Poste restante XXXVII

‘Oliefabriek te Drachten in brand. – Zondagmorgen 31 Mei 1903.’ (m.û.), 1903. Fotokaart, 90×140 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpels Drachten 08-06-1903 en Ljouwert 08-06-[1903]. Ferstjoerd oan Trijntje Boelens, Ljouwert, troch Antje Boelens.

W Z [= Waarde Zuster]
Wij maken het allen nog best en wij hopen u spoedig eens in ons midden te zien het is nu buiten zoo mooi jullie tuintje zal ook wel weer mooi komen uit te zien, onze bloemen staan ook zoo prachtig. wij kregen zoo pas een brief uit delft dat zij kwamen de ac
[ht]tienden Julie. hartelijk gegroet Anna Boelens

 
De Amsterdamske antikwaar en samler Louis Putman (1923–2013) koenen je in protte fan opstekke, net yn ’t lêste plak oer it ferskynsel ansichtkaart. Mar dy kennisoerdracht ferge al wat ynskiklikens. Earst en foaral: jo mochten dat ferskynsel inkeld oantsjutte as prentbriefkaart; it germanistyske a-wurd, ynboargere of net, wie yn bywêzen fan Putman strikt ferbean. En twad: der foel net ôf te tingjen op syn fisy dat de wichtichste funksje fan de ansicht (sorry) yn de begjintiid fan dat medium de fisuele nijsfoarsjenning west hie. De printbrievekaart soe benammen tsjinne hawwe om freonen en kunde op oanskôglike wize, yn byldfoarm, op de hichte te bringen fan opmerklike barrens.

Sa’n barren wie sûnder mis de brân dy’t op 31 maaie 1903 it oaljefabryk De Nijverheid fan de firma Van der Meij & Co oan it Mûnsein yn Drachten yn ’e jiske lei. It fabryk wie fêstige yn in mûne út 1850, dêr’t letter, nei de ynstallaasje fan in stoommasine, de wjukken fan ôfhelle wienen. De firma parse oalje út lyn- en raapsied en ferwurke de pulp dy’t oerbleau ta feekoeken. Brânber spul allegearre; broei hie neffens guon de oarsaak fan de brân west. It soe nammers net de lêste kear wêze dat der yn Fryslân in oaljefabryk ôfbaarnde; yn 1915 gong der yn Snits ek ien yn reek op en de firma De Boer op De Jouwer ferlear sels twaris sa’n fabryk oan it fjoer, yn 1912 en 1928.

De brân yn Drachten die him foar op in pinkstersnein en waard de moarns ûnder tsjerketiid ûntdutsen. ‘Terstond haalde men de brandspuit en werden de spuitgasten, van wie sommigen in de kerk waren, gewaarschuwd. Dat gaf een heele opschudding in de kerk en toen even daarna de brandklok klepte, werd de onrust zoo groot, dat de predikant maar beter vond de godsdienstoefening te eindigen’, berjochte it Nieuwsblad van Friesland fan 3 juny 1903. Fansels luts de brân hiel wat ramptoeristen – frij fan wurk en frij fan tsjerke ommers – mar de hjitte fan it fjoer wie sa grut dat de lju oarekant de feart net op de dyk stienen mar op grutter ôfstân, yn it lân.

Fuortdaalk wienen de beide brânspuiten dy’t Drachten ryk wie yn fol bedriuw, mar der wie gjin hâlden oan. It wie ien en al fjoer en rook. De brânwacht die al gau gjin war mear om it fabryk te rêden mar besocht foaral huzen en in houtseachmûne fierderop brânfrij te hâlden. It fabryk en twa oanboude tsjinstwenten gongen yn flammen op, by einsluten stienen inkeld de mitsele bûtenmuorren fan de mûne en in hege skoarstien noch oerein. Lokkigernôch wienen der gjin slachtoffers. De brân bleau lang yn it ûnthâld; doe’t ien fan de tsjinstdwaande spuitgasten, Wietze Klazenga, yn 1938 syn fjirtichjierrich jubileum fierde, neamde hy de brân út 1903 as ien fan de grutsten dy’t er yn al dy jierren meimakke hie.

It tal ansichten dat fan dy brân yn Drachten makke waard, liket de opfetting fan Louis Putman te ûnderstreekjen. Blykber foel der mei ansichten fan sa’n brân, hoe ûnoantreklik ek, jild te fertsjinjen. Mar dan moatte jo al foto’s makke hawwe, of meitsje litten hawwe, op it moment suprème. De anonime útjouwer fan de ansicht boppe-oan dit blog en dy dêrûnder hie dat net en naam syn taflecht ta piraterij: hy makke foto’s fan twa ansichtkaarten dy’t in oar al útjûn hie. Bygefolch binne de beide ‘rôfdrukte’ ansichten skier en ûnskerp en steane de foto’s der wat bryk op. Ek de byskriften op de orizjinele kaarten kamen op de duplikaten telâne, al wienen se doe net goed mear te lêzen.

