{"id":1135,"date":"2013-01-27T02:00:00","date_gmt":"2013-01-27T01:00:00","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1135"},"modified":"2020-05-19T15:59:40","modified_gmt":"2020-05-19T13:59:40","slug":"mei-saksearjende-opsetlikens","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1135","title":{"rendered":"Mei saksearjende opsetlikens"},"content":{"rendered":"<ul>Oer: Eppie Dam, <em>Fjouwer fertikaal<\/em>, Koperative Utjowerij, Boalsert 1985.<br \/>\nEppie Dam, <em>De kaai \u00fbnder de klok<\/em>, Koperative Utjowerij, Boalsert 1986.<br \/>\n<em>Te lange l\u00easten. Fersen fan Eppie Dam by skilderijen fan Henk Pietersma<\/em>, De Oare \u00fatjouwerij, Enschede 1986.<\/ul>\n<p><b>Lytse konfidinsje foar\u00f4f<\/b><\/p>\n<p>Fan de seis dichtbondels dy\u2019t Eppie Dam s\u00fbnt 1978 publisearre hat, wie oant no ta yn dit tydskrift allinne de earste mar besprutsen. Soks is frjemd, en dan noch net iens fanwegen Dam syn yslike ferwinskings oan it adres fan de <em>LC<\/em> en de ROF (sjoch <em>Trotwaer<\/em> 1979-3) doe\u2019t dy syn ferhalebondel <em>Strie oerdwers<\/em> net it omtinken joegen d\u00ear\u2019t er neffens de skriuwer rjocht op hie. De krante, kjel wurden, kaam noch al mei in besprek op \u2019e proppen, mar de radio-omrop liet it der op oankomme en bestiet noch altyd.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Nee, nuver is it om\u2019t dy \u00fbnbesprutsen bondels sels al gen\u00f4ch tsj\u00fbgje fan in steech en dreech dichterskip dat foar tinken nommen wurde wol. En wurdt, want it stiet net yn \u2019e kiif dat de po\u00ebzij fan Eppie (soms Eppy) Dam (1953) binnen it Fryske taalgebiet ta it mear substansjele heart, likefolle wat der hjirnei noch \u00fat myn pinne floeie mei. Dat er mei flyt ek oare sjenres beoefenet \u2013 koart proaza, berneliteratuer, krityk en polemyk \u2013 en ek yn oare tongslaggen skriuwt \u2013 it Holl\u00e2nsk en it Kollumerpompsk \u2013 is der inkeld mar op ta.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;En dochs soe \u2019k my yntinke kinne (ik haw it net neifrege) dat der earder foar it hifkjen fan dy bondels gjin gadingmakkers wienen. Want mei alle fertsjinste dy\u2019t Dam syn dichtwurk takomt, hie Jan Wybenga net \u00fbngelyk mei wat er skreau yn de <em>Leeuwarder Courant<\/em> fan 3-4-1987: \u2018Hy hat gjin flitsende ynfallen, \u00fbndernimt gjin ferbjusterjende eksperiminten en skriuwt ek gjin flotte, daliks oansprekkende \u2018festival\u2019-po\u00ebzy. Yn syn wurk oerhearsket net esprit, geast, witz of humor, mar in deeglik tradysjoneel romantys pessimisme.\u2019 Sprekkend is ek de kop boppe syn stik: \u2018In bekwaam dichter\u2019. En dan mei Dam yn de <em>Nieuwe Dockumer Courant<\/em> fan 12-6-1986 om my b\u00east \u2018de Strauss fan \u2019e Fryske dichters\u2019 neamd wurde &#8211; dy fan \u2018Wein, Weib und Gesang\u2019 of dy fan de \u2018Vier letzte Lieder\u2019? &#8211; mar sa\u2019t grand old Wybenga it seit, sa is it: de jonge dichtet deeglik en bekwaam, en s\u00fbnder brille.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;De l\u00easte kin op sa\u2019n typearring net folle tsjin hawwe. Yn <em>Trotwaer<\/em> 1981-5, in tema-n\u00fbmer mei as biedwurd \u2018Skriuwen is ek in fak\u2019, bekent er: \u2018Foar santich persint is skriuwen foar my in kwestje fan foarm. By sa\u2019n persintaazje heart ek it hechtsjen oan uterlikheden, d\u00ear\u2019t ik dan ek slim mei behypt bin.\u2019 Ut de kontekst wurde je gewaar dat er doelt op syn \u2018\u00fbnbidige nocht\u2019 oan de ambachtlikens fan de skriuwerij. Foar de restearjende trije tsiende blykt er syn troch it Urker skoalbestjoer skonken Parker te fieren om redenen fan sels\u00fbndersyk (10%), \u00fat praatskens (10%) en (krekt, ek 10%) \u00fat grutskens. Syn oprjochtens stiet him te priizgjen.