{"id":10717,"date":"2017-11-12T13:00:23","date_gmt":"2017-11-12T12:00:23","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=10717"},"modified":"2017-11-13T19:35:58","modified_gmt":"2017-11-13T18:35:58","slug":"brieven-foar-wa","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=10717","title":{"rendered":"Brieven foar wa"},"content":{"rendered":"<ul>Oer: Tryntsje van der Veer, <em>Brieven oan dy<\/em> \/ <em>Letters to you<\/em>, Uitgeverij Louise, Grou \/ Binnent\u00fan, Burgum 2016.<\/ul>\n<p><em>Brieven oan dy<\/em>, in oblong boekje mei op de foarkant yn (printe) h\u00e2nskrift de titel, hat op de achterkant swarte kontoeren dy\u2019t de konstruksje fan in sl\u00faf oanjouwe. It boek hat it foarkommen fan in k\u00fbvert, mei op de klep, opnij yn h\u00e2nskrift, de namme fan de skriuwster en \u00f4fstjoerster, Tryntsje van der Veer.<\/p>\n<p><strong>Track &#038; trace<\/strong><\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Tryntsje-van-der-Veer-Brieven-oan-dy-01-300x203.jpg\" alt=\"\" width=\"270\" height=\"183\" class=\"alignright size-medium wp-image-10718\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Tryntsje-van-der-Veer-Brieven-oan-dy-01-300x203.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Tryntsje-van-der-Veer-Brieven-oan-dy-01-768x519.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Tryntsje-van-der-Veer-Brieven-oan-dy-01-1024x691.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Tryntsje-van-der-Veer-Brieven-oan-dy-01.jpg 1481w\" sizes=\"(max-width: 270px) 100vw, 270px\" \/>Befettet dit boek yndie brieven? De trije kear <nobr>s\u00e2n koarte<\/nobr> teksten dy\u2019t yn \u2019e kearn de ynh\u00e2ld \u00fatmeitsje, hawwe mear wei fan fersen. Se hawwe gjin datearring, oanhef, \u00f4fslutende groet of \u00fbndertekening. Wol binne se titele, omj\u00fbn troch in soad wyt en \u00fbnderbrocht yn skiften, sa\u2019t yn dichtbondels wenst is. Boppedat is de taal keal, frij fan de praatskens dy\u2019t brieven (e-mails, sms\u2019kes) ornaris oanklibbet.<\/nobr><br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Men soe dus tinke kinne in dichtbondel yn hannen te hawwen, mar Tryntsje van der Veer sels neamt <em>Brieven oan dy<\/em> in novelle. Dat is sa gek noch net. Der is in setting, tiidsferrin en (it fermoeden fan) in plot, en der binne protagonisten \u2013 net mear as twa, in \u2018ik\u2019 en in \u2018do\u2019, mar foar in ferhaal is dat gen\u00f4ch, ek al hat de do hjir in folslein passive rol. <nobr>It ferhaal<\/nobr> is narratyf lykwols earm en mist dynamyk: der bart suver neat.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;De ik hat dist\u00e2nsje fan th\u00fas nommen, is op reis gongen en sit tydlik yn in fiskersdoarp mei in kleaster, safolle is d\u00fadlik. Ferwidering yn har relaasje mei de do set oan ta retr\u00eate, ta besinning, mar ek ta \u00fatwikseling, wat dan needsaaklikerwize kontakt-op-\u00f4fst\u00e2n wurde moat: \u2018Ik longerje om mei dy te praten, mar it is \u00fbnmooglik. \/ D\u00earom skriuw ik.\u2019 By de wei fan brieven besiket sy ta in nije ferst\u00e2nh\u00e2lding te kommen, mar wurde har brieven wol l\u00eazen, lit stean be\u00e4ntwurde?<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;\u2018Hasto in namme? Oan wa skriuw ik?\u2019 freget de ik op in stuit de oanskreaune. Soms liket it even oft dy transformearret yn in alter ego fan de ik, of yn de skriuwster sels. <nobr>It skriuwen<\/nobr> is benammen in mentale reis, in foarm fan autoterapy faaks, in persoanlike <em>track &#038; trace<\/em>: w\u00ear befyn ik my no? De brieven lykje dan ek net altiten ferstjoerd te wurden; se te skriuwen is miskien al gen\u00f4ch: \u2018Skriuwe makket my sterker.\u2019<\/p>\n<p><strong>Omballings<\/strong><\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Tryntsje-van-der-Veer-Brieven-oan-dy-02-300x203.jpg\" alt=\"\" width=\"270\" height=\"183\" class=\"alignright size-medium wp-image-10719\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Tryntsje-van-der-Veer-Brieven-oan-dy-02-300x203.