Wilfrid Gibson, Skrikbyld

 
Skrikbyld

It makket my net kjel
Te sneuveljen op ’t fjild,
Dat my yn it gefjocht
De dea yn de eagen sjocht.

Mar krûpe wy op ’t lêst
In hoal yn foar wat rêst,
Dan skrilje ik, bang dat ik
Dea wer wekker skrik.

 

The Fear

I do not fear to die
’Neath the open sky,
To meet death in the fight
Face to face, upright.

But when at last we creep
Into a hole to sleep,
I tremble, cold with dread,
Lest I wake up dead.

 

Ut Battle, 1915. De Ingelske dichter Wilfrid Gibson (1878–1962) waard fjouwer kear troch it leger wegere foardat er tsjinst nimme koe. Fan ein 1917 oant 1919 wie er soldaat yn de buert fan Londen, earst yn it Motor Transport Corps en letter as medysk administratyf meiwurker. Gibson hat nea fochten oan it front. De oarlochspoëzy yn syn bondel Battle hie likegoed ynfloed op war poet Wilfred Owen.

Dit berjocht is delset yn Mear en tagd , . Bookmark de permalink.