Tag Archives: Georg Trakl

Georg Trakl, Yn ’t foarjier

  Yn ’t foarjier Sêft sonk troch donker trêdzjen de snie, Yn ’t skaad fan de beam Lûke de rôze eachlidden op dy’t leavje. Stees folgje de skippers har donker roppen Stjer en nacht; En de riemen slane sêft yn ’e maat. Straks oan … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, Yn ’t foarjier

Georg Trakl, Confiteor

  Confiteor Tafrielen, bûnt, dy’t it bestean pinsielt, Sjoch ik troch inkeld skimering omhongen, As sleau ferwrongen skaden, kâld en feal, Krekt berne, no al troch de dea befongen. Doe foel fan alle ding it masker del, ’k Sjoch neat … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, Confiteor

Georg Trakl, Psalm

  Psalm Opdroegen oan Karl Kraus Der is in kears dy’t de wyn útdôve hat. Der is in kroech op de heide dêr’t middeis in sûplap útstapt. Der is in wynberch, ferbaarnd en swart mei gatten fol spinnen. Der is … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, Psalm

Georg Trakl, By in finster

  By in finster Boppe de dakken it himelsblau En wolken, sy lûke boppe lâns, Foar ’t finster in beam yn maitiidsdau, En in fûgel dy’t dronken himelheech kliuwt, Fan bloeisel in flechtige rook – Dan fielt in hert: dat … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, By in finster

Georg Trakl, Skimering

  Skimering Behekst fan molkeglêzen skimerskyn Yn ’t hôf troch hjerstbrún faaie siken glide, Mei waaksen blik, fikseard op goudener tiden Fol dreamerij en rêst en reade wyn. De syklikens slút harren spoekich yn. De stjerren wite drôfenis ferspriede. Sjoch … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, Skimering

Georg Trakl, Sânliddich liet fan de dea

  Sânliddich liet fan de dea Blauwich skimeret it foarjier; ûnder sûgjende beammen Panderet wat donkers nei jûn en ûndergong En heint de sêfte klacht op fan de klyster. Swijend ferriist de nacht, in bliedend dier, Dat stadich delsiicht by … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, Sânliddich liet fan de dea

Georg Trakl, Oan myn suske

  Oan myn suske Dêr’tsto giest is hjerst en jûntiid, Blau wyld jout ûnder beammen toan, Ienlike fiver yn jûntiid. Sêft jout de flecht fan fûgels toan, De weemoed oer dyn wynbraubôgen. Dyn dimmen glim jout toan. God makke dyn … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged , | Comments Off on Georg Trakl, Oan myn suske

Georg Trakl, De profundis

  De profundis Der is in stoppelfjild dêr’t swarte rein yn falt. Der is in brune beam dy’t der iensum bystiet. Der is in sigentsje dat om lege klinten twirret. Hoe trystich dizze jûn. Foarby de buorskip Garret it sêfte … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, De profundis

Georg Trakl, Ferfal

  Ferfal By jûntiid, as de klokken frede liede, Bemykje ik de wûnd’re fûgelkloften; As fromme pylgerstoeten lâns de loften Ferdwine sy yn hjerstich kleare widens. Yn dizze tún fol skimer dêr’t ik swalkje Ha ’k harren ljochter lotsbestel foar … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged , | Comments Off on Georg Trakl, Ferfal

Georg Trakl, De swalker

  De swalker Altyd linet tsjin de heuvel de wite nacht, Dêr’t yn sulvertoanen de peppel opriist, Stjerren en stiennen binne. Sliepend bôget it heechhout oer de stoartbeek, Folget in fertige antlit de jongfeint, Siselmoanne yn roazich ravyn Fier fan … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, De swalker