NRC Handelsblad wie mar ien fan de kranten en omroppen dy’t begjin 2002 kritykleas omslikken op wat it Histoarysk Sintrum Ljouwert optsjinne hie. ‘Gedicht Mata Hari gevonden’, kopte de krante boppe in berjocht oer de fynst fan in poesyalbum mei dêryn in bydrage út 1888 fan de doe alve- of tolvejierrige Margaretha Zelle. Hoe no, hie de lettere femme fatale behalven dûnseres ek dichteres west?
‘Een tot nu onbekend gedicht van Mata Hari’ neamde NRC Handelsblad it ferske dat Margaretha skreaun hie yn it poesyalbum fan har skoalfreondinne Grytsje de Hoo.1 Sa’n formulearring giet de suggestje fan út dat Margaretha Zelle alias Mata Hari, nêst wat se fierders yn har tragyske libben allegearre útspûke, ek poëtysk warber west hie. In suggestje dy’t eksplisyt makke waard yn de kop boppe it berjocht dat it online poëzytydskrift Rottend Staal oan it nijs wijde: ‘MATA HARI SCHREEF OOK GEDICHTEN’.2
In foute suggestje. It Ljouwerter famke Margaretha Zelle skreau net sels gedichten, sy skreau gedichten oer. Soks is eigen oan poesyalbums, sa’t dat ek eigen wie oan de beide sjenres hânskriften dêr’t it poesyalbum út ûntstien is, it album amicorum en de persoanlike poëzyblomlêzing. Nim de bydrage dy’t Margaretha levere oan in oar poesyalbum, dat fan Ybeltsje Hoogslag.3 Dêr skreau se op 16 febrewaarje 1889 it folgjende ferske yn:
Als gij soms in stille stonden
Vreugde in uw album smaakt
En dit blaadje hebt gevonden
Denk dan wie ’t u heeft gezonden
’k Wensch dat ’t u gelukkig maakt
Dat ferske giet werom op it gedicht ‘In een album’, dat al yn 1832 publisearre waard, yn it Letterkundig magazijn, van wetenschap, kunst en smaak.4 De auteur, inkeld oantsjut mei ‘K.H.G.’, wie de predikant Koenraad Hendrik Greeven (1798–1876).5 Yn totaal telt ‘In een album’ 29 rigels; de seis dy’t Margaretha yn Ybeltsje har album sette, foarmje it slot. Margaretha sil de rigels wol net streekrjocht út dat Letterkundig magazijn fan 1832 oerskreaun hawwe. Sy hat se grif fûn yn in lettere boarne – yn in blomlêzing of foarbyldboekje bygelyks, of as blêdfolsel yn in krante of tydskrift. Dat ferklearret ek de farianten.
Itselde is sûnder mis it gefal mei it ferske dat Margaretha yn 1888 bydroech oan dat yn 2002 foar it ljocht kommen poesyalbum fan Grytsje de Hoo. Dat ferske gong sa:
Wilt gij alle klippen mijden
Van de groote levenszee.
Neem dan voor kaptein en stuurman
Deugd en achting met u mee.
Godsvrucht zij u tot matrozen.
En de vrijheid uw compas.
Moed uw Anker. Hoop uw zeilen
Tot bewaring dezer plas.
Hoe de golven dan ook slaan.
Gij landt wis behouden aan.
In boarne fan fóar 1888 haw ik noch net fûn (in kwestje fan tiid), mar lettere, net-publisearre fynplakken binne der wol. Inkeld dy fynplakken meitsje it al tige ûnwierskynlik dat Margaretha Zelle de betinker fan it ferske wêze soe. Twa fan de fynplakken binne it poesyalbum fan Idskia Postma (Konsenylje, 10-12-2022) en it hjirûnder beskreaune poesyalbum fan har dochter Klaaske Anema (1911–1994).
