{"id":13116,"date":"2019-12-11T23:45:00","date_gmt":"2019-12-11T22:45:00","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=13116"},"modified":"2021-04-19T01:16:11","modified_gmt":"2021-04-18T23:16:11","slug":"obe-yn-mokum","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=13116","title":{"rendered":"Obe yn Mokum"},"content":{"rendered":"<strong><i>Amsterdam, 11 desimber 2019<\/i> \u2013 Wylst der op&nbsp;Twitter werris wrokkich folk, mei blokkearfriezinne Jenny Douwes foarop, tekeargong tsjin it ferdjerlike Amsterdam, teagen yn dy st\u00ead sa\u2019n sechtich minsken nei it po\u00ebzypoadium Perdu foar in (Holl\u00e2nsktalige) j\u00fbn oer Obe Postma. Seis sprekkers en performers gongen d\u00ear oan de Kloveniersburgwal, middenyn dy freeslike Grachtengordel, gear oer it wurk fan de Fryske plattel\u00e2nsdichter by \u00fatstek.<\/strong>\n\n<div id=\"attachment_13118\" style=\"width: 235px\" class=\"wp-caption alignright\"><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Obe-Postma-as-studint.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" aria-describedby=\"caption-attachment-13118\" class=\"size-medium wp-image-13118\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Obe-Postma-as-studint-209x300.jpg\" alt=\"\" width=\"225\" height=\"323\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Obe-Postma-as-studint-209x300.jpg 209w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Obe-Postma-as-studint.jpg 627w\" sizes=\"auto, (max-width: 225px) 100vw, 225px\" \/><\/a><p id=\"caption-attachment-13118\" class=\"wp-caption-text\">Obe Postma as studint yn Amsterdam. Foto troch F.D. van Rosmalen jr., Amsterdam. Kolleksje Tresoar.<\/p><\/div>\n\nYn&nbsp;syn&nbsp;ynliedinkje sketste presintator Martin Reints hoe grut de kultuerskok foar Postma west hawwe moat doe\u2019t er yn 1886 fan it doarpke Koarnwert nei it mond\u00eane Amsterdam gong om d\u00ear wis- en natuerkunde te studearjen. En folle letter, yn it gedicht \u2018Te Harns\u2019, liet Postma noch \u00fatkomme dat hy net lykas Goethe en Rilke fier fuort hoegde foar wat dynamyk yn syn bestean: in reis nei Harns wie al gen\u00f4ch om net \u2018alheel deselde\u2019 te bliuwen. Likegoed hat er him yn Amsterdam th\u00fas field. Syn biograaf Philippus Breuker skriuwt: \u2018Postma hat yn Amsterdam mominten fan grut gelok h\u00e2n. De st\u00ead joech alles w\u00ear\u2019t syn iepen geast ferlet fan hie.\u2019\n\nDe earste sprekker wie dichter, columnist en <i>NRC<\/i>-redakteur Marjoleine de Vos. Sy boude har betooch op oan de h\u00e2n fan de fersen \u2018Dichters binne sjenners?\u2019 en \u2018Yn maart\u2019 en beklamme it hjir-en-no-karakter fan Postma syn po\u00ebzy: fersen oer in wr\u00e2ld dy\u2019t der is om gewaar te wurden en part fan te w\u00eazen, net om oer nei te tinken; fersen oer de besteande, net oer in tochte wr\u00e2ld. Postma soe neffens De Vos net dichtsje oer wat sk\u00fblet yn syn geast, mar oer wat er sjocht foar syn foet. Sy seach datoangeande oerienkomsten mei de fersen dy\u2019t Fernando Pessoa skreau \u00fbnder it heteronym Albert Caeiro en mei it wurk fan Nescio.\n\n<div id=\"attachment_13131\" style=\"width: 235px\" class=\"wp-caption alignright\"><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Obe-Postma-oan-HARTING.