Low budget Peyton Place

    Oer: a. van hijum, yntermezzo, koperative útjowerij, boalsert 1984.
    Bartle Laverman, Master ûnder protters, Koperative Utjowerij, Cumulusrige 1984-4, Boalsert 1984.

Skieppetsiis

It moat winter west hawwe doe’t de Fryske skôger en dichter Adri van Hijum yn ’e âldens fan 35 jier hinnegie. Syn goefreon Bartle Laverman naam it op him en wês leedoansizzer. Op 15 en 16 jannewaarje 1978 skreau er ‘út in romte fan tiid en tema’ it út tolve fersen besteande neitins (parva sed apta mihi), dat earst yn Trotwaer 1978-3 opnommen waard en it jier dêrop as apart bondeltsje útkaam1. Wijd oan de ‘fan stof ta stof mutearre’ Van Hijum kin neitins mei rjocht in deadeboek neamd wurde yn beide betsjuttings dy’t Van Hijum sels by syn libben oan dat wurd ûntdutsen hie2: it is in bondel oer én foar de deade. Net allinne betocht Laverman yn hoedsum keazen bewurdings de foartidich ferstoarne, dêrmei de Fryske literatuer mei in nij in memoriam ferrikend, ek besocht er mei de ta it hjirneimels oergiene yn twaspraak te bliuwen. Yn direkte rede hold Laverman, ‘útfiner fan perpetuum mobile’3, him it bewâld fan in boppe alle learstelling steande kausaliteit foar: ‘ferlern giest nea: / der is gjin himel’. De wjerklank fan dy hybris kearde lykwols ûnbeändere ta de dichter werom, ommers ek dizze deade ‘is stil / is kâld / en sprekt gjin wurd’. Mar krekt om’t dizze leedoansizzer de macht ken dy’t yn it wurd besletten leit, makke er syn drôve tynge ta wente en reau fan syn ûntheistering, fertwiveling en berêsting. Dêrmei besitte wy yn neitins, bondel foar en oer in deade, yn it foarste plak in monumint fan algemien minsklike ûnderfining.

Laverman syn persoanlike dûbelrol is útbylde op it antrasytkleurige foarplat. De foto dêrop lit tors en troanje sjen fan in man yn it swart, hy hat in hege hoed op en moffen oan en hâldt de rjochterhân boppe it plak dêr’t er de eagen op delslein hat. Wa kin it oars wêze as Bartle4, dy’t Adri te hôf bringt? De hoed op ’e holle mocht eartiids Adri sa graach mei ompanderje5, de eagen sille fêstige wêze op ’e kiste yn ’e kûle. Nei’t er syn plichtplegings as deagraver diend hat, liket Bartle by it grêf in lûdleaze dialooch oangien te wêzen, want ljocht komt fan ûnderen op en falt oer syn antlit. Is it gebeart dat er mei de hân makket seingjend, beswarrend, ôfwarrend faaks? Syn spytgnyskjen moat lykwols net misferstien wurde; skreau er net: ‘it moast in kear komme / sa bang sa bang / laken wy dan // mar no al’? Tegearre griljend de dea fuortlaitsje, dat soe tenei net mear kinne, de ynleave freon6 wie al helle en Bartle bleau ‘sa iensum no’ efter: ‘wêrom net wachte / mei ús’? Mar de tiid hâldt gjin skoft, dat ‘litte wy adri ferjitte / gûle, skrieme, flokke / en dan ferjitte’. Van Hijum, yn neitins en eardere bondels fan Laverman sa neidruklik oanwêzich, waard yn it wurk dat fan de lêste noch ferskine soe inkeld in rige fan seis fersen opdroegen. Dy stiet yn ik laitsje my dea7.

Van Hijum moat syn ein nei-oan witten hawwe, lokkigernoch mei men hast sizze, want oan dit besef – of wie it yntuysje? – sil it te tankjen wêze dat er noch sels syn oer periodiken en portefúlje fersprate fersen skifte en bondele hat. Tolve jierren oan dichterlike produksje, sechtjin gedichten yn tal, krigen mei-inoar it pretinsjeleaze opskrift Fersen mei. Mar hie ek in Schurer net mei dy titel debutearre? De titel bringt jin it postume debút Fersen (1934) fan de jong ferstoarne Pyt van der Burg yn it sin: ek doe gie it om in earsteling dy’t teffens in swannesang wie. Dat lêste no set de folsleine titel fan Van Hijum syn bondel, Fersen 1965–19788, yn sa’n skier ljocht. Want net sasear it tiidrek fan in dichter syn ierste perioade, mar dat fan ál syn poëtyske wurksumens, en benammen de koartens en definitive ôfsluting dêrfan, wurde hjir yn dy jiertallen útdrukt. De byldzjende hommaazjes fan seis fratres in artibus meitsje, dat dizze bondel samle poëzij tagelyk in liber amicorum is. Hommaazjes oan in keunstbroeder dy’t al út harren rûnte weifallen wie: wylst de list fan yllustratoaren ommers ek Van Hijum sels noch neamt, is de him taskikte side blanko bleaun…

Hoe oangripend is Fersen foar de lêzer dy’t wit dat de beneikommende en benearjende blauwe Fedde de dichter oer it skouder loerde doe’t dy dizze bondel gearstalde. Dy man ommers, dy’t yn ’e krêft fan syn libben de grutte reis ûndernimme moast, wie dat treast en mei in masterlike ynbannigens oan literêre foarm én oan yndividuele emoasje skreau er de haikû:

    HÛD IN TEKEN

    Mei ’t âlder wurden
    wurde de [,] fâlden djipper
    de ein komt tichterby

Komselden treft jin de gearhing tusken it besef fan eigen fergonklikens en oerjefte oan it libben djipper as yn it op it each sa Candlelight-eftige9:

    KWATRYN

    Jow my de leafde en in glêsfol wyn
    de reade roas de waerme sinneskyn
    jow it my hjoed moarn wurde wy faeks al wer
    as toarre blêdden fage [tr]och de wyn

In gever spesimen fan poëzij dy’t har sizzenskrêft ûntlient oan libben en dea fan de dichter, is kwealk foarhannen.

