{"id":1110,"date":"2013-01-28T02:00:00","date_gmt":"2013-01-28T01:00:00","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1110"},"modified":"2020-05-19T16:00:09","modified_gmt":"2020-05-19T14:00:09","slug":"krommen-fan-de-lestafel","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1110","title":{"rendered":"Krommen fan de l\u00eastafel"},"content":{"rendered":"<ul>Oer: Piter Yedema, <em>Lieten fan de flakte<\/em>, Lykele Jansma, Stynsgea 1988.<br \/>\nJac. Dykstra, <em>Op \u2019e kear<\/em>, Koperative Utjowerij, Boalsert 1988.<br \/>\nAcht yllustrearre po\u00ebzijkaarten, \u00fatj\u00fbn troch Operaesje Fers, 1988.<\/ul>\n<p><b>\u2018As it oansyk komt: reedzje \u00fas wat po\u00ebzije\u2019<\/b><\/p>\n<p>Hat de po\u00e8te maudit Piter Yedema it folk ferbjusterje wollen mei in publikelik \u00f4fleine masterproef, mei in huzarestikje faaks? <em>Lieten fan de flakte<\/em> wekket yn earste oanlis dy yndruk al. De reaksje fan de spraakmeitsjende gemeente \u2013 in folle side yn de <em>LC<\/em>! \u2013 wie navenant.<\/p>\n<p>In namdicht by wize fan opdracht d\u00earlitten, befettet dizze bondel \u2013 nei it \u00fbnderwurdearre <em>Boarring<\/em> (1987) Yedema syn twadde \u2013 inkeld \u2018villanellen\u2019; fillanellen dus, dy\u2019t harren skaaimerke troch fiif trije- en in \u00f4fslutende fjouwerrigel mei <em>aba(a)<\/em>-rym op twa rymklanken (ien steand en ien slepend) en twa stockrigels, dy\u2019t elts fjouwer kear op f\u00easte plakken opd\u00fbke. Benammen dat l\u00easte \u2013 acht fan de njoggentjin rigels lizze fan begjin \u00f4f oan f\u00east \u2013 lit net folle romte mear oer foar de \u00fbntjouwing fan kompleksere gedachten. De \u00fat it Sisyljaanske herdersdicht \u00fbntstiene fillanelle liket allinne gaadlik foar natuer- en leafdeslyryk.<\/p>\n<p>Yedema hat lykwols folle mear op \u2019e lever as mei goed fatsoen yn in fillanelle opslein wurde kin. En dan bart der wat nuveraardichs: oan \u2019e iene kant toant \u00fas wandering poet hoe\u2019n protte er dan dochs mar binnen dat twingende ramt sl\u00fbkje kin, oan \u2019e oare kant \u00fbntrint er bytiden ek mei fl\u00ear de friksje tusken foarmeasken en de te realisearjen ynh\u00e2ld. Net dat er de sels opwurpen barri\u00eares altiten like elegant nimt: sa giet it rym no en dan mank (\u2018fearboat\u2019 : \u2018Noard\u2019) en misse stockrigels gauris oansluting mei harren direkte kontekst (\u2018\/\/ En bin de farrensplannen ris \u00fbntspoard \/ By neare nacht kin ek de fisker dwile. \/ <em>De wurge skippen fan de wolkefloat.<\/em> \/\/\u2019). Mar is it net syn taalfirtuositeit d\u00ear\u2019t er in \u00fatwei mei siket, dan is it dochs faker humor as \u00fbnbedoelde knoffeligens.<\/p>\n<p>\u2018Villaneltsje skriuwe h\u00e2ldt wat yn \/ Op jin iepenst moat men w\u00eaze\u2019; mar oan dy fillanelle an sich siet Yedema dochs noch te min byt. Dat yn acht fillanellen hat er himsels de opjefte steld ien of beide stockrigels (en ienris ek noch in tredde rigel) te \u00fbntlienen oan wurk fan Gysbert Japicx oant Tsjits Peanstra. Ek is der ien by dy\u2019t tagelyk in (wat forsearre) akrostichon foarmet (\u2018Ria vorenamer Gaastra\u2019), en de pyksetter is in yn \u2019e mande mei Tsj\u00eabbe Hettinga skreaune \u2018d\u00fbbelfillanelle\u2019. In stockrigel \u00fat de earste fillanelle komt nammers as sadanich yn