{"id":1183,"date":"2013-01-26T02:00:00","date_gmt":"2013-01-26T01:00:00","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1183"},"modified":"2020-05-19T15:59:09","modified_gmt":"2020-05-19T13:59:09","slug":"wurk-fan-foar-en-fan-nei-de-skepping","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1183","title":{"rendered":"Wurk fan foar en fan nei de skepping"},"content":{"rendered":"<ul>Oer: Steven Sterk, <em>Ier wurk<\/em>, Koperative Utjowerij, Boalsert 1985.<br \/>\nJacobus Quiryn Smink, <em>Wurk fan de achtste dei<\/em>, Koperative Utjowerij, Boalsert 1985.<\/ul>\n<p><b>L\u00fatsen<\/b><\/p>\n<p>\u2018Wurk\u2019, sa neame Sterk en Smink beide harren produkten dy\u2019t koartlyn sawat tagelyk op \u2019e merk kamen. Men mei dy dichters foar generaasjegenoaten h\u00e2lde: Steven Sterk is fan \u201958, Jacobus Quiryn Smink fan fjouwer jier d\u00earfoar. De wurkstikken binne harren debuten yn boekfoarm. Offisjele debuten binne it, want de KU hat se \u00fatj\u00fbn, it PB hat dy \u00fatjeften stipe en de <em>LC<\/em>, yn de persoan fan J.W., hat se besprutsen. De omkaften binne beide blau mei wyt; it blau fan it iene is as fan djippe wetters, it blau fan it oare eaget earder wat ferwettere. Fierders hawwe de boekjes deselde standerthichte en -bridte. Ien en al oerienkomst dus. No hie it foar Smink syn boekje better west as fan dy obligate \u00f4fmjittings \u00f4fwykt wie. Bygelyks om minder dichtrigels oer twa tekstrigels printsje te hoegen as no needsaaklik wie. Of om d\u00earmei op de boekeplanke sichtber te meitsjen, dat <em>Wurk fan de achtste dei<\/em> yn it rychje resinte Fryske dichtbondels in gefal apart is, in ynsidint mids folle al of net berime konfeksjewurk en minder. Yn alle gefallen in goede reden om der omtinken oan te jaan.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Nettsjinsteande al de oerienkomsten sil it te praat bringen fan <em>Ier wurk<\/em> oars rjochtfeardige wurde moatte, want de ferskillen tusken beide bondels binne no ienris w\u00eazentliker. As de lingte fan in besprek in br\u00fbkbere oanwizing wie foar de besprekker syn wurdearring foar it besprutsene (guon literatuerwittenskippers miene dat dat sa is), dan hie \u2019k <em>Ier wurk <\/em>no foar it l\u00east neamd. Ik soe der sels net oer beg\u00fbn w\u00eaze as it \u00fatkommen fan dat bondeltsje \u00f4fdien wurde koe as in isolearre bedriuws\u00fbngelokje. Jin d\u00ear drok oer meitsje ferplichtet ta neat. Mar soksoarte \u00fbngelokjes binne suver struktureel. Earnstige fabrikaazjefouten ferlitte it Fryske po\u00ebzijfabryk sa geregeld, dat de kwaliteit fan it produksjeproses betwivele wurde moat. D\u00ear in \u00fbndersyk nei ynstelle is ien ding, aloan wer reklamearje oer dy fabrikaazjefouten is in oar. In bl\u00ead as <em>Trotwaer<\/em> kin it earste faaks net dwaan, mar mei it twadde net litte. Want ear\u2019t men der erch yn hat, is de provinsje advisearre wer in Sterk te stypjen. De safolste.<\/p>\n<p>Sterk hie it swurk al driuwen sjoen, mar hy soe de takomstige reklamant mei in glaaien \u2018Dach kritikus\u2019 yn \u2019t foar wol efkes \u00f4fstegerje. It fers-foar-de-kritikus is net alhiel s\u00fbnder presedint. Al yn 1972 hie Joop Boomsma in wurdmannich spesjaal foar de (manlike) kritisy oer. Dat besprekkers tsjintwurdich nochal ris kwyt moatte skytskoarjend en mei tsjinsin oan in besprek beg\u00fbn te w\u00eazen, makket it opmonterjende \u2018wier wier \/ it hoecht net\u2019 frijwat aktueel. Beide teksten folgje hjir\u00fbnder:<\/p>\n<table>\n<tbody>\n<tr>\n<td>Dach kritikus<br \/>\nfoar dy is it skreaun<br \/>\nwant foardatst wat seist<br \/>\nof skriuwst<br \/>\nof dyn holle skoddest<br \/>\n-ik kin net rymkje<br \/>\n-net geef Frysk skriuwe<br \/>\n-net yntellektueel w\u00eaze<br \/>\n-net de pretinsje wiermeitsje<br \/>\nik kin allinnich<br \/>\nwurden op papier sette<br \/>\n\u00fbnder<br \/>\nmekoar<br \/>\nsadat de side gau wer fol is<br \/>\nnee, sis mar neat<br \/>\nik ken myn flaters<br \/>\nmar akseptearje se allinnich net<br \/>\nik skriuw troch<br \/>\nomdat ik graach skriuwe mei<br \/>\nen dy it gers<br \/>\nfoar de fuotten<br \/>\nweimeane wol<\/p>\n<p>(<em>Ier wurk<\/em>, s. 28)<\/td>\n<td>fansels<br \/>\nd\u00ear binne se al:<br \/>\nh.h. resinsinten<br \/>\nen -d\u00fbbeltsjes<br \/>\nfoar jimme in<br \/>\nbimoedigjend wurd<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;wier wier<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;it hoecht net<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;stj\u00fbr mar<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;in brief<\/p>\n<p>(Joop Boomsma, <em>Ierlitte<\/em>, s. [31])<\/td>\n<\/tr>\n<\/tbody>\n<\/table>\n<p>Ik wit net oft Boomsma yndertiid in soad post krigen hat. Faaks wie de fragelist dy\u2019t er by syn folgjende \u00fatjefte ynsleat bedoeld om wat mear respons te krijen. In enk\u00eateformulier ynfolje is helte makliker as korrespondearje en resinsearje. Sa net, <em>Ierlitte<\/em> is likegoed wol yn druk besprutsen. Sels hat Boomsma al in \u2018briefke oan Rein\u2019 skreaun, oer in nijferskynde bondel fan Van der Leest. Leaver in brief as in resinsje, die er d\u00earyn te witten, want in resinsje is dochs net mear as de priveemiening fan ien l\u00eazer. En hy hellet ynstimmend Verlaine oan: \u2018Elke krityk is \u00fbnnut. It soe op syn heechst doel ha en sammelje alle mieningen fan de l\u00eazers fan in boek. De kritikus is allinne mar in l\u00eazer, dy\u2019t troch in frjemd tafal syn oardiel yn krant en tydskrift formannichf\u00e2ldigje kin. Mar syn wiif, syn mem, syn bern en syn buorlju tinke der allegearre oars oer\u2019. Frjemdern\u00f4ch skreau Boomsma syn brief nei in redaksjoneel fersyk om in besprek en liet er it epistel \u00f4fprintsje yn <em>Trotwaer<\/em> 1973-3. Botte konsekwint is dat net.