Kategory argiven: Georg Trakl

Georg Trakl, Ferfal

  Ferfal By jûntiid, as de klokken frede liede, Bemykje ik de wûnd’re fûgelkloften; As fromme pylgerstoeten lâns de loften Ferdwine sy yn hjerstich kleare widens. Yn dizze tún fol skimer dêr’t ik swalkje Ha ’k harren ljochter lotsbestel foar … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged , | Reaksjes út op Georg Trakl, Ferfal

Georg Trakl, De swalker

  De swalker Altyd linet tsjin de heuvel de wite nacht, Dêr’t yn sulvertoanen de peppel opriist, Stjerren en stiennen binne. Sliepend bôget it heechhout oer de stoartbeek, Folget in fertige antlit de jongfeint, Siselmoanne yn roazich ravyn Fier fan … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, De swalker

Georg Trakl, Wintersang yn a-mineur

  Wintersang yn a-mineur Der drûpe reade kûgels út de tûken, Troch lange sniefal stiloan swart en swier. De paap bekrúst de deade op de bier. Nachts tilt it op fan de bemomme spûken. Dan strike oer it doarp ferwaaide … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, Wintersang yn a-mineur

Georg Trakl, De sliep

  De sliep Ferflokt jim donkere fergiften, Wite sliep! Dizze o sa singeliere tún Fan skimerjende beammen Fol slangen, nachtflinters, Spinnen, flearmûzen. Frjemdling! Dyn ferlerne skaad Yn it jûnsrea, In tsjustere frijbûtser Yn de silte see fan drôfnis. Op fladderje … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, De sliep

Georg Trakl, Sang fan de ûntfallene

  Sang fan de ûntfallene Oan Karl Borromaeus Heinrich Fol harmonyen is de flecht fan de fûgels. De griene wâlden Hawwe harren jûns ta stillere hutten fergearre; De kristallen greiden fan de ree. Tsjusternis besêftet it reauntsjen fan de beek, de dampe … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, Sang fan de ûntfallene

Georg Trakl, Ballade

  Ballade In dwaas skreau trije tekens yn sân, Doe stie der in bleke faam op it strân. Lûd song de see, sa lûd. Sy hold in beker yn de hân, Dêryn oan de râne ta in glâns, Sa read … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, Ballade

Georg Trakl, Neibyens fan de dea

  Neibyens fan de dea O de jûn dy’t yn de tsjustere doarpen fan de bernetiid lûkt. De fiver ûnder de wylgen Rint fol mei de ferpeste suchten fan de swiermoedigens. O it wâld dat sêft de brune eagen delslacht, As út … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, Neibyens fan de dea

Georg Trakl, De swiermoedigens

  De swiermoedigens Machtich bisto donkere mûle Yn ’t binnenst, út hjerstwolkens Foarme stal, Fan goudene jûnsstilte; In grienich skimerjende berchstream Yn tebrutsen sparren Harren skaadfjild; In doarp Dat from yn brune bylden ôfstjert. Dêr springe de swarte hynders Yn … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, De swiermoedigens

Georg Trakl, In hjerstjûn

  In hjerstjûn Oan Karl Röck It brune doarp. Faak sjochst in tsjuster gliden, Op paad, lâns muorren dy’t yn hjersttiid stean, Figueren: man en frou, ferstoarnen gean Ta koele keamers yn dy’t sliepplak biede. Hjir boartsje knapen. Swiere skaden … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged , | Reaksjes út op Georg Trakl, In hjerstjûn

Georg Trakl, Underweis

  Underweis Jûns droegen sy de frjemdling de roukeamer yn; In rook fan tarre; it sêfte rûzen fan reade platanen; De donkere flecht fan de kaen; op it plein waard wacht hâlden. De sinne is yn swart linnen weisonken; hieltyd … Fierder lêze

Pleatst yn Georg Trakl | Tagged | Reaksjes út op Georg Trakl, Underweis