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" aria-describedby=\"caption-attachment-13131\" class=\"size-medium wp-image-13131\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Obe-Postma-oan-HARTING-191x300.jpg\" alt=\"\" width=\"225\" height=\"353\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Obe-Postma-oan-HARTING-191x300.jpg 191w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Obe-Postma-oan-HARTING-653x1024.jpg 653w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Obe-Postma-oan-HARTING-768x1205.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Obe-Postma-oan-HARTING-979x1536.jpg 979w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Obe-Postma-oan-HARTING.jpg 1275w\" sizes=\"auto, (max-width: 225px) 100vw, 225px\" \/><\/a><p id=\"caption-attachment-13131\" class=\"wp-caption-text\">Obe Postma nimt it lidmaatskip oan fan de feriening foar studinten wis- en natuerkunde H.A.R.T.I.N.G., 7 novimber 1887. Kolleksje Allard Pierson, Universiteit van Amsterdam.<\/p><\/div>\n\nJustjes&nbsp;oars&nbsp;lei&nbsp;dichter, essayist en oersetter Eeltsje Hettinga de aksinten. Hy wiisde derop dat Postma bytiden yn l\u00e2nskip en natuer no krekt de \u00fatdrukking fan in algeast, in wr\u00e2ldsiele \u00fbntware, sa\u2019t ek Herman&nbsp;Gorter dat wol dien hie. Fierder as inkeld natuerlyryk rikte ek Postma syn heldersjende foarsizzing fan de agraryske skaalfergrutting en yndustrialisaasje dy\u2019t \u00fbnderwilens it Fryske greidel\u00e2nskip syn biodiversiteit fierhinne \u00fbntnommen hawwe. In oanset ta <i>rural myth<\/i> levere Hettinga nammers mei de anekdoate (liend en oanpast, mar soks sizze je der fansels net by) dat Postma \u00fbnder Burchwerters de namme hie oer in poeier te beskikken dat him frijwarre fan sykte en \u00e2lderdom: \u2018Witst wat er \u00fatf\u00fbn hat? Hy fret&nbsp;kinine!\u2019\n\nTiid foar te\u00e4ter. Dichter en performer Anne Feddema liet elke neitins oan Johnny van Doorn ferblikke mei in \u2018rjappelrjap\u2019 dy\u2019t Postma syn fers \u2018\u201cJo l\u00eaze f\u00east faak yn jo eigen gedichten?\u201d\u2019 ynb\u00eade yn in potpoerry fan oare teksten, mei \u00fbnder mear in <i>battle<\/i> tusken <i>o<\/i>\u2019s en <i>a<\/i>\u2019s, in fan <i>Aalsum<\/i> oant <i>Wurdum<\/i> yntegraal deklamearre topografyske yndeks en it resept foar in streksum miel \u00fat <i>De&nbsp;folmakke Fryske kokenfaam<\/i>. Fan en ta sprutsen der fia it medium Feddema oare stimmen, lykas dy fan Peter Tuinman. Feddema einige syn optreden mei it dialoochje: \u2018En&nbsp;dan noch ien fraach, Postma. Binne jo homo, Obe?\u2019 \u2018Ja, ik bin homo! Lyk as&nbsp;iderien!\u2019\n\nHoe oars fan toan wie de bydrage fan sonnettedichter en oersetter Jan Kuijper. It leafst hie hy in sonnet fan Postma besprutsen, mar sonnetten hat Postma spitigern\u00f4ch nea skreaun. Dat Kuijper socht syn taflecht ta it Postma-fers dat it tichtst by in leafdesgedicht kaam en it fers dat it tichtst by in eroatysk gedicht kaam: \u2018Blommejonge\u2019 (trije kwatrinen mei kr\u00fast mar brutsen rym) en \u2018Tsjinje\u2019 (trije kwatrinen mei omearmjend rym). Hie dat l\u00easte gedicht no twa rigels mear h\u00e2n, dan hie it nei foarm \u00e9n ynh\u00e2ld foar in Shakespeariaansk sonnet trochgean kinnen&#8230; Mar nimme wy Postma sa\u2019t er is, dan is dat Kuijper ek b\u00east gen\u00f4ch.\n\n<a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaske-Oenema.