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Mar dan Sterk! Dy set al hoask \u00fatein, mar h\u00e2ldt wat \u00fbnhoflik op en \u2013 wat minder is \u2013 meant mei in slim stompe seine. Sterk mei om my safolle wurden \u00fbnder inoar sette as him beleavet. Ik meitsje ek wolris boadskiplistkes en dy kinne lang wurde. Mar wa\u2019t it risseltaat fan syn skriuweraasje op \u2019e merk bringt, wa\u2019t der mei oare wurden mandeguod fan makket, dy moat gjin kneukelhouwer w\u00eaze wolle. Dat is gjin pretinsje (pretinsjes rikke fierder), mar in yntinsje; foar de l\u00eazer it l\u00easte d\u00ear\u2019t er fet mei hat op de skriuwer, foar de skriuwer amper risikodragend. Om\u2019t der foar de literatuerbr\u00e2nzje gjin ombudsman of klachteburo ynsteld is, kin de l\u00eazer dochs gjin ferhaal helje op in skriuwer dy\u2019t neffens him benefter bleaun is. Hy kin allinne besykje (potinsjele) oare l\u00eazers syn befinings mei te dielen, oertsj\u00fbgjend mei te dielen, mear net. It stiet de skriuwer frij tsjin de miening fan de l\u00eazers yn steech oan syn eigen kinnen te leauwen, al mei er hoopje dat syn \u00fat- en subsydzjejouwer dat ek dogge. As er net wol, hoecht er him nearne om te bekroadzjen. Mar Sterk docht it krekt oarsom. Hy oerraast de takomstige reklamant alf\u00east yn \u2019t foar, antyreklame makket er leaver sels. Salang\u2019t er de klant \u2013 ek al hat dy betelle \u2013 de m\u00fble teamje kin, wurde de grutste brekken dochs wol stilh\u00e2lden. Ik wol nearne op oansprutsen wurde, seit Sterk; ik hyt wol Steven, mar neam my dochs leaver in L\u00fatsen.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;De kritikus (m.\/f.) is in l\u00eazer dy\u2019t syn befinings oer syn lektuer de oare l\u00eazers (fan en ta) skriftlik meidiele wol. Ik stim Boomsma en Verlaine daalk mei, dat syn miening in persoanlikenien is. Hy is konsumint, gjin KEMA of BOVAG. Wurdfierder of opinion leader is er inkeld yn syn eigen idele eagen of yn dy fan labile l\u00eazers. Hy skriuwt fan\u00fat eigen smaak, oertsj\u00fbgings en l\u00eas\u00fbnderfining, dy\u2019t lykwols wer net sa unyk binne dat nimmen it mei him iens w\u00eaze soe. Lykas eltse publisist kin de kritikus byfal en wjerwurd ferwachtsje, en faaks hopet er op beide. Hy publisearret ommers mei it each op l\u00eazers. Al kin de besprutsen skriuwer d\u00ear ien fan w\u00eaze, de krityk is net foar him nei b\u00fbten brocht. D\u00ear stiket it ferkearde \u00fatgongspunt fan Boomsma en Verlaine yn, dy\u2019t in krityk sjogge as in l\u00easferslach foar de skriuwer. Ek de skriuwer publisearret dochs yn it foarste plak foar l\u00eazers, net foar dat spesifike l\u00eazersgroepke fan kritisy, al is Sterk d\u00ear blykber in \u00fats\u00fbndering op.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Skriuwers dy\u2019t freegje wat \u2018nut\u2019 it hat en publisearje kritiken, hearre in fergelykbere fraach retoer te krijen. Wa\u2019t wit wat it nut fan l\u00eazen is, komt mei in andert op soksoarte fragen in hiel ein. It muoit my dat ik dy fragen net botte nijsgjirrich fyn, \u2018nut\u2019 heart my wat te benypt. It \u2018tafal\u2019 dat kritiken yn druk ferskine kinne, och dat is yn de Fryske sitewaasje sa frjemd dochs net. <em>Trotwaer<\/em> sjocht nei kritiken \u00fat, sa kin op s. 284 fan n\u00fb. 1985-3\/4 l\u00eazen wurde, wat <em>Trotwaer<\/em> lizze lit nimt <em>Hjir<\/em> graach op, en men kin altiten noch sels in tydskrift oprjochtsje. It is as mei it \u00fatbringen fan po\u00ebzij: wa\u2019t wol, dy kin. Mar no earst werom nei Sterk en dan gau troch nei Smink.<\/p>\n<p><b>Venus<\/b><\/p>\n<p><em>Ier wurk<\/em> befettet 24 titelleaze en rym- en ynterpunksje-earme fersen, dy\u2019t yn lingte \u00fatienrinne fan fiif oant 39 rigels. Yn de ynh\u00e2ldsopjefte wurde se oantsjut mei de earste of de earste twa rigels. Twa fersen binne earder publisearre, mar yn lettere redaksjes, yn <em>Trotwaer<\/em> 1984-3. In tredde is \u00fatstjoerd troch Operaesje Fers en yn dat ramt twaris \u00f4fprinte en op in l\u00fbdbantsje f\u00eastlein. De bondel hat net in \u00fbnderferdieling of tematyske opbou, mar is al datearre. Hy omfiemet in tiidrek fan krapoan trije jier; it minst iere fers is nammers al wer fiif jier \u00e2ld.