de l\u00easte werom. En o ja, behalven dat de bondel kreas yn fjouwer skiften ferdield is, telt er likefolle fillanellen as in fillanelle rigels&#8230;<\/p>\n<p>Dochs leau ik net dat al dat \u2013 faken minder needsaaklike \u2013 konstruearjen doel op himsels west hat. D\u00ear hat Yedema tefolle \u2018boadskip\u2019 foar, oft it no om in \u00fatnoeging ta mesenaat giet (\u2018Dit versje is voldoend bewijs \/ U kunt bij mij er een bestellen\u2019), om in ode op \u00fas beider bertest\u00ead (\u2018In Bolsert is it meeste nyt te r\u00eaden\u2019), of om de Fryske skriftekennisse yn sosjopolityk perspektyf (\u2018Rein Brol fers\u00fbpt yn poepske prizen \/ Proai yn \u2019e kloeren fan de earn\u2019). De toan fan syn meidielsumens is dy fan in ambachtsman noch dy fan in dragonder; it is it swierige mar \u00fbnpolyste l\u00fbd fan in gildebroer fan de blauwe sk\u00fbte.<\/p>\n<p><b>Blue, bleu, blau-blau<\/b><\/p>\n<p>It emosjonele palet fan Jac. Dykstra syn twadde bondel is tige monogroom: mankelikens is de iennichste moedsoandwaning d\u00ear\u2019t syn stimmingspo\u00ebzij mei ynpinsele is. Inkeld in setting fan de ik mei in figurante yn in rekreatyf natuergebiet lit it koloryt in nu\u00e2nse \u00fatskaaie nei in soarte fan \u2018Resignation\u2019, delb\u00eade langstme nei&#8230; ja, nei wat.<\/p>\n<p>Ynh\u00e2ldlik is der yn de 24 fersen en ferskes fan <em>Op \u2019e kear<\/em> net folle te r\u00eaden. It str\u00e2n fan Kamperd\u00fan, de bosk by Riis en de bergen by Enscherange (L\u00faks.) resultearje yn trijeris in oktaaf Natureingang plus in sekstet wifelriedich treastgjen. In steal oare fersen skimeret de oanset ta in lytse stoarje yn troch, skoalsk gear te fetsjen ta: ferwidering fan en besinning op in relaasje, mei \u2018E.\u2019 faaks as it objekt fan in nijenien \u2013 in popul\u00ear motyf yn de Fryske tachtigers-lyryk, dy\u2019t yn dat opsicht in desennium neikomt. Mar drama, idee en katarsis \u00fbntbrekke.<\/p>\n<p>De sammeltitel \u2018Syklus\u2019 foar fiif terzinen fan it type \u2018Dy droege sleatsw\u00e2l; \/ djip bewoartele stobben \/ fandelje wat grien\u2019 liket al in tematyske \u00fbntjouwing oan te tsjutten, mar blykt oars net as in hantsjefol mei-inoar en mei safolle (Frysk) natuerdicht ynwikselbere natuerympressytsjes beflappe te moatten. Hie Jelle Kaspersma al net ris in sleatsw\u00e2l fol kr\u00fbden, en w\u00ear bliuwt de soere rein; ik bedoel, giet ditsoarte po\u00ebzij eins noch earne oer? In besef fan fergonklikens dat fan en ta in wurdmannich meisprekt, driget allinne wat yn de deadskoppen op twa fan de fjouwer yllustraasjes, fan de h\u00e2n fan Dykstra sels. In ynh\u00e2ldlike \u00fbnbestimdens s\u00fbnder eigen ympakt typearret de bondel fan begjin oant ein.<\/p>\n<p>De evenredigens dy\u2019t men d\u00ear net oan \u00fbntsizze kin, komt \u00fatsprutsener, mar net positiver, ta utering yn foarm en styl; it earste tradysje noch fernijing mar gauris haik\u00fb- of sonnetterich, it twadde ferheven noch aldendeisk mar gauris sabeare-dichterlik arga\u00efsearjend. Yn beide wurdt neat oeral helle of foar eigen kar nommen , of it moast dat wat bestoarne en tagelyk m\u00fbtele (\u2018s\u00eafte r\u00fbnings\u2019, \u2018bliere t\u00fat\u2019) wurdeigen w\u00eaze, mei de \u2018leaden f\u00fbgel\u2019 op s. 6 as geunstige \u00fats\u00fbndering \u2013 as myn ynterpretaasje teminsten doocht, en ek dan noch leit \u2018dy wurge gloede\u2019 (s. 39) deroerhinne.