Poste restante XXXV

‘Slapperterp.’ (r.b.), ±1913–1914. Fotokaart, 89×138 mm. Utjûn troch Tjipke Bouma, Slappeterp. Poststimpel Menaam 17-[..]-1914. Ferstjoerd oan Pieter Miedema, Jirnsum, troch Tjipke Bouma.

 
Boeken en benammen boekjes oer ansichtkaarten binne der by ’t soad, mar dé skiednis fan dat ferskynsel moat noch skreaun wurde. Spesjaal omtinken fertsjinnet dêryn dan de saneamde fotokaart. Guon brûke dat begryp foar eltse ansicht dêr’t in foto op stiet. Under harren H.J. Haverkate; yn syn De geschiedenis van de Nederlandse prentbriefkaart, dat boustiennen oandraacht foar it noch te skriuwen wiidfiemjende ferhaal, befellet Haverkate oan it begryp fotokaart ‘in ruime zin te hanteren voor elke kaart met een fotografisch (d.w.z. werkelijkheidsgetrouw) karakter’.

Dy definysje is oaren te dizenich en te rom. Sy beskôgje in ansicht mei in foto dy’t yn druk reprodusearre is – bygelyks troch offset – net as in fotokaart, mar brûke dat begryp inkeld foar in echte foto, makke troch ljochtgefoelich papier te beljochtsjen mei in negatyf dertusken. Noch strikter is de útlis dy’t massaal en meganysk produsearre fotografyske kaarten útslút en it begryp fotokaart reservearret foar hânmjittich ôfdrukte foto’s op fotopapier mei it formaat fan in ansicht dat op de achterkant yn ’t foar beprinte is mei lyntsjes foar de adressearring. Dêrta wienen pakjes mei op maat makke en ‘beline’ fotopapier yn ’e hannel. Byskriften waarden ornaris op it glêsnegatyf skreaun of op de fotokaarten stimpele.

Fotokaarten neffens dy strikte definysje – dy’t my de meast brûkbere taliket – waarden makke troch lytse middenstanners en partikulieren en ferskynden yn beheinde oplagen. It gong op ’en heechsten om in pear tsientallen, reden wêrom’t samlers derop jeie. De ûnderwerpen wienen faken topografysk (in moai doarpsgesicht of lânskip bygelyks, sjoch Poste restante XXV) en gauris nijsweardich (in optocht, in brân), mar koenen ek mear privee wêze. De makker fotografearre dan bygelyks syn eigen wenhûs of sette syn frou, bern of hûn op de kyk. Soldaten ferstjoerden graach fotokaarten fan harsels mei in ploechje kompanen (sjoch Poste restante IV).

De fotokaart boppe-oan dit blog lit 28 ynwenners fan Slappeterp sjen, kreas groepeard yn kategoryen: links steand de froulju (twa mei pjutten op ’e earm) en jongfammen, yn ’e midden steand de gruttere jonges en sittend de lytsere, en rjochts sittend de famkes. De iennichste folwoeksen man op de foto is de koetsier mei hoed op de bok fan in wein mei in kedde derfoar en jirpelkuorren derop. Achter it selskip twa wenten, in skuorre en in heablok. It giet om in streekje – letter troch nijbou ferfongen – oan in opfeart; links wie in haventsje. In pendant fan dy fotokaart toant opnij in keppel Slappeterpers, no nêst de noch besteande mar bot feroare, eardere kosterswente. Rjochts op ’e achtergrûn it Slappeterpster tsjerkje út 1830 dat yn 1926 sloopt waard om plak te meitsjen foar de tsjerke dy’t dêr hjoed-de-dei stiet, ien yn ekspresjonistyske styl nei ûntwerp fan de Ljouwerter arsjitekt Hendrik Kramer. Beide kaarten binne mei pearze inket op ’e foarkant bestimpele mei ‘Slapperterp’ – mei in r tefolle – en op ’e achterkant, oerdwers, mei ‘Uitg. T. Bouma’.