It yntymst leare wy Van Hijum kennen út it literêre wurk fan de him sa tadiene Laverman. In kykje yn-’e-flecht-wei yn kloentsjetee10, mei it saaklike ûnder­skrift ‘foto 9 / adri / 1943 / grins’, jout ús syn portret: de foarholle heech, skraal it antlit, de eagen bespegeljend rjochte op it te betiid dôve peukje tusken snor en burd, dat er besiket op ’e nij oan te stekken. Hoefolle lyrysker wurdt dat foarkommen yn neitins tekene: ‘dy moaie kop / dy rjochte noas / in mûts sa proastich / op it hier’ hat it profyl fan ‘in skerpe geast’, in yntellekt dat te striden hie mei de sêftere krêften fan syn ynboarst: ‘noartsk, koart, skerp / dat wie adri ek / mar sa’n bytsje mar / mear skieppetsiis / ‘wite watten wêze’’. De lêste rigel, in resonânsje fan Fersen, ferklankt de huver fan in siker nei ‘in wysheit yn wurden’11 foar de mooglike gefolgen dêrfan, want ‘Wiere wurden kinne deadzje / wiere wurden deadzje // dan leaver / wite watten wêze’. Van Hijum hie heel goed weet fan de betreklikens fan in yntellekt skerp as sines wannear’t it omjûn wurdt troch it stille lok dat slommet yn in reade roas, in samling postsegels12 of in eigen húshâlding. Syn eigen húshâlding bestie út ‘betsy’ en twa dochterkes, dy’t neffens kloentsjetee op tiisdei 27 desimber 1977 njoggen en sân jier jong wienen. Betsy wie dy deis siik. Op woansdei 4 jannewaarje 1978 kocht sy in bedoarn aai.

It hinnegean fan dizze markante figuer is út soarte by sibben en freonen tige hurd oan kommen, sa’t bliken dwaan mei oan ûndersteand gedicht út neitins, in perpetuum mobile yn syn trijefâldige, syklyske ferflokking fan ’e wetmjittichheid dat de goeien ús it earst ûntfalle:

    ach godferdomme
    wêrom adri
    safolle kloaten noch

    ach godferdomme
    dy lytse bern
    en betsy

    ach godferdomme

Spesjaalstúdzje

Ek de leechte dy’t Van Hijum yn de Fryske kulturele wrâld efterliet, waard as tige pynlik ûndergien. Yn koarte tiid hie er him benammen op it mêd fan de literatuerteory in grut prestiizje wûn. It Frysk-literêre tydskrift Trotwaer mocht it barre him fan nû. 1971-3/4 ôf oant nû. 1975-5 ta as redakteur te hawwen. Dêryn yntrodusearre er foar Fryslân de rasjonele, struktueranalytyske literatuerskôging. It oansjen fan it blêd waard sa belangryk ferhege; sels út it bûtenlân kamen fersiken om tastjoering13. Yn in mannichte oan essays en kritiken – in bibliografy is spitigernôch noch hieltyd net foarhannen – sette Van Hijum syn tinkbylden útinoar, adstruearre er dy oan de praktyk (hoe graach mocht er dat tiidwurd brûke!) en gie er de polemyk mei ‘de âlde, romantyske literatuerkritikus’14 fan it subjektivistyske slach net út ’e wei. Syn ynfloed woeks merkber, fral by in jongere as syn mei-redakteur Bartle Laverman. Oer dy beiden is skreaun, dat sy ‘yn mear as ien opsicht foar in wichtich part it gesicht fan Trotwaer bipaeld ha’15.

Van Hijum beskikte oer in ferbjusterjende erudysje, dêr’t gauris minder dreech ûnderleine opponinten troch yn ’e hoeke dreaun waarden, al woenen dy net altyd like goed belies jaan. Laverman dêroer yn Frysk & Frij fan 27-4-1974: ‘[…] hwat Lykele [Jansma] sei oer Wittgenstein, dat Adrie dêr neat fan bigriep, dat hat my hwat lulk makke, omdat Adrie nou krekt in spesiaelstúdzje fan Wittgenstein makke hie. Dy wit echt wol hwer’t er oer praet’. Jawis wist Van Hijum dat. Under syn pinne sneuvelen dan ek hiel wat twifeleftige reputaasjes en waarden literêre loftballontsjes trochpript. Wy sjogge him soks letterlik by Gerben Abma dwaan yn in stripferhaal fan anne de vries en bartle laverman yn Trotwaer 1973-216. Sneedsk, mar ek desylluzjonearre, klonk syn fersuchting oan it adres fan it Frysk-literêre fermidden, ea troch him typearre as ‘in peyton place yn-de-lytst-tinkbere-fo[a]rm’17, sa’t dy bewarre bleaun is yn Trotwaer 1975-5, s. 290:

    AFORISME
    Hiene de Fryske literatoaren mar hwat mear fan de legindaryske fûgel Condor dy’t, yn jimmeroan lytsere kringen fleanend, fordwoun yn syn eigen ears.

Van Hijum syn warber krewearjen, syn wjudzjen en snoeien mei it doel de Fryske lettertún ta grutter bloei en better frucht te bringen, kaam mei Trotwaer 1977-1 hommels in ein oan. Dêryn stienen twa artikels dy’t sa’t letter bliken die syn lêste wienen, twa striidbere reaksjes ûnder de foar him sa karakteristike koppen ‘De fraech nei it hwêrom’ en ‘De kritikus in charlatan’. Sûnttiid is syn stim it swijen oplein.

Proastich

Tige grut is de macht fan it wurd. Ienris hie Wittgenstein syn doarmjende disipel Van Hijum fermoanne fan ’e oare kant fan it grêf18, no krige Bartle – skriftlik! – andert fan Adri silger. It duorre in hoartsje, mar wat is sân jier op de ivichheid? Ein 1984 ferskynden ûnder de titel yntermezzo ienentritich fersen yn twa skiften, it earste ‘ûntstien en skreaun tusken 22 desimber 1978 en 16 febrewaris 1979’, it twadde ‘tusken 07.07.79 en 01.11.79’. Dat is goed twa jier nei it ferstjerren fan de man waans namme op it omkaft stiet – ek yn it Jenseits binne hja koartlyn blykber op ’e digitale deitekening oergien. Op s. 5 fan it boekje riist it skimige stal fan Van Hijum op – hoe werkenber oan dy ‘mûts sa proastich / op it hier’! – om, oer de kleau hinne dy’t him fan harren skiedt, it wurd ta de libbenen te rjochtsjen. It omkaft liket dit jitris te abstrahearjen: de titelletters foarmje in pontonbrêge oer de wite Styx tusken ûnder-­ en boppewrâld. In dichter is ûnstjerlik yn syn wurken.