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Lit my dan ek iepenhertich w\u00eaze. In foarleafde foar Dam syn dichtwurk haw ik allikemin as in \u00f4fkear derfan. Dat ik s\u00fbnder milit\u00eare frijwilligens myn Sheaffer opnommen haw om dit besprek te skriuwen, komt fuort \u00fat in soarte fan <em>swak<\/em>. Soe \u2019k dichtsje, dan grif yn de trant d\u00ear\u2019t Dam it ornaris ek yn blykt te dwaan en d\u00earom lit ik it benefter: der soe my tefolle formele opsetlikens yn komme. Mar der is mear. Yn syn jongste bondel lit Dam sjen dat men (en dat is jo + ik yn it Frysk) ek s\u00fbnder humor, witz, geast en esprit jins \u00fbnbidige nocht oan it ambacht bedimje kin ta in sa foar it each ridlik fanselssprekkende funksjonelens. Der is oan my likegoed gjin dichter ferlern, mar <em>Te lange l\u00easten<\/em> jout \u00fas boargers al moed.<\/p>\n<p><b>Fjouwer fertikaal<\/b><\/p>\n<p><a><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Eppie-Dam-Fjouwer-fertikaal.jpg\" alt=\"\" title=\"Eppie Dam, Fjouwer fertikaal\" class=\"alignright size-full wp-image-1174\" width=\"308\" height=\"417\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Eppie-Dam-Fjouwer-fertikaal.jpg 308w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Eppie-Dam-Fjouwer-fertikaal-221x300.jpg 221w\" sizes=\"(max-width: 308px) 100vw, 308px\" \/><\/a>&#8230; is skreaun tusken 1979 en 1982 en bestiet \u00fat sonnetten. It earste feit helje ik \u00fat in bibliografyske notysje yn <em>Te lange l\u00easten<\/em>, it stiet net yn de bondel sels. It twadde krije je aan fan troch de folslein typografyske werjefte op it omkaft \u2013 in \u00fbntwerp fan Ap Maliepaard \u2013 fan wat in sonnet liket te w\u00eazen. It blykt om it sonnet \u2018Diagrammen\u2019 te gean, allinne binne de letters ferfongen troch streekjes; inkeld de wurden \u2018fjouwer fertikaal\u2019 binne stean bleaun. Spitigern\u00f4ch binne de ynderlike foarmskaaimerken fan it tradisjonele sonnet sa\u2019t dy ek by Dam foarkomme yn dat \u00fbntwerp net ta \u00fatdrukking brocht. It wiere klinkdicht is ommers mear as in beskate strofe\u00adyndieling.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;De 26 sonnetten yn dizze bondel \u2013 santjin hawwe earder yn <em>Trotwaer<\/em> stien \u2013 binne sa earlik mooglik ferdield oer fjouwer skiften. De skiften likegoed as de sonnetten drage titels. It skift hawwe de sonnetten yn it sekstet in ferskillend rymskema, wylst d\u00ear ek de strofe-yndieling wikselet. Foar de leafhawwers: it earste skift hat seis kear <em>abba<\/em> \/ <em>abba<\/em> \/ <em>cdc<\/em> \/ <em>dee<\/em>, it twadde s\u00e2n kear <em>abba<\/em> \/ <em>abba<\/em> \/ <em>cdcd<\/em> \/ <em>ee<\/em>, it tredde seis kear <em>abba<\/em> \/ <em>abba<\/em> \/ <em>ccdd<\/em> \/ <em>ee<\/em> en it fjirde s\u00e2n kear <em>abba<\/em> \/ <em>abba<\/em> \/ <em>cde<\/em> \/ <em>cde<\/em>, d\u00ear\u2019t noch by oantekene wurde kin dat <em>cdcd<\/em> ienris feitliken <em>abab<\/em> is, en <em>ee<\/em> ienris <em>cc<\/em> en twaris <em>aa<\/em>.