Dragtster Courant, 22-05-1884

Eksimplaren fan dy orizjinele ansichten binne ek bewarre bleaun. Ik haw der ien fan it duplikaat boppe-oan dit blog, Tresoar hat der ien fan de oare (51827). De orizjinelen binne skerper en better kadere as de pirateduplikaten. Ek jouwe sy de namme fan de fotograaf, dy’t op de duplikaten fuortpoetst is. It giet om Roelof Lammers (1853–1910), yn 1879 al aktyf as fotograaf, dy’ in foto-atelier hie op de Bopperein, tsjintwurdich de Súdkade. Lammers paste nije techniken ta dy’t de foarhinne lange slutertiid flink bekoarten en advertearre dan ek mei de oanbefelling ‘Men wordt in eene seconde gephotographeerd.’ Fierders ferkocht er skilderij- en fotolisten, stielgravueres en naaimasines, en hy en syn broer Broor lieten harren ek ynhiere om foarstellings mei in toverlantearne te jaan.

Dragtster Courant, 08-06-1904

Lammers makke net inkeld atelierfoto’s, mar gong der ek op út om lânskippen, doarpsgesichten en strjitlibben fêst te lizzen. Dat hat prachtich byldmateriaal opsmiten fan Drachten en omkriten yn de lette njoggentjinde en de iere tweintichste iuw. Museum Dr8888 stalde dêr yn 2010 in moaie tentoanstelling út gear. Guon fan syn opnamen brûkte Lammers om ansichten fan te meitsjen (fotokaarten) of meitsje te litten (yn ljochtdruk, sawol swart-wyt as ynkleure), foaral fan Drachten, Beetstersweach en Olterterp. De ansichten dy’t er fan de brân makke, binne fotokaarten. De iene is makke fan in plak oarekant de feart rjocht tsjinoer it fabryk. Foar de oare keas er in heger stânpunt op grutter ôfstân, hy moat nommen wêze fan de houtseachmûne ôf dy’t sichtber is op ien fan de twa ansichten hjirûnder.

Dy beide ansichten waarden op ’e merk brocht troch noch wer in tredde útjouwer: Ebele Nieuwholt (1859–1925), dy’t syn wurksume libben begûn as klerk op de gemeentlike sekretary, mar letter aktyf wie as drukker, as ferkeaper fan boeken en kantoarartikelen en as útjouwer fan ansichtkaarten fan Drachten en omkriten. Eabele hie in winkel oan de Noardkade. Hy brocht fan de brân twa reguliere kaarten út, yn ljochtdruk, mei byskriften yn boekdruk (printe mei leadsetsel dus, yn dit gefal yn read). De iene kaart is bysûnder fanwegen it fûgelflechtperspektyf; soe de foto út in loftballon wei makke wêze? Op de oare ansicht falle de trije famkes hielendal links op: harren oandacht giet net út nei de enoarme reekkolom achter harren, mar nei de fotograaf... wy komme op de kyk!

Dat relativearret de spektakulêrens fan de brân wer wat. Relativearring sprekt ek út de tekst fan de ôfstjoerster fan de ansicht boppe-oan dit blog, Antsje Boelens (1858–1919). It kaartsje wie foar har suster Tryntsje (1863–1918), húshâldster by de út Dútslân ôfkomstige Friedrich Wilhelm Rolf von den Baumen, dy’t in winkel hie op de Tunen yn Ljouwert. Antsje rept mei gjin wurd oer de brân, noch mar acht dagen lyn, dêr’t har ansicht sa’n dramatysk byld fan jout, mar skriuwt oer túntsjes en blommen en oer de oerkomst fan famylje of kunde út Delft. Ek ien fan de oare kaarten stiet gjin oar boadskip op as in lokwinsk: ‘Gefeliciteerd door Uw Oom en Tante’. Soks ûndergraaft dochs wol wat de idee fan Putman dat de ansicht yn it earstoan primêr de funksje fan fisueel nijsmedium hie.

Hawar. De mûne dy’t plak jûn hie oan it oaljefabryk en sa jammerdearlik ôfbaarnde, is der noch: hy waard wer oplape en stiet tsjintwurdich op de gemeentlike monumintelist. It pân is no ûnderdiel fan Dunlop Conveyor Belting, fabrikant fan rubberen transportbannen.

De Nijverheid yn 2015. Foto: Bayke de Vries / Wikimedia Commons.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , . Bookmark the permalink.