Der binne fan dy dingen yn it libben dy’t je net winne of fertsjinje, mar krije: leafde, in bern, sûnens, in lintsje. Neffens Eeltsje Hettinga heart de Gysbert Japicxpriis dêr ek by, en hy hat fansels gelyk. Literatuer is gjin wedstriid en de kwaliteit fan literatuer lit him net byhâlde op in skoareboerd.
Mar de Gysbert Japicxpriis wurdt wol mear en mear in wedstriid, yn neifolging fan literêre prizen bûten Fryslân. Dat hat alles te krijen mei de winsk fan de provinsje en út it fjild dat de priistakenning mear omtinken krijt, want dat hyt literatuer- en lêsbefoarderjend te wêzen. De taak om oandacht te generearjen is by Tresoar dellein. Dat hat laat ta twa kompetysjeferheegjende eleminten: in shortlist en in oersetwedstriid. Ek de poll op it weblog fan Cornelis van der Wal, dy’t (foarriedige) winners én ferliezers sjen lit yn in persintueel sekuere rangoarder, ferheget nammers it wedstriidkarakter.
Dat jildt miskien likegoed foar dit artikel, bin ’k bang. Tresoar hat my frege om op papier te setten hokker bondel op de shortlist neffens my de priis hawwe moat, en wêrom. Dat is in moaie put, fanwegen de hege kwaliteit fan de nominearre poëzy. It wurdt in kar út weelde. Mar it bliuwt in kar yn it foardiel fan de ien en dus yn it neidiel fan de oar, wylst nimmen fan de nominearre skriuwers út eigen beweging meidocht oan de marmotterace dy’t de Gysbert Japicxpriis no is. It wurdt harren mar oandien. Literatuer is in hurd bedriuw.
Foar de Gysbert Japicxpriis 2013, ornearre foar in dichtbondel ferskynd tusken 2009 en 2012, kamen neffens in troch Tresoar opstelde groslist krapoan fyftich útjeften yn de beneaming. Fan dy fyftich hat de advyskommisje, besteande út Jetske Bilker, Goffe Jensma en Jantsje Post, der sân op in shortlist set. Twa binne fan dichters dy’t koartlyn ferstoarn binne: Tsjêbbe Hettinga en Harmen Wind. Ek binne der twa by fan dichters dy’t de priis al ris earder krigen hawwe: Tsjêbbe Hettinga en Abe de Vries.
Beide omstannichheden foarmje reglemintêr gjin útslutingsgrûn, mar mochten de kommisjeleden it nedich fine en weach dy omstannichheden mei, dan binne se net de iennichsten: foar Josse de Haan wie it reden de trije neamde dichters net as serieuze kandidaten te beskôgjen, sa liet er op it weblog fan Abe de Vries witte. Dat is wol nei te fielen. In priisútrikking sûnder liiflik oanwêzige laureaat is as in brulloft sûnder breid. En yn koarte tiid twaris deselde persoan lauwerje giet nochal demonstratyf foarby oan de loflikens fan oare kânshawwers.
It binne pragmatyske oerwagings, dy’t bewust of healbewust ynfloed hawwe kinne op de takenning fan de priis. Dat jildt ek foar de sneue konstatearrings dat guon tige fertsjinstlike skriuwers hieltyd wer foarbyparte wurde en dat froulju yn it prizesirkus oan krapperein komme. Sokke oerwagings soe men lykwols op ôfstân hâlde moatte. Sjenre en it jier fan ferskinen binne de iennichste kritearia foar pleatsing op de groslist en literêre kwaliteit soe it iennichste kritearium wêze moatte foar pleatsing op de shortlist en foar takenning. Al it oare is polityk.
By de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2005 oan Abe de Vries waard rept fan in renêssânse yn de Fryske poëzy. Dy renêssânse, om 2000 hinne ynset, liket noch hieltyd net ôfrûn te wêzen. Dêr moat al by oantekene wurde dat guon dichters dy’t no de bloei fan de Fryske poëzy meibepale al fier dêrfoar oan harren oeuvre bouden. De suggestje as hie de Fryske poëzy foarôfgeand oan de milenniumwiksel noch yn tsjustere midsieuwen omtaast, is in ferkeardenien.