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Oangeande it metrum is Dam minder strang yn \u2019e lear, al past er it tige bewust ta. It tal fersfuotten de rigel fariearret fan fjouwer oant in seisdeheal. De fersrigels binne trochstrings \u00f3f jambysk \u00f3f trogeysk, mar fan de sonnetten yn harren hiele hear en fear kin dat allinne mar fan \u2018Diagrammen\u2019 sein wurde. \u2018Frijman\u2019 en \u2018Houtdo\u2019 binne lykwols daktylysk en amfibragysk, wat benammen foar \u2018Houtdo\u2019 in goede kar west hat, hoewol\u2019t it troch in protte metryske ynkonsekwinsjes wat stjitterich wurden is. W\u00ear\u2019t Dam fan it metrum \u00f4fwykt, bart dat oars oer it ginneraal op in funksjonele wize, bygelyks om de \u2018chute\u2019, de kear mei oan te setten. In aardich foarbyld d\u00earfan jout \u2018Diagrammen\u2019, alhiel yn jamben oant it oan de beide l\u00easte rigels ta is: \u2018Diametraal stean wy inoar foar it ferst\u00e2n, \/ gjin kr\u00faswurd set \u00fas noch yn sinsferb\u00e2n.\u2019 De kear wurdt nammers trou be\u00e4chte, wat yn \u2018Alles went\u2019 ta in moaie paradoks liedt: \u2018Mei hokker doel bring ik in kear yn it sonnet? \/ It is in draai \u2013 in echte omkear wurdt it net.\u2019<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Net it hantearjen fan de sonnetfoarm is skuldich oan de opsetlikens d\u00ear\u2019t de bondel fan te lijen hat. Dy opsetlikens oppenearret har noch it meast yn it begjinrym. Yn <em>Fjouwer fertikaal<\/em> alliterearret it dat it sta seit! Samar in strinkje priuwkes, \u00fat \u2018Frijman\u2019: \u2018s\u00fbnder <em>f<\/em>et, s\u00fbnder <em>f<\/em>inzenis [&#8230;] s\u00fbnder <em>gr<\/em>oeden en <em>gr<\/em>inzen [&#8230;] s\u00fbnder <em>t<\/em>oarnen en <em>t<\/em>inzen [&#8230;] yn <em>b<\/em>oegen en <em>b<\/em>annen [&#8230;] <em>sk<\/em>repten de <em>sk<\/em>onken [&#8230;] Mei <em>f<\/em>linters en <em>f<\/em>\u00fbgels\u2019; of nim dit spantsje, \u00fat \u2018Flinters\u2019: \u2018Gjin <em>h<\/em>\u00fbd, gjin <em>h<\/em>iem, gjin <em>h<\/em>eimnis mear: \/ de <em>h<\/em>urde kokon [&#8230;] Gjin <em>t<\/em>eam, gjin <em>t<\/em>\u00fach, gjin <em>t<\/em>inzen mear: \/ it <em>t<\/em>iksel ferb\u00fbgd\u2019. Sok dwaan smyt in daverjende diksje op, d\u00ear\u2019t de suggestive wurking dy\u2019t fan (begjin)rym \u00fatgean kin yn omkomt.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Dy hast neuroatyske moedwilligens docht de bondel ek op oare fronten \u00fbnderstek. By wize fan foarbyld in gefal fan stilistyske oereksploitaasje, \u00fat \u2018Swalker\u2019. It sekstet giet sa:<\/p>\n<ul>It frij wonk. Ik haw dy ferlitten<br \/>\nom sliepstee, stoel en \u00fbnderdak<br \/>\nom tichte hannen, swiere blinen<\/p>\n<p>en wat fertroud wie te ferjitten.<br \/>\nNo wiist it faai. W\u00ear is in plak<br \/>\nom frede mei it foarige te finen?<\/ul>\n<p>De antytese tusken \u2018frij\u2019 + \u2018winke\u2019 en \u2018faai\u2019 + \u2018wize\u2019 hat hjir troch de kr\u00fasstelling, de tiidwiksel en de \u00f4fst\u00e2n tusken beide in optimaal effekt. Allegearre moai en prachtich; mar dat effekt wurdt yn \u2019t foar bedoarn troch de oan it sekstet foar\u00f4fgeande, topswiere rigel: \u2018en wiist it faai of winkt it frij?\u2019 De dichter hat syn fynst \u00fatmolken.<\/p>\n<p>Behalven formeel \u00fbnderskiede de fjouwer skiften harren ek tematysk fan inoar, s\u00fbnder dat elts skift no altyd in like grutte ynh\u00e2ldlike gearhing sjen lit. \u2018Moai waar\u2019 is in boeketsje ik-ferjit-dy-netsjes, dat nea yn de faaskes fan de nammeleaze dit-en-dat-famkes stean sil d\u00ear\u2019t it foar pl\u00f4ke is. Krektlyk as yn Piet Paaltjens syn tigerleeljes foar Betsy en Rika is de toan d\u00ear te bombastysk foar en de neitins te absol\u00fat. En ek hjir h\u00e2ld ik it mar skraachwurk droech by rigels as dizze, \u00fat \u2018Winterfamke\u2019: \u2018Har fyts stie froastich yn it fytsehok. \/ Unwjersteanber suver, mei net te kearen \/ huver, streake ik it nuver gleone learen \/ seal en fielde \u2019t djipste hiem yn: <em>rok<\/em>\u2019 (kursivearring net fan my). Allinne bin ik bang dat Dam, oars as Haverschmidt, net op de komyske toer woe.