Poste restante XVI

    ‘Gezicht op Oldeboorn’ (l.û.), ±1900–1905. Ljochtdruk, 88×137 mm. Utjûn troch boekhannel H. Bokma, Aldeboarn. Poststimpels Aldeboarn 1[1]-01-1908 en Ljouwert 11-01-1908. Ferstjoerd oan Elske Stellingwerf, Ljouwert, troch Antje Braaksma.
    L.M.! [= Lieve Moeder!] Gisteren de doos in goeden welstand ontvangen, maar de schoenen ontbreken. Dat is nu wel niets, maar als ze van Greben maar niet vergeten hebben om ze te brengen. Dan kunnen ze wel verkocht zijn! Als ze komen of er zijn dan kunnen ze a.s. Vrijdag wel met de blouse gezonden worden. ’k Zal Vrijdag de vrachtrijder maar meer sturen. ’k Ben niet gevallen hoor! Ze passen hier best op strooien. Dus sneeuwhieltjes overbodig! Allen dag!

 

Nieuwsblad van Friesland, 30-04-1904

De ansicht hjirboppe lit in karakteristyk mar ferlern gongen stikje Aldeboarn sjen. It byld mei fartugen op de Boarn – molkpreamen, skûtsjes en stomboat de Telefoon III, dy’t in beurttsjinst ûnderhold op Drachten en De Gordyk – wurdt dominearre troch it molkfabryk oarekant it wetter. It kaartsje is makke fóar 1906 (it is in ‘trochrinner’, pas mei de postwet fan 1905 krigen ansichtkaarten op de achterkant in streep oerdwers). Dat molkfabryk wie doe noch nij, it waard boud yn 1900. Yn 2005 wie it neffens de gemeente en in wenningbouferiening lykwols ryp foar de sloop. Nei protesten waard de direkteurswente sparre en renovearre, mar it fabryk sels gong ûnmeilydsum tsjin de flakte. Sûnttiid stiet der in sielleas appartemintekompleks foar senioaren.

Leeuwarder Courant, 24-12-1901

Wy moatte ús no dus mei foto’s behelpe, lykas de foto op dizze ansicht, dy’t de widdo Elske Braaksma-Stellingwerf op sneon 11 jannewaarje 1908 tastjoerd krige fan har dochter Antsje, bewarskoallejuffer yn Aldeboarn. Dy lit witte dat de skuon dy’t se fan Hotze Greben besette wol – hy hie doetiids in skuonwinkel yn de Grutte Heechstrjitte yn Ljouwert – net yn de doaze sieten dy’t har mem de deis dêrfoar oan de frachtrider meijûn hie. Graach takom freed neistjoere! Mar ‘sneeuwhieltjes’ (sniehakjes, ûnderbynizerkes tsjin de glêdens by winter) hoege net, der wurdt yn Aldeboarn goed struid.

Antsje Braaksma wenne op dat stuit noch gjin twa jier yn Aldeboarn. Se wie berne yn Skalsum op 7 oktober 1876 as dochter fan Andele Braaksma, timmerfeint, en Elske Stellingwerf, in sus fan Oebele Stellingwerf, oprjochter en redakteur fan it Friesch Volksblad en bestjoerder fan de Friesche Volkspartij. Antsje wie noch gjin twa jier âld doe’t de húshâlding nei Ljouwert ferfear. Nei it ferstjerren fan har heit yn 1897 fertsjinne har mem de kost as naaister. Mem Elske wie herfoarme, heit Andele hie lykwols mennist west, en ek Antsje wurdt yn de befolkingsregisters hieltyd as ‘doopsgezind’ oantsjut.

’t Kleine Krantsje, nû. 240, 19-04-1975, detail.

Neidat se in akte foar hantwurkjen helle hie, waard Antsje yn 1905 skoaljuffer yn Baard. Yn april 1906 ferfear se nei Aldeboarn om dêr lieding te jaan oan de bewarskoalle, sa’t in beukerskoalle doetiids neamd waard. Yn 1908 liet Antsje har mem Elske nei Aldeboarn oerkomme. Ek in húsfreondinne fan Elske, Antsje Sap, dy’t krekt as Elske naaister wie, krige ynwenning by de Boarnster beukerjuffer. Yn 1911 ferhuzen de trije froulju werom nei Ljouwert: Antsje Braaksma is dan nammentlik beneamd ta haad fan de Ljouwerter Bewarskoalle 3.

