Kategory argiven: Ingeborg Bachmann

Ingeborg Bachmann, Ballingskip

  Ballingskip In deade bin ik dy’t omdwaalt nearne mear ynskreaun ûnbekend yn it ryk fan de prefekt oertallich yn de gouden stêden en yn it grienjende lân ôfdien sûnt lang en mei neat betocht Inkeld mei wyn mei tiid … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Ballingskip

Ingeborg Bachmann, Sâlt en bôle

  Sâlt en bôle No stjoert de wyn de rails foarút, wy sille folgje yn stadige treinen en dizze eilannen bewenje, betrouwen tsjin betrouwen. Yn de hân fan myn âldste freon lis ik myn funksje del; de reinman past no … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Sâlt en bôle

Ingeborg Bachmann, Bohemen leit oan see

  Bohemen leit oan see Bin’ hjirre huzen grien, ik gean in hûs noch yn. Bin’ hjir de brêgen geef, ik rin op goede grûn. Wurdt leafdes lêst nea leanne, ik mis hjir graach it lean. Bin ik it net, … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Bohemen leit oan see

Ingeborg Bachmann, Alle dagen

  Alle dagen De oarloch wurdt net mear ferklearre mar fuortset. It oerhearrige is alledeisk wurden. De held mijt de gefjochten. De swakke is it skoatsfjild yntreaun. It unifoarm fan de dei is it geduld, de medalje de earmsillige stjer … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged , | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Alle dagen

Ingeborg Bachmann, Oanropping fan de Grutte Bear

  Oanropping fan de Grutte Bear Grutte Bear, daal ôf, rûge nacht, wolkepelsdier mei de âlde eagen, stjerre-eagen, troch it kreilguod brekke gluorjend dyn poaten mei de klauwen, stjerreklauwen, wach hoedzje wy de keppels, mar band fan dy, en wantrouwe … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Oanropping fan de Grutte Bear

Ingeborg Bachmann, Fal ôf, hert

  Fal ôf, hert Fal ôf, hert, fan de beam fan de tiid, fal, jimme blêden, út de beklomme tûken dy’t de sinne ienris omearme, fal sa’t triennen falle út it wiidiepen each! Al wynderet de lok noch dagenlang de … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Fal ôf, hert