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Aldergeloks is \u2018Moai waar\u2019 net represintatyf. Te begjinnen mei it skift \u2018Lange dagen\u2019 wurdt besocht om binnen it ramt fan foarmfoarskriften in persoanlike belutsenens ta jilding te bringen. Wylst de notiid hjir it gesichtspunt bepaalt, makket de gedachte yn it fers (gauris wiidweidige) sirkelbewegings dy\u2019t iderkear wer by de \u2018ik\u2019 weromkomme, ek wannear\u2019t er in twadde persoan tasprekt: syn tsjinspylster, fan wa\u2019t er losreitsje sil. \u2018Lange dagen\u2019 befettet nammentlik momintopnamen \u00fat in proses fan ferwidering, foar\u00f4fgeand oan in skieding. De toan is bespegeljend en duldsum.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Dat is al oars yn de foarste helte fan it skift \u2018Heechseizoen\u2019, d\u00ear\u2019t de titel fan it iepeningsfers, \u2018Frijman\u2019, programmatysk foar hite mei. De frijwat blastige manifestaasjes fan in werf\u00fbn frijheidsbesef oertsj\u00fbgje stikken minder as guon fan de fersen yn it foargeande skift. De twadde helte fan \u2018Heechseizoen\u2019 hat mei al it oare yn de bondel it measte net fan dwaan. Der steane trije saneamde \u2018ymmaninte\u2019 gedichten yn, fersen oer it skriuwen fan fersen. Ik begryp der\u00fat dat po\u00ebzij \u00fbntstiet op l\u00east fan in goddelike of duvelske, yn alle gefallen hegere macht. \u2018Skriuwe is in arke bouwe op befel \u2013 \/ w\u00earom, w\u00earta is net yn tel\u2019, mient de dochs tige persintueel motivearre dichter.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Yn it fjirde skift, \u2018Nachtkertier\u2019, tsjinje de \u00fbntnoftering en de desori\u00efntaasje harren oan. H\u00e2ldf\u00east wurdt socht yn wat west hat, en d\u00earmei is de sirkel r\u00fbn en de sonnetterige in (as sadanich net alhiel folmakke) sonnettesyklus. De bondel wurdt \u00f4fsletten mei it folgjende sekstet, dat yn de earste rigel in punt achter it ferline liket te setten as \u2018ien\u2019 mar genoch klam krijt:<\/p>\n<ul>Leafste, ien kear wol ik dy noch skriuwe,<br \/>\nplan\u00fat fan\u00fat myn nearzich nachtkertier,<br \/>\nw\u00earyn\u2019t ik dangeldronken fan ekskuzes<\/p>\n<p>it wachtwurd kwyt bin om werom. Bliuwe<br \/>\n\u00e2lde paradizen \u00fbngenedich faai en fier?<br \/>\nMar it libben wie dochs altyd uzes?<\/ul>\n<p><b>De kaai \u00fbnder de klok<\/b><\/p>\n<p>&#8230;, skreaun tusken 1979 en 1983, is stutsen yn in tige neutraal omkaft en befettet 34 titele fersen, in kolofon en in ynh\u00e2ldsopjefte. Neffens it kolofon hawwe guon fersen earder, al of net feroare, yn dit tydskrift stien en binne de oare fersen \u2018hjir foar it earst publisearre\u2019. \u2018Ien pear hannen\u2019 is lykwols werom te finen yn <em>Sonde<\/em> VII-26\/27 [1979], wylst \u2018Wat sil in dichter?\u2019 behalven yn <em>Trotwaer<\/em> ek \u00f4fprinte is yn <em>Literair akkoord<\/em> 25 (1982), as l\u00easte strofe fan it trije siden lange \u2018Spooky\u2019s Off-Day\u2019.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Inkeld al nei de foarm mei <em>De kaai \u00fbnder de klok<\/em> in grienmank hite. De iene kant \u00fat wurdt it foarmferskaat begrinze troch \u2018Stillibbens\u2019, \u2018It planetarium\u2019 en \u2018De pronkkeamer\u2019: it earste in konvinsjoneel sonnet, de oare twa \u00fat kwatrinen opboude, metryske semy-refreinen, mei f\u00easte rymskema\u2019s en stockrigels, d\u00ear\u2019t yn \u2018De pronkkeamer\u2019 ek noch ris wikseljend binnenrym yn ferarbeide is. De oare kant \u00fat fynt de skaal in einpunt yn \u2018Helder eagenblik\u2019 en \u2018Nachtflinters\u2019: metrum en rigel\u00f4fslutend einrym \u00fbntbrekke, oarsoartich rym komt net folle foar, en rigellingte en strofebou misse in stramyn. De measte fersen skaaie oars mear de iene as de oare kant \u00fat. Ek kwa lingte rinne se \u00fatien, mar koart om \u2019e hoeke giet it nea.