Bewarskoalle 3 oan de Iestrjitte – letter iepenbiere beukerskoalle De Nachtegaal – wie ien fan de seis bewarskoallen dy’t Ljouwert doe ryk wie. In foto fan de berntsjes en juffers fan Bewarskoalle 3 út likernôch 1912 waard yn 1975 ôfprinte yn ’t Kleine Krantsje, it fan 1964 oant 1997 besteande blêd grôtfol Ljouwerter nijs en nostalgy fan Fenno Schoustra. Yn it byskrift wurdt sawat elkien op de foto identifisearre; ek juffer Braaksma. En al is it in foto yn grof kranteraster en mei in protte minsken en minskjes derop, dochs wurdt Antsje Braaksma har selsbewuste mar freonlike gesicht dúdlik werjûn en falle har hannen mei slanke fingers op, dy’t se op de skouderkes fan in jonkje lein hat. Wa soe net even dat boike wêze wolle?

Histoarysk Sintrum Ljouwert, nû. FDONDWSA173, detail.

Dy foto yn ’t Kleine Krantsje makket it mooglik Antsje Braaksma ek op twa oare foto’s te identifisearjen, en om dy beide foto’s better te pleatsen. It Histoarysk Sintrum Ljouwert bewarret in skoalfoto dy’t – minder spesifyk as je wol woenen – omskreaun wurdt as: ‘Leerlingen van een bewaarschool in Leeuwarden.’ Ien beukerke mar is de namme fan bekend. It moat lykwols gean om de learlingen en juffers fan Bewarskoalle 3, want ien fan de trije juffers is ûnmiskenber Antsje Braaksma. Gesichtstrekken, eachopslach en hierdracht binne krekt as op de foto yn ’t Kleine Krantsje; se hat sels deselde klean oan. Ek hjir leit juffer Braaksma in hân op it skouder fan in lyts Ljouwerter mantsje.

En dan is der yn de kolleksje fan Tresoar noch in skoalfoto mei de populaasje fan de bewarskoalle yn Aldeboarn, mei twa oant no ta anonime juffers, fan wa’t de juffer rjochts sûnder mis wer Antsje Braaksma is. Tresoar hat de foto om 1914 hinne datearre, want it jonkje links foaroan soe neffens de skinkster fan de foto de yn 1909 berne Fedde Westerterp wêze. Mar dy datearring is te let, Antsje gong ommers yn 1911 al út Aldeboarn wei. De foto moat makke wêze tusken 1906 en 1911; wa wit is it jonkje links foaroan Fedde syn âldere broerke Hendrik Uiltje Westerterp (1904–1917).

Tresoar, nû. 104694, bewarskoalle Aldeboarn.

Op de skoalfoto yn ’t Kleine Krantsje kaam trije nûmers letter, op 31 maaie 1975, in lêzersreaksje fan Menkje Bos-Faber. As âld-learlinkje koe sy har de entree fan juffer Braaksma op Bewarskoalle 3 noch goed yn ’t sin bringe. De nije juffer hie yn Aldeboarn in nichtsje fan de lytse Menkje yn ’e klasse hân. Thús hie Menkje de opdracht krigen om juffer te freegjen oft sy dat nichtsje, Sietske, wol koe. Juffer Braaksma dielde op har earste wurkdei besûkere koekjes út. Doe’t it oan Menkje ta wie, frege dy: ‘Juffrouw? Kan juffrouw mijn nichje Sietske wel? Die in Oude Band woont?’ Juffer Braaksma begûn te laitsjen: ‘Praten jullie Fries thuis?’ De tûkelteammen fan twataligens yn in nutedop.

Nei harren weromkear nei Ljouwert yn 1911 wennen Antsje Braaksma, Elske Stellingwerf en Antsje Sap earst op it adres Wâldstrjitte 24 en letter op it adres Willem Sprengerstrjitte 63. Mem Elske rekke wei yn 1917, húsgenoate Antsje Sap tritich jier letter, yn 1947. Antsje Braaksma ferstoar op 5 april 1956 yn it Bonifatius Hospitaal, ‘na een langdurig lijden’, sa’t it deaberjocht yn de Leeuwarder Courant meldt. Se waard kremearre yn Velsen.

Dit berjocht is delset yn Poste restante en tagd , , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.