Ek kin men net úthâlde dat de Fryske poëzy in oerhearskjend paradigma sjen lit. Klykfoarming en kreauwerij binne der genôch, mar literêre streamingen, nee. Eidet men de shortlist oer op syk nei oerienkomsten, dan rinne de biografyske it meast yn it each: seis fan de sân kandidaten binne berne tusken 1945 en 1955, seis fan de sân binne manlju en seis fan de sân hawwe foar langere of koartere tiid yn it ûnderwiis sitten of binne dêr alteast foar oplaat.
Sa net, der binne tematyske tendinzen oan te wizen yn de nominearre bondels sels. Dy fungearje opfallend faak as partikuliere lieux de mémoire. Poëzy wurdt ynset om dat wat west hat of driget te ferdwinen foar ferjitnis te behoedzjen: jeugdherinneringen, de eigen biotoop, ferstoarne dierberen (benammen de deade heit is in nochal oanwêzige figuer). Dat smyt spitigernôch wolris retrogedichten op, dy’t net folle mear as in mankelike neitins biede. Mar faker is dêr in poëtikale ynfalshoeke mei anneks: is taal wol foldwaande tarist foar it fêsthâlden fan wat feroaret, ferflechtiget of fergiet? It is dat twadde tema dat it earste behoedzje kin foar neatsizzende nostalgy.
Mar eigenheid is wat de sân bondels it dúdlikst mien hawwe en wat harren tagelyk fan inoar ûnderskiedt. Ik rin se ien foar ien bylâns.
Sprieken wy net, wy waarden teneate
Sprankeskyn fan Abe de Vries (1965) is in syktocht nei it paad dat de dichter weifiert fan it ‘inerlik doarmjen’, en dat paad is ‘it spoar werom’. It liedt nei it lân fan herkomst, nei it oerlevere ferhaal en nei de joadsk-kristlike tradysje. It earste makket fan Sprankeskyn in lytse topografy fan de kuststreek lâns it Fryske Waad. Dat motyf is net nij binnen it oeuvre fan De Vries; syn selstypearring as ‘weromkommer / yn in lân dêr’t ik de fjildnammen fan ken’ is in echo fan de titel fan syn debút In weromkommer yn it ûnlân út 2002.
Nij is al it weromgripen op en hâldfêst sykjen yn joadske symboalen en wêr’t dy foar stean, ek al is de dichter ‘net leauwich fan hûs út’. It wurdt him lykwols oandroegen, troch in wize frou. Dat spoar werom bringt him ticht by Eden, dêr’t de fjouwer rivieren ûntspringe dy’t harren nammen oan de skiften fan de bondel jûn hawwe. In fyfde âldtestamintyske rivier wêrby’t de dichter himsels weromfynt, is de Jabbok, hjir situearre yn it Fryske terpelân. Foar de heidenen ûnder de lêzers: by de Jabbok focht aartsfader Jakob mei (in boadskipper fan) God.
It talige part fan Sprankeskyn is net in bytsje nijsgjirrich. De gedichten binne ryk oan ideeën, referinsjes en assosjaasjes, se biede foarmferskaat en glânzjend idioom. Want taal bringt heil: ‘Jou my riedsels op yn in taal / om mei tongen te ûntsiferjen / en wij swije de wrâld nij.’ Dat is moai, en de folgjende strofe is dat net minder:
- Sprieken wy net, wy waarden teneate.
De profeten soene gelyk krije, dy’t riedlingen
sprekke oer de leafde. As wie sy wat oars
as op dyn útrop it kommen: sy is in gjalp nei dy.
Mar spitigernôch befettet Sprankeskyn ek in byldzjend part. Dat bestiet út achttjin foto’s, makke troch de dichter sels. Op de searje dy’t de ferserige ‘Sân sakreminten’ begeliedt, sjogge wy in frommes sûnder klean oan troch de tsjerke fan Hantumhuzen krûpen en mei in ganoekia meneuveljen. In oare kwalifikaasje as relykitsch wol my net te binnen sjitte. En dan de searje mei opnij in neaken frommes, diskear mei read- en swartlakte neilen, dy’t de wytmoarmeren bylden yn de Pier Pander Timpel bepoatelet: lege patetyk. Ynhâldlik neutraler mar konseptueel earmoedich binne de foto’s mei lange slutertiid by nacht – sjoch ris wat in moaie ljochtspoaren!