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Wat it rym oanbelanget, giet it der ek yn <em>De kaai \u00fbnder de klok<\/em> ferskuorrend om wei. Wat te tinken fan: \u2018<em>S<\/em>\u00fbnder <em>st<\/em>ien en <em>s<\/em>koar<em>st<\/em>ien, \/ mar mei <em>h<\/em>ier en <em>h<\/em>\u00fbd en <em>h<\/em>annen, \/ mei <em>b<\/em>oarsten en <em>b<\/em>ern: \/ it earste <em>f<\/em>abryk wie dochs in <em>f<\/em>rommes\u2019 (s. 11)? Selsopleine rymtwang ropt jin temjitte ut it rympear \u2018leedzje\u2019 : \u2018remeedzje\u2019 op s. 27; dy wurden hoege hielendal net te rymjen, mar sjoen dat opdiene \u2018leedzje\u2019 tinkt Dam d\u00ear blykber oars oer. Knoffelich is ek \u2018goar as in gorilla\u2019 op s. 26, dat ynj\u00fbn w\u00eaze sil troch it acht rigels earder br\u00fbkte \u2018guerilla\u2019. Ensafuorthinne.<\/p>\n<p>Nei de ynh\u00e2ld is de bondel likegoed in gearswylsel. Der binne r\u00fbchwei seis tema\u2019s te \u00fbnderskieden, dy\u2019t achterinoar \u00f4fwurke wurde: de skjintme fan it sichtbere en\/of de \u00fbnsisberens derfan; de relaasje mei in frou of ta de froulju; de natuer, as spegel fan it eigen sielelibben; immens selskeazen dea; it besef fan (ein)tiid; en in nochal etysk kleure maatskiplik engaazjemint. Faaks moat der dan noch in restrubrykje \u2018moralisearjende observaasjes\u2019 oanlein wurde. Moraal is nammers komselden \u00f4f- en gauris hinderlik oanw\u00eazich.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Yn ien wurd prekerich binne \u2018De harsens fan Hindrikjan Maat\u2019 (w\u00earom net gewoan \u2018Hindrikjan de T\u00fanman\u2019?) en benammen \u2018Ien pear hannen\u2019, twa lange, yn n\u00fbmers opdielde ferhannelings. De earstneamde tekst is in allegory op de oarder en wissens yn in boargermansplasse en de \u00fbnstjoer d\u00ear\u2019t dy yn reitsje as eangst en twivel taslaan. De t\u00fbk \u00fatsp\u00fbne metafoar fan in t\u00fan komt jin as l\u00eazer teminsten noch wat yn \u2019e mjitte. \u2018Ien pear hannen\u2019 jout, mei de yn de titel neamde lichemsdielen as Leitmotiv, in yn de skrift bewoartele en yn nijmoadrich doemtinken stomprinnende oerweging oer minskene oanstriid ta alle kwea. \u2018Ien finger is gen\u00f4ch. \/ Alles amputearre, op ien finger nei. \/ D\u00ear it boerd mei de knoppen. \/ Ien finger mei kar dwaan, \/ ien senuw, in spierke, \/ in harsenmolek\u00fal, mear net\u2019: it kin sa de basisgemeente yn. Underwilens is al de po\u00ebzij om hals brocht.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Tefolle tekst en \u00fatlis docht ek \u2018De twadde persoan\u2019 (earder yn in g\u00e2ns oare ferzje \u00fbnder de titel \u2018De l\u00easte bining\u2019 publisearre yn <em>Trotwaer<\/em> 1984-4\/5, mei tekeningen fan Henk Pietersma). It is in rige fan seis neibetrachtings by de selskeazen dea fan immen dy\u2019t yn de twadde persoan oansprutsen wurdt of, yn sitaatfoarm, sels it wurd fiert. De dichter liket in te grutte feitlike klearrichheid neistribbe te hawwen oangeande de driuwfearren ta de selsmoard. It fers \u2018De l\u00easte bining\u2019, dat de died sels beskriuwt, is in geunstige \u00fats\u00fbndering.