Wa is de besprekker, dat hy toarne soe oan itjinge dat sub specie aeternitatis steld is? Kin de him eigen boerenofterens der al net foar wei en konkludearje ta in mystifikaasje, lit er him der dan foar hoedzje it gefal ôf te dwaan as studintikoaze nocht-oan-ûnnocht, as ‘humbug’. In elemint fan boartlikens mei der grif net oan ûntsein wurde, mar Van Hijum syn preokkupaasje mei de útdrukberens fan wierheid yndachtich, kin soks tinkt my by him inkeld bestean binnen it ramt fan in ynmoedich spul-mei-wurden, in taalspul sis mar, yn Wittgensteiniaanske betsjutting. Yn Fersen liet er al sjen, dat fan in sizzen as ‘in roas is in roas is in roas’ min út te hâlden is dat ‘der stiet hwat der stiet’. Nim bygelyks de namme ‘a. v. hijum’ op foarplat en titelside fan Fersen sels, dêr’t men jin sûnder kweawilligens by ôffreegje kin oft dy ‘v.’ faaks foar in twadde foarnamme stiet: wie in ynstjoerd stik yn ’e Leeuwarder Courant19 net ris ûnderskreaun mei ‘A.V. Hijum’, en f. v. toussaint v. boelaere waard as boike dochs ek Fernand Victor neamd? Lyk as in spul bestiet by de graasje fan regels, sa bestiet taal by de graasje fan konvinsjes, mar om’t ‘de wearden foroarje / de noa[r]men ek’ (Fersen), koe it barre dat Bartle Laverman oan de tredde jiergong fan Trotwaer ta noch Barthle hiet.20 Yn ’e tiid doe’t de ko noch Barthle hiet, hiet ‘Drente’ ek noch ‘Drenthe’. En Bartle hyt dêr Bartje.

Pronkje

Oft de titel yntermezzo no as ‘tuskenspul’, ‘-bedriuw’, of as ‘insidint’ begrepen wurde moat, hy jout faaks oan dat de bondel it slútstik fan of ferfolch op Fersen efkes opkeart. Lit dat dan al of net in apoteoaze wurde sille, Fersen en yntermezzo bliuwe har foar inoar oer ferhâlden as twa koördinaten yn in diminsjeleas assestelsel – in strukturasjonalytysk byld dat Van Hijum grif haagje sil. Der mei dan in ferskowing yn tematyk wêze, mar om’t, sa hjitte Laverman yn Trotwaer 1976-2, fan poëzij ‘de ynhâld net ta diskusje steld wurde kin’21, sil it sykjen nei dichterlike ûntjouwing him beheine moatte ta de foarm. Fierdere ferskillen tusken beide bondels binne lykwols inkeld oan te wizen op it mêd fan stavering en typografy.

De oergong fan âlde op nije stavering is konform in taalbeslút fan Provinsjale Steaten, dat no ienkear earne tusken 1977 en 1984 syn beslach hie, en hat dêrfandinne mei dichterlikens net folle te krijen. Oer de typografy hie ik like koart krieme kinnen, as net yntermezzo oanpriizge wurden wie inkeld om it uterlik fan Fersen. De Koperative Utjowerij printe ommers yn in advertinsje foar ‘de lang ferwachte twadde bondel’ (Trotwaer 1984-4/5, tsjinoer s. 280) in sitaat ôf út in âld krantestikje, dêr’t Fersen op ’e nominaasje set waard foar ‘De priis foar de moaist útfierde Fryske dichtbondel fan it jier’22. Yndied stiek Fersen (Ljouwert 1977) fan a. v. hijum, ‘yn it deistich libben direkteur fan de akademy “Minerva” te Grins’23 wat foarmjouwing oanbelanget noch geun­stich ôf by in boekje as winter (popkes dy’t wuive) (Ljouwert 1977) fan bartle laverman, ‘dosint filosofy oan Akademie Minerva te Grins’24 en (eks-)eksploiteur fan ‘Galerie Laverman, Hooge der A 4, Grins (050-141329) Iepen: woansdei o./m. sneon 12.15-17.00 oere’25, mar dêrmei is it ek wol sein. In grouwélich misferstân hat fan de gearwurking ôf tusken ‘de freeslik feestmantsjes!’ alias ‘anne en barthle’26 (De Vries en Laverman) it Fryske boekebedriuw ûntheistere: it pielen mei kroantsje- of redispinne om ta ‘runenskrift’27 en oare ludike of útwrydske risseltaten te kommen soe likegoed it fak typografy oan kant skowe kinne as kreativiteitssintra dat mei sukses somlike keunstakadeemjes dogge. Yn in tiid dat it setlead allang wer ferkrongen is troch in ferskaat oan fotografyske en elektroanyske setwizen, kin kalligrafy fan it soarte as yn Fersen op ’en heechsten liede ta in reaksjonêre estetyk. Boppedat moast men mei Alex Riemersma ‘olle war dwaan […] óm tróch te kringen ta de ynhôd fon de fersen sûnder steurd te wurden fon de flaters’28.

Foar yntermezzo wiist it al net folle better, want it mei dan wer út in printletter set wêze en mar seis flaterkes hawwe, Tiny Mulder is oer de foarmjouwing fan de bondel al like optein as sy oer dy fan de foarige wie: ‘in pronkje fan drukwurk’29 beart se. Sy moat al wenne ta de fetprinte ûnderkastletters dy’t brûkt binne yn stee fan haadletters, mar foar in kear fynt se soks wol apart. Soks kaam ik oars earder ek wol tsjin, bygelyks yn Daniël Daen syn rânnen fan forjitnis (Ljouwert, ek 1977), dêr’t de begjinletters fan ferstitels út in fetprinte ûnderkastletter yn set binne. En doe’t it foar de Fryske literatuer sa ûnmisbere ministearje fan CRM omfoarme waard ta in ministearje fan WVC, waard eat soartgelikens diend yn de nije house style. Yn rânnen fan forjitnis wienen de fette letterkes noch funksjoneel tapast, as moderne lombardes. Foar yntermezzo moat men lykwols mei Tineke Steenmeijer-Wielenga konkludearje, dat as de reden foar it mijen fan haadletters is, dat dy ôfliede soenen fan de ynhâld fan de wurden, de ferfanging troch fette ûnderkastletters in mislearre útwei is: ‘der ûntstiet in tige ûnrêstich byld’30. Is dat net de reden, dan sil it ek hjir gean om in stribjen nei lege skjintme. In mooglike funksje fan dy fette ûnderkastletters wurdt boppedat ûntkend troch de ynkonsekwinte tapassing derfan. Sa komme – kreas alliterearjend en alfabetysk oardere, dat al – ‘boer bartle’, ‘maat maarten’ en ‘pater petrus’ (s. 33) foar nêst ‘boer bartle’ (s. 27), ‘maat maarten’ (s. 29) en ‘pater petrus’ (s. 31).