Dat is grif Tjipke Bouma (1863–1950), in Slappeterper fan ferskillende ambachten: hy komt yn de akten foar as arbeider of wurkman, as lânbouwer, gernier en jirpelkeapman, en letter ek as frachtrider. Dêr kin dus it nommele berop fan ansichtkaarte-útjouwer oan tafoege wurde. Syn beide Slappeterp-fotokaarten lykje de iennichste ansichten te wêzen dy’t der oant healwei de jierren tritich ta fan dat doarpke bestienen. De beide eksimplaren yn myn kolleksje binne beide troch Tsjipke sels beskreaun en ferstjoerd oan syn sweager Pieter Miedema, bakker te Jirnsum, ien út namme fan himsels en de oare út namme fan syn mem. It soe sa mar wêze kinne dat de man op de mei jirpelkuorren beladen wein jirpelkeapman Tsjipke sels is.

No besteane der mear kaarten fan presys deselde makkelij, fan twa oare doarpen: Spannum en Jorwert. Dy kaarten binne op deselde amateuristyske wize ôfdrukt op itselde soarte fotopapier en binne op foar- en achterkant op deselde wize bestimpele. Yn Spannum fotografearre er in frou en fjouwer bern nêst it hûs Tsjerkebuorren 19. Achter harren is in sydgevel fan de Spannumer herberch te sjen. Links in man-mei-hoed nêst in hynder-en-wein, mei op de wein… jirpelkuorren. It liket wrychtich wol deselde man (Tsjipke Bouma?) as op de kaart fan Slappeterp. De fotograaf kykte ek noch in espeltsje Spannumers nêst it hûs Tsjerkebuorren 42. Beide fotokaarten binne neffens it stimpel achterop útjûn troch Jan Paulus Dijkstra (1881–1935). Fan oarsprong in Burchwerter, kocht Jan Dykstra yn 1914 yn Spannum, dêr’t syn mem weikaam, ûnderhânsk de ‘herberg met stalhouderij en winkelzaak’ fan Dirk Bangma – de herberch op de foto. Mar nei fjouwer jier hie Dykstra it yn Spannum wol besjoen en ferfear er mei syn húshâlding nei Longerhou.

Yn Jorwert ferivige ús fotograaf in man en twa famkes op in brechje oan wat no de Master Fopmawei hjit. Links op ’e achtergrûn sjogge wy noch in frijsteand hûs mei fjouwer minsken derfoar. It is de wente fan de útjouwer fan de kaart, Douwe Freerks de Wit (1870–1948). Hy wie brievegaarder en makke him fertsjinstlik as siktaris fan de fakgroep Kantoorhouders fan de Centrale Bond van Nederlandsch Post-, Telegraaf- en Telefoonpersoneel. Ek wie er bestjoerslid en letter earelid fan de Jorwerter keatsferiening Hâld Moed; hy stiet op in foto fan it Hâld Moed-bestjoer yn Fen Fryske Groun fan 10 juny 1938. De kaart waard ferstjoerd troch syn dochterke Wiepkje (1903–1990), dy’t op de foarkant krúskes sette by har wenhûs en by it famke hielendal links – grif Wiepkje sels.

Fjouwer fan de fiif hjir ôfbylde kaarten ‘hawwe rûn’, sa’t dat hjit, en hawwe poststimpels út 1914. Twa resint ferhannele eksimplaren fan de beide Slappeterp-kaarten dy’t yn oare kolleksjes bedarre binne, waarden ôfstimpele yn 1914 en 1915. Al mei al is it oannimlik dat ús anonime fotograaf de kaarten yn 1914 makke hat. Oare kaarten fan syn hân binne my net bekend, mar wa wit wat der noch ris opdûkt.

Mei tank oan Philippus Breuker foar gegevens oer de lokaasjes op de beide Slappeterp-kaarten.

Dit berjocht is delset yn Poste restante en tagd , , , , , , , . Bookmark de permalink.