{"id":13695,"date":"2020-04-22T15:00:00","date_gmt":"2020-04-22T13:00:00","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=13695"},"modified":"2022-06-26T13:34:54","modified_gmt":"2022-06-26T11:34:54","slug":"mail-oan-minke-ii","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=13695","title":{"rendered":"Mail oan Minke II"},"content":{"rendered":"<p>Ha Minke,<\/p>\n<p>Dus do hast <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=13672\" target=\"_blank\" rel=\"noopener noreferrer\">myn oersetting fan \u2018The Good Man Has No Shape\u2019 fan Wallace Stevens<\/a> l\u00eazen wylsto de Matth\u00e4us-Passion opstean hiest. Do skriuwst dat dy Matth\u00e4us dy <em>peace of mind<\/em> skinkt. W\u00earom dan sa\u2019n prottelmail oan my? Kin ik it helpe datsto Stevens syn fers mar <em>creepy<\/em> en <em>depry<\/em> fynst? Ik bin inkeld in fertolker, net de komponist. O, myn oersetting \u2018De goede man hat gjin stal\u2019 fynst ek stom. Ik hie \u2018shape\u2019 letterlik oersette moatten mei \u2018foarm\u2019, skriuwsto. Mar dat is Josse de Haan-tinken, ik woe dy wizer ha. De meast letterlike oersetting docht it orizjineel net altiten it b\u00easte rjocht. Wurdsjes ien-op-ien ferfange troch de meast foar de h\u00e2n lizzende ekwifalinten wurket by hantliedings en bysluters, mar giet yn it gefal fan gedichten faak straal foarby oan foarmaspekten, referinsjes en kontekst.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-106r.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-13700\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-106r-200x300.jpg\" alt=\"\" width=\"260\" height=\"390\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-106r-200x300.jpg 200w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-106r-683x1024.jpg 683w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-106r-768x1152.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-106r.jpg 1000w\" sizes=\"auto, (max-width: 260px) 100vw, 260px\" \/><\/a>Referinsjes en kontekst binne der yn \u2018The Good Man Has No Shape\u2019 mear as by myn witten oant no ta opmurken is. Binnen de Wallace Stevens-kunde wurdt dat fers oars gauris as in te hite jirpel oan kant skood, liket it. Wat de eksegeten fansels net oer de holle sjoen hawwe, binne de ferwizings nei libben en dea fan Jezus. Ek al falt syn namme net, it leit der tommen tsjok boppe-op: Stevens fariearret op de opwekking fan Lazarus, it ferrie fan Judas, de krusiging fan Jezus, de edik dy\u2019t er doe te drinken krige, it buordsje mei opskrift oan it kr\u00fas&#8230; Motiven dy\u2019t Stevens \u00fat it Nije Testamint hellet, it part fan de Bibel dat \u00fas leauwe litte wol dat Jezus fan Nazaret de Messias, de Kristus is, dy\u2019t foar \u00fas stoarn is om de dea te oerwinnen. Gjin bibel yn h\u00fbs, Minke? Pak dan it tekstboekje fan dyn Matth\u00e4us-Passion der noch mar even by.<\/p>\n<p>\u2018Der Gerechte\u2019 hjit Jezus d\u00ear, de rjochtfeardige, rjochtskepene, oprjochte. Under syn tiidgenoaten waard der noch oan twivele oft Jezus wol sa\u2019n b\u00eastenien wie. Johannes 7:12: \u2018And there was much murmuring among the people concerning him: for some said, He is a&nbsp;good man: others said, Nay; but he deceiveth the people.