Taal in oersidich dykskiep

    Oer: Edwin de Groot, In hazze is in lokkich bern / Een haas is een gelukkig kind, Uitgeverij De Contrabas, Utrecht 2013.

Nei in betreklik lette start is Edwin de Groot (1963) as dichter no moai op gleed. De folslein Frysktalige bondels Ik skip (2008) en Tongfal (2010) liet er begjin dit jier, koart foar syn fyftichste, folgje troch it twatalige In hazze is in lokkich bern / Een haas is een gelukkig kind.
      De foarmjouwing fan it boek lit útkomme dat it winliken om twa bondels yn ien omkaft giet: op healwei begjint in nije sidenûmering en wurde titelside en oar foarwurk herhelle, en beide helten einigje mei in eigen kolofon. Faaks wie it yn earste oanlis de bedoeling dat der twa aparte boekjes komme soenen. Op ynternet waard de presintaasje fan In hazze is in lokkich bern alteast oankundige mei ôfbyldings fan twa ferskillende foarplatten, ien mei inkeld de Frysktalige en ien mei inkeld de Hollânsktalige titel. Uteinlik binne beide titels op ien foarplat gearbrocht.
      Skiften en gedichten rinne yn beide helten fierhinne lykop. Allinne de lêste fersen yn beide helten binne net inoars pendant: yn de Frysktalige helte is it in oersetting fan C.O. Jellema syn fers ‘Drijfjacht’, yn de Hollânsktalige slút De Groot ôf mei in eigen earbetoan oan dy troch him bewûndere dichter. Mar de neamde parallelly hâldt net yn dat De Groot it Frysk wurdlik transponearre hat nei it Hollânsk of oarsom, en wêrom soe er ek? Nearne stiet dat de iene helte in oersetting is fan de oare. Dat lit him yn beide helten alle romte foar kreativiteit en boarterij, sadat bygelyks ‘mei poddehier’ as wjergader ‘met puistjeshuid’ hat.
      It ferlient beide helten selsstannige wearde, al hellet ‘als hooi – doornat van de avondnevel – op de akker uitgespreid’ it net by ‘op ’e eker wierre as jundaaiïch hea’. Ik behein my hjirûnder ta de earste, Frysktalige helte.

Paden befluorre mei eigen formules

De gedichten yn In hazze is in lokkich bern woartelje stevich yn romte en tiid. Of eins is it oarsom. Edwin de Groot dichtet graach ticht op de hûd fan de bûtenliterêre werklikheid – op lokaasje, yn reaksje op de aktualiteit om hûs en hear, reflektearjend op stille tsjûgen fan it wrâldbarren – en behoedet sa it foarbygeande foar ferjitnis, foar de duer fan it gedicht.
      De oanliedingen fynt De Groot wichtigernôch om se út en troch ta te ljochtsjen. Dat smyt mar leafst trije tichtbeprinte siden oan annotaasjes op. Guon binne feitlik en eksakt – foar wa’t Swarte Haan net fine kin, de koördinaten binne 53° 18’ 32” N, 5° 37’ 43” E. Yn oaren leit de dichter syn driuwfearren bleat of jout er, gauris geastich, kommentaar. By ‘Epos poes’ tekenet er oan: ‘Ik haw fiif katten en dus rjocht fan sprekken. Alle oare rjochten binne harres.’ Ik haw der twa en begryp wat er bedoelt.
      De Groot nimt syn lêzers by harren lektuer dus graach even by de hân. Likegoed binne syn gedichten net altiten maklik nei te kommen, ornearret Piter Boersma yn syn besprek yn it Friesch Dagblad fan 5 april. Hy neamt de taal yn In hazze is in lokkich bern hermetysk, ‘in geheimtaal’, en sitearret út it gedicht ‘Noed en wille’, dêr’t it wurd ‘hermetysk’ yn falt en it oer ‘paden befluorre mei eigen formules / en beswarrings’ giet. En ja, nettsjinsteande alle begeliedende annotaasjes hâldt De Groot net fan it hapwaarme fers; de lêzer moat sels mar wat kokenje mei it resept en de yngrediïnten dy’t de dichter oandraacht, sa skreau er ris yn in resinsje foar Ensafh. Folsleine klearrichheid oer wat in gedicht betsjut hat ek al gjin earste prioriteit yn it sitaat fan Paul van Ostaijen dat De Groot boppe it gedicht ‘Do ut des’ pleatst hat: ‘Poëzie moet eer gevoeld dan begrepen worden.’
      Mar hermetysk? It gedicht dêr’t De Groot dat wurd yn brûkt, einiget mei de rigels: ‘Ik wit wêr’t de skreven krekt sitte / en lis it út, al freget nimmen derom’. Dat syn fersen net sûnder kôgjen nei binnen glide, komt nammers foar in part troch in taaltechnysk skaaimerk: de elliptyske sin, dy’t ambiguïteit yn ’e hân wurket. Fierders hat er in Tsjêbbe Hettingaëske foarleafde foar gearstalde adjektiven en set er, mei niget oan ûntregeling, wurden út ferskillende registers nêst inoar. Yn it ferlingde dêrfan mjukset er kanonisearre mei populêre kultuer, sadat inkeld wat blêdwyt William Blake fan Super Mario skiedt en der Milkakij troch Kalenberg rinne.