Benammen de eksaltearre foto’s fan de earste beide searjes biede net in kontekst dy’t de gedichten better útkomme lit, earder oarsom: de foto’s meitsje dat je fan de weromstuit ek de gedichten mei in skalk each besjogge. Is in fers mei ‘sielspaden’ deryn eins net wat bombastysk? En pakt it kenlik serieus bedoelde fers ‘Roas fan myn hert’ winliken net drakerich út?
Ferlerne tiid dy’t ik fergetten wie
As der fan de nominearre bondels ien by ferskinen goed ûntfongen is, dan wol it debút Fan glês it brekken fan Elske Kampen (1955). De krityk wie entûsjast. Edwin de Groot neamde it ‘in skot yn ’e roas’, Cornelis van der Wal fûn it ‘folle mear as in ûnthjit, it is daliks al in klassiker’ en Eppie Dam spruts fan ‘in eksposee fan wurdrykdom en taalbehearsking’; de bondel wie foar him ‘de iepenbiering fan 2010’. Ek it lêzerspublyk wie goed te sprekken. Fan glês it brekken waard net allinne bekroand mei de Fedde Schurerpriis foar debutanten, mar krige boppedat de Fedde Schurerpublykspriis.
Dat is opmerklik, want Elske Kampen skriuwt ynbannige, suver bedêste poëzy, wêryn’t observaasje en yntrospeksje útgeane boppe ekspressiviteit. Utroptekens ûntbrekke letterlik en figuerlik. Betreklik lange, meidielsume gedichten, net selden mei in ballade-achtige struktuer, jouwe rom baan oan in recherche du temps perdu. Troch de bondel hinne wurdt hinte op it spul fan ljocht en skaad, it ferburgen wêzen en it sichtber meitsjen. Dan fynt ljocht ‘romte tusken myn rigels. // Even koe ik rikke sûnder fingers. // Nei lykwicht, nei ferlerne tiid / dy’t ik fergetten wie.’ In oar byld is dat fan glês, dat trochlit en trochjout, mar ek spegelet en ôfketst. Ljocht, skaad, glês: it binne yn dizze bondel frekwinte, mar net de meast orizjinele begripen.
Yn ferskillende gedichten stapt Kampen út de yllúzjeleaze wrâld fan hjir en hjoed wei en giet se it grinsgebiet fan wurklikheid en dream binnen dat yn de bernetiid leit. It lytse universum fan in fantasyryk famke wurdt skildere yn taal en bylden dy’t tagelyk trefseker binne én it heimige yntakt litte. Leafdefolle portretten binne der ek fan in heit, in bern, in frou op har siik- en stjerbêd.
Mar ek is der omtinken foar libbenleaze foarwerpen dy’t skiednis meidrage of ea meidrage sille. It smyt bytiden om sa te sizzen Rilkeaanske dinggedichten op:
- Stil dreame se yn kanferkasten of slomje
yn djippe doazen, âlde dingen doelleas
opteard, klomjend yn fersketten kleuren.
[…]
Nije dingen wachtsje sûnder euvelmoed
mei glâns en skerpe rânen, gjin skrassen
oer it glimmend liif, noch gjin ferline.
De sitearre fragminten litte grutte niget oan en feardigens mei taal sjen, mar dogge ek wat konvinsjoneel oan. Fan glês it brekken is in knappe bondel, dat jou ik de kritisy daalk ta, mar hoe melodieus en ritmysk ek, in tige dynamyske bondel is it net.
It himsels wjerkôgjende oantinken
It hert fan de bondel Ikader fan Eeltsje Hettinga (1955) bestiet út gedichten nei oanlieding fan it wurk fan Bas Jan Ader, de konseptueel keunstner dy’t graach dingen falle liet, benammen himsels, en úteinlik oer de râne fan de ierde foel, doe’t er yn in sylboatsje de Atlantyske Oseaan oer soe. Hettinga syn fassinaasje foar Ader wurket troch oant yn de titel fan de bondel ta.