\u2019 Stevens makket fan Jezus lykwols it archetype fan de rjochtskepen, goede minske troch de tiden hinne. Hy kiest d\u00earby net foar de formulearring \u2018the righteous man\u2019 of \u2018a righteous man\u2019 of \u2018a good man\u2019 \u2013 wurdkombinaasjes dy\u2019t yn de King James Bible op ferskate plakken foarkomme \u2013 mar foar de formulearring \u2018the good man\u2019, in wurdkombinaasje dy\u2019t yn de King James Bible mar ienris opd\u00fbkt, yn Micha 7:2:<\/p>\n<p style=\"padding-left: 40px;\">The good man is perished out of the earth: and there is none upright among men: they all lie in wait for blood; they hunt every man his brother with a net.<\/p>\n<p>Mei dat sitaat, dat nammers in grutte desolatens opropt, stappe wy fan it Nije Testamint oer op it Alde. Ferskillende profeten foarsizze yn it Alde Testamint op mear of minder riedselachtige wize de komst fan de Messias. Opmerklik is wat der oer him sein wurdt yn Jesaja 53:1\u20132:<\/p>\n<p style=\"padding-left: 40px;\">Who hath believed our report? and to whom is the arm of the <small>LORD<\/small> revealed? For he shall grow up before him as a tender plant, and as a root out of a dry ground: he hath no form nor comeliness; and when we shall see him, there is no beauty that we should desire him.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-86r.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-13701\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-86r-200x300.jpg\" alt=\"\" width=\"260\" height=\"390\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-86r-200x300.jpg 200w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-86r-683x1024.jpg 683w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-86r-768x1152.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-86r.jpg 1000w\" sizes=\"auto, (max-width: 260px) 100vw, 260px\" \/><\/a>\u2018He&nbsp;hath&nbsp;no form nor comeliness\u2019: d\u00ear hawwe wy it twadde part fan de titel fan Stevens syn gedicht te pakken! \u2018No form nor comeliness\u2019 is yn de tale Kana\u00e4ns dy\u2019t yn Nederl\u00e2n h\u00fasriem west hat \u2018geen gedaante noch heerlijkheid\u2019 wurden. Sa stiet it yn de Statenvertaling fan 1637 en sa stiet it yn tal fan s\u00fbnttiid ferskynde preken en traktaten. Ien \u00fat h\u00fbnderten mooglike foarbylden is te finen yn de <em>Leerredenen<\/em> (1821) fan Elias Annes Borger, de&nbsp;skrandere Jouster doarpsjonge dy\u2019t it ta heechlearaar teology yn Leiden brocht: \u2018Aan den Heer der heerlijkheid die trouw en liefde te weigeren, die zij aan den man zonder gedaante of&nbsp;heerlijkheid bewezen hadden.\u2019 Yn it D\u00fatske taalgebied sjogge wy nammers it analoge \u2018keine Gestalt noch Sch\u00f6ne\u2019, dat syn oarsprong hat yn de Luther-Bibel fan 1545.<\/p>\n<p>En sa, leave Minke, kaam ik op \u2018stal\u2019, dat neffens it <em>WFT<\/em> \u2018gestalte, lichamelijke gedaante\u2019 bestsjut, as oersetting foar \u2018form\u2019. Dy oersetting h\u00e2ldt \u2018form\u2019 binnen in referinsjeramt (Statenvertaling, tale Kana\u00e4ns) fergelykber mei dat d\u00ear\u2019t Stevens it tinklik oan \u00fbntliend hat. \u2018Shape\u2019 strikt opfetsje as \u2018foarm\u2019 liedt ta nuvere misferstannen. Sa mient Stevens-eksegeet <a href=\"#1\">James Baird<\/a> dat de anonime \u2018they\u2019 Jezus krusigje omdat hy net \u2018shapeless\u2019 is en&nbsp;dus gjin goed minske w\u00eaze kin: \u2018<em>They<\/em>, the rest, are the shapeless, compelling the perseverance of shapelessness.\u2019 Ek as it gjin \u2018shape\u2019 hawwen al belutsen wurdt op dejinge dy\u2019t bespot en ombrocht wurdt, jout \u2018shape\u2019 betizing as de \u00e2ldtestamintyske kontekst b\u00fbten byld bliuwt. <a href=\"#2\">Eleanor Cook<\/a> bygelyks riert der yn <em>A&nbsp;reader\u2019s guide to Wallace Stevens<\/em>, nettsjinsteande de beloftefolle titel fan har boek, raar yn om. Sy jout trije mooglike antwurden op de fraach w\u00earom\u2019t \u2018the good man\u2019 gjin \u2018shape\u2019 hat:<\/p>\n<p style=\"padding-left: 40px;\">(a) There is no such thing as the good man; it is an ideal. (b) There are good men, not just one good man. (c) The good man takes this or that shape, but no required shape, as, e.g., in the Incarnation of Christ. Or?