Poste restante XLI


HOLWERD’ (l.û.), ‘Stationsweg’ (m.û.), ±1902–1904. Ljochtdruk, 89×137 mm. Utjûn troch Rykele van der Meulen, Snits, nû. 112. Poststimpels Holwert 24-12-1904 en Ferwert 25-12-1904. Ferstjoerd oan Gerben Koopmans en Antje Holwerda, Ferwert, troch harren nicht Antje Holwerda.

Bêste Neef en Nift!
Klaas is goêd en wol oerkomt. T. het hem fen de trein helle. Nou haw wij in ge
[s]prek oer St. Klaas, der is un Oansicht Album komt, der mat ek hwet yn oars net? jimme Nift A.

Hoe’t ansichtkaarten brûkt binne, is minstens sa nijsgjirrich as wat der op stiet. Ansichten dêr’t de ôfstjoerder mear op skreaun hat as inkeld in adressearring en syn of har namme, binne my it leafst – foaral as it boadskip skreaun is yn it Frysk. Likegoed sitte der tusken de tûzenen Fryske ansichten-mei-in-ferhaaltsje yn myn samling mar in pear dozyn dêr’t de ôfstjoerder Frysk op brûkt. Ornaris is dy ôfstjoerder dan boppedat in erkende frisist of frisiast. It ‘gewoane’ folk skriuwt as regel gjin Frysk, sels net op ansichten oan famylje of freonen. Hoe kin it ek oars as jin altyd yndruid wurdt dat it Hollânsk de noarm foar skriftlik taalgebrûk is en jo nea lêzen en skriuwen leard hawwe yn jo memmetaal?

Leeuwarder Courant, 23-07-1900

Ek Antsje Holwerda yn Holwert hat grif gjin Frysk op skoalle leard. It is sels mar de fraach of sy mear as seis, sân jier leger ûnderwiis hân hat. Antsje waard berne yn 1869 yn Brantgum as dochter fan de gernier Simon Holwerda en syn frou Aaltje Wiersma. Yn 1891 troude sy mei de Holwerter winkelman Jan Tjepkes Heeringa, dy’t lykwols al yn 1900 ferstoar, 38 jier âld. Antsje bleau achter mei trije bern en dreau as widdo J.T. Heeringa de winkel allinne fierder, sa’t sy al oan­kundige yn de rouadvertinsje fan har man: ‘N.B. De Winkelzaak in Land­bouw­touwwerk, Kruidenierswaren enz. wordt op denzelfden voet voortgezet.’

Yn desimber 1904 krijt Antsje har achterneefke Klaas Koopmans te útfanhúzjen. Klaas, berne yn Ferwert yn 1897, is de soan fan de Ferwerter bakker Gerben Koopmans en syn frou Antje Holwerda. Om yn Holwert te kommen nimt it sânjierrige jonkje it Dokkumer Lokaaltsje, de spoarline tusken Ljouwert en Mitselwier (letter Anjum), dy’t Ferwert mei Holwert ferbynt. Yn Holwert hellet ‘T.’ – grif Antsje har dan alvejierrige soan Tjepke Heeringa – him ôf. Antsje skriuwt in kaartsje nei Klaas syn âlden dat er goed oankommen is. Dat kaartsje, ornearret Antsje, kin dan moai yn it ansichtkaarte-album dat Sinterklaas earder dy desimbermoanne yn Ferwert brocht hat. Op earste krystdei wurdt it kaartsje yn Ferwert besoarge.

Neat bysûnders, dat boadskip, útsein dus fan it feit dat Antsje it yn it Frysk docht. Mûlk is dat ûnder ynfloed fan har ferneamde doarpsgenoat Waling Dykstra, de tige populêre Fryske folksskriuwer. Fan 1861 ôf oant syn dea yn 1914 wennet Dykstra yn Holwert. Earder hie er bakker west yn Spannum, mar dat befoel him alderminst. Yn Holwert makket er in trochstart as boekhanneler, mar leit er him benammen ta op it skriuwen fan rym en ûnrym yn it Frysk, dat yn tydskriften, almenakjes en blauboekjes op ’e merk komt. Guodkeap te besetten printwurk, dat minsken stimulearret ta it lêzen fan Frysk. Ek de foardrachtjûnen dy’t ‘Waling-om’ winters oeral yn Fryslân organisearret, it saneamde Winterjûnenocht, drage dêroan by.