Swiertekrêft is gefaarlik foar wa’t net mei beide fuotten op de grûn stean bliuwt – leafst flakke grûn, lykas yn Fryslân. Mar Eeltsje Hettinga hat mear sympaty foar wa’t de provinsje ûntflechtet en de hichten en fierten opsiket, is it net fysyk dan teminsten yn de geast. Sels hat er, krekt as Ader, jierrenlang yn Amearika omspaand. Ferskillende gedichten yn Ikader helje herinneringen op oan de tiid dat er om utens wie.
Mar wichtiger is dat er syn kulturele eachweid net beheine lit troch de provinsjegrinzen. Ek yn syn fyfde dichtbondel tilt it wer op fan de ymplisite en eksplisite referinsjes oan benammen skriuwers en byldzjend keunstners mei hiel ferskillend kultureel DNA, fan Paul Celan oant Hans Faverey en fan James Ensor oant Yves Klein. De wrâld is grutter as Fryslân; wa wit begjint sy sels dêrbûten. Tekenjend is hoe’t Hettinga yn it hekeldicht ‘In lân, in myte’ lucht jout oan syn wearze fan it byld fan Fryslân dat it Fries Museum útdroech yn de fotoútstalling Flakkelân fan Stephan Vanfleteren. Dat byld, in idealisearring fan provinsjalisme, stiet heaks op it kosmopolitisme dat al sûnt syn debút Akten fan winter út 1998 troch it wurk fan Hettinga waait.
Eeltsje Hettinga wit wat taal ferget: ‘Deis sleep ik it wurd by de bergen op, / jûns lis ik yn it dal foar dea’. Ek dat der taal is ‘dêr’t / nimmen yn komt, behalve it krá-krá // fan it himsels wjerkôgjende oantinken’. Likegoed giet er de berch op, ‘bûten sinnen / de beamgrins fan in begjinnen oer’. It resultaat is redenrike, ynventive poëzy, dy’t somtiids lykwols skreaun wurdt mei in opsichtich grutte P. Dat komt ûnder mear troch dichterlike oanslaggen lykas it foarop pleatsen fan ferhâldingswurden (‘Op nimt him it gnuvend djip’) en mulwurden (‘Bleaun is de tiid in iepen plak’) en it achterop pleatsen fan eigenskipswurden (‘grêffjilden read’, ‘op sokken wyt’).
En guon gedichten binne al te partikulier. Harren drama is inkeld in bytsje te pleatsen as men mei help fan de oantekenings achter yn de bondel oan it googeljen slacht. Dêrmei krije guon kryptyske oantsjuttings achtergrûn, mar noch gjin funksje binnen de kontekst fan it gedicht. It is yndied taal foltroppe mei krá-krá, dêr’t foar de lêzer gjin plak yn is.
Ek jout it wat romte yn ’e jas
Sondelfal, de achtste dichtbondel fan Jacobus Q. Smink (1954), ferskynde fjirtjin jier nei syn foarlêste, Minskegedichten. De rispinge út de tuskenlizzende jierren bestiet benammen út oantinkens fan de dichter oan syn bernejierren, syn heit en dy syn boerebedriuw, doarpsgenoaten en it dekor fan dat alles: it doarp Sondel. Dat is net mear wat it west hat, mar yn de geast fan de dichter bliuwt it âlde doarp yntakt. Hoewol’t inkeld de namme fan in nijboustrjitte mei bungalows en boerderettes yn Sondel noch herinnert oan it tichtsmiten Swaaigat, sit Smink noch yn de ûntkennende faze: ‘Dat efter kafee Zeldenrust is it Swaaigat / Wa’t praat hat fan dimpt dy seit mar wat’.