It poesyalbum fan Klaaske stekt yn in bân fan pears flewiel mei op it foarplat twa hoekstikjes en in klaverfjouwer fan sulverkleurich blik. Nei in tekstleaze ‘titelside’, beprinte mei blaublomkes en in lânskipke, folgje fjirtjin bydragen, dêr’t acht fan fersierd binne mei ien oant seis poesyalbumplaatsjes. It is in typysk famyljepoesyalbum: tolve fan de fjirtjin bydragen binne fan famyljeleden.
De bydragen binne pleatst op mar fiif ferskillende dagen: op 8 jannewaarje 1922 yn Froubuorren (nû. 1–2), op in dei yn maart 1922 yn Wurdum (nû. 3–6), op 12 maart 1926 yn Stiens (nû. 7–8), op in dei yn maaie 1927 yn de buorskip Burstum (nû. 11) en op 8 oktober 1927 yn Feanwâlden (nû. 9–10, 12–14). Dy deis yn maart 1922 wie Klaaske mei har mem Idskia op besite by pake en beppe oan memmekant yn Wurdum, dêr’t ek noch twa ûngetroude tantes wennen. Behalven it poesyalbum fan Klaaske waard ek dat fan Idskia doe oanfolle. Yn beide albums die beppe (nû. 3) de bydrage fan pake (nû. 4) der mar even by.
De bydragen oan it poesyalbum fan Klaaske Anema binne fan:
1. Idskia Postma, Froubuorren, 08-01-1922. Klaaske har mem. It gedicht ‘Het klaverblad’ fan Albert Evert Carl van Someren (1821–1890), 16 (oarspronklik 4×4) rigels, sûnder de titel.6
Berne Wurdum 30-03-1887, ferstoarn Ljouwert 27-12-1964, dochter fan Bouke Pieter Postma (1860–1937, nû. 4) en Klaaske Bosma (1861–1935, nû. 3), troud Ljouwerteradiel 07-12-1910 mei Tiete Anema (1885–1944, nû. 2).
2. Tiete Anema, Froubuorren 08-01-1922. Klaaske har heit. Gedicht, 10 rigels, earste rigel ‘Kindlief ik wensch U het beste’.
Berne Tsjom 07-11-1885, ferstoarn Froubuorren 17-04-1944, soan fan Jacob Anema (1855–1941) en Antje Westra (1858–1909), troud Ljouwerteradiel 07-12-1910 mei Idskia Postma (1887–1964, nû. 1).
3. Klaaske Bosma, Wurdum 03-1922. In beppe fan Klaaske. Gedicht, 10 rigels, eerste rigel ‘Wilt gij alle klippen mijden’.7
Berne Bears 22-11-1861, ferstoarn Wurdum 22-09-1935, dochter fan Pieter Bosma (1830–1908) en Janke van der Hem (1832–1898), troud Ljouwerteradiel 09-05-1885 mei Bouke Pieter Postma (1860–1937, nû. 4).
4. Bouke Pieter Postma, Wurdum, 03-1922. In pake fan Klaaske. Gedicht, 20 rigels, earste rigel ‘Van twee bloemen wil ik spreken’.8
Berne Grou 08-11-1860, ferstoarn Wurdum 05-05-1937, soan fan Klaas Postma (1824–1909) en Jetske Visser (1827–1899), troud Ljouwerteradiel 09-05-1885 mei Klaaske Bosma (1861–1935, nû. 3).
5. Janke Postma, Wurdum, 03-1922. In tante fan Klaaske. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Ga door ’t leven moedig voort’.
Berne Wurdum 04-01-1886, ferstoarn Wurdum 30-11-1945, dochter fan Bouke Pieter Postma (1860–1937, nû. 4) en Klaaske Bosma (1861–1935, nû. 3), net troud.
6. Fettje Postma, Wurdum, 03-1922. In tante fan Klaaske. Gedicht, 14 rigels, earste rigel ‘Rozen en doornen, donker en licht’.9
Berne Wurdum 08-05-1904, ferstoarn Ljouwert 18-01-1982, dochter fan Bouke Pieter Postma (1860–1937, nû. 4) en Klaaske Bosma (1861–1935, nû. 3), net troud.
