Georg Trakl, Sang fan in finzen klyster

 
Sang fan in finzen klyster
Foar Ludwig von Ficker

Donkere amme yn de griene twigen.
Blauwe blomkes omsweve it antlit
Fan de iensume, waans gouden trêd
Weistjert ûnder de olivebeam.
Op fladdert mei dronkene wjuk de nacht.
Sa sêft bliedt deemoed,
Dau, dy’t stadich dript fan de bloeiende toarn.
Erbarmjen fan strieljende earms
Omfiemet in brekkend hert.

 

Gesang einer gefangenen Amsel
Für Ludwig von Ficker

Dunkler Odem im grünen Gezweig.
Blaue Blümchen umschweben das Antlitz
Des Einsamen, den goldenen Schritt
Ersterbend unter dem Ölbaum.
Aufflattert mit trunknem Flügel die Nacht.
So leise blutet Demut,
Tau, der langsam tropft vom blühenden Dorn.
Strahlender Arme Erbarmen
Umfängt ein brechendes Herz.

 

Ut Sebastian im Traum, 1915. Ofbylding: Brenner-Archiv, Universität Innsbruck. YouTube: Anton Webern, ‘Gesang einer gefangenen Amsel’, 1919, útfierd troch Françoise Pollet (sopraan) en it Ensemble Intercontemporain ûnder lieding fan Pierre Boulez.

Dit berjocht is delset yn Georg Trakl en tagd , , , . Bookmark de permalink.