In avantgardistysk skriuwer, sa murk Trinus Riemersma ris op, kin troch ‘middels os un óvykende ynterpunksje, typografy of stavering, besykje de lêzers óp nij te “pakken”, vekker te skódzjen fwar syn spesjaal taalbwadskip’31. Dat Van Hijum gjin avantgardist is, dêr sil ik him net hurd oer falle. Mar ek moat oan de ôfwikings dy’t er himsels tastiet yn tekstfersoarging en typografy eltse betsjutting ûntsein wurde: sy binne net yn de poëzij yntegrearre keunstgrepen, mar de gefolgen fan sleauwens en effekt bejachtsjen. Om mei de ynterpunksje te besluten: nei’t Alex Riemersma foar Fersen wiisd hie op it eigenwillich gebrûk fan punten, moast Tineke Steenmeijer-Wielenga dat jitris dwaan foar yntermezzo. Wylst er syn ynterpunksje (punten, ferkapte haadletters) hanthavene, hat Van Hijum dy eltse funksje ûntnommen en dêrmei oerstallich makke.

Rücksichtlos

Hie Fersen in sabeare Wittgensteiniaanske tematyk, yn yntermezzo draait it om de eksistinsjalistyske paradoks fan de kar. Dy bestiet hjirút, sa learde Van Hijum yn Trotwaer 1974-632, dat wylst de minske altyd de mooglikheid hat om in kar te dwaan, hy net net-kieze kin. De dichter fan yntermezzo stiet foar in dilemma dat gâns nuodliker is as de kar tusken âlde of nije stavering, de iene of de oare foarmjouwer, al of net in punt. Hy hat te kiezen tusken ‘bern’ plus (bet)‘sy’ * en de noch net earder lansearre ‘frou frede’.

* Analooch oan ‘sy’ foar ‘(bet)sy’ koartsje ik ‘(Van) Hij(um)’ fierders ôf ta ‘Hij’.

Oer Hij syn relaasjeproblemen wienen wy al foarljochte troch de earder neamde ‘(foar adri)’ skreaune fersereeks ‘Katharsis notulen’ fan Laverman. ‘De dichter spilet hjir de rol fan notulist by it oanskôgjen fan in maat dy’t net fan it wiif ôfkomme kin (sic)’33, skreau Eppie Dam dêroer. It ‘(sic)’ is ek fan Dam. Dat wiif, sa seit de notulist syn maat it mannewaar op, dat wiif sit dy as ‘in oktopus’ op ’e hûd, se wevet dy ‘har spinreach’ om de holle, en ‘it fergif / dat se is / hat syn banen al / yn dyn taal fûn’. Want do sangerst oer ‘ferantwur[d)likens’ en ‘skuld’ en ‘har bernejierren’: wolno, ‘begryp dysels de kiste mar yn’! Dy maat is der blykber ien mei de ynstelling ‘gedachten fortaeld / kinne bigryp jaen / talen is dielen mei’ (Fersen); hy kin, ek sjoen de opdracht, nimmen oars as Hij wêze. Bartle wit rie: ‘lit har âlden in psychiater ynhiere’, en do adri, ‘wês rücksichtlos man! / RUCKSICHTLOS / en set dyn taal op solder’. Ik as lêzer soe oanstjit nimme wolle oan de ‘WHAMM’ ûnbeskamme wâd dy’t betsy publikelik fan in eardere húsfreon neijûn wurdt, mar dy húsfreon wol fan poëzij ‘de ynhâld net ta diskusje steld’ hawwe, dat it giet oer.

Hawar, koe Bartle doetiids noch inkeld ‘kankertsje sjen’, syn wurden hawwe harren útwurking dochs net mist en yntermezzo, mei it twaris ôfprinte motto ‘(mensura sum)’, kaam der efterwei. Ut ’e heakjes sprekt noch in kromke skrutelens, want sa maklik as Bartle it him foarspegele hie (‘dû draaist dy foar altyd om / krijst de jas / en stapst de keamer út’), hie adri syn betsy net slite kinnen. Foar in prakketinker as Hij komt der by sa’n skiedingsproses (Mulder wol hawwe, ‘in echtskiedingsproses’34) hiel wat te sjen: petearen mei freonen dy’t ek gjin rie witte – sels boer bartle net mear –, in soargelike, ‘spliten fekânsje’ om utens, de rjochten fan de minske en wat net al. Mar by einbeslút is ‘myn kar wol dúdlik / my sels ik’. Yn dieden: ‘nei bûten dan / de grinzen ferbrekke / de wetten fersette / frou frede’, oan wa’t dit relaas fan alle perikels dan ek opdroegen is. Dûbele punten foar ‘my’ en ‘frou frede’ soenen net misstien hawwe.

Hij-en-dy wienen al gjin frjemden mear foar ús, mar wisten jo al dat Hij en sy it tweintich jier mei inoar úthâlden hawwe, dat de bern – sy aardzje nei harren ferwekker – ‘sa goed en fol begryp’ binne foar de sitewaasje dêr’t heit harren yn brocht hat, dat sy as faderlike segen ‘the declaration of human rights’ meikrije, dat Hij mei ‘sy en de bern en it motorhome’ in trektocht makke hat dy’t oer diksmuide, yperen, oostende, de panne, aarseling, nantes, de vogezen, kaysersberg en bruyère gie, dat pyt by lys weigien is en dat de freonen boer bartle, maat maarten en pater petrus ek wolris earne mei tangele sitte? Dan witte jo it no út yntermezzo. Hij heart no ienris by it type skriuwer X by wa’t net allinne ‘elk op de hichte is fan de literaire produkten fan skriuwer X’, mar ek ‘fan it tiidstip hwêrop’t it soantsje fan skriuwer X de bof hawn hat’35. En soks is nijsgjirrich by in dichter waans wurk – ik haw it al earder opmurken – syn sizzenskrêft ûntliene moat oan de libbensgong fan de man sels.