7. ‘Ypie’ = Ybeltje Minke Hoogland, Stiens, 12-03-1926. Gedicht, 4 rigels, earste rigel ‘Ik ben een bloempje zwak en teeder’.
Berne Frjentsjer 19-10-1912, ferstoarn Noardburgum 03-05-1992, dochter fan Johannes Hoogland (1879–1917) en Tjimkje van der Velde (1881–1950, nû. 8), troud Ljouwerteradiel 07-11-1934 mei Schelte Brandsma (1908–1985).
8. Tjimkje van der Velde, Stiens, 12-03-1926. Gedicht, 6 rigels, eerste rigel ‘Weinig letters heb ik noodig’.10
Berne Lekkum 13-11-1881, ferstoarn Jelsum 24-09-1950, dochter fan Pier van der Velde (1853–1926) en Ybeltje Jansma (1858–1923), troud 1. Ljouwerteradiel 24-03-1906 mei Johannes Hoogland (1879–1917), troud 2. Ljouwerteradiel 13-11-1919 mei Hendrik Tuininga (1872–1942), widner fan Hijke Bakker (1876–1916).
9. Simon Klaas Sipma, Feanwâlden, 08-10-1927. In neef fan Klaaske. ‘Kort en Goed. | Mijn wensch is klein. | Klaaske je zult gelukkig zijn.’
Berne Froubuorren 19-12-1905, ferstoarn Wûns (offisjeel: It Hearrenfean) 17-04-1945, soan fan Gerben Sipma (1872–1937, nû. 12) en Trijntje Anema (1881–1963, nû. 10), troud Dantumadiel 18-06-1932 mei Elisabeth Veenstra (1907–1986). Lid fan it ferset; ferstoarn oan de ferwûnings dy’t er oprûn yn in fjoergefjocht mei Dútske soldaten ûnder Ingwier by Makkum.11
10. Trijntje Anema, Feanwâlden, 08-10-1927. In tante fan Klaaske. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Zij uw leven als viooltje’.
Berne Tsjom 22-06-1881, ferstoarn Feanwâlden 05-10-1963, dochter fan Jacob Anema (1855–1941) en Antje Westra (1858–1909), troud Frjentsjerteradiel 30-05-1903 mei Gerben Sipma (1872–1937, nû. 12).
11. Antje Sipma, Burstum (tusken Grou en Akkrum), 05-1927. In nicht fan Klaaske. Lêste strofe fan ‘De landelijke spiegel’ troch Frederikus Hendrikus van Leent (1830–1912), 4 rigels, sûnder de titel.12
Berne Froubuorren 19-05-1904, ferstoarn It Hearrenfean 20-03-1961, dochter fan Gerben Sipma (1872–1937, nû. 12) en Trijntje Anema (1881–1963, nû. 10), troud Frjentsjerteradiel 09-04-1925 mei Anne Voolstra (1904–1972).
12. Gerben Sipma, Feanwâlden, 08-10-1927. In omke fan Klaaske. Gedicht, 8 rigels, earste rigel ‘Zocht gij vergeefs een roosje’.
Berne Froubuorren 23-02-1872, ferstoarn Feanwâlden 04-03-1937, soan fan Siemen (ek Symen) Sipma (1824–1904) en Grietje de Jong (1830–1903), troud Frjentsjerteradiel 30-05-1903 mei Trijntje Anema (1881–1963, nû. 10).
13. Grietje Sipma, Feanwâlden, 08-10-1927. In nicht fan Klaaske. Earste twa strofes fan ‘De waarde van een goed hart’ troch Johann Nepomuk Christoph Friedrich Schmid (sûnt 1837 von Schmid, 1768–1854), 8 (oarspronklik 2×4) rigels, sûnder de titel.13
Berne Tsjom 21-04-1909, ferstoarn Dokkum 30-05-1990, dochter fan Gerben Sipma (1872–1937, nû. 12) en Trijntje Anema (1881–1963, nû. 10), troud Dantumadiel 12-05-1934 mei Steffen Riemersma (1902–1983).
