Tag Archives: Georg Trakl

Georg Trakl, Wintersang yn a-mineur

  Wintersang yn a-mineur Der drûpe reade kûgels út de tûken, Troch lange sniefal stiloan swart en swier. De paap bekrúst de deade op de bier. Nachts tilt it op fan de bemomme spûken. Dan strike oer it doarp ferwaaide … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, Wintersang yn a-mineur

Georg Trakl, De sliep

  De sliep Ferflokt jim donkere fergiften, Wite sliep! Dizze o sa singeliere tún Fan skimerjende beammen Fol slangen, nachtflinters, Spinnen, flearmûzen. Frjemdling! Dyn ferlerne skaad Yn it jûnsrea, In tsjustere frijbûtser Yn de silte see fan drôfnis. Op fladderje … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, De sliep

Georg Trakl, Sang fan de ûntfallene

  Sang fan de ûntfallene Oan Karl Borromaeus Heinrich Fol harmonyen is de flecht fan de fûgels. De griene wâlden Hawwe harren jûns ta stillere hutten fergearre; De kristallen greiden fan de ree. Tsjusternis besêftet it reauntsjen fan de beek, de dampe … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, Sang fan de ûntfallene

Georg Trakl, Ballade

  Ballade In dwaas skreau trije tekens yn sân, Doe stie der in bleke faam op it strân. Lûd song de see, sa lûd. Sy hold in beker yn de hân, Dêryn oan de râne ta in glâns, Sa read … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, Ballade

Georg Trakl, Neibyens fan de dea

  Neibyens fan de dea O de jûn dy’t yn de tsjustere doarpen fan de bernetiid lûkt. De fiver ûnder de wylgen Rint fol mei de ferpeste suchten fan de swiermoedigens. O it wâld dat sêft de brune eagen delslacht, As út … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, Neibyens fan de dea

Georg Trakl, De swiermoedigens

  De swiermoedigens Machtich bisto donkere mûle Yn ’t binnenst, út hjerstwolkens Foarme stal, Fan goudene jûnsstilte; In grienich skimerjende berchstream Yn tebrutsen sparren Harren skaadfjild; In doarp Dat from yn brune bylden ôfstjert. Dêr springe de swarte hynders Yn … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, De swiermoedigens

Georg Trakl, In hjerstjûn

  In hjerstjûn Oan Karl Röck It brune doarp. Faak sjochst in tsjuster gliden, Op paad, lâns muorren dy’t yn hjersttiid stean, Figueren: man en frou, ferstoarnen gean Ta koele keamers yn dy’t sliepplak biede. Hjir boartsje knapen. Swiere skaden … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged , | Comments Off on Georg Trakl, In hjerstjûn

Georg Trakl, Underweis

  Underweis Jûns droegen sy de frjemdling de roukeamer yn; In rook fan tarre; it sêfte rûzen fan reade platanen; De donkere flecht fan de kaen; op it plein waard wacht hâlden. De sinne is yn swart linnen weisonken; hieltyd … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, Underweis

Georg Trakl, Rêst en swijen

  Rêst en swijen Herders begroeven de sinne yn it keale wâld. In fisker luts Yn in hierren net de moanne út de froastige fiver. Yn blau kristal Wennet de bleke minske, it wang lynjend tsjin syn stjerren; Oars bûcht … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, Rêst en swijen

Georg Trakl, Geastlike skimer

  Geastlike skimer Stilte moetet by de seam fan it wâld In donker wylddier; By de heuvel falt súntsjes de jûnswyn, Ferstomt de klacht fan de klyster, En de sêfte fluiten fan de hjerst Swije yn it reid. Op in … Continue reading

Posted in Georg Trakl | Tagged | Comments Off on Georg Trakl, Geastlike skimer