Poste restante XXXVI

‘Groeten Uit | Menaldum’ (r.b.), ±1904–1905. Kleurelitografy, blyndruk, heechdruk, 91×140 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer, searje 722, nû. 3526. Poststimpels Menaam 04-08-1906 en Dronryp 04-08-1906. Ferstjoerd oan Arjen de Jong, Dronryp, troch Willem de Jong en Trijntje de Boer.

 
‘Sjoch ik in bliere faam, / ik ryd der net mei feart bylâns / as ’t feintsje fan Menaam, / mar ’k gryp myn goede kâns’, skreau Fedde Schurer yn syn bekende liet oer in Menamer feintsje. Schurer makke dy meisjonger op de meldij fan in Dútsk folkslietsje foar it brulloftsfeest fan Ype Poortinga en syn breid Rinske Wiersma, dy’t yn Menaam wennen. Griep Schurer foar syn liet foar de lettere folksferhalesamler Poortinga op âlde lokale fertelstof werom en sjogge wy op de kaart hjirboppe sa’n bliere faam út Menaam?

De faam en de appelbeam út it mearke fan Frou Holle, troch Otto Kubel, ansicht út likernôch 1920

Wat wy sjogge, is in jongfaam mei in skelkje foar dy’t oan in beam skoddet. Falt der blossem of fruit út de beam? De botaniseartromp yn it gers tsjut op it earste. Mar it plaatsje echoot ek in motyf út it mearke fan Frou Holle, optekene troch de bruorren Grimm yn it earste diel fan harren Kinder- und Hausmärchen út 1812. Yn dat mearke komt in flitige mar ferhûddûke faam, troch har mem achtersteld by har loaie suster, yn in wûnderwrâld telâne. Dêr ropt bôle yn in ûne om derút helle te wurden en smeket in appelbeam har: ‘ach! schüttel mich! schüttel mich! wir Aepfel sind alle mit einander reif!’. En dat docht se. Dan moetet se Frou Holle, dy’t har yn tsjinst nimt en har, as se nei ferrin fan tiid nei hûs weromgiet, beleannet troch har mei goud te oerdekken.

In jong frommes dat appels út in beam skoddet, symbolisearret woltier en benammen fruchtberens. Gaia, goadinne fan de ierde, joech Hera, doe’t dy troude mei oppergod Zeus, al appels as houliksjefte. Yn deselde sfear sit it goud dêr’t de faam út it mearke mei oerdutsen wurdt; feroare de altyd troubrekkige Zeus himsels net yn gouden rein om sa de keningsdochter Danaë te befruchtsjen? It risseltaat wie ‘a bun in the oven’, in broadsje yn ’e ûne, sa’t dat yn it Ingelsk wol hyt. Lykas mannich mearke is dat fan Frou Holle ryk oan allúsjes op fertiliteit, woe ’k mar sizze. Jo kinne der op in brulloftsfeest alle kanten mei út.

No wol it gefal dat de beide ôfstjoerders fan de kaart, dy’t mei ‘W. de Jong’ en ‘T. de Boer’ tekenje, noch net sa lang mei inoar troud wienen. Fiif moanne foardat de kaart ôfstimpele waard, wie Willem de Jong, berne yn 1882 yn Dronryp, de lange hier yngongen mei syn ien jier âldere doarpsgenoate Trijntje de Boer. Yn it jier dêrop kaam harren iennichste bern, in dochter, te wrâld. Mar Willem ferstoar al yn 1917. Syn widdo troude yn 1922 opnij, mei Gerrit Tuinstra. Ek Gerrit hie earder troud west, mar dat earste houlik wie útrûn op in skieding, en nei’t er yn 1930 ek fan Tryntsje skieden wie, trouwde er foar in tredde kear. Tryntsje die dat net; sy liet har wer frou De Jong neame en soe by har earste man Willem yn Dronryp begroeven wurde. Dat wie pas yn 1982: Tryntsje is 101 jier âld wurden. Sy hie yn har libben ‘keikard’ wurkje moatten, skreau de Leeuwarder Courant de deis foar har begraffenis, en hie der grutsk op west ‘dat zij destijds nooit “één cent steun” van anderen heeft hoeven te ontvangen.’

De ûntfanger fan de kaart wie Willem syn âldste broer Arjen. Hy wie troud mei in suster fan Tryntsje, Geeske de Boer (1880–1942), mei wa’t er twa dochters krije soe. Arjen sels wie yn 1877 yn Menaam berne as oerwinnelinkje fan de tsjinstfaam Trijntje Bosma. Doe’t sy twa jier letter troude mei de arbeider Pieter Arjens de Jong, erkenden breid en breugeman de lytse Arjen as harren soan (al koe Tryntsje, ferklearjende ‘niet te hebben leeren schrijven’, de houliksakte net tekenje). Nei harren trouwen soenen Piter en Tryntsje noch fiif bern krije. Arjen waard lykas syn heit arbeider, mar wurdt yn ien akte ek oantsjut as moolner. Dat lêstneamde berop strykt mei de adressearring ‘Poelen’ op de ansicht. De Puollen oan de Puoldyk eastlik fan Dronryp is it plak dêr’t in achtkante mûne stie en noch altiten stiet. Arjen de Jong wenne yn it lêst fan syn libben yn Sweins; hy ferstoar yn 1952.

