‘WORKUM’ (m.), 1908. Ljochtdruk, 138×87 mm. Utjûn troch Tjerk Gaastra Bzn. / M. Glückstadt & Münden, Hamburch, searje Argus 11, nû. 37900. Poststimpels Frjentsjer 06-08-1908
De krante as finster op de wrâld – it is in klisjee dêr’t hjoeddedei de wierheid troch de ekspânsje fan ynternet en sosjale media hieltyd betrekliker fan wurdt. Mar de krante hjirboppe, mear as hûndert jier âld, is yndied noch in soarte fan finster op
De foarstelling stiet yn de tradysje fan in stylmiddel dat mei in Frânske term oantsjut wurdt as trompe-l’oeil (‘bedraach it each’). Al yn midsiuwske manuskripten hellen miniaturisten yn de marzjes fisuele ferrifelderijkes út troch bygelyks in blomke sa te pinsieljen dat it liket as is it troch it perkaminten blêd hinnestutsen. Trompe-l’oeils waarden yn de arsjitektuer faken tapast om pylders of koepels te suggerearjen dy’t der net echt binne. Sûnt de santjinde iuw bestiet de
De krante-mei-gatten hjirboppe biedt sicht
Op-en-top trompe-l’oeil is de krante-mei-gatten oars wer net. In wichtich skaaimerk fan in trompe-l’oeil is dat de dingen op wiere grutte werjûn wurde. Sûnder dat is de optyske yllúzje ommers net optimaal. It formaat fan de kranteside is hjir lykwols werombrocht nei noch gjin 14×9 sm. Ek ûntbrekt hjir wat de makker fan in echte trompe-l’oeil bestribbet, nammentlik it etalearjen fan byldzjende kapasiteiten: sjoch ris hoe’t myn keunstfeardigens jimme begûchelet! De krante-mei-gatten is lykwols gjin artistyk bravourestikje, mar in kollaazje yn in mechanyske druktechnyk. Dy technyk makke it ál mooglik de ôfbylding yn in oplaach te meitsjen. Beide ‘manko’s’ hingje gear mei de funksje fan dizze healbakken boerebedrager: it giet hjir ommers om in ansichtkaart. It ûnderste gat jout dan ek gjin twadde sicht op Warkum, mar biedt plak foar in boadskip fan ôfstjoerder oan ûntfanger.
Der binne mear ansichten fan Fryske kranten mei trochkykjes op Fryske plakken. In twadden fan Warkum jout sicht op it gemeentehûs troch in ôflevering fan De Banier, om krekt te wêzen dy fan 8 juny 1907. De Banier, oprjochte yn 1874, ferskynde twaris wyks: sneons by Simon Brandenburgh en woansdeis by Jentje Wiarda yn Snits. Sûnt 1901 wie De Banier it orgaan fan de Bond van Kiesverenigingen op christelijk-historischen grondslag in Friesland. In fêst plak op de earste side krige it oan Groen van Prinsterer ûntliende motto ‘Tegen de Revolutie het Evangelie’. Nei it ferstjerren fan Simon Brandenburg (1847–1891) sette syn widdo de drukkerij ûnder syn namme fuort en noch foar de iuwwiksel joech de Firma Simon Brandenburgh ek ansichtkaarten út. Dit is dêr ien fan.

De âldste krante-mei-gatten is der ien fan Ljouwert, mei it grand hotel Wapen van Friesland oan it Grut Skavernek sjoen troch in gat yn de Leeuwarder Courant fan 19 april 1902. It hotel sleat de doarren yn 1916; tsjintwurdich sit Kamminga Makelaars yn it pân. As útjouwer neamt de kaart O.C. van Duijsen yn Swol. Fan him binne my fierders inkeld ansichten fan syn wenplak Swol bekend. Dat er by wize fan útsûndering ek ien fan Ljouwert meitsje litten hat, sil komme om’t Oeds Cornelis van Duijsen (1873–1919) dêr hikke en tein wie en yn syn bertestêd grif noch kontakten hie.
