Kategory argiven: Oersettings

Ingeborg Bachmann, De grutte fracht

  De grutte fracht De grutte fracht fol simmer is ferladen, it sinneskip leit yn de haven klear, as lâns dyn rêch de kobbe kritend skeart. De grutte fracht fol simmer is ferladen. It sinneskip leit yn de haven klear, … Fierder lêze →

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, De grutte fracht

Ingeborg Bachmann, Oan de sinne

  Oan de sinne Moaier as de opmerklike moanne en har adele ljocht, Moaier as de stjerren, de ferneamde earetekens fan de nacht, Folle moaier as de fjurrige ferskining fan in komeet En ta hiel wat moaiers roppen as alle … Fierder lêze →

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Oan de sinne

Ingeborg Bachmann, Streaming

  Streaming Sa fier yn ’t libben en de dea sa hein dat ik der mei gjinien oer tsiere kin, ûntskuor ik oan de ierde no myn diel; de stille oseaan stjit ik de griene pin dwers troch it hert, … Fierder lêze →

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Streaming

Ingeborg Bachmann, Ferfrjemding

  Ferfrjemding Yn de beammen kin ik gjin beammen mear sjen. De tûken hawwe net de blêden dy’t se yn de wyn hâlde. De fruchten binne swiet, mar sûnder leafde. Se sêdzje net iens. Hoe no fierder? Foar myn eagen … Fierder lêze →

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Ferfrjemding

Franz Kafka, De nije abbekaat

  De nije abbekaat Wy hawwe in nije abbekaat, mr. Bûsefalus. Der is yn syn foarkommen mar in bytsje dat tinken docht oan de tiid dat er noch it striidhoars fan Aleksander fan Masedoanje wie. Wa’t lykwols mei de omstannichheden … Fierder lêze →

Pleatst yn Mear | Tagged | Reaksjes út op Franz Kafka, De nije abbekaat

Franz Kafka, In keizerlik boadskip

  In keizerlik boadskip De keizer – sa wurdt sein – hat oan dy, de ienling, de jammerdearlike ûnderdien, de minuskule foar de keizerlike sinne nei de fierste fierte flechte skym, krekt oan dy hat de keizer fan syn stjerbêd ôf … Fierder lêze →

Pleatst yn Mear | Tagged | Reaksjes út op Franz Kafka, In keizerlik boadskip

Franz Kafka, Op de galerij

  Op de galerij As dizze of jinge skriele, tuberkuleuze keunstrydster yn de maneezje op in strampelich hynder foar in net wurch te krijen publyk troch in swypslaande, ûnmeilydsume sjef moannenlang sûnder ûnderbrekking yn de piste yn it rûn dreaun wurde soe, … Fierder lêze →

Pleatst yn Mear | Tagged | Reaksjes út op Franz Kafka, Op de galerij

Franz Kafka, Earste leed

  Earste leed In trapeze-artyst – lykas bekend is dy heech yn de nok fan grutte fariëtee-poadiums útoefene keunst ien fan de dreechste fan alle foar minsken berikbere keunsten – hie&nbs;syn libben, yn ’t earstoan inkeld út syn stribjen nei perfeksjonearring, … Fierder lêze →

Pleatst yn Mear | Tagged | Reaksjes út op Franz Kafka, Earste leed

Else Lasker-Schüler, Oan Giselhear de tiger

  Oan Giselhear de tiger Oer dyn gesicht slûpe jungles. O wat biste moai! Dyn tigereagen binne leaflik wurden Yn de sinne. Ik tôgje dy hieltyd mei Tusken myn tosken. Do myn yndianeboek, Wyldwest, Siouxopperhaad! Yn de skimer smachtsje ik … Fierder lêze →

Pleatst yn Else Lasker-Schüler | Tagged , | Reaksjes út op Else Lasker-Schüler, Oan Giselhear de tiger

Else Lasker-Schüler, Oan Giselhear de heiden

  Oan Giselhear de heiden Ik gûl – Myn dreamen falle yn de wrâld. Yn myn tsjusternis Weaget gjin herder him. Myn eagen wize net de wei As de stjerren. Hieltyd biddelje ik foar dyn siele; Witsto dat? Wie ik … Fierder lêze →

Pleatst yn Else Lasker-Schüler | Tagged | Reaksjes út op Else Lasker-Schüler, Oan Giselhear de heiden