De ansicht dy’t Arjen yn 1906 fan syn broer en snoar tastjoerd krige, komt sûnder mis út in printerij yn Dútslân en is, neffens in rigeltsje links ûnder, nûmer 3526 út searje 722. Oant no ta haw ik mar fjouwer oare Fryske eksimpels út dy searje fûn: ien mei deselde ôfbylding mar mei ‘Groeten Uit Warga’, ien mei ‘Groeten Uit Menaldum’ mar mei in oare ôfbylding, en twa mei noch wer in oare ôfbylding mei ‘Groeten Uit Augustinusga’ en ‘Groeten Uit Sexbierum’. De twadde kaart út Menaam, nûmer 3521 út de searje, toant in lyts famke mei in grutte rûker yn ’e earms. Sy is net út in mearke weirûn, mar past yn in folle algemiener, ek op ansichten tige populêre byldtradysje fan blommebern. Op de kaarten út Stynsgea en Seisbierrum, nûmer 3522 út de searje, wiuwt in moadrich klaaid jongfrommis mei in bûsdoekje út it raam fan in treinkûpee. Alle fiif kaarten binne neierhân yn goudkleur beprinte mei de ‘Groeten Uit’-tekst en krigen sa in finishing touch dy’t se gaadlik makke foar lokaal gebrûk.

Identyk printwurk komt ek foar op in oare searje út deselde printerij, dêr’t folle mear lokale tapassings, benammen Fryske, fan bekend binne. It giet om searje 707, dy’t acht farianten telt, nûmere 2722 oant 2729. Se litte minsken ûnderweis sjen, yn koetsen, treinen, auto’s en boatsjes, op karren en fytsen en te foet, en op allegearre wurdt der swaaid, meastentiids mei wite bûsdoeken en ienris mei in hoed. Wylst de goudkleurige inket noch wiet wie, waard de tafoege tekst op guon kaarten bestruid mei glitterguod; it measte is der letter wer ôfrûgele. It tafoegjen fan printe tekst op de searjes 707 en 722 sit sûnder mis ien en deselde persoan achter, in fertsjintwurdiger of selsstannich negoasjeman dy’t stêd en lân ôfreizge om kaarten fan Dútske orizjine nei sa’n oanpassing oan in pleatslike winkelbaas te sliten. Dy praktyk koenen wy al; sjoch Poste restante V. Mar dêr gong it om kaarten wêrop’t blomme-cartouches dominearren, net om kaarten mei byldfoljende foarstellings, en wie de tekst tafoege yn hânskrift, net yn heechdruk.

Likegoed kin it net oars of sawol de searjes 707 en 722 as de searje mei cartouches út Poste restante V binne alle trije útsutele en foar lokaal gebrûk oanpast troch ien en deselde ûndernimmer. Bewiis dêrfoar foarmet in kaartsje yn myn kolleksje út Molkwar: it is der ien mei in blomme-cartouche, lykwols mei tafoege tekst dy’t net skreaun is mar printe, krekt sa as op de kaarten út de searjes 707 en 722.

Hjirûnder in oersjoch fan de farianten binnen de searje 707, mei opjefte fan eksimplaren yn de kolleksjes fan Tresoar, it Historisch Centrum Leeuwarden en mysels. Ea witten dat jo om 1905 hinne by Boalsert berchkuiers meitsje koenen?

 
Searje 707
st. = ôfstimpele yn

Nû. 2722: Aldegea (Tresoar, STH0886), De Lemmer (KvdH, st. 1905; Tresoar, STH0724, st. 1905), Molkwar (KvdH, st. 1906), De Skrâns yn Ljouwert (KvdH, st. 1906), Terbant (KvdH, gjin poststimpels).


Nû. 2723: Dokkum (KvdH, st. 1906), Ljouwert (Tresoar, W205, st. 1905), Lúnbert (KvdH, st. 1906).


Nû. 2724: Boalsert (KvdH, st. 1907), Dokkum (KvdH, st. 1906), It Hearrenfean (KvdH, st. 1906?), Heech (Tresoar, 52678, st. 1906), Kollum (KvdH, st. 1906), Ljouwert (Tresoar, W204), Tsjalbert (KvdH, st. 1907), De Skrâns yn Ljouwert (HCL, ôfbylde yn Leendert Plaisier, De groeten van Dirk. Leeuwarder ansichten uit de verzameling van Dirk Swierstra, [Leeu­war­den] 2016, s. 18).


Nû. 2725: Boalsert (KvdH, st. 1906), Heech (KvdH, st. 1906), Lúnbert (KvdH, st. 1906?), Menaam (KvdH, st. 1905), Snits (KvdH, st. 1906), De Tynje (KvdH, gjin poststimpels).


Nû. 2726: Drylts (KvdH, gjin poststimpels), Menaam (KvdH, st. 1906), Tsjalbert (KvdH, st. 1907), Tsjom (KvdH, st. 1906).


Nû. 2727: Droegeham (KvdH, st. 1906), Hijum (KvdH, st. 1905), Ljouwert (KvdH, st. 1910), Molkwar (KvdH, st. 1906), Penjum (KvdH, st. 1906), Terbant (KvdH, gjin poststimpels).


Nû. 2728: Boalsert (KvdH, st. 1906), Heech (Tresoar, 52677), Ie (KvdH, st. 1906), De Jouwer (KvdH, st. 1907), Terbant (KvdH, gjin poststimpels), Twizel (KvdH, st. 1906).


Nû. 2729: Droegeham (Tresoar, A161, st. 1905), Drylts (KvdH, st. 1906), De Gordyk (KvdH, st. 1905), Heech (Tresoar, 52676, st. 1909?), Hijum (KvdH, gjin poststimpels), Ljouwert (Tresoar, W207, st. 1905), Ljouwert (KvdH, st. 1911), Rotstergaast (KvdH, st. 1905), Wytmarsum (KvdH, st. 1914).


Dit berjocht is delset yn Poste restante en tagd , , , , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.