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Doe\u2019t Sterk it foarste en ierste fers skreau, hie er krekt de twa kr\u00faskes helle. Trije dagen foar\u2019t er 23 waard, sette er it l\u00easte op papier. Yn dy snuorje wurdt men achte droech achter de earen te w\u00eazen. <em>Ier wurk<\/em> hat lykwols in puberaal-hege fochtichheidsgraad. Der wurdt \u00fbnberoaid dronken en g\u00fbld en ek frijwat kweazich leafh\u00e2n. Dy aktiviteiten begeliede de kearnbegripen \u2018ik\u2019, \u2018gefoel\u2019 en \u2018romantyk\u2019. Whisky, d\u00ear fielt de dichter him wer efkes Sterk by (grapke fan de dichter sels). Mar oare drank bekomt him minder. Hy h\u00e2ldt it likegoed by bier \u2013 by need fan 15\u00b0C \u2013 as by bourbon en bourgogne, dy\u2019t ynskonken wurdt neffens de etikette en servearre mei roquefort. Dy iene kear dat der kofje op \u2019e proppen komt, is om in kater tsjin te gean. Want \u2018faak wie ik dronken \/ en wist mear fan neat\u2019 en \u2018ik s\u00fbpte en s\u00fbpte \/ en makke sels\u00admoardplannen\u2019 (s. 16). Behalven amnesy en in oanstriid ta selsdestruksje dogge harren ek motoaryske fersteurings foar: fan de 522 kear dat er in beskate trep opr\u00fbn is, moast er him likern\u00f4ch h\u00fbndertris<\/p>\n<ul>[&#8230;]<br \/>\ngoed oan \u2019e steger f\u00easth\u00e2lde<br \/>\nin pear kear bin \u2019k der kr\u00fbpende by op kaam<br \/>\nien kear foel ik nei \u00fbnderen, doe\u2019t ik my<br \/>\nkrekt wrakseljend nei boppen sleept hie<br \/>\ndat moat in trelit j\u00fbn hawwe yn it h\u00fbs<br \/>\nhja ha my alle details ferhelle, de oare deis<br \/>\nsoms lei der moarns in poerfrjemden njonken my<br \/>\nd\u00ear\u2019t ik dan de namme fan riede moast<br \/>\ndochs waard ik meastentiids allinnich wekker<br \/>\n[&#8230;]<\/ul>\n<p>It fers d\u00ear\u2019t dizze rigels \u00fatkomme (s. 22-23) is in bitterswiet \u00f4fskied fan \u2018de romantyk \/ fan trije jier studintelibben\u2019 op in sigerige souderkeamer. D\u00ear \u2018g\u00fblde ik om myn ienlikens \/ en lake der dan wer om\u2019, d\u00ear \u2018 \u00fbntdiek ik de blues \/ op de plaat en yn mysels\u2019 en d\u00ear \u2018haw ik skreaun \/ earst mei pinne, doe mei masjine \/ meastal oer mysels\u2019. Dat sil dan grif it \u2018persoanlik engaazjemint\u2019 w\u00eaze d\u00ear\u2019t de advertinsje yn <em>Trotwaer<\/em> 1985-5 it oer hat. It engaazjemint dat immen skriuwe lit oer h\u00e2nwosken sokken en fyftjin \u00fbnderbroeken dy\u2019t droegje moatte op in kapotte c.v., ynstee dat er de brot nei in wasserette bringt. Mei dat fers hawwe wy trijefearn fan de bondel h\u00e2n. It grutste part d\u00earfan is in bluisterige of skriemerige delslach fan herteklopkes en hertepyntsjes, net selden fanwegen in famke.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Dy line wurdt nei de studintejierren fuortset. Mei de froulju bliuwt it nuodlik (\u2018jou him de lea \/ mar my it gefoel\u2019, s. 29), mar it wierret soms ek tige mei. Op s. 26-27 bygelyks hoegde er wier gjin namme te rieden. It wie de Grutte Ferliedster yn heechsteigen persoan: \u2018Venus kaam del \/ en weauke mei har glimk \/ gl\u00e2nzgjend hier driuwke \/ easkjende eagen!\u2019. \u2018Plasma s\u00fbgjend\u2019 en \u2018libbensfocht priuwend\u2019 waard der \u2018taastend nei djipte \/ fan lea \/ en emoasje\u2019 nei de \u2018apot\u00e9ose\u2019 ta wraamd. Mar nei dy apoteoaze barde it, dat \u2018Venus seach \/ en ferdw\u00fbn\u2019, as wie sy Frouwe Potentia sels. Doe g\u00fblde er: \u2018mei triennen yn \u2019e eagen \/ sliepte ik my \/ tsjin dy del\u2019. Net sasear om\u2019t er tizenich wie, mar om\u2019t Venus venit, vidit et vanescit, en faaks ek wol om\u2019t elts bist no ienris tryst is nei de koitus, \u00fatsein de hoanne, dy\u2019t kukeleku docht.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Soms komme minder subjektive saken oan bar. Op s. 21 pleegt in wraaksuchtich sijke kamikaze. De sabeare sjoernalistike styl (\u2018De deade ljip \/ oan de E 145 \/ fleach bewust \/ foar de Peugeot 504\u2019) kin net bedekke dat it in \u00fatskript bist is: it wjukke, bewust noch wol, wylst it libben der al \u00fat wie. Op s. 18 freget de dichter him dan ek \u00f4f: \u2018wat is tiid \/ elts makket syn tiid \/ de tiid makket eltsenien \/ de minsk yn \u2019e maatskippij \/ de maatskippij makket syn tiid\u2019 ensfh. Hy hat wol faker fan dy meditative oanslaggen. Sa set s. 24 \u00fatein mei de rigel \u2018Tsee\u2019 en einiget s. 30 mei de rigel \u2018w\u00fb li\u2019. \u2018Tsee\u2019 soe wolris in ferfrysking w\u00eaze kinne fan it Sineeske \u2018tse\u2019, dat \u2018master\u2019 betsjut. Mar lit \u00fas it no net fuortendaliks op in konfusianistyske, tao- of maoistyske ynspiraasjebron smite. Want \u2018w\u00fb li\u2019 is grif de FNP-stavering foar \u2018woe-li\u2019 (\u2018w\u00fb-ly\u2019, Steffen!), dat fan alles betsjutte kin, \u00fbnder oare \u2018fysika\u2019 mar ek \u2018\u00fbnsin\u2019. Dy wiisheid helje ik \u00fat <em>The Dancing Woe-Li Masters<\/em> fan Gary Zukav, in best-seller \u00fat 1979 oer kwantummeganika en relativiteitsteory foar de esotearysk ynstelde leek. Fan de Nederl\u00e2nske oersetting is krekt de sechde printinge ferskynd; Rudy Kousbroek syn foaropwurd d\u00earyn begjint mei de fraach: \u2018Als wij iets waarnemen, is er dan ook een van ons onafhankelijke werkelijkheid die overeenstemt met onze waarneming? Bestaat de werkelijkheid ook terwijl wij niet kijken?\u2019, de fraach dus d\u00ear\u2019t ek s. 30 fan <em>Ier wurk<\/em> mei begjint: \u2018Is wurklikheid, wurklikheid? \/ bin ik, bisto \/ ek as ik net nei dy sjoch\u2019, mar dan better ferwurde en net iens minder dichterlik. Ik neam it boek om\u2019t dy Sino-Fryske termen der mei te plak brocht binne en om\u2019t it perfoast rieplachte wurde moat foar de strekking fan \u2018it sub-atomaire libbet yn \u2019e wr\u00e2ld \/ fan \u2019e tinzen \/ fan de fysisi dy\u2019t ik l\u00eas\u2019 of \u2018wat wol is \/ wat net is \/ wat wat is\u2019. Dan wurdt tagelyk d\u00fadlik hoe\u2019n bytsje Sterk him syn ynspiraasjebron eigen makke hat, lykas him ek de frjemde wurden, kwa stavering dan, net m\u00fblriem wurden binne.