Panne

Mar om’t fan poëzij ‘de ynhâld net ta diskusje’ ensfh., hat de besprekker – en ik lit yn dizze alinea fierders Hij sels it wurd dwaan – ‘de fersen as autonome gegevens ûnder de loup to nimmen’36. ‘Hwat docht de kunstner as hy him dwaende hâldt mei it kréearjen fan wurk? Krekt, forbyldzje, forwurdzje, yn lûden werjaen hoe’t hy de wurklikheit, better miskien in stikje fan de wurklikheit sjocht. Foar de kunstkonsumint is ynteressant hwat de kunstprodusint seit, sjen lit, hearre lit fan syn fisy op in stikje wurklikheit’, sterker noch, ‘de konsumint kin easkje dat de produsint him sa dúdlik mooglik útsprekt oer syn ynterpretaesje fan syn wurklikheit’37. In hjirmei gearhingjende ‘eask dy’t de kritikus en dus ek de lêzer oan in literair kunstwurk stelle kin is, dat hwat yn dat kunstwurk oan ’e oarder steld wurdt, funksjoneel is’38. Untbrekt yn in fers datjinge dat it foar in keunstkonsumint nijsgjirrich makket, dan is uteraard min yn te sjen ‘dat immen oars as de dichter sels hwat mei dit fers kin, lit stean der plesier oan bilibbet’. Sa’n fers neamt Hij ‘anekdoatysk’; dêr tsjinoer stiet it fers dêr’t ‘mei in minimum oan wurden in maximum oan sizzenskrêft’39 yn berikt is.

Lit no it stikje wurklikheid dat yn yntermezzo oan ’e oarder steld wurdt alhiel gjin fisy, ynterpretaasje of funksjonele útwurking meijûn wêze. Nearne wurdt it in stikje fan de wurklikheid dy’t wy mei de dichter diele meie, it bliuwt Hij syn eigen nearzige, partikuliere anekdoate. Mei rjocht lit Tineke Steenmeijer­-Wielenga de opmerking dat Hij ‘in suggerearjende, oantsjuttende wize fan dichtsjen’ hawwe soe, folgje troch: ‘De dingen wurde sein en net sein. Wat sein wurdt, is sa ôfhinklik fan de persoanlike kontekst fan de dichter, dat it in bûtensteander faaks mar in bytsje te sizzen hat’. Dat komt fansels troch hóe’t it sein wurdt. Tiny Mulder neamt as skaaimerk fan yntermezzo ‘de soberens fan taal’, taal ‘sa keal as in bonkerak’ – dit is positive feedback fan Tiny. Der soe fan alles ‘ferskine oan de efterkant fan de teksten’, fielings dy’t krekt troch dy soberens algemiener makke wurde. Mar ‘soberens fan taal’ is nei myn betinken wat oars as taalearmoed, dêr’t yntermezzo better mei typearre is, en dat net trochgean kin foar it tsjinstelde fan wurde- of bylderykdom. Unmachtich ta ‘in maximum oan sizzenskrêft’ is Hij yn syn taal oan it skrassen slein en hat er der wat babbelegûchjes troch mjukse. Beide lykje guon it sicht op de sljochtens, de diminsjeleazens fan syn taal te ûntnimmen.

Ynterpunksje, rigelôfbrekking, wurdkar en syntaksis misse ynderlike needsaak, wat ek op in bondeltsja fan dit bestek spanningsleaze praatteksten fan gefolgen hat. Steenmeijer-Wielenga mient, dat it weilitten fan tiidwurdsfoarmen ‘in effekt fan direktens’ hawwe soe. It komt lykwols te faken foar om it oars as stereotyp neame te kinnen. De wurden dy’t stean bleaun binne, riuwe harren oaninoar neffens ‘bewende patroanen’ (s. 71); men soe foar de aardichheid ris de rigels mei ‘dan’, ‘dochs’, ‘elk(e)’, ‘ek’, ‘goed(e)’ of ‘sa(-)’ ûnderinoar sette moatte. Stereotyp is ek de skikking fan sindielen yn rigels as:

    en swier laden al hy.
    kâld sy
    tefolle pine dit
    wurch wurden ik

Hij skriuwt sokke frije fersen net of der sit rym yn syn trukedoas. Stêfrym (‘frou frede’, ‘boer bartle’, ‘maat maarten’, ‘pater petrus’), einrym (‘frou frede oan de tillefoan / ek der mei oan’) en sels in giastysk! rym (‘oanfretten troch de eroazje / […] // emoasje hast fergetten’), artyst adri giet der net foar omlizzen. Allike firtuoas is de wurdboarterij yn ‘gjin wurd frânsk mear / ek gjin franken’, yn ‘en dochs / yn aarseling’ en yn ‘de panne’, titel fan in fers dêr’t fekânsje en relaasje in djiptepunt yn berikke. De lêste hie ik sa gau ek net yn ’e kikert, mar Steenmeijer-Wielenga sette my op it spoar troch’t sy yn har besprek op dy titel ‘(!)’ folgje liet40. En dan dy pointes, foar eltse keunstkonsumint werkenber ‘sûnder dat in batterij oan gefoelens of foarkennis yn it geding brocht wurdt’41, yn understatements as ‘it libben kin maklik wêze’, ‘it libben hat syn ferrassings’ en ‘alles hat in ein’…

Stie Hij syn byldspraak yn Fersen noch op it peil fan ‘De operaasje slagge / de sike dea’ en ‘foer foar filosofen’ (fergelykje ‘fretten foar sosiologen’ yn it nea bondele gedicht ‘Generaesjekleau’ yn Trotwaer 1974-2, s. 100, en Voer voor psychologen, in titel út 1961 fan Harry Mulisch), yn yntermezzo stjit men op ‘motorhome’, ‘zombies’ en ‘de tinzen op nul’: metafoaren sa fernimstich en oarspronklik, dat it my fernuverje soe as frou frede àl Irene hiet. Mar binne dy bylden wat wiidweidiger, dan binne se bryk. De ‘ferskowing fan [in minske] syn grinzen / nei binnen de ien / nei bûten de oar’ wurdt trije rigels fierder gearfette ta ‘ymploazje en eksploazje’. Om yn dy ploazjes noch wat fan ferskowing te merkbiten, sil de lêzer it selluloid al fertraagd ôfdraaie moatte. Ek soe ik al fan muorren of fan minsken mei in sneed yn it ear, mar net fan ‘fûndeminten’ sizze wolle, dat sy ‘wankeljend’ binne. Wankeljen hâldt it risiko fan fallen yn.

