Kategory argiven: Fynsten

Van Beijma syn biedwurd ‘Het is meij ziszen næt to dwaên’

  ‘Net lulle mar poetse’ is hjoed-de-dei tink populêrder, mar it âlde sprekwurd ‘It is mei sizzen net te dwaan’ is ek noch altyd yn swang. It earste skriftlike fynplak fan it sprekwurd datearret al fan 1635. En der binne … Fierder lêze

Pleatst yn Fynsten | Tagged , , , , , , , , , , , , | Reaksjes út op Van Beijma syn biedwurd ‘Het is meij ziszen næt to dwaên’

De Snitser Wetterpoarte yn Tim syn ‘groenenboek’

Wat de Aldehou is foar Ljouwert, is de Wetterpoarte foar Snits. Gjin wûnder dat Joannes Willem Groeneboom dat ikoanyske bouwurk ta ûnderwerp naam doe’t er as nij lid fan it Amsterdamske studintekorps wat skriuwe moast oer wêr’t er weikaam. Yn … Fierder lêze

Pleatst yn Fynsten | Tagged , , , , , , , , , | Reaksjes út op De Snitser Wetterpoarte yn Tim syn ‘groenenboek’

Hoe’t Sietzema’s skriuwen leare

De kolleksje fan it eardere Nederlandsch Schoolmuseum, dy’t bewarre wurdt by de Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam, befettet tsientallen skoalskriften mei skriuwoefenings. Juster kaam der ien foar it ljocht dat sicht jout op de learmiddels dy’t de skoalmasters … Fierder lêze

Pleatst yn Fynsten | Tagged , , , , , , | Reaksjes út op Hoe’t Sietzema’s skriuwen leare

Mullumer Kindertotenlieder

De dea hat húskes fan hâld-oan. Ien sa’n húske wie ‘huizinge nummer 14’ yn Mullum doe’t skoalmaster Berent Mulder dêr wenne. Binnen in tiidrek fan 25 jier kloppe de man mei de seine dêr seisris op ’e doar: foar fjouwer … Fierder lêze

Pleatst yn Fynsten | Tagged , , , , , , , , , , , , , , , , , | Reaksjes út op Mullumer Kindertotenlieder

In opdracht fan Eeltsje Halbertsma

Eeltsje Hiddes Halbertsma hâlde yn 1818 as studint medisinen in semester yn Heidelberg ta, dêr’t er him bekwaamde yn de ferloskunde. Werom yn Nederlân joech er syn proefskrift yn it ljocht en stjoerde er in eksimplaar nei syn Heidelberger learmaster … Fierder lêze

Pleatst yn Fynsten | Tagged , , , , | Reaksjes út op In opdracht fan Eeltsje Halbertsma

Goaiïngeasters yn in berneboekje

Ut in protsje te katalogisearjen materiaal kaam by de Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam in berneboekje foar it ljocht mei oantekenings oer de berte of it ferstjerren fan fjouwer Goaiïngeasters yn de jierren 1855–1857. It boekje sels is … Fierder lêze

Pleatst yn Fynsten | Tagged , , , , , , , , , , , , , , , , | Reaksjes út op Goaiïngeasters yn in berneboekje

In albumynskripsje út 1794

It album amicorum fan Rinse Koopmans, koartlyn wer foar it ljocht kommen, blykt in oant no ta ûnbekende Fryske albumynskripsje út 1794 te befetsjen. De ynskriptor, Jacobus Scheltema, sitearret in tal dichtrigels fan Gysbert Japix en ferwiist yn de opdracht … Fierder lêze

Pleatst yn Fynsten | Tagged , , , , , , , , , , , , , | Reaksjes út op In albumynskripsje út 1794

Hânskrift fan Fedde Schurer fûn

Yn de Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam is in ûnbekende autograaf fan Fedde Schurer syn gedicht ‘Nachtjager’ oantroffen. It hânskrift wie oant no ta net katalogisearre. ‘Nachtjager’ ferskynde foar it earst yn 1944 yn it troch Schurer oprjochte, … Fierder lêze

Pleatst yn Fynsten | Tagged , , | Reaksjes út op Hânskrift fan Fedde Schurer fûn