<\/p>\n<p>No moat om sokke dingen behalven g\u00fbld en dronken ek dichte wurde kinne, mar Sterk kin dat net. Men soe op gr\u00fbn fan \u2018Dach kritikus\u2019 miskien miene, dat er dy pretinsje ek net hat en dat de bondel d\u00earom dan ek net \u2018Iere fersen\u2019 hyt. Mar it leit der oars hinne. Hy hat wis wol besocht syn teksten wat dichterlik kasjet te jaan, de oars funksjeleaze reminisinsjes oan Gorter (\u2018koe \u2019k mar eefkes \/ \u00e9cht by dy w\u00eaze\u2019, s. 25) en Roland Holst (\u2018Lit us leaf foar inoar w\u00eaze\u2019, s. 14) binne yllustratyf. D\u00ear is lykwols skeppingskr\u00eaft en skrepsumens foar nedich, en dy is Sterk brek. Ik wol dat wiidweidiger sjen litte oan it fers dat it publyk it faakst foarset is. Yn skriftlike foarm binne der trije redaksjes fan oerlevere. Ien stiet yn <em>Frysk &amp; Frij<\/em> fan 18-9-1982. Dit binne de oare twa:<\/p>\n<table>\n<tbody>\n<tr>\n<td>as dyn leafdesgloede<br \/>\nnei j\u00fbnich r\u00fbke sil<br \/>\nas de hertf\u00fbgel<br \/>\nnet mear sjongt<br \/>\nen as de blommen<br \/>\ntoar en droech wurde<br \/>\nrin dan de skimer yn<br \/>\nen sykje op \u2019e nij<br \/>\nit twiljocht<br \/>\nfan de nije dei<br \/>\nde dautriennen<br \/>\nsille gauwern\u00f4ch droegje<br \/>\ntroch de sinnewaarmte<br \/>\nen juster is in neitins fan in dei dy\u2019t<br \/>\nmoai west hat en<br \/>\nfaaks moaier west kinnen hie<\/p>\n<p>(<em>Kar \u00fat 15 jier Operaesje Fers<\/em>,<br \/>\nLjouwert 1983, s. 76)<\/td>\n<td>As dyn leafdesgloede<br \/>\nnei j\u00fbn r\u00fbke sil<br \/>\nas de hertsf\u00fbgel<br \/>\nnet mear sjongt<br \/>\nas de blommen<br \/>\ntoar en droech wurde<br \/>\nrin dan de j\u00fbnsskimer yn<br \/>\nen sykje op \u2019e nij<br \/>\nit twiljocht<br \/>\nde dautriennen<br \/>\nsille gauwern\u00f4ch droegje<br \/>\ntroch de rizende sinne<br \/>\nen juster<br \/>\nwurdt in neitins<br \/>\nfan in dei dy\u2019t<br \/>\nmoaier w\u00eaze kinnen hie<\/p>\n<p>(<em>Ier wurk<\/em>, s. 6)<\/td>\n<\/tr>\n<\/tbody>\n<\/table>\n<p>De gedachte fan it fers \u2013 ik gean \u00fat fan de rjochter redaksje \u2013 hat trije parten, dy\u2019t yn folchoarder seis, trije en s\u00e2n rigels beslaan. Yn it earste part wurdt yn trije bylden in kondysje tekene dy\u2019t him yn de takomst foardwaan (kinne) sil. Ik parafrasearje dy kondysje mar efkes ta: \u2018libido yn (it l\u00east fan) it \u00f4fgean\u2019. De earste twa bylden, d\u00ear\u2019t de \u00fbnderwerpen persoanseigen fan binne, skeakelje dat lyk mei it \u00f4fgean fan de dei. It tredde byld, d\u00ear\u2019t it \u00fbnderwerp net persoanseigen fan hoecht te w\u00eazen, stiet lykwols b\u00fbten dy lykskeakeling, al is it nei de foarm ien \u00fat in trits. It mei sa w\u00eaze dat \u2018toar en droech\u2019 aardich past binnen myn parafrase (fergelykje in oantsjutting as \u2018droechkloat\u2019), it betoarjen fan blommen giet no krekt net gear mei it toaljen fan de sinne. Fierders, foar wa\u2019t it j\u00fbns lekker r\u00fbken fynt en yn it wurd \u2018j\u00fbn\u2019 it begryp \u2018ripens\u2019 meiklinken heart, hat it earste byld net dy negative wearde dy\u2019t it sjoen it ferfolch blykber hawwe moatten hie.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Yn it twadde part wurdt (oan)befelle sykjend nei de moarnsdage de nacht te stean, mocht dy kondysje in feit wurden w\u00eaze. It giet dus kleardern\u00f4ch om in soarte fan tydlike \u2013 al as net manlike \u2013 penopause, d\u00ear\u2019t de oansprutsene fan opbetterje kin, oars keapet men dochs neat foar sa\u2019n oantr\u00fan. Dat men der dan goed oan docht de oare moarns \u00f4f te wachtsjen, wol my skoan oan: in nachtsje sliep docht in hoop. Mar w\u00earom soe men no yn it tsjuster nei de eachein tsjen; de sinne ferskynt fansels boppe de kime as it d\u00ear tiid foar is. Of hat de dichter it skynsel fan de moarnsstjer op it each, dy\u2019t fan Venus hyt en har earder iepenbiere hat as Frouwe Potentia? Dat is al te spekulatyf. De oantr\u00fan op syk te gean nei it twiljocht is sinleas.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;It yn it tredde part taseine risseltaat, getten yn twa bylden, is dan ek in moaiwaarpraatsje yn d\u00fbbel opsicht. Want meteorologysk stiet te betwiveljen oft in \u2018rizende sinne\u2019 gar\u00e2nsje gen\u00f4ch is en lit daudrippen ferdampe. Wat dat oangiet wie \u2018sinnewaarmte\u2019 yn de lofter redaksje gaadliker. Boppedat is soks foar dy blommer\u00fbchte hielendal net winsklik, in lyts stowerke soe mear fertuten dwaan. De begripen \u2018focht\u2019 en \u2018droechte\u2019 binne yn it fers net botte konsistint tapast. Sa is \u2018droegjen\u2019 ynienen geunstich wurden, wylst \u2018toar en droech wurde\u2019 fiif rigels earder in tige negative wearde hie. Om it l\u00easte byld betsjutting jaan te kinnen nim ik de frijheid \u2018neitins fan\u2019 yn te ruiljen foar \u2018oantinken oan\u2019. Dan kin it l\u00eazen wurde as: \u2018de gedachte oan juster sil in oantinken wurde oan in dei dy\u2019t moaier w\u00eaze kinnen hie\u2019. Ien swierrichheid bliuwt der dan noch oer. Stel d\u00e1t dy dei moaier west hie, dat wol sizze: de libido net \u00f4fnommen wie, dan hie it gjin dei west. Einigens is in skaaimerk fan de dei. De lykskeakeling yn de earste twa bylden rint hjir op \u2019e non.