It album amicorum fan Jeltsje Ypey

It hat in moai doaske, dit losblêdige freondinne­­­­boekje. It doaske is fan bûten beklaaid mei reade side en goudkleurige byskes en fan binnen mei ljochtblau papier. De earste eigneresse hat der lykwols mar sân bydragen yn garre. Binne der bledsjes weirekke? Wierskynlik net; mei alle net-brûkte (mar wol oarspronklike) bledsjes derby is it doaske dochs hielendal fol.

Dy earste eigneresse wie Jeltje Petronella Helena Cornelia Ypey, berne yn Ljouwert op 21 april 1829 en dêr ferstoarn op 18 july 1857, as frijfaam, 28 jier âld. Jeltsje wie in dochter fan Leonardus Ypey (1794–1836) en Elisabeth Maria Salverda (1798–1852). Har âlden krigen alve bern; sân waarden net âlder as seis jier, en gjinien helle de 35. Ek heit Leonardus waard mar 41. Fan it hiele húsgesin waard syn widdo it âldst: Elisabeth Maria wie 54 doe’t se ferstoar. Der is in skildere portret fan har bewarre bleaun, taskreaun oan Willem Bartel van der Kooi.1 Se sjocht ús earnstich mar opmerksum oan.

Dat it album fan Jeltsje west hat, stiet oars net foar de folle hûndert prosint fêst. De namme fan de eigneresse wurdt yn it albumke net neamd. Twa kontribuanten, Suffridus en Elisabeth Maria Ypey (nû. 1 en 3), jouwe lykwols oan dat sy bydrage oan it album fan in suster. Behalven Jeltsje soe dy suster ek Maria Louisa Ypey (1822–1854) wêze kinne, mar dy stie kwa leeftyd fierder fan de measte kontri­buan­ten ôf, dat it hat grif Jeltsje har album west.

Opregte Haarlemsche Courant, 23-07-1857

Jeltsje hearde ta de hegere klasse yn Ljouwert. Har heit wie earst siktaris fan de gritenij Kollumerlân, doe siktaris fan de stêd Ljouwert en dêrnei griffier fan de Steaten fan Fryslân. Har pake oan heitekant, Matthijs Ypey (1762–1817), hie yn de Frânske tiid bestjoerlike funksjes yn Fryslân en wie dêrnei griffier fan de Fryske Steaten. Har pake oan memmekant wie Suffridus Salverda (1775–1851), dy’t as steatelid en deputearre fan Fryslân lang syn stimpel drukt hat op it provinsjale bestjoer.

Ek de freondintsjes dy’t oan it album bydroegen wienen berne mei in fergulde leppel yn ’e mûle. Cornelia Sara Noodt (nû. 2) wie in dochter fan de frederjochter yn it kanton Frjentsjer, dy’t nammers ek boeken op syn fakgebiet en tal fan gelegenheidsfersen skreau.2 De heit fan de suskes Aleïda en Johanna Albarda (nû. 5 en 6) wie abbekaat yn Ljouwert, deken fan de orde fan abbekaten yn Fryslân, steatelid fan Fryslân en lid fan de Twadde Keamer foar de liberalen. En de heit fan Anna Swanida Maria van de Lande (nû. 7) wie abbekaat, ûntfanger-griffier by de Commissie van de Zeedijken en mei-eigner fan de sûkerplantaazje Rac à Rac yn Suriname – én fan de slaven op dy plantaazje. Anna troude mei in assistint-residint op Java.

Foar safier’t de bledsjes tekst befetsje, is dy yn it Frânsk, mei útsûndering fan de fjouwerrigel dy’t de iennichste manlike kontribuant, de tolvejierrige Suffridus Ypey, levere op earste krystdei 1843:

Als gij in uwe eenzaamheid
Aan Uwe vrienden denkt,
Denkt dan ook eens aan hem
Die U dit blaadje schenkt.

De meast útwreide bydrage, op in dûbeld bledsje, is fan de net identifisearre ‘Willemine’. Sy borduerde foar Jeltsje in blommekrânske en skreau boppedat in kwatryn oer fan de Frânske skriuwer Alphonse de Lamartine:

Ce qu’une main écrit, une autre main l’efface:
Ce n’est que dans les coeurs qu’il faut graver son nom,
Je plains l’étranger qui ne laisse de trace,
Que dans les pages d’un Album.