Fansels binne der, lykas altiten yn it wurk fan Smink, ek gedichten oer fammen en famkes. De fammen komt er tsjin op ’e dyk of yn de supermerk: ‘Watst op slach mei my dochst yn dy krappe tel / Ear’t ik my de eagen delslaan kin’. Mar de famkes, dat is in oar ferhaal. Dy sizze heit tsjin de dichter, sy ferliene him de status dy’t yn de Sondel-gedichten takomt oan syn eigen heit. Troch de famkes is Sondelfal ûnûntwynber in bondel mei in protte ferlytsingswurdsjes wurden.
Dan binne der noch gedichten, oars net de minsten, dy’t bûten de beide neamde tema’s falle, lykas ‘Graach flokke’, dat begjint mei de strofen:
- Mei sa graach flokke it jaget
It ûngemak op it spielt troch
As koalstof en it skrobbet
Ek jout it wat romte yn ’e jas
Makket net dik en de dea
Draaft foar dy út it tsjerkhôf oer
De 52 gedichten yn Sondelfal binne net yn in stokramt fan skiften en subskiften wraamd, mar alfabetisearre op harren titel. Ek de foarm fan de gedichten is nearne twingend. Dy fariearret fan it frije fers oant it sonnet, sûnder dat Smink kwa foarm dogmatysk is: hy mei fan en ta graach wat rymje mar leit it der net tsjok op. Fan syn earste bondeltsje ôf, Apàrte fersen út 1983, skriuwt er suggestive, trintene en ûnferliteratuerde poëzy. Boartlik is syn wurk ek wol neamd, terjochte, mar lokkigernôch is it frij fan it soarte fan boartlikens dêr’t R.R. van der Leest altiten om bejubele is. Smink syn bêste gedichten hawwe in licht ûntrêstigjende heimsinnigens.
Sokke gedichten ûntbrekke fierhinne yn Sondelfal. Dy bondel is foaral ynkleure mei lichtfuottige weemoed. Yn guon gedichten – bygelyks de fersen dêr’t doarpstypen lykas Alde Jap, Nine Pit en Kreupele Jelle yn figurearje – giet dy weemoed oer yn sepiakleurige nostalgy. Hoe hinten en trinten fierders ek, dy gedichten hâlde it net út.
Wurdt poëzij ús ynjûn mei de tate?
Mem sjoch boi fan Eppie Dam (1953) sit strak yn de lak. Dat is Dam wol tabetroud, fan syn hân binne bondels mei frijer fersen en in losser struktuer ferskynd, mar ek bondels mei straffe straminen yn fersebou en yndieling. Mem sjoch boi befettet 56 fersen fan elk fjouwer kwatrinen, ferdield oer fiif skiften. Op sân nei hawwe de fersen omearmjend rym; de lêste sân, dy’t in rige foarmje mei deselde titel as de bondel, hawwe pearrym. Dat hat sa syn reden; foarm folget hjir funksje.
De bondel begjint frij ûnpersoanlik en hâldt dat lang fol. De earste fjouwer skiften foarmje in kaleidoskopysk oersjoch fan it mem-wêzen yn psychologysk en kultuerhistoarysk perspektyf. Yn it earste skift passearje saken lykas net-winske âlderskip en postnatale depresje, mar wurdt ek de fraach opsmiten oft taal en poëzy jeften binne dy’t fan mem komme:
- Is taal fan mem? It lân komôf fan heit?
Wurdt poëzij ús ynjûn mei de tate,
de bûtendyk bewekke troch soldaten?
Ien is de geast dy’t yn twa wrâlden dijt.
De gedichten yn it twadde skift binne ynspirearre troch literêr wurk fan oaren, dy yn it tredde troch keunstwurken en dy yn it fjirde troch ferhalen út ’e Bibel.
Dy earste fjouwer skiften binne knap en kundich, dêr net fan, mar krije pas harren folle betsjutting yn it ljocht fan it fyfde skift, mei de titel ‘As kearde him in haven tsjin ’e boat’. De fersen yn dat skift hawwe ien oansprutsene, in mem dy’t om befêstiging frege wurdt mar dat net jaan woe of koe, en no net mear oansprekber is:
- Ik mei jo net mear fergje no’t de slom
fan ûnbesef in waas lûkt oer jo dagen.
Ik woe, it wie it dodzjen fan myn fragen…
De echo balt syn ivich hoe en wêrom.