Gjin snoad sortearre strofen

Ferrifeljend is faaks ek dat by dizze dochs sa yn it konkrete ferankere dichter de taaldied fan it dichtsjen sels faken haad- of njonkentema fan it fers is. Dat jildt benammen foar de acht planút poëtikale gedichten dy’t it skift ‘In oersidich dykskiep’ foarmje. Mar ek ûnder de 25 gedichten yn de fjouwer oare skiften binne ferskillende dy’t, mear of minder ûngemurken, fan fysike op talige werklikheid oergean. Yn de foarige bondel, mei de sprekkende titel Tongfal, wie dat ek al sa.
      Foar De Groot is it gedicht in middel om wat stilholden wurdt lûd te jaan en wat weistoppe of bedutsen is foar it ljocht te heljen. Dêr sit risiko oan fêst. Wurden dy’t je ‘dwers troch deaswijende dakken’ as fûgels de loft ynjeie, litte harren somtiids kenne as ‘harsenskrabjende raven’ dêr’t je it kraskjen net mear fan fersêftsje kinne. Taal kin mislearje of tekoart sjitte. Yn ‘Fan reisgenoaten en weemoed’ wurdt wat sein ‘dat ûnfersetlik lizzen bliuwt // as in ûnmachtich skiep’ en yn it neifolgjende gedicht bestiet it gefaar dat taal as in mank skiep by de skeante fan de seedyk del trûdelet:

    Neat dichtsje by Swarte Haan

    Net ien wintersk wurd
    sil strikkesetter wêze foar mûsstil
    Omskriuwe hoe’t tinfindelich fyn izich ljocht
    bûtendyks saait as fan in hân blaasd sân
    oer pealfêst basalt en stil skriel slyk

    Gjin snoad sortearre strofen dy’t it geil
    oan ’e slikstiennen seedyk slikjende iis dichtsje
    of hoe’t de dei him readsangen benachtsje lit
    Taal in oersidich dykskiep dat op syn heechst

    in kitscherige trien fan it sigeunerbern gûlt
    en as goarkâld dûns de trystferzen sniefink bestoppet
    Stiifhollige wintergast oan myn fuotten. Wyt
    tear en sêft flokke mei winters
    Ik sjoch frouljusboarsten hingjend
    nei it soele suden

Winterkjeld en sinnewaarmte, dea en erotyk, it ûnfermogen fan taal en poëtyske fitaliteit komme hjir gear yn in yntrigearjend gedicht.

De romte achter it doek

It yn ûnmacht lizzende taalskiep wer op poaten helpe giet net sêftsinnich. Yn it al neamde ‘Noed en wille’, it meast útsprutsen gedicht-oer-it-dichtsjen fan de bondel, leit Edwin de Groot ferbân tusken syn pake dy’t it opskot út ’e beamwallen seage, wat útsjoch bea op de fierte dêrachter, en Lucio Fontana dy’t mei in stanleymes yn syn monogrome skilderijen fike om ‘de romte achter it doek’ bleat te lizzen.
      Dêr floeit noch gjin bloed by, en wurdsjes as ‘súntsjes’, ‘sêftkesoan’, ‘swietsjesoan’, ‘swietsjeswei’ en ‘temûkwei’ dogge fierders tuike tuike-poëzy fermoedzjen, mar it binne de jacht en de slacht dêr’t De Groot in protte fan syn bylden oan ûntlient. Der strune jagers, stropers en slachters yn syn gedichten om; der wurdt sketten, strikt, kiele, strûpt en útbonke; kninen en hazzen krije in skot hagel, iel krôlet yn tobben sâlt en kreeften sneuvelje yn siedend wetter. Leaver it rútsjen, ‘as de luchtpiip waarmwynread folrint’, as ferfal, hyt it yn ‘Net nochris in haal oan it rêd fan ’e wrâld’.
      De titel fan dat gedicht jout aardich de kearside fan de tematyske medalje wer. Taal mei dan (hoe breklik ek) fêsthâlde wat oars yn ferjitnis ferdwynt, oan ’e oare kant hoecht it bestean fan de dingen, benammen de libjende dingen, ek wer net sa lang mooglik rekt te wurden. Hat de hazze dy’t troch al dat jagersfolk yn dizze bondel fersekere is fan ‘koarte rintiden’ in ûngelokkich libben hân, ek al stjert er jong? No dan.
      Mei In hazze is in lokkich bern hat Edwin de Groot in nijsgjirrige bondel ôflevere. Syn poëzy is kwa tematyk, byldzjend fermogen en idiomatyske rykdom besibbe oan dy fan syn generaasjegenoaten Simon Oosting (1959) en Abe de Vries (1965), en stekt dêr perfoarst net feal by ôf. Yntusken wurket er al lang en breed wer oan in fjirde bondel. ‘De taal moet kaal’, hat er himsels dêrby as opdracht steld, sa fernijde er yn in fraachpetear mei Hedwig Terpstra op Ensafh. Keal hoecht om my net, mar betrouwen yn wat dizze dichter him foarnimt is op syn plak. Ik sjoch nei syn fjirde bondel út.

Dit berjocht is delset yn 2009–2017 en tagd , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.