Anne Sexton, Jezus sliept

 
Jezus sliept

Jezus sliepte as in skoathûntsje sa stil
en yn Syn dream
begearde Hy Maria.
Syn kul song as in dogge,
mar abrupt as in tichtslaande doar
kearde Hy Him fan dat spultsje ôf.
Dy doar bruts Syn hert
want Hy hie in skrinend ferlet.
Hy makke fan Syn ferlet in byld.
Mei syn kul as beitel
fike Hy de Pietà.
By dizze dea wie it saak en haw mar ien begearen.
Hy fike dizze dea.
Hy die dat steech en dreech.
Kear op kear stoar Er opnij.
Hy swom en swom der troch in piip op ta
en azeme wetter troch Syn kiuwen.
Hy swom troch stien.
Hy swom troch de godheid
en om’t Er Maria net kend hie
wienen sy feriene by Syn dea,
it krús ta de frou,
yn in lêste omearming
foar ivich yn lykwicht
as in middenstik.

 

Jesus Asleep

Jesus slept as still as a toy
and in His dream
He desired Mary.
His penis sang like a dog,
but He turned sharply away from that play
like a door slamming.
That door broke His heart
for He had a sore need.
He made a statue out of His need.
With His penis like a chisel
He carved the Pietà.
At this death it was important to have only one desire.
He carved this death.
He was persistent.
He died over and over again.
He swam up and up a pipe toward it,
breathing water through His gills.
He swam through stone.
He swam through the godhead
and because He had not known Mary
they were united at His death,
the cross to the woman,
in a final embrace
poised forever
like a centerpiece.

 

The Jesus Papers [III], út The Book of Folly, 1972

Dit berjocht is delset yn Anne Sexton en tagd . Bookmark de permalink.