Foarmfêst en evenredich fan toan mar troch harren ynhâld skrinend, sketse de fersen hoe’t nearzich kristendom en skytskjin boargermansfatsoen in doem lein hawwe oer de bernejierren fan in jonkje dat omdôch nei waarmte en befêstiging fan syn mem longere. Sels syn dichtsjen letter, ynset om har oandacht en wurdearring te krijen, wurdt út dat gemis wei motivearre.
Mei Mem sjoch boi, syn fjirtjinde dichtbondel, hat Eppie Dam in hichtepunt tafoege oan syn oeuvre. Fan begjin ôf oan – hy debutearre as dichter yn 1978 mei de bondel Mei de jierren – hat er socht nei in balâns tusken foarm en ekspresje. Yn Mem sjoch boi hat er dy oertsjûgjend bemastere, benammen yn it lêste skift, dat lykwols de foargeande fjouwer skiften goed brûke kin om optimaal effekt te sortearjen.
Ik haw de dream yn en de skyn
It oeuvre fan Tsjêbbe Hettinga (1949–2013), ûntstien oer in tiidrek fan fjouwer desennia, hat gâns ûntjouwing trochmakke. De start leit yn in suver griis ferline: syn debút Yn dit lân stamt út 1973. In omslach, tematysk en fral yn foarm en toan, wie de bondel Under seefûgels / De kust, útkaam yn 1992, nei in perioade fan alve jier wêryn’t gjin bondels ferskynden. Sûnttiid hat Hettinga mei bondels, oersettings, foardrachten en cd’s yn Fryslân en fier dêrbûten namme makke. Ek syn lêste bondel, Equinox, hat de wei nei in net-Frysktalich publyk fûn: foarich jier ferskynde in oersetting troch Benno Barnard ûnder de titel Evening.
Equinox is in bondel oer wrâlden dy’t bûten it eachweid lizze: de eigen bernejierren, ferdwûn achter de kym fan it ferline, en it lân fan herkomst fan de migrant, ferdwûn achter de kym fan de oseaan. Beide wrâlden wurde yn de laden taal fan Hettinga optild en ferheft ta mythos. Dy taal wjerspegelet literêre tradysjes fan ieuwen en jout tagelyk stal oan in persoanlik symboalestelsel, gebrûkmeitsjend fan in fracht oan metafoaren en retoaryske middels. It is de dichter dy’t mei syn taalmacht dat wat troch tiid en ôfstân bûten berik rekke is, wer gearbringe kin binnen it domein fan de poëzy.
Yn it programmatyske gedicht ‘De skûte’ – ien lange Homearyske opsomming – fergeliket de dichter himsels mei in boat dy’t myten meifiert. De boat is suver
- Ik haw de smoar yn en it ferjit; ik haw de dream yn
En de skyn, de fjurrigens en de sintels, de wierheid
Fan it wierjend neat; alles haw ik yn dat fan in oar
Is: de moanne en de stjerren, de meteoaren en
De planeten, de swarte gatten en de sûging fan
It mystearje, te grut foar it rom fan ’e skûte […]
It wie in hege taakopfetting dy’t dizze dichter der op nei hold.
De krêft fan de poëzy fan Hettinga leit foar in wichtich part yn de betsjoening dy’t bygelyks fan de krekt sitearre rigels útgiet. Mar op papier wurket syn poëzy justjes oars as wannear’t dy foardroegen wurdt. De magy fan de foardracht giet op papier ferlern as de tekst, sa swart op wyt, ynienen forsearre konstruksje sjen lit, en guon gedichten yn Equinox hawwe dêr fan te lijen. Se befetsje in surplus oan adjektiven, al te betochte nijfoarmingen, wrongen syntaksis en twangmjittige lettergrepetellerij. Fierders fertoant de bondel net de measte gearhing: it is de rispinge út in grut tal jierren, ynklusyf gelegenheidswurk.