Fan Burgum is der ien mei de Legewei sjoen troch in gat yn de Bergumer Courant fan 1 febrewaarje 1908. It grutte pân rjochts foaroan, dêr’t in baas Fryske flagge úthinget, wie oarspronklik it gritenijhûs fan Tytsjerksteradiel en tsjinne fan 1906 oant 1917 as museum. It húsfeste de saneamde ‘Indische Verzameling’ fan de reizger en samler Anne van der Meulen, soan fan de Fryske folksskriuwer Tsjibbe Gearts van der Meulen. Anne syn samling waard letter oankocht troch notaris Nanne Ottema en ferhuze doe nei it nije keramykmuseum Het Princessehof yn Ljouwert. It pân nêst it museum, midden op de foto, waard boud yn 1903 (Tsjibbe Gearts lei de earste stien) om ûnderdak te jaan oan boekhannel en printerij De Motor fan Anne syn broer Wigger Arnoldus van der Meulen (1866–1936). Under de namme Gebroeders van der Meulen wie Wigger ek útjouwer, sawol fan boeken en de Bergumer Courant as fan ansichten, lykas dizze fan de Legewei.
Tolve kilometer fierderop, yn Bûtenpost, die Arie Hendrik Kalis (1884–1950) itselde. Hy runde dêr in stomdrukkerij, joech it nijs- en advertinsjeblêd De Noord-Ooster út en brocht boekjes en brosjueres op ’e merk. Dy wienen meast fan godstsjinstige aard, lykas Het leven van Jezus (1913) fan Leendert de Baan, menistepredikant yn Sint Anne, Troost bij sterven (1913), dat De Baan skreau yn ’e mande mei de Boksumer herfoarme predikant Herman Bakels, en Levende beelden (1915?) fan de Drachtster frijsinnige predikant Frits Reitsma. In frjemde ein yn ’t bit wie By de Fryske soldaten yn de mobilisaesje 1914–15 út 1915 fan Sjouke de Zee, de iennichste Frysktalige útjefte fan de yn Sliedrecht berne Kalis. Hy wie dan ek mar in passant; nei goed seis jier Bûtenpost ferfear er yn 1919 nei Rotterdam. Nêst boekjes en brosjueres joech er ansichtkaarten út, ûnder oare ien mei sicht op de Tsjerkeleane, troch in gat yn De Noord-Ooster fan 29 jannewaarje 1913.
En dan is der noch in trompe-l’oeil-ansicht mei de nije feemerk yn Wolvegea sjoen troch in gat yn it nijs- en advertinsjeblêd Stellingwerf fan 22 maart 1913. Utjouwer fan sawol dy ansichtkaart as de Stellingwerf wie Geert Taconis (1859–1920). Foardat er yn 1897 boekdrukker en útjouwer waard yn Wolvegea, hie Taconis, berne op De Jouwer, boekdrukker west yn Meppel. De man fûn it blykber net beswierlik dat op de ôfbylde side fan de Stellingwerf in dúdlik lêsbere rouadvertinsje stiet, net fan immen mei in om sa te sizzen foltôge libben, mar fan Aaltje Oppersma, in tsjinstfaam dy’t ‘na een smartelijk lijden van 19 dagen’ ferstoarn wie ‘in den ouderdom van 18 jaar en
It sjenre fan de trompe-l’oeil-ansicht mei krante wie net in lânseigen útfining, mar hie syn oarsprong yn Dútslân. Minstens trije fan de seis boppeneamde ansichten binne dêr ek produsearre: de beide kaarten fan Warkum en de kaart fan Burgum hawwe op de achterkant it logootsje fan de firma M. Glückstadt & Münden yn Hamburch. Dy firma gong yn Nederlân, ynklusyf Fryslân, mei ferskate searjes ansichten de
Yn Frankryk – wêr oars – ûntstie in frivoale fariant: yn stee fan op in stêd of doarp biedt it gat yn de krante sicht op in mondêne mademoiselle. De kranten op sokke kaarten binne net lokale suffertsjes, mar toanoanjouwende deiblêden as L’Éclaire, Le Figaro en La Presse of populêre periodiken as it literêre tydskrift Gil Blas, it satiryske blêd Le Rire en de sportkrante