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;W\u00earom dy \u00fbnlogyske oantr\u00fan en tasizzing? W\u00earom dy diskrep\u00e2nsjes yn de metaforyk en dat \u2018neitins fan\u2019? W\u00earom KFFB\u2019ske stylblomkes as \u2018leafdesgloede\u2019 en \u2018hertsf\u00fbgel\u2019, en dy opdiene d\u00fbbele synestesy yn de foarste twa rigels? Sterk kin net folle oars sizze wollen hawwe as eat yn \u2019e trant fan: \u2018ast him net mear omheech krijst, moast net ek de kop noch hingje litte\u2019. Mar hy hat dat wat gefoeliger, wat romantysker dwaan wollen, al kin er allinne wurden \u00fbnder inoar sette.<\/p>\n<p>Oer alles kin in goed fers skreaun wurde, mar Sterk kin dat net. Hy kribelet sn\u00fasterige notysjes op skuorkalinderbl\u00eadsjes, meastal in kliemsk stikje f\u00faljeton, soms in knoffelige moraal, en tsjinnet dy op yn in s\u00e2ltoplossing en sterk wetter. It is in smodzige boel.<\/p>\n<p><b>Lucifer<\/b><\/p>\n<p>Smink syn <em>Wurk fan de achtste dei<\/em> befettet 37 titele fersen, dy\u2019t yn lingte \u00fatienrinne fan fjouwer oant 14 rigels, mei ien \u00fatsjitter nei de 25. De bondel is ferdield yn twa sawat like grutte parten. Rym en ynterpunksje binne yn \u2018Part I\u2019 seldsumheden, yn \u2018Part II\u2019 komme se faker foar. D\u00ear falt ek it tal fersen mei 14 rigels op; guons wurde \u2018sonnet\u2019 neamd, bygelyks de fiif dy\u2019t mei\u00adinoar \u2018De sonnetten fan belofte\u2019 foarmje. \u2018Part I\u2019 hat in rige fan s\u00e2n dy\u2019t as sammeltitel \u2018De grutte aventueren fan Prips Prinshearlik\u2019 draacht. Trije op de fjouwer fersen binne earder publisearre, meastentiids mei farianten, yn <em>Hjir<\/em> tusken 1976 en 1984. Ien d\u00earfan is yn <em>Literair akkoord 24<\/em> bel\u00e2ne. De bondel waard \u00fbnder de titel dy\u2019t er no dan krigen hat yn 1979 al oankundige yn de bloml\u00eazing <em>Friesland dichters vandaag<\/em>.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;\u2018Boartlike, lichtfuottige, trintene po\u00ebzy, dy\u2019t in grut l\u00eazerspublyk fertsjinnet\u2019, advertearret de KU de bondel (<em>Trotwaer<\/em> 1985-5). Dat publyk gun ik de bondel ek fan herte, al haw ik noed oft er it ek krije sil. Want boartlik of net, Smink syn po\u00ebzij rint net oer fan tagonklikens en soks wurdt in dichter swier oanrekkene. Alteast, as men rekkent neffens Jan Wybenga, dy\u2019t de bondel \u2018yngeand l\u00eazen en wer l\u00eazen\u2019 en yn de <em>Leeuwarder Courant<\/em> fan 24-1-1986 besprutsen hat. Syn einoardiel is alhiel net \u00f4fwizend, yn it twadde part stiet sels folle dat \u2018ta it b\u00easte heart dat der de l\u00easte jierren yn it Frysk publisearre is\u2019. Frjemdern\u00f4ch wurdt oer al dat trefliks net mear fernijd as dat der goed wurk by sit en dat der po\u00ebzij fan te meitsjen is. Botte geunstich klinkt dat ek noch net iens. Hat Wybenga foar syn ent\u00fbsjasme amper wurden nedich, oan syn argewaasje oer de \u00fbnbegryplikens benammen yn it earste part makket er safolle smoarch, dat it liket oft er in advocatus diaboli spilet. Mei as bewiismateriaal \u2018Kastiel fan de seis fammen\u2019, dat er yn etappes oanhellet en sa\u2019n bytsje gekjeiend byl\u00e2ns rint, stelt er Smink yn steat fan beskuldiging: \u2018No soe ik my fansels raar fersinne kinne mei de suggesje dat de skriuwer der yn dit achtstedeis wurkstikje neat fan makke hat. Sa\u2019n dryst negatyf oardiel soe ik my ommers oanmatigje kinne, omdat wat der stiet my fier boppe de pet giet. Of, omdat ik, mei myn stomme geskermensear om it wurkstik hinne, it po\u00ebtyske derfan sl\u00fbchslim om hals bracht ha. Ik bliuw lykwols fan betinken dat it him d\u00ear net oan leit, mar dat it oanhelle wurkstik fan J. Quiryn S. net folle foarstelt, en gjin inkelde dichterlike potinsje hat. Lykas op mear plakken yn it earste part hat it derfan wei, dat by dizze taalwurker it dichtsjen delkomt op it (betiden sabeare boartlik) sinleas br\u00fbken fan taal. Dat de achtste dei foar him de dei is om te healwiizjen.\u2019 It boartlike d\u00ear\u2019t de KU de bondel mei oanpriizget, sit neffens dat rekwisitoar wol in tige ferkearde lucht oan!<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;It soe my spite as J. Quiryn S. om sokke duvelsabbekaterij syn kanonisaasje misr\u00fbn. Ik leau dat it f\u00east sit op de kwestje oft dat \u00fbntagonklike wurk fan him no kryptysk of hermetysk is. Kin men net folle oars dwaan as inkelde diggels stienguod oan inoar lymje s\u00fbnder dat d\u00fadlik wurdt w\u00ear\u2019t de oare diggels sitten hawwe, dan is it kryptysk. Wy sitte dan \u2018djip yn de puzzelsfear\u2019, sa\u2019t Wybenga dat neamt, b\u00fbgd oer stikjes dy\u2019t net by ien en deselde puzzel hearre. Mar is it mooglik \u00fat it foarlizzende materiaal in kaai te smeien d\u00ear\u2019t in kompleet fers of de hiele bondel mei iepene wurde kin, as wie it in keamer of in h\u00fbs, dan is dat fers of dy bondel hermetysk. Om foar Smink te pleitsjen kin ik dus it b\u00easte mar de smidte yngean. As ik der mei in kaai wer \u00fatkom, h\u00e2ldt dat fansels net yn dat it l\u00easte wurd sein is. Op in slot past faak mear as ien kaai en de iene past ek better as de oare.