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Tryntsje-van-der-Veer-Brieven-oan-dy-02-768x520.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Tryntsje-van-der-Veer-Brieven-oan-dy-02-1024x693.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Tryntsje-van-der-Veer-Brieven-oan-dy-02.jpg 1477w\" sizes=\"(max-width: 270px) 100vw, 270px\" \/>Al skriuwend siket de ik: \u2018Ik kin net libje s\u00fbnder te sykjen nei betsjutting.\u2019 Tagelyk jildt foar har: \u2018It giet oer sykjen, mear as oer finen.\u2019 Mar ek: <nobr>\u2018De treast<\/nobr> fan it sykjen. \/ De needsaak dy te finen.\u2019 Wat sy oan betsjutting fynt, is nammers <nobr>it klisjee<\/nobr> it neist: \u2018Boppe it kleaster seach ik in fallende stjer.\u2019 Mar oer it hoe en wat fan dat sykjen binne de teksten \u00fbnbestimd, se biede amper gryp of byt, se bliuwe o sa partikulier.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Alle ekstra\u2019s om de eigentlike teksten hinne feroarje d\u00ear neat oan. Dat fan de teksten ek Ingelske oersettings opnommen binne, kin op himsels gjin kwea, mar w\u00earom rinne de Fryske en de Ingelske ferzjes faken \u00fbnnedich fier by inoar wei? En lit de neidruklike foarmjouwing fan Ankemarije Dam, mei papier en printwurk yn trije kleuren, noch ta dat de teksten selsstannich sykhelje? En krije se wol gen\u00f4ch lucht, ynklamme as se binne tusken in \u2018Foaropwurd\u2019 dat feitlik in te wiidweidich kolofon is, en in \u2018Kolofon\u2019 dat \u00fat mar leafst tsien namkaartsjes fan by it boek belutsenen bestiet, mei in Goed Doel deropta?<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Wat is nammers de mearwearde foar de teksten fan de trije yllustraasjes fan Hendrik Elings? En wat dy fan de bysletten cd, mei foardrachten fier \u00fbnder FeRstival-nivo, mei <em>healing music<\/em>, seeger\u00fbs en kobbegjalpen, plus in \u00fatfiering fan in koarwurk dat de skriuwster begeastere hat mar gjin ferbining leit mei har teksten? Goed, de beide rigels d\u00ear\u2019t se har l\u00easte tekst mei besl\u00fat, hat se opheind \u00fat dat sjongstik; de boarne foar dy rigels is lykwols <nobr>Habakkuk 2.<\/nobr><br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;It binne omballings by as brieven brochte teksten, bedoeld foar ien-op-ien kontakt. <nobr>Hat de<\/nobr> skriuwster gjin betrouwen yn de oerdraachberens fia net-opsnolke taal? Mar wat moat de keaper en l\u00eazer fan <em>Brieven oan dy<\/em> dan noch? Of giet dy te fier as er him as oanskreaune besiket op te stellen? Foar wa is dizze \u00fatjefte op \u2019e merk brocht?<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Oer: Tryntsje van der Veer, Brieven oan dy \/ Letters to you, Uitgeverij Louise, Grou \/ Binnent\u00fan, Burgum 2016. Brieven oan dy, in oblong boekje mei op de foarkant yn (printe) h\u00e2nskrift de titel, hat op de achterkant swarte kontoeren &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=10717\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[112],"tags":[596,597,598],"class_list":["post-10717","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-2009-2017","tag-ankemarije-dam","tag-tryntsje-van-der-veer","tag-hendrik-elings"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/10717"}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=10717"}],"version-history":[{"count":59,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/10717\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":10781,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/10717\/revisions\/10781"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=10717"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=10717"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=10717"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}