Wat yn yntermezzo likegoed as yn Fersen gauris út ’e hege hoed gûchele wurdt, binne sitaten en parafrases – by need yn Gryksk skrift – nei in keur oan skriuwers en filosofen, fral nei Bartle Laverman en A. van Hijum. Sa meie fan it motto ‘(mensura sum)’ allinne de skrutele heakjes oan Hij sels taskreaun wurde, en moatte jo Fersen rieplachtsje foar it wêr en wêrom fan de rigels ‘elk wurd foarsisber / sei er / elke hûdploai te bekend’ (yntermezzo, s. 11). In folslein oersjoch fan de literêre ferwizings ken ik Hij syn klassiken grif net goedernoch foar. Mar ek sûnder dat sil er mei syn sa substansjeel opboud oeuvre dêr fêst sels ris ûnder rekkene wurde.

Sipel

Lit my, om ta in konklúzje sûnder ynfektiven te kommen, de lêste strofe fan in gedicht út Fersen en twa opienfolgjende gedichten út yntermezzo oanhelje:

    It wêzen
    in net-bisteande entiteit
    tûzend situaesjes
    tûzend rollen:
    de sipel
    nei de lêste skyl
    gjin kearn.
frou frede
ferline net te tsjutten
deisk
mar iepen en earlik

ik kom út myn skyl.

rekke yn ’e kearn
mette ik frou frede
en wist
alles wer goed

dit momint.

In rake selstypearring mei hjiryn lêzen wurde: de dichter, út syn ‘skyl’ kommend want rekke yn syn ‘net-bisteande entiteit’, is in ‘sipel’. Trieneagje jo ûnder de fertoaning fan it melodrama yntermezzo, dan grif net om’t it jo sa yn it moed taast. Ut tûzen tinkbere rollen wurdt der hjir ien opfierd dy’t him ûntlidzje lit yn ympotinsje en kwânskwize erudysje. yntermezzo is gjin foarm en gjin fint; it is de entr’ acte fan in poseur.

Mof

Underwilens is Hij syn oansizzer en sûffleur, boer bartle, neffens yntermezzo ‘sa hurd feroare / yn sa koarte tiid’, ja sels ‘te hurd feroare / yn te koarte tiid’. Mei’t Laverman oant no ta ek oan syn meast behindige flinterknipperij bondeltsjes wijd hie, moast fan dizze grutte feroaring, sa kearneftich útdrukt yn dat ‘boer bartle’, seker ferslach útbrocht wurde. Ik kin dêr nei it foargeande min oan foarbygean, want wa’t oer Hij te sprekken komt, kin oer Laverman net swije. De identifikaasje fan de ien mei de oar is sa sterk, dat Bartle yn yntermezzo likegoed as yn neitins ‘ek in adri’ neamd wurdt. Oarsom kin Laverman wer net sûnder Hij besprutsen wurde; sa ferwiist de titel fan syn nijste en achtste bondel, Master ûnder protters, nei yntermezzo, dêr’t boer bartle as sadanich yn kwalifisearre waard.

Yndied is bartle in adri. Hij dichtet bolbjirkener, mar dochs soe in yngeand besprek fan Master ûnder protters dat fan yntermezzo in stik hinne oersizze. Dêrom inkeld in pear priuwkes. It earste fers, ‘sa frysk’, docht jin daalk al ôffreegjen wêrom’t der skreaun wurdt: ‘om my te bewarjen foar / it hoal / dêr’t twa fette bern my ferwachtsje’ (ivich dy bern), yn stee fan: ‘om my te bewarjen / foar it hoal / dêr’t twa […]’, of: ‘om my te bewarjen / foar it hoal dêr’t / twa […]’. It makket nammers gjin miter út. En dochs is Jan Wybenga yn syn besprek fan dizze ‘tige slagge bondel’ fan betinken, dat de dichter ‘it skriuwen fan frije fersen […] folslein yn ’e macht [hat]: elke rigel stiet yn de krekte foarm presiis te plak’. Fergeliking fan farianten soe soks staavje kinne moatte. Hjirûnder folget de lêste strofe fan ‘sa frysk’, foarôfgien troch de oerienkomstige strofe út in eardere ferzje yn Trotwaer 1984-1, s. 23:

en trochtraapjend flok ik
wêrom, wêrom litte jo it ta heare
wêrom, is laverman, dizze mof
sa frysk
en trochtraapjend flok ik
wêrom
wêrom litte jo it ek ta, heare
wêrom is lavermann
dizze mof
sa frysk…..

Farianten by de rûs – in letter, in wurdsje, twa rigels en fiif punten mear, in komma oars en in komma minder – mar wat is de winst? Dy twadde ‘n’ yn ‘lavermann’ is faaks sa’n ûnaardige fynst noch net, mar troch ‘dizze mof’ te hanthavenjen wurdt de rispinge net ynhelle. En dat trijefâldige ‘wêrom’ yn dizze kontekst, dy fiif punten wylst trije winlik al tefolle wêze soenen, holle retoryk. Wêrom waard trouwens ‘weromkomst’ (Trotwaer 1984-1, s. 23) yn de bondel wizige yn ‘werom komst’, wylst ‘fol rinne’ (Trotwaer 1984-1, s. 22) ‘fol­rinne’ waard?