De bydragen oan it album binne fan:

1. Suffridus Ypey, Ljouwert, 25-12-1843. In broer fan Jeltsje. Gedicht, 4 rigels.

Berne Ljouwert 27-02-1831, ferstoarn Ljouwert 27-09-1865, soan fan Leonardus Ypey (1794–1836) en Elisabeth Maria Salverda (1798–1852), troud Grins 28-05-1856 mei Ernestina Bernardina Harmanna van Panhuys (1832–1910).

2. Cornelia Sara Noodt, Ljouwert, 04-01-1844. Potlead­­­tekening: monumint foar de freonskip. Achterop: ‘Souvenir de votre amie C.S. Noodt’.

Berne Frjentsjer 29-11-1827, ferstoarn Ljouwert 22-08-1889, dochter fan Walraven Willem Noodt (1787–1844) en Ulrica Hermanna Huber (1791–1869), troud Grins 14-05-1852 mei Hendrik Wibo Huber (1821–1908).

3. Elisabeth Maria Ypey, Ljouwert, 29-01-1845. In suster fan Jeltsje. Potlead­­­tekening: boereskuorren. Achterop: ‘Souvenir de votre soeur E.M. Ypey’.

Berne Ljouwert 29-12-1833, ferstoarn Ljouwert 06-03-1854, dochter fan Leonardus Ypey (1794–1836) en Elisabeth Maria Salverda (1798–1852), net troud.

4. ‘Willemine’. Ljouwert, 06-08-1845. Gedicht fan Alphonse de Lamartine (1790–1869), 4 rigels;3 borduerwurkje: blommekrâns.

5. Aleïda Albarda, sûnder plak en datum. Akwarel: reade beien (Ribes rubrum).

Berne Ljouwert 02-07-1828, ferstoarn Ljouwert 30-05-1905, dochter fan Binse Albarda (1796–1862) en Eldina Allegonda Asselina Geertsema (1793–1837), net troud.

6. Johanna Albarda, sûnder plak en datum. Akwarel: Verbena bonariensis.

Berne Ljouwert 31-12-1829, ferstoarn Ljouwert 12-09-1849, dochter fan Binse Albarda (1796–1862) en Eldina Allegonda Asselina Geertsema (1793–1837).

7. Anna Swanida Maria van de Lande, Ljouwert, sûnder datum. Prikwurkje: blommen.

Berne Grins 24-07-1820, ferstoarn Batavia 06-05-1850, dochter fan Jacob Frederik van de Lande (1788–1857) en Elizabeth Maria Salverda (1791/2–1823), troud Banjoemaas (Banyumas, Java) 16-09-1846 mei Gualterus Johannes Tormijn (1811–1861).

Noaten

  1. Ljouwert, Fries Museum, S1964-398.
  2. Bondele yn W.W. Noodt, Gedichten, Leeuwarden: L. Schierbeek, 1838. In anonime resinsint skreau yn Vaderlandsche letteroefeningen, 1839, s. 547, oer dy fersen: ‘Zij behooren tot die soort, die reeds van overouden tijd als niet te dulden staan geteekend, – tot de middelmatigen. Zij hebben niets, wat hen onderscheidt, zijn alledaagsch van inhoud, niet meer dan redelijk van versificatie en stijl, zonder gloed en leven. Beter ware het, ze ongedrukt te laten, en er zich in gezellige en vriendschapskringen mede te vermaken, waar de goedwilligheid ook aan het middelmatige haren bijval niet onthoudt.’
  3. Vert-vert. Journal sans abonnés, nû. 840 (29-12-1834), s. 2, mei fariante rigels 3 en 4: ‘Plaignez le voyageur qui ne laisse de trace / Que sur les pages d’un album!’. Ek opnommen yn La Semaine. Encyclopédie de la presse périodique 3, nû. 60 (31-12-1848), s. 935, ûnder de titel ‘Vers écrits sur l’album de Miss Hannah-Burke’, mar dat fynplak is fan letter datum as de ynskripsje fan ‘Willemine’.
Dit berjocht is delset yn Fynsten en tagd , , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.