‘Groete uit’ (l.b.), ‘Leeuwarden’ (r.b.), ±1907–1908. Ljochtdruk, kleurelitografy, 89×139 mm. Utjûn troch Pieter Spijker, Ljouwert / De Tulp, Haarlem. Poststimpels Ljouwert 16-07-1908 en Drachten 16-07-1908. Ferstjoerd oan Jan en Jantsje Mulder, Drachten, troch Alle Mulder, Trijntje Dolstra en Bauke Mulder.
Wa doart te bewearen dat de boerestân net fan goede wil is? Wienen it net de boeren dy’t yn it algemien belang de Greidhoeke fan Fryslân mei ruilferkaveling, skaalfergrutting en monokultuer restyled hawwe ta ien grut, kreas fuotbalfjild mei keunstgers? Moai ek dat se harren lân de lêste jierren opleukje mei lange rigen wapperjende flaggen. ’t Is in lust om hjoeddedei troch agrarysk Fryslân te toeren. Jammer dat dy flaggen op ’e kop hingje, mar ja, net elkenien is langer fertroud mei de tradysje. Dêrom diskear, oan de hân fan in searje ansichten fan mear as in iuw lyn, in blogje oer hoe’t it al moat, opdroegen oan Farmers Defence Force-spokeswoman Sieta van Keimpema.
Utjouwer fan de kaarten wie Pieter Spijker (1851–1911), eigner fan in boek-, kantoar- en keunstwinkel oan de Foarstreek, hoeke Woartelhaven. Dy winkel stiet prominint op de flaggekaart fan de Koarnmerk. Op it rút binne noch krekt de nammen fan Spijker en syn kompanjon Sytze Smeding te lêzen. Achter it rút hinget in affysje fan de Nijverheids-tentoonstelling dy’t yn july–augustus 1906 yn Ljouwert hâlden waard. Dat affysje, 80×100 sintimeter grut en útfierd yn kleurelitografy, wie ûntwurpen troch Karel Verbruggen en printe troch de firma Senefelder yn Amsterdam. Der is in eksimplaar oanwêzich yn de Albertina yn Wenen. Mar Verbruggen makke ek in hast folslein identike ferzje op ansichtformaat, dy’t útjûn waard troch de Ljouwerter Samuel Abraham Markus – op it mêd fan ansichten in grutte konkurrint fan Spijker.
Syn moaiste kaarten joech Spijker om 1900–1902 hinne út: in searje fan sân ansichten mei sêftkleure jugendstil-achtige ornaminten (Poste restante XXI) en trije kaarten printe troch Kunstanstalt Rosenblatt yn Frankfurt am Main (Poste restante XXIV). Spijker syn ansichten mei flaggen moat fan likernôch 1907–1908 wêze. Se binne minder elegant as wat er earder útjoech, mar falle mei harren hurde kleuren read en blau wol op. Spijker liet se produsearje troch de firma De Tulp yn Haarlem. Dy firma wie om 1905 hinne oprjochte en makke allerhanne printwurk yn ferskillende techniken. Benammen topografyske ansichten fan hiel Nederlân waarden yn grutte oantallen produsearre, maar De Tulp brocht ek kaarten mei regionale drachten en fantasykaarten út. Nei 1919 wurdt lykwols net mear fan De Tulp fernommen.
It is in bytsje in sport fan my wurden om ôfstjoerders en ûntfangers fan ansichten te identifisearjen. Mar de kâns op sukses by de twa of trije ôfstjoerders fan it kaartsje boppe-oan dit blog liket net grut te wêzen. Sy ferskûlje harren achter inisjalen: ‘A.M.’ en ‘T.D.’ en faaks ek ‘B.’, al kin dy lêste letter ek op in wenplak of sokssawat slaan. Mear kâns fan slagjen hat it thúsbringen fan de ûntfanger. Syn namme, ‘A. Mulder’, is frij algemien, mar de tafoegings ‘Boekhandel etc’ en ‘Drachten L 27’ biede hâldfêst. ‘L 27’ tsjut nammentlik de buert yn Drachten oan dêr’t in Alle Mulder in saak yn boeken en papier hie, oan de Bopperein, sa’t bliken docht út advertinsjes dy’t er pleatste yn de Dragtster Courant.
Berne yn Makkum yn 1868 as soan fan in fjildwachter, wie Alle Mulder earst sân jier beropsmilitêr, om yn 1892 beneamd te wurden ta fjildwachter yn Opsterlân. Yn 1903–1909 wie er klerk by doarwarder Jan de Bos yn Drachten. It wie yn dy jierren dat er ek in boeke- en papierhannel dreau. Mar Alle woe hegerop. Yn 1909 waard er beneamd ta doarwarder by it kantongerjocht yn Beetstersweach, dêr’t er him ek mei syn húshâlding nei wenjen sette. Hast tritich jier bleau er yn dy funksje. It is in baan dy’t jin net by elkien populêr makket, mar fan syn superieuren krige Alle by syn ôfskied loovjende wurden mei. De Leeuwarder Courant die dêr op 1 juny 1938 ferslach fan en skreau dat de plakferfangend kantonrjochter de ôfswaaiende doarwarder bestimpele hie ‘als een ambtenaar, die steeds met ambitie zijn functie uitoefende en daarbij, voorzoover zulks een deurwaarder mogelijk is, de justitiabelen met de meeste welwillendheid tegemoet trad, doch die ook, indien dit vereischt werd, met doortastendheid zijn wil wist door te voeren’.
Alle Mulder wie troud mei Trijntje Dolstra (1870–1950). Se krigen fjouwer bern, wêrfan’t ien mar fiif wike âld waard. De oare trije wienen Jan (1894–1967), Jantje (1896–1963) en Bauke (1905–1974). It wie in griffermearde húshâlding; Alle wie jierrenlang âlderling fan de kristlik-griffermearde tsjerke yn Drachten en siet in skoft foar de ARP yn de gemeenteried fan Opsterlân. Soan Bauke folge syn heit op as doarwarder yn Beetstersweach. Fia soan Jan soenen Alle en Tryntsje pake en beppe wurde fan Fryslâns grutste dichteres Tiny Mulder (1921–2010), dy’t – ferneamd nei beppe – offisjeel Trijntje hiet. Alle Mulder ferstoar yn 1948, yn Drachten.
Mei it foargeande yn de achterholle falle de inisjalen fan de ôfstjoerders ynienen te plak: it kin hast net oars of ‘A.M. T.D. B.’ stiet foar Alle Mulder, syn frou Tryntsje Dolstra en harren jongste bern Bauke. Mar stjoerde Alle – want it hânskrift is yndied sines – dan in ansicht oan himsels? Nee, uteraard net. It kaartsje wie grif bedoeld foar de thúsbliuwers, de beide âldere bern Jan en Jantsje. It wie net ûngebrûklik om ek yn sokke gefallen as adressant it gesinshaad te neamen. It kaartsje mei it Ljouwerter Nije Stedsweeshûs sil Jan en Jantsje yn ’t sin brocht hawwe dat sy net ferweesd wienen, ek al sieten se even allinne thús.