<\/p>\n<p>De \u00fatjefte-yn-eigen-behear <em>Ap\u00e0rte fersen<\/em> (1983) is in kar \u00fat it wurk dat Smink net passen f\u00fbn yn syn offisjele deb\u00fat doe\u2019t dat taret waard. Op s. 27 stiet de seisrigel \u2018Kredo\u2019: \u2018myn tinzen binne sibbe \/ oan finzenissen \/ in skaad fan traljes \/ falt oer myn wurk \/ dat stal krijt \/ yn wurden en bekentenissen\u2019. Tiny Mulder skreau d\u00ear yn it <em>Friesch Dagblad<\/em> fan 10-9-1983 oer: \u2018Hat er [Smink] winliken bedoeld mei dit kredo de l\u00eazer in h\u00e2nwizer te jaan yn it l\u00e2n fan syn dichtkeunst, of is dit \u2018Kredo\u2019 in tafallich fers tusken oare fersen, in momintopname fan in beskate stimming op in tafallige dei? Ik tink foar it neist it l\u00easte. [&#8230;] It \u2018Kredo\u2019, hoe goed ek \u00fbnder wurden bracht en wierskynlik op in stuit ek wol wier foar de dichter, kin de l\u00eazer yn it ferban fan it bondeltsje [<em>Ap\u00e0rte fersen<\/em>] better wer ferjitte. Miskien kin it noch tsjinst dwaan as Smink syn \u2018echte\u2019 bondel foar \u00fas leit.\u2019 It l\u00easte wie profetysk. Mei \u2018Kredo\u2019 hawwe wy de skacht fan de kaai dy\u2019t op <em>Wurk fan de achtste dei<\/em> past. De dichter beliidt dat syn tinzen ljocht \u00fbntnimme oan syn wurk, dat tsjinstridigerwize inkeld foarm krije kin binnen de beheining fan it tinken. Wat hy as dichter ek oerbringe wol, it kin allinne oerbrocht wurde fia it beneamen en oarderjen fan de taal. Fandatoangeande is elts gedicht in bekentenis fan in tekoartsjitten. De paradoks tekent de belidenis.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Wa\u2019t tsjin de tried yn wend is in bondel fan achteren nei foaren te l\u00eazen, kin yn <em>Wurk fan de achtste dei <\/em>it earst oan de skacht in kaaisbek smeie. It l\u00easte fers fan de bondel is in \u00fatwurking fan it \u2018Kredo\u2019:<\/p>\n<ul>As it my giet om in earm yn earm<\/p>\n<p>De wurden falle my yn as wat ik fergeat<br \/>\nSplinters fan in w\u00fbndere hoop op perfeksje<br \/>\nFan in treast faak socht yn ynterjeksje<br \/>\nAksint, toan en rop; in kwatryn dat sleat.<\/p>\n<p>Wat binne dichters as it my giet<br \/>\nOm in earm yn earm kondisioneel<br \/>\nMei har wurden: foar wat heart wat,<br \/>\nDy taal is net fan my dy is fan God.<\/p>\n<p>De wr\u00e2ld waarje ik om mar nearne stiet<br \/>\nDy sin, dy rigel fan folslein krijbeet.<\/p>\n<p>En dan falle my de wurden yn as wat ik fergeat:<br \/>\nDer komt in dei dat de sinne helder skynt<br \/>\nDe f\u00fbgels weromkomme en delstrike<br \/>\nOp koart gers en de tegels fan de st\u00ead, sa\u2019n dei.<\/ul>\n<p>In fers oer it gedicht dat noch f\u00fbn wurde moat: it perfekte gedicht, dat gjin betingsten stelt, gjin slach om \u2019e earmtakke h\u00e2ldt. It gedicht ek dat nea f\u00fbn wurde sil, want gjin gedicht kin bestean yn in taal oars as dy fan God. Dat is de taal d\u00ear\u2019t Er de skepping mei diktearre, sa leart <em>Genesis<\/em>. Syn sprekken wie beneamen, oarderjen en \u00fbnderskied meitsjen, en dy eigenskippen gongen op it skepene oer. Minskene taal is (as) de taal fan God: in beneamen, in oarderjen. Po\u00ebzij kin net om de taal hinne: sy bestiet yn de diksje (\u2018Aksint, toan en rop\u2019), yn \u2018it skandearjen mei tekens en punten\u2019 (s. 31). Po\u00ebzij lit har net sykje en fine, sy moat sprutsen en heard, skreaun en l\u00eazen wurde (tiidwurden dy\u2019t tige krekt mijd binne) neffens de by de skepping ynstelde kondysjes. Elts gedicht ferbynt oan de needsaak kodearre te w\u00eazen de betingst dekodearre te wurden.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;De paradoks is hjir tige subtyl opnommen. Wylst de folsleine treast omd\u00f4ch socht is yn de po\u00ebzij, oppenearret de hoop op dy treast (ik l\u00eas nei \u2018perfeksje\u2019 mei opsetsin gjin komma) har yn wurden, dy\u2019t de dichter stykje (\u2018Splinters\u2019) om yntegrearre te wurden. Dat kin inkeld by de wei fan beneaming en oardering, fan diksje en konjunksje. Al die de hoop har foar b\u00fbten it \u00fbnth\u00e2ld (\u2018as wat ik fergeat\u2019), sy siket har ferfolling fia de tinzen. Nei fjouwer rigels is it fers al in bekentenis fan in tekoartsjitten: it omearmjende rym makket dy rigels ta in slutend kwatryn, d\u00ear\u2019t de perfeksje fan treast al faak fergees yn socht is. Ommers, \u2018Boadskip en grutte trom dat binne twa\u2019 (s. 41).<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;In bycht is it lykwols net. De dichter makket it fers \u00f4f, net sasear om\u2019t er lykas Sterk \u2018graach skriuwe mei\u2019, mar om\u2019t dy splinters hoop dat fan him fergjen bliuwe. It ferlytset dy hoop ta in \u2018winsk\u2019 dy\u2019t \u2018fersinkt yn it \u00fatsprutsen wurd\u2019 (s. 22), mar it bringt ek \u2018Freugde fan \u00fbntstean fan \u00fbnthjit\u2019 (s. 19) en smyt \u2018sonnetten fan belofte\u2019 op (s. 29). Winsk, hoop, \u00fbnthjit: ienris sil it ljocht net mear behindere wurde en sil de oardering fan gazon en trottoir f\u00fbgels \u2013 flechtlingen \u2013 opnimme.