‘Hy seit koart, sûnder riedseleftich te wurden, wat er te sizzen hat’, ornearre Wybenga oer Laverman. Evensagoed koe ik de strekking fan ‘hjir fyn ik de efterkant fan myn gesicht’ net hielendal fetsje, ek net nei’t ik it lein hie nêst ‘wat skûl / yn efterkant fan wurden’, twa rigels út kloentsjetee. Mar no is alteast dúdlik wêr’t Tiny Mulder it wei hat. En wat moat men oan mei ‘de kjeld dy’t huveret oer myn lea / sil yn dy simmer waarmte wêze’? Kjeld dy’t huveret? Huverje oer? Eat simmerichs wie yn de trije foargeande rigels net op it aljemint brocht; moatte dan miskien ‘simmer’ en ‘waarmte’ gearlutsen wurde of is ‘dy’ in printflater foar ‘dyn’? Dan kinne bygelyks ‘hearre’ op s. 13 en ‘einlings’ op s. 19 ek wol printflaters wêze, want yn Hjir 1984-1 stie noch ‘heare’ en ‘einliks’. Koart, neat net riedseleftich mar al slim jeuzelich binne frases as ‘got, o got, dû soest wer leauwe wolle’, ‘o nee, o nee!’ en ‘tiktik tiktak’, dêr’t de tapasberens grut fan achte wurdt; fergelykje ûnder oare de rigels ‘oh got oh got’, ‘oh ja, tsjaa’, ‘WHAMM’ (yn ik laitsje my dea), ‘en jasses jasses’, ‘jaja’, ‘ja hear’, ‘pff’, ‘heu’ (yn kloentsjetee) en ‘tjaa’ (yn neitins).

Master ûnder protters giet ek noch earne oer. Neffens in advertinsje yn Trotwaer 1985-1, tsjinoer s. 88, soenen de fersen ‘Bruegeliaanske skilderijkes’ foarmje. Sa hite dus de snotterjende mimerijkes (‘ik soe gûle wolle mei de rein’) fan in mansjesteren boarger dy’t werom spoart nei de boarne dêr’t er fan ôfsnien west hat: ‘ús heit, ús mem, fryslân’, om him as in geurfetisjistyske en urolagnyske poep ta it boerelibben te bekennen. As dit de omset fan de Koperative Utjowerij net omheech jaget! De, altyd hel-blau-eagige, froulju bekenne slagget him minder: ‘wer bist net yn it djippe kaam’, seit de boarger eufemisearjend tsjin himsels. Mar och, as it wurk oan kant is, is it ek goed damjen, dêr hat de man altyd betûft yn west. En de sinnen krije harren gerak likegoed wol, want rûk dat farsk meande gers, it hea, de kuil, de kofje en de jarre, hoe krûdich en lekker! God, o god, wat soe er as it foech joech ek mei syn smaakpapillen fan dizze yngrediïnten, op it hea nei dan, genietsje wolle….. ‘Bruegeliaanske skilderijkes’, it mocht wat. Goedkeap sentimint en gutbürgerliche Biedermeierei, dat is B.J. Lavermann syn wrâld.

Condor

Dit wie in romantyske en subjektivistyske krityk mei alve-en-tritich kontrolearbere noaten en noch it ien en oar oan feitlikheden. Besprutsen is nij ferskynd wurk fan in span Fryske literatoaren, dy’t fan de legindaryske fûgel Condor weihawwe dat sy, yn jimmeroan lytsere kringen fleanend, inoar en harsels yn ’e kont krûpe. De soap-opera dy’t dat lêste opsmiten hat, is noch net iens in Dallas fan de jierren tachtich, mar in santiger jierren low budget Peyton Place.

Noaten

Yn de bibliografyske gegevens is it gebrûk fan haadletters normalisearre.

