Argiven skriuwer: Klaas van der Hoek

Wilfrid Gibson, Werom

  Werom Se freegje, hoe is ’t gien, Wêr wiest, wat hast dêr dien? Wat jou ik as beskie Dy’t wit dat ik ’t net wie, Mar ien oan my gelyk, Dy’t oerstuts, lykas ik, En folk yn ’t frjemde … Fierder lêze

Pleatst yn Mear | Tagged | Reaksjes út op Wilfrid Gibson, Werom

Wilfred Owen, Omdoch

  Omdoch Lis him yn ’t sinneljocht – It struts him ienris út ’e slom, Thús, doe’t er lân besiedzje mocht. Sels hjir yn Frankryk wekke ’t him, Oant dizze moarn fol snie en kjeld. Mûlk wit de sinne, âld … Fierder lêze

Pleatst yn Mear | Tagged , | Reaksjes út op Wilfred Owen, Omdoch

Wilfrid Gibson, Skrikbyld

  Skrikbyld It makket my net kjel Te sneuveljen op ’t fjild, Dat my yn it gefjocht De dea yn de eagen sjocht. Mar krûpe wy op ’t lêst In hoal yn foar wat rêst, Dan skrilje ik, bang dat … Fierder lêze

Pleatst yn Mear | Tagged , | Reaksjes út op Wilfrid Gibson, Skrikbyld

Poste restante XL

‘Groete uit’ (l.b.), ‘Leeuwarden’ (r.b.), ±1907–1908. Ljochtdruk, kleurelitografy, 89×139 mm. Utjûn troch Pieter Spijker, Ljouwert / De Tulp, Haarlem. Poststimpels Ljouwert 16-07-1908 en Drachten 16-07-1908. Ferstjoerd oan Jan en Jantsje Mulder, Drachten, troch Alle Mulder, Trijntje Dolstra en Bauke Mulder. … Fierder lêze

Pleatst yn Poste restante | Tagged , , , , , , , , , , , | Reaksjes út op Poste restante XL

Anne Sexton, Earste psalm

  O jimme tongen   Earste psalm Lit der in God wêze sa grut as in hichtesinne om jimme syn waarmte ta te laitsjen. Lit der in ierde wêze yn de foarm fan in lispuzzel dy’t foar jimme allegearre lein … Fierder lêze

Pleatst yn Anne Sexton | Tagged , , , | Reaksjes út op Anne Sexton, Earste psalm

Anne Sexton, Twadde psalm

  Twadde psalm Want ik bid dat der in Almachtige is om it swarte ikehout dat my omjout te seingjen. Want ik bid dat der in Almachtige is om de dalmaasjers te seingjen dy’t springe as sinneflekken. Want ik bid … Fierder lêze

Pleatst yn Anne Sexton | Tagged , , , , , , | Reaksjes út op Anne Sexton, Twadde psalm

Anne Sexton, Tredde psalm

  Tredde psalm Lit Noach in arke bouwe út de âlde dame har skoech en dy folje mei de skepsels fan de Heare. Lit de arke fan heil in protte finsters hawwe opdat de skepsels fan de Heare mûlfollen soerstof … Fierder lêze

Pleatst yn Anne Sexton | Tagged , , | Reaksjes út op Anne Sexton, Tredde psalm

Anne Sexton, Fjirde psalm

  Fjirde psalm Want ik bin in wees mei twa deademaskers op de skoarstienmantel en kaam út it grêf fan myn mem har búk wei yn it beweech fan Boston. Want der seagen mar twa finsters út op ’e stêd … Fierder lêze

Pleatst yn Anne Sexton | Tagged , | Reaksjes út op Anne Sexton, Fjirde psalm

Anne Sexton, Fyfde psalm

  Fyfde psalm Lit Christopher en Anne te foarskyn komme mei in baarch sa grau as in helpprofessor. Wa’t fuortkomt út dong en de metro makket gif swiet. Lit harren te foarskyn komme mei in mol dy’t út in stoma … Fierder lêze

Pleatst yn Anne Sexton | Tagged , , | Reaksjes út op Anne Sexton, Fyfde psalm

Anne Sexton, Sechde psalm

  Sechde psalm Want Amearika is in dame yn in skommelstoel op in feranda yn in ferveleas hûs oan in ferlitten dyk mar Anne sjocht it net. Want Amearika is een bibletekaris yn Wichita, dy’t stof ophoastet en toverballen dielt … Fierder lêze

Pleatst yn Anne Sexton | Tagged , , | Reaksjes út op Anne Sexton, Sechde psalm