<\/p>\n<p>Net om \u2019e nocht is de hiele bondel printe yn de tint fan E. har eagen: Jac. Dykstra is in romantysk dichter. Mar in kwestje fan kleur bekenne is dat amper: <em>Op \u2019e kear<\/em> is te timide en tem\u00fbk om de l\u00eazer yn \u2019e besnijing te krijen, him nei eigen bewustw\u00eazen te tantsjen of ta wjerwurd te stikeljen. Winliken kin er yn de stiltes\u00f4nes fan dizze bondel wol mist wurde: de dichter is himsels gen\u00f4ch.<\/p>\n<p>Goed begripe, <em>Op \u2019e kear<\/em> is och sa\u2019n kwea boekje noch net. Technysk is it hechter as syn foargonger <em>Boppe in spande r\u00each<\/em> (1984), it wurdboek is in trouhertich gebr\u00fbk fan makke, it sjocht der himmel \u00fat en it tal korreksjeflaters bruit noch hinne. Spitich dat soks hjirre de po\u00ebzij nammerstemear gl\u00eadstrykt en \u00f4fflakket. <em>Op \u2019e kear<\/em> lit jin blau-blau, en makket suver sehnsuchtsvoll nei romantisisme pur sang, mei de kleuren fan stjurre bloed en aadlik fleis.<\/p>\n<p><b>Lit ris wat fan jo hearre<\/b><\/p>\n<p>Ek by har fjirde lustrum komt Operaesje Fers mei in presintsje. Ferskynde der by it tredde in l\u00fbdban-mei-tekstboek, diskear bringt de stichting acht yllustrearre po\u00ebzijkaarten \u00fat. Earder publisearre fersen fan Froukje Annema, Berber van der Geest, Sybe Krol, Reinder van der Leest, Tiny Mulder, Fedde Schurer, Sjoerd Spanninga en Theun de Vries binne foar dizze gelegenheid yllustrearre troch respektivelik Jan Kooistra, Meinte Walta, Vera Reuvekamp, Anne Woudwijk, Anne Stoer, Wim van der Veer, Jan Murk de Vries en Abe Gerlsma.<\/p>\n<p>OF is \u00fbntstien \u00fat in mienskiplik stribjen om molkefarsk dichtwurk flot oan \u00f4f- en ynnimmers te helpen, of wie it krekt oarsom? Yn alle gefallen wie dat \u2018drompelferleegjende\u2019 kollektivisme de wite moter, wat paste yn dy kwotaleaze tiid fan keunst-de-dyk-op-en-it-doarpsh\u00fbs-yn. Wa\u2019t it blommige OF-finjet \u00fbnder eagen krijt of oer de dichterstillefoan dat wiffe yntrootsje fan synthesizede harpeklanken heart, mocht noed hawwe op in jierren sechtich-relikt te stuitsjen. Dit nijste inisjatyf bewiist lykwols wer dat OF de sliep \u00fathat.<\/p>\n<p>Oerienkomstich dy oarspronklike doelstelling soarget OF foar in fariearre oanbod, oer de tillefoan likegoed as mei dizze kaarten. Mar net eltse fraach hoecht om my oan foldien te wurden: \u2018Lok\u2019 fan Annema (\u2018Lok fynst yn it earste \/ glimke fan dyn bern, \/ lok fynst yn de wize \/ eagen fan dyn mem\u2019, ensfh.) is hjirre de keunstmolke \u00fbnder de suvelprodukten. Opfallend is de opname yn it pakket fan de evergreens \u2018Indian summer\u2019, \u2018Wille\u2019 en benammen \u2018Bitterswiet\u2019, d\u00ear\u2019t in folle jonger fers as \u2018Mimering\u2019 fan Krol hopeleas \u00e2ldmannich tsjin \u00f4fstekt. Hat OF oantoane wollen dat de oldtimers it publyk net fakern\u00f4ch foarriden wurde kinne? Ik stap daalk yn.