Wolst noch wat freegje, noch wat roppe
Harmen Wind (1945–2010) hat de koart nei syn ferstjerren ferskynde bondel Heechtiid sûnder mis gearstald yn it besef dat er ûngenêslik siik wie. En al binne twa gedichten oanwiisber fan folle earder, foar in grut part fan de gedichten jildt grif dat se skreaun binne mei de rêch tsjin de muorre. De titels fan beide skiften dy’t de bondel telt, sprekke dúdlike taal: ‘De geande man’ en ‘It lêste etmiel’.
Ek de gedichten sels, benammen dy yn it twadde skift, fermoaikje neat: it binne heldere fersen dy’t it needlot ûnder eagen sjogge. ‘It lêste etmiel’ bestiet út twa dozyn registraasjes, ien op elk heel oere, fan wat foarfalt op in dei út it libben fan immen dy’t foar de dea opskreaun is. De ik-figuer ûndergiet de dingen suver stoisynsk, synysk hast: ‘Do krijst dyn ein in kear. Nim no in / hertstilstân: men fielt de pine, falt – en klear.’ Dit is it tsjinstelde fan de wurdpielderij dy’t Wind mei fyn ynleine irony beskriuwt yn ‘Sneinsdichter’; dit is dichtsjen mei de dea op
Yn it earste skift komme benammen de fanâlds fertroude tema’s – God, de heit, it Wurd, de tiid, slytskens yn it deistich bestean, it foarbygean – oan bod, de tema’s dus dy’t Wind hieltyd wer sûnt syn earste, yn 1985 ferskynde bondel Ut ein by de kop pakt hat. Wat yn Heechtiid lykwols alhiel ûntbrekt, is de wurgens dy’t yn guon eardere bondels as in griis flues oer de siden lei. Heechtiid dêrfoaroer docht ferslach fan in noch net earder meimakke barren en docht dat mei urginsje. Yn it lêste gedicht transformearret ‘heechtiid’ ommers ta
- De heechste tiid, noch giet de rêst
net iepen. Dy’t op dy past, hat
yn har hân dyn hert. Sy skoot
dy hoeden yn ’e ribbekast.
Wolst noch wat freegje, noch wat
roppe. Hearst dêr ien flokken yn ’e
fierte? Is dat rûzjen dêr de wyn? De
stoartbak boppe? Lêste azem? Wjukken?
It dichterskip fan Wind, dellein yn tsien Frysk- en sân Hollânsktalige bondels, hat yn Heechtiid in einpunt en in bewuste ôfrûning krigen. Dryst eksperimint en felle ekspresje ûntbrekke yn dizze bondel sa goed as yn it hiele oeuvre, dat lykwols fan begjin oant ein nêst fêste tema’s in formidabele, subtile taalfeardigens sjen lit, dêr’t de nuânses fan emoasje namste ynkringender yn útkomme. Wind wie in besiele ambachtsman yn Doesburch, gjin sweeslaand poëet op de Parnas. Likegoed tsjûget Heechtiid fan in ûngewoan grutte
En de Gysbert giet nei…
Nee, literatuer is gjin wedstriid, mar de Gysbert Japicxpriis is dat wilens al. Yn de poll op it weblog fan Cornelis van der Wal stiet op it momint fan skriuwen Jacobus Smink royaal oan kop mei
Myn eigen top trije sjocht der wat oars út: Harmen Wind stiet op ien, Eppie Dam op twa en Jacobus Smink op trije. Alle trije wienen dy al as dichter warber lang foardat de earderneamde ‘renêssânse fan de Fryske poëzy’ ynsette. Ik hâld it der mar op dat myn listje mear oer my seit as oer de troch my útferkarde bondels of dy renêssânse. En hoe hie myn listje derút sjoen as ik kieze kinnen hie út de groslist yn stee fan de shortlist? Op de groslist steane ommers ek noch – ik doch mar in greep – Granytglimkes fan Elmar Kuiper, De trektocht fan Albertina Soepboer en Kristus Pavlov fan Cornelis van
Hawar, it wurd is no oan de advyskommisje en dan oan de provinsje. Hawwe dy ienris sprutsen, dan past it de goegemeente en applaudissearje ynstimmend.
- Ek publisearre op www.demoanne.nl, yn fjouwer parten op 3–6 septimber 2013,