Tag Archives: Wallace Stevens

Wallace Stevens, Kninen ite keutels. Slangen ite kninen. Swinen ite slangen. Minsken ite swinen

  Kninen ite keutels. Slangen ite kninen. Swinen ite slangen. Minsken ite swinen It is wier dat de rivieren gnúfden as bargen En wraamden oan iggen, oant sy liken Op nuet magegnoarjen yn slûge trôgen, Dat de bûtenlucht swier wie … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, Kninen ite keutels. Slangen ite kninen. Swinen ite slangen. Minsken ite swinen

Wallace Stevens, Teory

  Teory Ik bin wat om my hinne is. Froulju snappe dat. Jo binne net hartoginne Op hûndert meter fan in koets. Dat, dit binne portretten: In swarte festibule, In heech bêd ôfsket mei gerdinen. It is mar wat him … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, Teory

Wallace Stevens, Trettjin manieren om nei in klyster te sjen

  Trettjin manieren om nei in klyster te sjen         I It iennichste ding dat beweegde Mids tweintich besnijde bergen Wie it each fan de klyster.         II Ik wie fan trijerlei geast, As in beam Mei trije klysters deryn.         III De … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged , | Comments Off on Wallace Stevens, Trettjin manieren om nei in klyster te sjen

Wallace Stevens, De gong fan in partikulariteit

  De gong fan in partikulariteit Hjoed krite de blêden, hingjend oan swypkjende tûken, Dochs wurdt it winterske neat in bytsje minder. It sit noch fol sniekontoer en iiskûleur. De blêden krite… Men hâldt ôf en heart inkeld it kriten. … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, De gong fan in partikulariteit

Wallace Stevens, In kalm gewoan bestean

  In kalm gewoan bestean Doe’t er siet en doe’t er neitocht, wie syn plak Net yn wat er ek mar gearstalde, sa broazel, Sa ûnderbeljochte, sa oerskade en niksich, As bygelyks in wrâld wêryn’t er, snie lyk, In ynwenner … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, In kalm gewoan bestean

Wallace Stevens, Dizze ferlittenheid fan katarakten

  Dizze ferlittenheid fan katarakten Hy hie nea twaris itselde gefoel oer de bûnte rivier, Dy’t aloan en nea twaris op deselde wize streamde, Troch in protte plakken streamde, as stie er stil yn ien, Blak as in mar wêrop’t … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, Dizze ferlittenheid fan katarakten

Wallace Stevens, Net ideeën oer it ding mar it ding sels

  Net ideeën oer it ding mar it ding sels In skrale gjalp fan bûten, yn maart, By it earste einjen fan de winter, Die oan as in geroft yn syn geast. Hy wist dat er it heard hie, In … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, Net ideeën oer it ding mar it ding sels

Wallace Stevens, Somnambulisma

  Somnambulisma Op in âlde kust rôlet de aldendeiske oseaan, Lûdleas, lûdleas, lykjend op in ile fûgel Dy’t op in nêst delstrike wol mar nea delstrykt. De wjokken klappe aloan en binne dochs nea wjokken. De klauwen skrasse aloan oer … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, Somnambulisma

Wallace Stevens, Lêste monolooch fan de beminde binnenyn

  Lêste monolooch fan de beminde binnenyn Untstek it earste ljocht fan de jûn, as yn in keamer Wêryn’t wy ús deljouwe en sûnder folle grûn tinke Dat de ferbylde wrâld it heechste goed is. Dêrom is dit it ynmoedichste … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, Lêste monolooch fan de beminde binnenyn

Wallace Stevens, It motyf foar metaforyk

  It motyf foar metaforyk Hjerstdeis bist graach ûnder de beammen, Omdat alles dan healdea is. De wyn ferweecht mankjend tusken de blêden En werhellet wurden sûnder betsjutting. Allyksa wiest bliid yn de maitiid, Mei de heale kleuren fan fearnsdingen, … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, It motyf foar metaforyk