<\/p>\n<p>De ferh\u00e2lding tusken tekst en yllustraasje is hieltyd wer in behyplike saak. Wat hie Woudwijk better dwaan kinnen as Van der Leest syn (sels)spotske \u2018Striidfers\u2019 tatoe\u00ebarje yn sa\u2019n plestiken VVV-replika fan syn (hooplik allyksa bedoelde) Grutte Pier? Mar nee, de aks deryn. Omke Meinte hie winliken in beam tekenje wollen, mar dy komt yn Berber har fers net foar, dat it is in houten h\u00e2n wurden, mei grien \u00fatbotsjende fingerseinen. En hie Reuvekamp in kante jongfeint modellearre yn stee fan dat spjochtige puberfanke, dan hie ek de dichter sels de kaart foar syn amoereuze korrespondinsje br\u00fbke kinnen.<\/p>\n<p>Gekhyd fansels, mar it probleem fan hoe in gedicht te ferbyldzjen s\u00fbnder it te \u00fbntl\u00fasterjen bliuwt bestean. Inkeld de beide net-sinjearjende yllustratoaren is it neffens my slagge om harren bydrage s\u00fbnder raffels mei de tekst te befrisseljen: ien yn \u00fbngeunstige en ien yn geunstige sin. De akwarel fan Kooistra \u2013 see, str\u00e2n en in trijekoppich gesintsje \u2013 kr\u00fbpt it rymstikje fan Annema likefolle op \u2019e lije side as Annema dat Kooistra l\u00eastlyn die yn sa\u2019n <em>Frysk &amp; Frij<\/em>-fraachpetear fan har. Anne Stoer d\u00eartsjinoer is it slagge it dochs al sa brekbere \u2018Bitterswiet\u2019 mei de meast ekonomyske middels sa hoeden te \u2018fisualisearjen\u2019 dat it liet de b\u00east tinkbere optyske begelieding meikrigen hat.<\/p>\n<p>Gun de PTT in noch hegere winst en josels en jo kunde wat wille: bel\u00fasterje op n\u00fbmer 058-131313 twaris wyks alwer sa\u2019n Frysk fers en stjoer jo favorite kaart(en) de wr\u00e2ld oer. Operaesje Fers komt dan by har sulveren jubileum of earder grif mei wat noch moaiers. \u2013 No inkeld it finjet en dat rideltsje noch.<\/p>\n<ul>Earder publisearre yn <em>Trotwaer<\/em> 20 (1988), n\u00fb. 6, s. 306-309.<\/ul>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Oer: Piter Yedema, Lieten fan de flakte, Lykele Jansma, Stynsgea 1988. Jac. Dykstra, Op \u2019e kear, Koperative Utjowerij, Boalsert 1988. Acht yllustrearre po\u00ebzijkaarten, \u00fatj\u00fbn troch Operaesje Fers, 1988. \u2018As it oansyk komt: reedzje \u00fas wat po\u00ebzije\u2019 Hat de po\u00e8te maudit &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1110\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[129],"tags":[138,139,140,36,141,45,142,59,143,75,144,82,146,90,147,117,148,118,171,132,172,133,134,136,137],"class_list":["post-1110","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-129","tag-vera-reuvekamp","tag-anne-woudwijk","tag-anne-stoer","tag-fedde-schurer","tag-wim-van-der-veer","tag-gysbert-japix","tag-jan-murk-de-vries","tag-jelle-kaspersma","tag-abe-gerlsma","tag-reinder-rienk-van-der-leest","tag-jac-dykstra","tag-sjoerd-spanninga","tag-tsjits-peanstra","tag-tsjebbe-hettinga","tag-ria-gaastra","tag-tiny-mulder","tag-jan-kooistra-1950","tag-piter-yedema","tag-reinder-brolsma","tag-froukje-annema","tag-grutte-pier","tag-berber-van-der-geest","tag-sybe-krol","tag-theun-de-vries","tag-meinte-walta"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1110"}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=1110"}],"version-history":[{"count":29,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1110\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":13931,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1110\/revisions\/13931"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=1110"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=1110"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=1110"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}