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Wa\u2019t neffens it gebr\u00fbk in bondel fan foaren nei achteren l\u00east, kin no ynheakje. Yn it iepeningsfers, \u2018Ik soe mei in pylk begjinne\u2019, neamt de dichter de beide wegen dy\u2019t er gean kin: \u2018in diktearre paad\u2019, te betr\u00eadzjen \u2018mei de b\u00f4ge op \u2019e r\u00each\u2019, en \u2018in oare dyk\u2019, dy\u2019t keazen wurde moast. Faaks hantearre er doe de pileb\u00f4ge om in richting te bepalen. Hy hat de l\u00eastneamde wei ea besocht en suggerearret dat it in sirkelgong wie: (ik?) \u2018R\u00fbn \/ En \/ R\u00fbn\u2019. Men skynt altyd yn sirkels te rinnen as ori\u00efntaasjepunten \u00fbntbrekke. Tsjintwurdich folget er in diktearre paad, dat einleas blykt te w\u00eazen: (do) \u2018Giest \/ En \/ Giest\u2019. De grammatikale persoan is feroare, as stiet de dichter mar heal achter syn kar. Passe wy \u00fas kaai op dit fers, dan stiet it diktearre paad, d\u00ear\u2019t de einbestimming mar net fan berikt wurdt, foar de taal d\u00ear\u2019t de treast l\u00e2ns socht wurdt mar noch net f\u00fbn is. Mar it moat kinne (\u2018Der is in doel net f\u00eastlein my \u00fbntfallen\u2019, s. 36), en d\u00earom wurdt it diktearre paad \u2013 yn in eardere ferzje yn <em>Hjir<\/em> 1984-3 noch \u2018in yll\u00fazje\u2019 \u2013 gien, it fers makke.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Wa\u2019t in bondel begjint te l\u00eazen d\u00ear\u2019t er iepen falt, rint grutte kans in fers \u00fbnder eagen te krijen dat it boppesketste ramt mei g\u00e2ns metaforyk farieart of \u00fatwurket. Geregeld foarkommende wurden dy\u2019t yn itselde betsjuttingsfjild lizze, litte harren ta symboalen groepeare. Ik neam der in stikmannich. De oardere taal is earder foarsteld as in st\u00ead. D\u00ear tsjinoer stiet de bosk, de beam, de \u00fbnbedimme fegetaasje. \u2018Beammen sil ik plantsje jim ta foldwaning\u2019 (s. 19), seit de dichter syn publyk ta. F\u00fbgels hearre net by de st\u00ead, sy binne ferballe nei de bosk, \u00fatsein de kobbe \u2018mei syn botte wurd en flecht\u2019 (s. 29). De kobbe komt sels pas op de bou as dy op dramatyske wize troch masines oan in st\u00ead lykmakke is (s. 40). It \u00fbn\u00fatsprutsene leit it \u00f4f tsjin it beneamde en it oardere. Tige sichtber is dat yn in folslein \u00fattochte st\u00ead as Almere: \u2018De beammen oan \u2019e merke bin te \u00e2ld foar de gebouwen \/ En blokken en dochs kamen se earst letter\u2019 (s. 34). De bosk kin geweld oandien wurde: op s. 15 wurdt yn de \u2018ferh\u00fbdd\u00fbke bosk\u2019 in beam kapt d\u00ear\u2019t de dichter de namme net fan wit. Yn dat opsicht stie dy beam dus b\u00fbten de skepping, mar \u00fbnderwilens binne der \u2018Swurden en stokken\u2019 \u00fatsnien: hy is opnommen yn de oardering. Tagelyk mei de beam \u2018waard leafde fertsjusteremoanne \/ In pylk in hert en initialen \/ Mar namme hie it net\u2019. Ek leafde, yn oarsprong in \u00fbn\u00fatsprutsen teken, fersinkt yn it \u00fatsprutsen wurd. Want in namme is stien, sa kin op s. 32 l\u00eazen wurde, en stien is st\u00ead, gr\u00fbn is bosk. Stjit de dichter op de skieding tusken beide, dan sprekt er de paradoks \u00fat as wie it in konfessy: \u2018By de grins fan gr\u00fbn en stien h\u00e2lden de spoaren op: \/ D\u00ear\u2019t de dichter wie, paradoxus est\u2019 (s. 43).<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Dekt de titel fan de bondel de lading? Neffens Wybenga net. De titel like him \u2018in sammelwurd te w\u00eazen, in alhiel frijbliuwend kollektyf, dat net nei in sintraal tema ferwiist. It hie foar \u2019t selde \u201cPraat fan de sechste oere\u201d of \u201cSkriuwwurk fan de 51-ste parallel\u201d w\u00eaze kinnen\u2019. Wybenga hat him ek wat op \u2019e doele bringe litten troch, fernimstich, it wurdboek op te slaan op it lemma \u2018oktaaf\u2019: de acht dagen of de achtste dei nei in roomsk tsjerklik feest. No stiet it getal \u2018acht\u2019 yn de joadsk-kristlike symbolyk ornaris foar heil en ferlossing. En op gr\u00fbn fan it foargeande moat de achtste dei grif opfette wurde as de earste nei de skeppingswike, lykas op it spandoek yn it Ljouwert fan de jongste Alvest\u00eadetocht d\u00ear\u2019t op stie dat God op de achtste dei Sipkema skoep. Mar neffens it fers \u2018Kastiel fan de seis fammen\u2019 is de achtste dei net fan God mar fan de duvel. My tinkt dat de \u00fatdrukking dy\u2019t hjir as titel fan de bondel tsjinnet s\u00fbnder beswier krekt sa ferstien wurde kin as Pierre H. Dubois dat yn <em>Over F. Bordewijk<\/em> (1953) die. (It tafal wol, dat der tagelyk mei Smink syn <em>Wurk fan de achtste dei<\/em> fan Frans Kellendonk in bondel sk\u00f4gings oer Bordewijk syn ferhalen \u00fatkommen is \u00fbnder de oan Dubois \u00fbntliende titel <em>Het werk van de achtste dag<\/em>.) Dubois h\u00e2ldt it wurk fan de achtste dei foar it wurk fan de duvel, dy\u2019t oeral oanw\u00eazich is en allegeduerigen warber s\u00fbnt God Syn skepping folt\u00f4ge en op de s\u00e2nde dei r\u00easte. De ferneatiging fan de skepping is de duvel syn eachmerk: in nije skepping dy\u2019t de negaasje is fan de oarder. It is mei oare wurden de rebelly fan Lucifer en syn trawanten, rjochte tsjin de troch God skepene hi\u00ebrargy. Oars as by Dubois liket by Smink dy rebelly yndied dy fan in \u2018ljochtbringer\u2019 te w\u00eazen. Fan\u00fat de ferballing waarje de duvels noch hieltyd om, mei de dichter Prips Prinshearlik yn harren fermidden. Dy moast fan God yn in lege sigaredoaze wenje, mar hy stoppet de piip mei Him, d\u00fbnset \u2013 op bokkepoaten faaks \u2013 \u00fat it grutte gat en raast alle psalmen op (s. 9, 10), wat net botte from is. Ik haw Wybenga as duvelsabbekaat bestimpele en sels pleite foar in fallen ingel&#8230;<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Styl en taal binne dernei. De taal d\u00fbnset en d\u00fbkelt, en stroffelt mar inkeldris. Enjambeminten, apokoinou\u2019s en anakoloeten meitsje har r\u00ead en soms wat achter de p\u00fbst, s\u00fbnder dat sy praterich wurdt. D\u00earta is sy te komprimearre, en sette nijfoarmings, wurdboarterij, \u00fatwrydske nammen en wurden, \u00fbnferwacht rym en de grutst mooglike \u00f4fwikseling yn rigellingte jin te faak op \u2019e ferkearde foet. Der sprekt \u2013 ek troch eksplisite ferwizings \u2013 in wat mearkesachtige en Midsieuske sfear \u00fat folle fersen. De b\u00easte fersen binne net allinne yn de kontramine, mar hawwe ek eat betsjoenends en beswarrends yn, as de fersen fan dy oare \u2018ljochtbringer\u2019, Lucebert, dy\u2019t ynkantaasjes neamd binne.