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Nijsgjirriger binne de \u2018tiidgedichten\u2019, Dam syn spesjaliteit (fergelykje allinne al de titels fan twa fan de hjir besprutsen bondels en fan de trije foarige, <em>Mei de jierren<\/em>, <em>Tusken juster en j\u00fbn<\/em> en <em>Goddeleaze tiid<\/em>). De slim retorikale fersen \u2018It planetarium\u2019 en \u2018De pronkkeamer\u2019 binne formeel \u00e9n ynh\u00e2ldlik inoars wjergaders. Yn beide \u2018is de tiid fan fuortbestean ferwisse\u2019, itsij troch in autonoom wurkjende replika as dy fan Eise Eisinga, itsij troch de tydlikens \u00fbntkennende tsj\u00fbgen \u00fat in museaal ferline. Sa liket it alteast, mar dan is der yn it iene fers dy sabeare luftige stockrigel en yn it oare dat wifkjende slotk\u00fbplet. \u2018Grifformeard\u2019 as er w\u00eaze mei, is Dam wol safolle \u2018po\u00ebzijleafhawwer\u2019 (sjoch <em>Hjir<\/em> 1981-3) dat er jin gjin learstellige, eventueel holistyske, \u00fbntsnappingsklausules oanplakt. Ek sa besjoen \u2018leit [hjir] de kaai \u00fbnder de klok.\u2019<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Yn \u2018Black sabbath\u2019 en \u2018Th\u00faskomst\u2019 krijt de tiid in suver apokalyptysk oansjen. It earste fers wurdt mei safolle wurden yn oanj\u00fbn dat it om in \u2018nei-de-bom-gedicht\u2019 giet, in typearring dy\u2019t ris br\u00fbkt is foar it twadde, mar d\u00ear bliuwt dat no krekt yn \u2019e midden. Mei mear rjocht is doe ek \u2018Het uur U\u2019 fan Nijhoff te praat brocht. Yn \u2018Th\u00faskomst\u2019 \u2013 en ek yn \u2018Wer th\u00fas\u2019 \u2013 slagget it Dam om, foar salang\u2019t it duorret (!), de tiid \u00fat te skeakeljen, mei\u2019t er de \u00f4fw\u00eazigens fan libben manifest makket yn in \u00fbntr\u00eastigjende skildering fan de mannichte oan \u00fbnbesiele matearje dy\u2019t noch \u00e0l oanw\u00eazich is. \u2018Wer th\u00fas\u2019 rekket al rillegau wer op \u2019e (al te bewende) gleed, mar yn \u2018Th\u00faskomst\u2019 \u2013 de \u00fatsjitter fan de bondel \u2013 bliuwt de ferfrjemding yntakt oan de hommelse, iepen ein ta:<\/p>\n<ul>[&#8230;]<br \/>\nIt wie in gl\u00eazen stiltme fan it soart\u2019<br \/>\ndat de azem \u00f4fsnijt en de siken smoart:<br \/>\n\u2013 it bloed bestjurret en it hert wurdt t\u00ead \u2013<\/p>\n<p>in stiltme dy\u2019t in fleant\u00fach efterlit<br \/>\nas it ebjend \u00fat \u2019t gehoargebiet ferdwynt<br \/>\nof d\u00ear\u2019t it, krekt oarsom, ynienen yn ferskynt<br \/>\nas men yn gedachten yn in sleatsw\u00e2l sit.<\/ul>\n<p><b>Te lange l\u00easten<\/b><\/p>\n<p>&#8230; is in koproduksje en einliks ek wer net. It wurdt beide daalk al oanj\u00fbn yn de \u00fbndertitel, dy\u2019t yn ien sike en korpsgrutte twa \u2018auteurs\u2019-nammen jout en tagelyk \u00fatkomme lit dat it oanpart fan de ien tafoege is oan dat fan de oar, net oarsom. De taljochting achteryn de bondel bef\u00eastiget dat: de sechtjin \u00f4fbylde skilderijen fan Henk Pietersma waarden makke yn 1978, fier foardat Eppie Dam by elts d\u00earfan in begeliedend fers skreau; dat die er pas yn 1982 (seis stiks, opnommen yn <em>Trotwaer<\/em> 1983-1) en 1984\u20131986. De skilderijen sille ynfloed \u00fatoefene hawwe op de fersen, mar it tsjinoerstelde is perfoarst \u00fatsletten. De stelling op s. 37 dat wurd en byld \u2018twa idintiteiten mei in \u00fbnderlinge wikselwurking\u2019 w\u00eaze soenen, is dan ek oan te fjochtsjen. Boppedat bestiet sa\u2019n wikselwurking nea b\u00fbten de waarnimmer om, inkeld yn de l\u00eazer\/sjogger kin soks stal krije.