14. Jeltje Sipma, Feanwâlden, 08-10-1927. In nicht fan Klaaske. Gedicht, 5 rigels, earste rigel ‘Zooals de schoone lentetijd’.
Berne Tsjom 13-05-1911, ferstoarn Hurdegaryp 24-01-2010, dochter fan Gerben Sipma (1872–1937, nû. 12) en Trijntje Anema (1881–1963, nû. 10), troud Tytsjerksteradiel 21-05-1938 mei Dirk Vriesema (1908–1993).
Noaten
- Histoarysk Sintrum Ljouwert. Sjoch ûnder mear NRC Handelsblad, 12-01-2002; Friesch Dagblad, 12-01-2002; Nieuwsblad van het Noorden, 12-01-2002; Omrop Fryslân, 11-01-2002.
- Rottend Staal, jannewaarje 2002.
- Ljouwert, Fries Museum, D2005-462.
- Letterkundig magazijn, van wetenschap, kunst en smaak. Voor het jaar 1832, tweede stuk, Amsterdam 1832, s. 432.
- Sjoch oer him Biographisch woordenboek van protestantsche godgeleerden in Nederland, diel 3,
’s-Gravenhage 1919–1931, s. 331–332; Nieuw Nederlandsch biografisch woordenboek, diel 6, Leiden 1924, kol. 629. - A.E.C. van Someren, ‘Het klaverblad’, Christophilus. Christelijk jaarboekje voor 1844, jiergong 4, Nijmegen 1843, s. 84. Ek yn de poesyalbums fan Petronella Andringa yn in net datearre bydrage (Tresoar, Ljouwert), Fetsje Postma (nû. 6) yn in bydrage fan Klaaske Bosma (nû. 3) út 1916 (eigen kolleksje) en Idskia Postma (nû. 1) yn in bydrage út 1922 (eigen kolleksje). Fierders M.L. van Albada, Poësie. Zes generaties albumversjes, Midlaren 1984, s. 117, yn bydragen fan 1874 ôf.
- Ek yn de poesyalbums fan Grytsje de Hoo yn in bydrage fan Margaretha Zelle (letter bekend as Mata Hari) út 1888 (Histoarysk Sintrum Ljouwert) en Idskia Postma (nû. 1) yn in bydrage út 1922. Fierders Van Albada 1984, s. 100, yn in bydrage út 1980.
- Ek yn it poesyalbum fan Fetsje Postma (nû. 6) yn in bydrage út 1916.
- Van Albada 1984, s. 118, yn in bydrage út 1882. Ek yn it poesyalbum fan Fetsje Postma sels yn in bydrage fan Idskia Postma (nû. 1) út 1916. It gedicht befettet in rigel, ‘Leeven is lieven en lieven is leven’, dy’t oarspronklik út it gedicht ‘Lieven en leven’ fan Abraham des Amorie van der Hoeven (1821–1848) komt; sjoch Abm. des Amorie van der Hoeven jr., Proza en poëzy, Leeuwarden 1850, s. 224–225.
- Ek yn de poesyalbums fan Saakje Obma yn in bydrage út 1894 (Admiraliteitshûs, Dokkum), Petronella Andringa yn in bydrage út 1898, Antsje Toornstra yn bydragen út 1901 en 1919 (Admiraliteitshûs, Dokkum), Fetske Hemminga yn in bydrage út 1915 (Tresoar, Ljouwert) en Fetsje Postma (nû. 6) yn in bydrage út 1918.
- Sjoch de websites fan de Oorlogsgravenstichting en fan de Stichting Sneek 1940–1945.
- F.H. van Leent, ‘De landelijke spiegel’, Cornelia. Damesalmanak voor het schrikkeljaar 1876, Utrecht [1875], s. 19.
- Christoph Schmid, ‘De waarde van een goed hart’, Bloesems, toegewijd aan den bloeijenden leeftijd. Gedichten voor de jeugd, vertaald door W.N. Peijpers, Amsterdam [1856], s. 46.