  1. Bartle Laverman, Neitins (parva sed apta mihi), Koperative Utjowerij, Cumulusrige 78-3, Ljouwert 1979. Sitaten nei dizze útjefte.
  2. A. van Hijum, ‘De kritikus in charlatan’, Trotwaer 1977-1, s. 75-77; s. 75.
  3. Yntermezzo, s. 27. Fgl. Neitins, s. 18.
  4. Mis! ‘Op it omslach stiet it portret fan deselde Adri dy’t ek stiet op in kykje yn kloentsjetee. […] Is dat deselde Adri, dy’t binnen yn de bondel dea is, of wer in oarenien? Is it allegearre humbug of sit der betsjutting efter?’ T. M., ‘Earst boarger, dan de dea…’, Friesch Dagblad, 18-4-1980.
  5. Fgl. in foto út 1978 yn Nieuwsblad van het Noorden, 28-9-1984, s. 19.
  6. ‘De ferhâlding [tusken Van Hijum en Laverman] hoe “geastlik” dy jin ek oandwaen mei, hat mear rekke as de ferstannelike ferstânhâlding ea talitte soe.’ Piter Yedema, ‘Djiptepunt mei kearnachtich slot’, Hjir 1980-4, s. 22-26; s. 26.
  7. Bartle Laverman, Ik laitsje my dea, Koperative Utjowerij, Cumulusrige 821, Boalsert 1981.
  8. A. v. Hijum, Fersen 1965–1977, Koperative Utjowerij, Skûlrige 77-1, Ljouwert 1977.
  9. Tiny Mulder hat it oer ‘it Schurer-eftige kwatryn’. T. M., ‘Twivel oan tael’, Friesch Dagblad, 15-7-1978.
  10. Bartle Laverman, Kloentsjetee, Koperative Utjowerij, Cumulusrige 79-1, Ljouwert 1979.
  11. T. M., ‘Twivel oan tael’.
  12. Fgl. Neitins, s. 9: ‘wa moat dyn postsegels no ha’.
  13. ‘It is dochs forhipt aerdich, dat men as redaksje út it bûtenlân wei forsiken kriget om it blêd ta to stjûren, omdat se graech sjen wolle hoe’t wy de struktueranalyse tapasse.’ Van Hijum yn: Klaes Jansma, ‘“It imago rekket men net mear kwyt”’, Frysk & Frij, 27-4-1974.
  14. Van Hijum yn: Klaes Jansma, ‘“It imago rekket men net mear kwyt”’.
  15. Klaes Jansma, ‘“It imago rekket men net mear kwyt”’.
  16. Anne de Vries en Bartle Laverman, ‘Gurbe neger’, Trotwaer 1973-2, s. 111-115; s. 114.
  17. A. van Hijum, ‘Nei dizze in frisse’, Trotwaer 1975-6, s. 313.
  18. ‘lt forspriedingsgebiet fan ’e Stiennen Man liket wol hyltiten wider to wurden. Wy ûntfongen it folgjende brievekaertsje:
    To Mr. A. Vanhijum.
    If only you do not try to utter what is unutterable, then nothing gets lost. But the unutterable will be – unutterably – contained in what has been uttered.
    L. Wittgenstein.’
    ‘Op ’e leagenbank’, De Stiennen Man XXIX-11, 17-8-1973, s. 7. Fgl. A. van Hijum, ‘Undersyk nei inkelde struktueraspekten’, Trotwaer 1973-6, s. 363-373; s. 363-364.
  19. A. V. Hijum, ‘Libben yn Sonde’, Leeuwarder Courant, 31-8-1973. Fgl. A. van Hijum, ‘Sonde libbet mei Johanneke Liemburg yn sonde’, Trotwaer 1973-5, s. 284-286.
  20. In minder filosofyske ferklearring is fan de hân fan Barthle sels. Op in fraach fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum yn Ljouwert nei auteurs­ en skûlnamme(n) hat er ea skriftlik andere: ‘Yn myn hantekening skreaun ik barthle, dit is oernaem troch de redaksje fan ’e “jongereins Tsjerne 1967” yn myn namme, sûnder dat ik dat sa opjown hie. Dêrom skriuw ik nou ek mar barthle.’ (Wat hjir skeanprinte is, wie ûnderstreke.)
  21. Bartle Laverman, ‘Rasjoneel poesij bisprekke’, Trotwaer 1976-2, s. 83-86; s. 85.
  22. ‘Moaie bondel’, Leeuwarder Courant, 4-3-1978.
  23. ‘Nije bondel’, Leeuwarder Courant, 14-10-1983.
  24. Jan Wybenga, ‘Ien master en twa protters’, Leeuwarder Courant, 1-3-1985.
  25. Sa stiet it yn it kolofon fan Ik laitsje my dea, útjûn mei stipe fan CRM. Tsjinwurdich is yn Hooge der A4 te Grins húsfeste it T.v. Service Centrum (050-131736), iepen: moandei 13.00-18.00 oere, tiisdei o./m. freed 10.00-12.00/13.00-18.00 oere, sneon 10.00-12.00/13.00-17.00 oere. Publisearre mei stipe fan ’e detailhannel.
  26. Stinsele oankundiging fan in happening mei ‘byldpoëzij (universele tael)’ yn De Tille te Ljouwert op 4-10-1969.
  27. Steven de Jong, ‘In lytse Fryske Hamelink’, Trotwaer 1976-2, s. 100-103; s. 103.
  28. Alex Riemersma, ‘Ut krekte wurd’, Trotwaer 1978-3, s. 187-190; s. 187.
  29. Tiny Mulder, ‘Dat wie net de bedoeling…’, Friesch Dagblad, 1-12-1984.
  30. Tineke Steenmeijer-Wielenga, ‘Persoanlike problemen yn poëzy fan Adri van Hijum’, Leeuwarder Courant, 28-9-1984.
  31. Tr. Riemersma, ‘Taalbefwaddering’, Trotwaer 1977-1, s. 67-72; s. 72. Dat in lêzer troch in ôfwikende stavering, yn dit gefal Riemersma sines, ek ynpakt wurde kin, bewiisde ris de skriuwer fan de dichtrigel ‘net ynpakt wurde’ (Yntermezzo, s. 11). Op Riemersma syn stik ‘Oer struktueranalize’ yn Trotwaer 1974-1, s. 3-5, kaam de folgjende reaksje: ‘Dit moat my allerearst fan it hert: ik fyn dat Trinus it moai sizze kin. Nou is moai net altyd itselde as dúdlik. Ik kin bygelyks net foar it forstân krije hwat de betsjutting wêze kin fan in sin as: “(…) vot ik by jimme mis is ut kréatyve elemint yn ’e waddering fon ’e feiten.” Ik tocht oan’t dit eigenste momint dat yn elke weardearring, dus ek yn de weardearring fan Trinus’ feiten, in kréatyf elemint sit. Trinus hat it moai sein, mar it is my der net dúdliker troch wurden.’ A. van Hijum, ‘Oer struktueranalyze 2’, Trotwaer 1974-1, s. 6-7; s. 6. Yn ‘Oantekeningen by Myksomatoze fan Tr. Riemersma’, Trotwaer 1973-2, s. 105-110, hie Hij it oars tsjin Riemersma noch hân oer ‘in sekere oardering […] yn de chaos dy’t de werklikheit somtiden liket to wêzen’ (s. 108-109). Sleau of flau, de ferlêzing kin net as argumint jilde tsjin de stavering fan Riemersma.
  32. A. van Hijum, ‘Skriuwer en ethyk’, Trotwaer 1974-6, s. 290-291; s. 290.
  33. Eppie Dam, ‘Wat teutelje en tralala’, Trotwaer 1982-4, s. 281-284; s. 284.
  34. Tiny Mulder, ‘Dat wie net de bedoeling…’. Fan in houlik mei ‘(bet)sy’ hat yn de oeuvres fan Laverman en Hij nearne praat west.
  35. A. van Hijum, ‘Literatuerlessen Frysk foar VWO en Havo-top of hwerom’t men, as de wrâld forgiet, it bêste nei Fryslân gean kin’, Trotwaer 1971-3/4, s. 31-39; s. 38-39.
  36. A. van Hijum, ‘Sybe moat syn skoaljild werom freegje’, Trotwaer 1973-5, s. 288- 289; s. 288.
  37. A. v. Hijum, ‘De fraech nei it hwêrom’, Trotwaer 1977-1, s. 73-74; s. 73.
  38. A. van Hijum, ‘Oantekeningen by Myksomatoze fan Tr. Riemersma’, s. 110.
  39. A. van Hijum, ‘Narsissus yn mineur’, Trotwaer 1976-2, s. 108-111; s. 109-110.
  40. In soartgelikens wurdgrapke sit yn de rigel ‘jim grins is no myn plak’ yn Ik laitsje my dea fan Laverman. Tsjêbbe Hettinga murk dêroer op, yn ‘Fan kunst komt kunst, en tearapy’, Hjir 1983-1, s. 13-17: ‘de lêste rigel hat in lyts grapke yn, hwant út it kolofon, en út it fers, mei men konkludearje dat de dichter him yn grins to plak set hat’ (s. 15). Lichtwol jout sa’n ynterpretaasje ek klearrichheid oer de rigels ‘grins fan wollen en kinnen / ien grins te fier’ op s. 13 fan Yntermezzo.
  41. A. van Hijum, ‘De fraech nei it hwêrom’, s. 74.

    Earder publisearre yn Trotwaer 17 (1985), nû. 3/4, s. 260-275.
Dit berjocht is delset yn 1985–1988 en tagd , , , , , , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.