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;De \u2018skilderijen\u2019 (der binne ek wurken op papier by) soenen ynspirearre w\u00eaze troch jeugdoantinkens fan de skilder oan \u2018minsken op parkearplakken fan it libben; fersoargings-, ferpleech- en \u00e2ldereinteh\u00fbzen\u2019 (s. 36). W\u00earom\u2019t er foar dat tema werom moast nei syn bernejierren, wurdt ek \u00fat de skilderijen sels net d\u00fadlik. De swart-wite \u00f4fbyldings toane psychologyske portretten yn in jirpelich stilearre realisme, d\u00ear\u2019t benammen desyll\u00fazje, desolatens en rankune \u00fat sprekke. Rekwisiten as in rolstoel en in sikeh\u00fbsb\u00ead tsjutte fan en ta in beskate sitewaasje oan. \u2018Het leven is een feest\u2019, is de sammeltitel dy\u2019t Pietersma oan it gehiel meijoech.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Tusken byld en wurd besteane w\u00eazentlike ferskillen. Sa ferskilt it perspektyf: de figueren op de \u00f4fbyldings wurde troch de sjogger bekipe, wylst de figueren yn de (titelleaze) fersen, skreaun yn de ik-foarm, de l\u00eazer tasprekke. De fersen hawwe it measte wei fan psychyske selsportretsjes, pleatst yn in konkreet ramt troch it folle ferheljender karakter derfan. Binne de skilderijen statysk en tiidleas (ek al moat it rolstoeltsjil op s. 28 miskien beweging suggerearje), de fersen meitsje gewach fan hannelings en foarfallen. Yn guons (benammen op s. 13 en 17) krijt de figuer safolle ferline mei, dat it op in autobiografysk sketske \u00fatdraait.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;De fersen binne dan ek yndied frije ynterpretaasjes en net wurdlike kopyen, oerienkomstich in yntinsjeferklearring op s. 37. Dochs rinne se net al te fier by de skilderijen wei en de foarsetten dy\u2019t dy jouwe, wurde yn \u2019e regel yn doelpunten omset. Sa komme de galgen op de \u00f4fbylding yn it fers werom as \u2018seeltjes\u2019 (s. 20) en in ferbiten m\u00fble as \u2018de glim fan in grimmitich keunstgebit\u2019 (s. 31). Trijeris tr\u00fant de ymperatyf \u2018Sjoch\u2019 (s. 11, 13 en 27) de l\u00eazer oan om de beskriuwing dy\u2019t folget te kontrolearjen oan de \u00f4fbylding. Allyksa kin de fraach \u2018bin ik sa d\u00fadlik?\u2019 d\u00ear\u2019t it iepeningsfers mei einiget likegoed op de foar\u00f4fgeande, h\u00fanske tirade belutsen wurde as op de \u00f4fbylding dern\u00east, d\u00ear\u2019t in frommes har bleate bealchsein op \u00fatstalt.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Oan d\u00fadlikens lit dat neat te winskjen oer, en sa leit it der yn dizze tige homogene bondel oeral hinne. Lang net alle figueren binne like demonstratyf as dat frommes, mar hoe siik, gek of demint soms ek, stik foar stik jouwe se \u00fatsl\u00fatsel, mei opjefte fan oarsaak en gefolch, oer it \u00fatranzjearre bestean dat harren noch oerbleaun is. Tekenjend is it l\u00easte fers, d\u00ear\u2019t de titel oan \u00fbntliend is:<\/p>\n<ul>Der kaam gjin ein mear oan. De stream<br \/>\nfan tinzen dy\u2019t my troch de holle r\u00fbn,<br \/>\nde grinzen fan it s\u00fbn ferst\u00e2n ferspielend,<br \/>\nwie in wieling d\u00ear\u2019t ik machtleas yn fersw\u00fbn.<\/p>\n<p>Ik haw my d\u00fbm tocht, yn myn gl\u00eazen k\u00fbm<br \/>\nmyn eigen \u00fbndergong beprakkesearre,<br \/>\nen doe\u2019t myn harsenpanne eksplodearre,<br \/>\nte lange l\u00easten r\u00east yn selsfernieling f\u00fbn.<\/ul>\n<p>Benammen troch dy objektivearring kin de l\u00eazer fan <em>Te lange l\u00easten<\/em> al te licht de \u00f4fh\u00e2ldige task\u00f4ger bliuwe fan in tableau vivant (no ja, \u00e0 peine), dat net folle mear \u00fatlokket as ynstimming mei wat er al wist of gauwern\u00f4ch gewaar wurde sil: dat it libben gjin feest is, en foar guons in duorjend lijen.