Sykje
Twitter
Instagram
Skiften
- Oersettings (312)
- Ingeborg Bachmann (16)
- Elizabeth Bishop (20)
- E.E. Cummings (26)
- Emily Dickinson (150)
- Robert Frost (13)
- Nicole Sealey (5)
- Anne Sexton (19)
- Wallace Stevens (30)
- Georg Trakl (28)
- Mear (5)
- Resinsjes (34)
- Ansichten (44)
- Poste restante (39)
- Postcards pictured (5)
- Flessepost (6)
- Artikels (4)
- Fynsten (12)
- Berjochten (11)
- Oersettings (312)
-
Lêste blogs
- Anne Sexton, Earste psalm
- Anne Sexton, Twadde psalm
- Anne Sexton, Tredde psalm
- Anne Sexton, Fjirde psalm
- Anne Sexton, Fyfde psalm
- Anne Sexton, Sechde psalm
- Anne Sexton, Sande psalm
- Anne Sexton, Achtste psalm
- Anne Sexton, Njoggende psalm
- Anne Sexton, Tsiende psalm
- Poste restante XXXIX
- E.E. Cummings, ‘ien(in’
- Robert Frost, Fjoer en iis
- E.E. Cummings, ‘Frouwe,ik sil jo roere mei myn geast’
- Robert Frost, Bêdklok
- E.E. Cummings, ‘!swart tsjin (wi)te loft’
- It poesyalbum fan Idskia Postma
- Anne Sexton, Jezus drinkt tate
- Anne Sexton, Jezus is wekker
- Anne Sexton, Jezus sliept
- Anne Sexton, Jezus helpt de hoer oerein
- Anne Sexton, Jezus siedt iten
- Anne Sexton, Jezus wekket op
- Anne Sexton, Jezus stjert
- Anne Sexton, Jezus noch net berne
- Anne Sexton, De skriuwster fan de Jezus-kladden sprekt
- It poesyalbum fan Grytsje Rekker
- Elizabeth Bishop, Earste deade yn Nova Scotia
- Wallace Stevens, Fragen binne opmerkings
- Elizabeth Bishop, Lette atmosfear
- Foar famylje, freonen – en it Fryske folk
- Wallace Stevens, Hieltyd minder minsklik, o woeste geast
- E.E. Cummings, ‘as elk(nei gewraksel mei minskene hel)’
- Wallace Stevens, Boeket roazen yn sinneljocht
- It poesyalbum fan Aaltsje Stienstra
Argyf
Kategory argiven: Georg Trakl
Georg Trakl, Mearke
Mearke It fjoerwurk sproeit wylst giel de sinne blinkt; Yn ’t âlde park bemaskere gewrimel. Loftspegelingen oan de skiere himel, It njoere kriten fan in faun wjerklinkt. Syn gouden gniis, skril yn de boskjes, winkt. De túnkers is fol … Fierder lêze
Georg Trakl, Oan de jongfeint Elis
Oan de jongfeint Elis Elis, as de klyster yn it swarte wâld ropt, Dat is dyn ûndergong. Dyn lippen drinke de koelte fan de blauwe berchwelle. Lit gewurde, as dyn foarholle licht bliedt Oerâlde leginden En tsjustere tsjutting fan … Fierder lêze
Georg Trakl, Delirium
Delirium De swarte snie dy’t fan de dakken gliert; In reade finger pjokt dy yn de holle. Yn ’t keal fertrek in blau tek sniekristallen, Dat leavjenden bestoarne spegels biedt. De holle brekt yn swiere stikken, briedt Oer skaden … Fierder lêze
Georg Trakl, Winterskimering
Winterskimering Oan Max von Esterle Swarte himels fan metaal. Krús yn reade stoarmen waaie Jûntiids hongerdûme kraaien Boppe parken gram en feal. Yn it swurk befriest in straal; En foar Satans flokken draaie Sy yn sirkels rûn en saaie … Fierder lêze
Pleatst yn Georg Trakl
Tagged Georg Trakl, Max von Esterle
Reaksjes út op Georg Trakl, Winterskimering
Georg Trakl, Yn ’t foarjier
Yn ’t foarjier Sêft sonk troch donker trêdzjen de snie, Yn ’t skaad fan de beam Lûke de rôze eachlidden op dy’t leavje. Stees folgje de skippers har donker roppen Stjer en nacht; En de riemen slane sêft yn ’e maat. Straks oan … Fierder lêze
Georg Trakl, Confiteor
Confiteor Tafrielen, bûnt, dy’t it bestean pinsielt, Sjoch ik troch inkeld skimering omhongen, As rou ferwrongen skaden, kâld en feal, Krekt berne, no al troch de dea befongen. Doe foel fan alle ding it masker del, ’k Sjoch neat … Fierder lêze
Georg Trakl, Psalm
Psalm Opdroegen oan Karl Kraus Der is in kears dy’t de wyn útdôve hat. Der is in kroech op de heide dêr’t middeis in sûplap útstapt. Der is in wynberch, ferbaarnd en swart mei gatten fol spinnen. Der is … Fierder lêze
Georg Trakl, By in finster
By in finster Boppe de dakken it himelsblau En wolken, sy lûke boppe lâns, Foar ’t finster in beam yn maitiidsdau, En in fûgel dy’t dronken himelheech kliuwt, Fan bloeisel in flechtige rook – Dan fielt in hert: dat … Fierder lêze
Georg Trakl, Skimering
Skimering Behekst fan molkeglêzen skimerskyn Yn ’t hôf troch hjerstbrún faaie siken glide, Mei waaksen blik, fikseard op goudener tiden Fol dreamerij en rêst en reade wyn. De syklikens slút harren spûkich yn. De stjerren wite drôfenis ferspriede. Sjoch … Fierder lêze
Georg Trakl, Sânliddich liet fan de dea
Sânliddich liet fan de dea Blauwich skimeret it foarjier; ûnder sûgjende beammen Panderet wat donkers nei jûn en ûndergong En heint de sêfte klacht op fan de klyster. Swijend ferriist de nacht, in bliedend dier, Dat stadich delsiicht by … Fierder lêze