. No lykje ‘the city’ en ‘its walls’ hjir yn algemiene sin brûkt te wêzen. Dochs soe it neffens my sa wêze kinne dat Frost spesifike saken op it each hie. Want wiist it brûken fan de doetiid ‘rose’ yn stee fan de notiid ‘rise’ net earder op in histoarysk barren as op in algemiene kondysje? Yn dat gefal soenen ek dy ‘city’ en dy ‘walls’ wolris hiel konkreet wêze kinne.

Even breinstoarmje. De stêd aller steden, New York, wurdt ek wol ‘The City’ neamd. ‘The City’ is nammers ek in oantsjutting foar it finansjele sintrum fan Londen. Mei dat yn ’e achterholle is it gjin grutte stap om ‘walls’ te sjen as in allúzje op Wall Street, de wichtichste strjitte yn it Financial District op it New Yorkse Manhattan, en by útwreiding in oantsjutting foar dat hiele Financial District. It is de sucht nei jildlik gewin troch middel fan spekulaasje wêrmei’t de stêd de minske knypt, knoeit, korrumpearret. Yn dat ljocht falt ek it slot fan ‘Not Quite Social’ better op syn plak. Frost einet ommers mei metafoaren dy’t te krijen hawwe mei finansjele transaksjes:

I shall will to the common stock of air my breath
And pay a death-tax of fairly polite repentance.

De kearnbegripen hjiryn binne ‘neilitte’ (to will), ‘oandielen’ (common stock) en ‘erfbelesting’ (death-tax). Benammen dy oandielen pleatse it gedicht yn de sfear fan beurshannel en jouwe nei myn betinken mei weromwurkjende krêft in (by)betsjutting oan de ‘walls’, ien dy’t sûnder mis aktueel wie yn de tiid dat ‘Not Quite Social’ skreaun waard. Frost publisearre it gedicht foar it earst yn de Saturday Review of Literature fan 30 maart 1935, middenyn de Great Depression, de lang oanhâldende ekonomyske krisis dy’t folge wie op de Wall Street Crash, de beurskrach, fan 1929.

Net dat Robert Lee Frost, sa’t de dichter folút hiet, in sosjalist wie, of lêst hie fan oarsoartige foarútstribjende oanslaggen. Krekt oarsom: Frost wie in konservatyf, dy’t himsels ris typearre as ‘orthodox in politics[,] love and religion’. Dat wie yn in brief út 1917, mar it wie gjin momintopname, it wie in libbenslange grûnhâlding. Frost hie in hekel oan alles wat progressyf of avant-gardistysk wie. Fan syn heit (dy’t him as foarnammen de namme fan de Konfederaasje-generaal Robert E. Lee joech) hie er sympaty oerurven foar it stânpunt fan de rebellearjende Súdlike Steaten yn de Amerikaanske Boargeroarloch. Ek hie de dichter net in protte moederaasje mei it grutte leger fan wurkleazen as gefolch fan de Great Depression: Frost wie tsjin útkearings en wurkferskaffingsprojekten foar wurkleazen en oppere sels dat foar harren miskien mar wer slavetsjinst ynsteld wurde moast, skriuwt syn (bytiden licht fileine) biograaf Henry Hart.

It binne dan ek, tink ik, net sasear it kapitalistyske finansjeel-ekonomyske systeem en de bypassende sosjale struktuer dy’t Frost yn ‘Not Quite Social’ bekritisearret. Ja, Frost hie politike ideeën – faaks better sein: persoanlike (en gauris reaksjonêre) mieningen en mieninkjes oer oarmans politike ideeën – mar hy wie alderminst sels in politikus en ambiearre dat ek hielendal net. Hy wie in dichter, ien mei in romantyske langst nei in boerewrâld mei dito sosjaal-ekonomyske ferhâldings, en in ôfgriis fan de moderniteit fan de metropoal.

De fraach oft dy langst en dy ôfgriis autentyk of poaze wienen, lit ik even lizze. Wêr’t it om giet, is dat de misdied fan de ik yn ‘Not Quite Social’ derút bestiet dat hy warskôget tsjin it bûtensluten en it ûntminsklikjen dat útgiet fan ‘Wall Street’, as pars pro toto fan in systeem dêr’t hjoeddedei bygelyks ek de Amsterdamske Zuidas diel fan útmakket. Syn warskôging is dy fan de ienling en spulbrekker dy’t er as dichter no ienris is. Faaks is it benammen dát wat de mienskip him kwea ôf nimt en wat bestraft wurde moat.

Ik hoopje dy gau werris te moetsjen, Minke. Miskien moatte wy ris tegearre nei Boalsert ta, om in besite te bringen oan it nije kultuerhistoaryske sintrum De Tiid dêre. En sille wy dan ek efkes by De Paddestoel lâns, om te sjen oft dy glêsdiggels noch op dy muorre sitte, en hoe heech dy muorre no echt is? Ik belje dy om ôf te praten! Hertliks,

Klaas

– John C. Kemp, Robert Frost and New England. The poet as regionalist, Princeton 1979, s. 13–26.
– Todd Lieber, ‘“Not Quite Social”’, yn: Nancy Lewis Tuten & John Zubizarreta (red.), The Robert Frost Encyclopedia, Westport/London 2001, s. 237–238.
– Derek Walcott, ‘The road taken’, yn Joseph Brodsky, Seamus Heaney & Derek Walcott, Homage to Robert Frost, New York 1996, s. 89–117: 94. Earder publisearre yn The New Republic, 1995.
– Donald Sheehy, Mark Richardson & Robert Faggan (red.), The Letters of Robert Frost, I: 1886–1920, Cambridge, MA, 2014, s. 583.
– Henry Hart, The life of Robert Frost. A critical biography, Hoboken 2017, s. 267.

Pleatst yn Flessepost | Tagged , , , , , , | Reaksjes út op Mail oan Minke III