<\/p>\n<p>Dochs liket de kaai net oeral op te passen. Mei \u2018Kastiel fan de seis fammen\u2019 (s. 18) bygelyks is al mear te r\u00eaden as Wybenga it foarkomme liet, mar hielendal iepen rekket it fers net. It folget hjir\u00fbnder yn h\u00e2nskrift fan de dichter.<\/p>\n<p><a><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jacobus-Quiryn-Smink-Kastiel-fan-de-seis-fammen-811x1024.jpg\" alt=\"\" title=\"Jacobus Quiryn Smink, Kastiel fan de seis fammen\" class=\"alignright size-large wp-image-1244\" width=\"640\" height=\"808\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jacobus-Quiryn-Smink-Kastiel-fan-de-seis-fammen-811x1024.jpg 811w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jacobus-Quiryn-Smink-Kastiel-fan-de-seis-fammen-237x300.jpg 237w\" sizes=\"auto, (max-width: 640px) 100vw, 640px\" \/><\/a><\/p>\n<p>L\u00eaze wy nei \u2018wr\u00e2ld\u2019 in d\u00fbbele punt, dan folget yn de fjirde en fyfde rigel in ferklearring foar it brike \u2013 it kromme en kluchtige \u2013 fan dy wr\u00e2ld, ek al hawwe \u2018bryk\u2019 en \u2018rjocht\u2019 tsjinstelde betsjuttings. De wr\u00e2ld is no krekt bryk fanwegen de oarder dy\u2019t bygelyks in kardinaal, wichtich h\u00e2nh\u00e2lder fan de troch God skepen hi\u00ebrargy, belichemet. (Dat it beneamen fan in kardinaal troch de paus \u2018kreaasje\u2019 hyt, is in aardich tafal.) Dy brike wr\u00e2ld, dy\u2019t earbiedige wurde wol, wurdt smel om gniisd troch bisten, skepsels dy\u2019t s\u00fbnder reedlike spraak binne. Nimme wy de taal fan de spjocht (yn it Ingelsk \u2018woodpecker\u2019) en dy fan it hynder tegearre, dan jout dat in spjochtich grinzgjen \u2192 in smel nokkerjen \u2192 in smeulsk gnizen. Dizze spjocht is in spotf\u00fbgel. Yn de l\u00easte beide rigels bekent de dichter dat syn taal net frij te pleitsjen is fan de taal fan spjocht en hynder.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;As de achtste dei fan de duvel is en de s\u00e2nde fan de Heare, dan kin \u2018Alle dagen\u2019 foar de seis skeppingsdagen stean. Mar it ferb\u00e2n mei dy dames is my net d\u00fadlik. It sille wol deselden w\u00eaze as de fammen yn de titel. No komt yn Midsieuske Arthur-romans wolris it motyf foar fan de omdoarmjende ridder dy\u2019t leafderyk \u00fbnderdak krijt op in kastiel mei inkeld fammen. Syn ferbliuw d\u00earre soe er b\u00east as paradyslik \u00fbndergean kinne. Fierders kin der op wiisd wurde, dat kastielen noch twaris yn de bondel foarkomme en (ek) dan safolle lykje te betsjutten as \u2018besk\u00fbl\u2019, \u2018\u00fbntwyk\u2019. Mar folle helderder wurdt it der net fan, lykas ek \u2018op in pypfol, op in drift\u2019 suggestyf mar \u00fbngrypber bliuwt. Ik wit dan ek net rjocht w\u00earom\u2019t ik it dochs in sympatyk fers fyn. Miskien om\u2019t it, wylst it net oars kin, sa byldzjend de spitsroeden rint tusken redeleazens en de \u2018bevindelijkheid\u2019 dy\u2019t it yn de wr\u00e2ld \u00f4fwiist.<\/p>\n<ul>Earder publisearre yn <em>Trotwaer<\/em> 18 (1986), n\u00fb. 1, s. 33-46.<\/ul>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Oer: Steven Sterk, Ier wurk, Koperative Utjowerij, Boalsert 1985. Jacobus Quiryn Smink, Wurk fan de achtste dei, Koperative Utjowerij, Boalsert 1985. L\u00fatsen \u2018Wurk\u2019, sa neame Sterk en Smink beide harren produkten dy\u2019t koartlyn sawat tagelyk op \u2019e merk kamen. Men &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1183\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[129],"tags":[117,119,157,160,161,162,163,164,165,166,167,168,169,170,54,75],"class_list":["post-1183","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-129","tag-tiny-mulder","tag-jan-wybenga","tag-steven-sterk","tag-joop-boomsma","tag-gary-zukav","tag-rudy-kousbroek","tag-lucebert","tag-adriaan-roland-holst","tag-herman-gorter","tag-frans-kellendonk","tag-ferdinand-bordewijk","tag-pierre-h-dubois","tag-paul-verlaine","tag-jan-sipkema","tag-jacobus-quiryn-smink","tag-reinder-rienk-van-der-leest"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1183","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=1183"}],"version-history":[{"count":77,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1183\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":13928,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1183\/revisions\/13928"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=1183"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=1183"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=1183"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}