Category Archives: Wallace Stevens

Wallace Stevens, Tinkend oan in ferbân tusken de bylden fan metafoaren

  Tinkend oan in ferbân tusken de bylden fan metafoaren De wâlddowen sjonge lâns de Perkiomen. De bears, noch bang foar de yndianen, sit djip. Yn it iene ear fan de fisker, dy’t alhiel Ien ear is, sjonge de wâlddowen … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, Tinkend oan in ferbân tusken de bylden fan metafoaren

Wallace Stevens, In heechstimde âlde kristinne

  In heechstimde âlde kristinne Poëzy is de opperste fiksje, mefrou. Nim de morele wet, meitsje dêr in tsjerkeskip fan En bou dat tsjerkeskip út ta in himel fol skimen. Sa wurdt it gewisse omturnd yn palmen, As winige siters … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, In heechstimde âlde kristinne

Wallace Stevens, De goede man hat gjin stal

  De goede man hat gjin stal Hy libbe yn earmoed, de iuwen troch. God wie as iennige syn iennichste grasjeuzens. Generaasje op generaasje waard er doe Sterker en frijer, in bytsje better ôf. Hy libbe elk libben, want as … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, De goede man hat gjin stal

Wallace Stevens, Oer inkeld wêze

  Oer inkeld wêze De palm oan de ein fan de geast, Foarby de lêste tins, riist op Yn it brûnzen dekôr, In fûgel mei gouden fearren Sjongt yn de palm, sûnder minsklik tsjutten, Sûnder minsklik fielen, in frjemdsoartich liet. … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, Oer inkeld wêze

Wallace Stevens, Kninen ite keutels. Slangen ite kninen. Swinen ite slangen. Minsken ite swinen

  Kninen ite keutels. Slangen ite kninen. Swinen ite slangen. Minsken ite swinen It is wier dat de rivieren gnúfden as bargen En wraamden oan iggen, oant sy liken Op nuet magegnoarjen yn slûge trôgen, Dat de bûtenlucht swier wie … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, Kninen ite keutels. Slangen ite kninen. Swinen ite slangen. Minsken ite swinen

Wallace Stevens, Teory

  Teory Ik bin wat om my hinne is. Froulju snappe dat. Jo binne net hartoginne Op hûndert meter fan in koets. Dat, dit binne portretten: In swarte festibule, In heech bêd ôfsket mei gerdinen. It is mar wat him … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, Teory

Wallace Stevens, Trettjin manieren om nei in klyster te sjen

  Trettjin manieren om nei in klyster te sjen         I It iennichste ding dat beweegde Mids tweintich besnijde bergen Wie it each fan de klyster.         II Ik wie fan trijerlei geast, As in beam Mei trije klysters deryn.         III De … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged , | Comments Off on Wallace Stevens, Trettjin manieren om nei in klyster te sjen

Wallace Stevens, De gong fan in partikulariteit

  De gong fan in partikulariteit Hjoed krite de blêden, hingjend oan swypkjende tûken, Dochs wurdt it winterske neat in bytsje minder. It sit noch fol sniekontoer en iiskûleur. De blêden krite... Men hâldt ôf en heart inkeld it kriten. … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, De gong fan in partikulariteit

Wallace Stevens, In kalm gewoan bestean

  In kalm gewoan bestean Doe’t er siet en doe’t er neitocht, wie syn plak Net yn wat er ek mar gearstalde, sa broazel, Sa ûnderbeljochte, sa oerskade en niksich, As bygelyks in wrâld wêryn’t er, snie lyk, In ynwenner … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, In kalm gewoan bestean

Wallace Stevens, Dizze ferlittenheid fan katarakten

  Dizze ferlittenheid fan katarakten Hy hie nea twaris itselde gefoel oer de bûnte rivier, Dy’t aloan en nea twaris op deselde wize streamde, Troch in protte plakken streamde, as stie er stil yn ien, Blak as in mar wêrop’t … Continue reading

Posted in Wallace Stevens | Tagged | Comments Off on Wallace Stevens, Dizze ferlittenheid fan katarakten