<\/p>\n<p>Oars as de beide foarige bondels noege de nijste derta \u00fat earst de ynh\u00e2ld en dan de foarm te besprekken. (Sa net, de uterlike fersoarging fan it boekje wie in appetizer fan komsa; de loftrompetten dy\u2019t d\u00ear al foar opstutsen binne, foegje ik mei wille in toeter oan ta!) De wyldgroei oan formele opsetlikens dy\u2019t foarhinne de strekking fan it \u2018boadskip\u2019 oerwoekere, is hjirre nammentlik besnoeid ta in oannimlik peil. Sa is in f\u00east rymskema mar ienris oanw\u00eazich en hoewol\u2019t je de measte fersen skandearje kinne, slute se dochs mear oan by it ritme fan sljochtwei taalgebr\u00fbk. Rigel\u00f4fslutend einrym komt fakentiids net iens foar en ek de strofebou wikselet, al telle de measte strofen (twa oant fiif it fers) fjouwer rigels.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Alliteraasje is ek yn <em>Te<\/em> l<em>ange<\/em> l<em>\u00easten<\/em> in wichtich elemint, mar in passaazje as \u2018<em>b<\/em>om<em>b<\/em>izige ru\u00efne dy\u2019t \/ ik <em>b<\/em>in, <em>b<\/em>ang dat \u00fbnder it rinnen \/ my de <em>b<\/em>routen fan de <em>b<\/em>onken r\u00f4lje\u2019 (s. 7) stiet op harsels en \u00fbntlient oan dat klankgeweld no krekt in sarkastyske (of melodramatyske?) \u00fbndertoan. Net-\u00adrigel\u00f4fslutend einrym, noch hieltyd rynsk \u00fatstruid, d\u00fbkt hjir faker yn minder neidruklike posysjes op. Unfolslein einrym, foarhinne inkeldris br\u00fbkt by brek oan better, wurdt no gauris frijwillich en mei doel tapast, bygelyks yn \u2018jonger\u2019 : \u2018sjongend\u2019 : \u2018jonkheid\u2019 (s. 21). Mei\u2019t de grauwere rymeffekten timpere binne, krijt de subtilens fan l\u00fbd- en byl\u00fbdrym better har gerak. It hjirboppe oanhelle fers tsj\u00fbget noch it minst, dat op s. 23 faaks it meast fan dy \u00fbntjouwingen.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Dam toant mei dizze bondel dat syn fakmanskip adekwater wurden is, wat yn inkelde eardere fersen (\u2018Alles went\u2019, \u2018Wer th\u00fas\u2019, \u2018Th\u00faskomst\u2019) al oankundige waard. O sa redenryk is er lykwols bleaun. Yn <em>Te lange l\u00easten<\/em> botst de \u00fbnderstelde geastestast\u00e2n fan de \u2018akteurs\u2019 d\u00eartroch mei de talige fernimstigens dy\u2019t harren yn \u2019e m\u00fble lein is. De foar\u00fatgong bestiet dan ek minder \u00fat in waaksende natuerlikens as \u00fat in saksearjende opsetlikens. Mar by in gaadliker tematyk soe dat likegoed wolris liede kinne ta yngeve po\u00ebzij, briljant of net.<\/p>\n<ul>Earder publisearre yn <em>Trotwaer<\/em> 19 (1987), n\u00fb. 5\/6, s. 303-312.<\/ul>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Oer: Eppie Dam, Fjouwer fertikaal, Koperative Utjowerij, Boalsert 1985. Eppie Dam, De kaai \u00fbnder de klok, Koperative Utjowerij, Boalsert 1986. Te lange l\u00easten. Fersen fan Eppie Dam by skilderijen fan Henk Pietersma, De Oare \u00fatjouwerij, Enschede 1986. Lytse konfidinsje foar\u00f4f &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1135\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[129],"tags":[32,119,150,151,152,153,154,155,156],"class_list":["post-1135","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-129","tag-eppie-dam","tag-jan-wybenga","tag-henk-pietersma","tag-martinus-nijhoff","tag-eise-eisinga","tag-johann-strauss","tag-richard-strauss","tag-ap-maliepaard","tag-francois-haverschmidt"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1135"}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=1135"}],"version-history":[{"count":58,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1135\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":13929,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1135\/revisions\/13929"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=1135"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=1135"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=1135"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}