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-13129\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaske-Oenema-225x300.jpg\" alt=\"\" width=\"240\" height=\"320\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaske-Oenema-225x300.jpg 225w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaske-Oenema.jpg 675w\" sizes=\"auto, (max-width: 240px) 100vw, 240px\" \/><\/a>Like&nbsp;oertsj\u00fbgjend&nbsp;as \u00fbnopsnolke kwa technyk en presintaasje wie de bydrage fan multimedia-keunstner, muzikant en dichter Klaske Oenema. Sy br\u00fbkte in overheadprojektor foar de projeksje fan in hieltyd oanwaaksende en feroarjende \u2018skimewr\u00e2ld\u2019 by it fers \u2018Wider \u00fatsjoch\u2019. Ek hie se dat gedicht op muzyk set. Teksten en skaadbylden wikseljend op de projektor, song se it liet <i>live<\/i> mei begelieding fan in l\u00fbdb\u00e2n en in blaasoargeltsje. Foar\u00f4f fertroude Oenema, sels net Frysktalich, har publyk ta dat sy oant foar koart nea fan Obe Postma heard hie en oan Frysktalige famylje en freonen frege hie oft dy him faaks koenen. En ja, har heit koe him wol, mar hy lies leaver Simke Kloosterman.\n\nTa slot fertelde Anthony Paul oer syn wurkwize by it oersetten fan gedichten nei it Ingelsk foar de Postma-bloml\u00eazings <i>What the poet must know<\/i> (2004) en <em>Selected poems<\/em> (2018). Omdat er it Frysk net machtich is, naam Paul de Holl\u00e2nsktalige oersettings fan Jabik Veenbaas as boarneteksten, mar nea s\u00fbnder de orizjinele fersen mei Veenbaas te besprekken om dochs ticht by Postma te bliuwen, dy\u2019t Paul kennen leard hie \u2013 post\u00fam \u2013 as \u2018een lief, aardig, sensitief en bijzonder mens\u2019. Toe mar. Yn alle gefallen hat de j\u00fbn, \u00fat namme fan it Obe Postma Selskip treflik organisearre troch Martin Reints, dat selskip nije leden opsmiten \u2013 en Obe Postma, sa foel te hearren, nije l\u00eazers. Amsterdamske l\u00eazers.\n\n\n\n<!-- \/wp:post-content --><!-- \/wp:freeform -->","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Amsterdam, 11 desimber 2019 \u2013 Wylst der op&nbsp;Twitter werris wrokkich folk, mei blokkearfriezinne Jenny Douwes foarop, tekeargong tsjin it ferdjerlike Amsterdam, teagen yn dy st\u00ead sa\u2019n sechtich minsken nei it po\u00ebzypoadium Perdu foar in (Holl\u00e2nsktalige) j\u00fbn oer Obe Postma. Seis &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=13116\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[3],"tags":[52,822,68,823,69,73,81,165,810,811,812,813,815,816,817,819,14,820,29,821],"class_list":["post-13116","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-berjochten","tag-jabik-veenbaas","tag-johann-wolfgang-von-goethe","tag-obe-postma","tag-frederik-daniel-van-rosmalen-jr","tag-philippus-breuker","tag-rainer-maria-rilke","tag-simke-kloosterman","tag-herman-gorter","tag-martin-reints","tag-jenny-douwes","tag-marjoleine-de-vos","tag-jan-kuijper","tag-klaske-oenema","tag-fernando-pessoa","tag-nescio","tag-johnny-van-doorn","tag-anne-feddema","tag-peter-tuinman","tag-eeltsje-hettinga","tag-anthony-paul"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/13116","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=13116"}],"version-history":[{"count":62,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/13116\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":14999,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/13116\/revisions\/14999"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=13116"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=13116"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=13116"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}