Antsje lit it net by ien kaartsje. Fiif dagen letter stjoert se in twadde, opnij mei in boadskip yn it Frysk. Mar diskear is se ghost writer, de lytse Klaas fiert sabeare it wurd: ‘Heit en Mem! As it mei, wol ik graâg oant moandei ta yn Holwerd bljuwe, it kin ’t net dan forwachtsje wij bericht torech. jimme Klaas.’ Sels foeget Antsje ta: ‘alles bêst. Ho is ’t bei jimme?’ It wurdsje torech (Hollânsk terug) heart mannichien faaks raar yn ’e earen – my alteast al – mar neffens it Woordenboek der Friese taal komt terêch yndied foar yn de Dongera­dielen (dêr’t Holwert yn leit) en wie it yn earder tiid ek wider ferspraat. Antsje is oars Frysk-minded genôch: op it earste kaartsje skriuwt se ‘Oan’ oer it foarprinte ‘Aan’ hinne en op it twadde skrast se dat foarprinte ‘Aan’ resolút troch. That’s the spirit.

Beide kaartsjes binne útjûn troch Rykele van der Meulen yn Snits. Op it earste (nû. 112) stiet de Stasjonswei, op it twadde (nû. 111) de herberch fan de widdo fan Klaas de Kuur, kastleinske Rinske Polstra, dy’t krekt as Antsje Holwerda der al jong allinne foar kaam te stean en de saak allinne fuortsette. Al rillegau soe Rykele yn Holwert konkur­rinsje krije: fan 1905 ôf oant yn de lette jierren tweintich joech ek winkelfrou Antsje kaarten fan Holwert út. Foar guon hat de Ljouwerter fotograaf Joseph Dwinger – oer him in oare kear mear – de foto’s makke. Mar Antsje bestelde ek kaarten by de firma’s Weenenk & Snel en De Tulp yn Haarlem.

Lêstneamde firma makke foar Antsje yn 1905 bygelyks in kaart fan de Holwerter iepenbiere skoalle; de beammen steane sa deun op ’e ruten dat de bern de blik ûnmooglik noch nei bûten dwale litte kinne. Stylfol is de komposytkaart hjirnêst, út likernôch 1909, mei sintraal opnij de herberch dy’t earder fan Rinske Polstra wie en no as Het Amelander Veerhuis eigendom is fan Sierd Lambertus van der Woud. Ut de lette jierren tweintich stamt ûnder mear in troch Antsje útjûne, moaie ansicht fan datselde Amelander Veerhuis, dat, sa’t in boerd oan de gevel dúdlik makket, no ek ANWB-bûnshotel is. De ansichten dy’t Antsje útjoech, hawwe nammers Hollânsktalige byskriften – in bytsje in miste kâns…

De Holwerter winkelfrou Antsje Holwerda ferstoar yn 1940. Har achterneef Klaas soe, tegearre mei syn broer Sieds, mei-firmant wurde yn it beskútfabryk De Volharding oan de Mounebuorren yn Hallum. Dat fabryk wie yn 1920 oprjochte troch heit Gerben Koopmans en Hessel van der Meulen, allebeide begûn as bakker yn Ferwert. Yn 1924 troude Klaas mei Sieuwke Dijkstra. Alve jier letter ferstoar er, 38 jier âld, krekt as Jan Heeringa. Gerben en Sieds lutsen harren út de firma Van der Meulen & Koopmans werom en it beskútfabryk gong fierder as Van der Meulen, in bedriuw dat, mei in hieltyd útwreid­zjend assortimint (roggebrea, knäckebröd, lange fingers, melbatoast), in begryp waard. Op ’t heden makket Van der Meulen inkeld noch toast. De Volharding waard yn 2022 opdûkt.

Dit berjocht is delset yn Poste restante en tagd , , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.