<\/p>\n<p><em>Or<\/em>, Eleanor? De kaai leit yn Jesaja 53:2. In \u00fatlis mei in lange <em>track record<\/em> fan wat d\u00ear sein wurdt, is dat de Messias him \u00fbnder de lju bejaan sil s\u00fbnder in sadanich ymponearjend en ynnimlik uterlik dat sy fanwegen syn skiemtme achter him oanrinne sille. Binnen it retrospektive eachweid fan Stevens (en \u00fas) kinst sizze: Kristus is oan \u00fas ferskynd s\u00fbnder him troch fysyk fertoan kenber te meitsjen, yn de persoan fan in goed minske. Stevens sels seit it al mei neidruk yn de twadde rigel: \u2018God only was his only elegance\u2018. Troch de generaasjes hinne hat de goede minske \u2013 as gefolch fan de s\u00fbndefal, it iten fan in ferbeane apel, wat de dea yn it libben brocht hat \u2013 skreppe moatten en mei sukses war dien om syn steat te ferbetterjen. Nei al dat godfruchtich bodzjen mocht er r\u00easte en genietsje fan de risping, konkreet foarsteld as \u2018bright fruit\u2019 (gjin steande \u00fatdrukking yn it Ingelsk), d\u00ear\u2019t in suggestje fan \u00fatgiet dy\u2019t fierder rikt as de fruchten fan h\u00f4f en wyngerd.<\/p>\n<p>Oant safier gong it crescendo. Mar de \u2018haunting little fable\u2019, sa\u2019t <a href=\"#3\">Lucy Beckett<\/a> it fers neamt, krijt net in <em>happy end<\/em>. <a href=\"#2\">Eleanor Cook<\/a> fettet it fers noch ridlik posityf gear:<\/p>\n<p style=\"padding-left: 40px;\">A poem on incarnations through the centuries of the good man, with allusions to the life of Jesus. It is an affirmation of the good man, e.g., the human Jesus, but opposed to the doctrine of the perfect God-man, Jesus as Christ.<\/p>\n<p>Mar immen as <a href=\"#4\">Ronald Sukenick<\/a> leit de klam justjes oars, hy jout as synopsis: \u2018The idea of the good man in a secular world is made a mockery by death, \u201cLazarus.\u201d\u2019 Stevens liket dat ek te finen. Soest \u2018The Good Man Has No Shape\u2019 in stikje apokrive Jezus-biografy, in lytse kristology neame kinne, w\u00earyn\u2019t de godlike status fan Jezus \u00fbntkend wurdt. Want de dea hat it l\u00easte wurd: net Judas mar Lazarus, krekt dejinge dy\u2019t troch Jezus \u00fat de dea opwekt is, ferriedt him. Hoe? Troch opnij dea te gean; nearne yn de Bibel stiet ommers dat Lazarus troch dy opwekking it ivige libben krigen hie. En dejinge dy\u2019t ferret wurdt, de goede man, ferriist yn it fers allikemin. It buordsje mei opskrift hinget hjirre net oan it kr\u00fas mar boppe it gr\u00eaf; it is gjin <em>titulus<\/em> mar in <em>epitaphium<\/em>, en dat heart in stik definitiver. Ek de gr\u00eafgiften tsjutte op in lang, sis mar permanint ferbliuw yn it deaderyk.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-21v.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-13713\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-21v-200x300.jpg\" alt=\"\" width=\"260\" height=\"390\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-21v-200x300.jpg 200w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-21v-683x1024.jpg 683w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-21v-768x1152.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-21v.jpg 1000w\" sizes=\"auto, (max-width: 260px) 100vw, 260px\" \/><\/a>As&nbsp;Jezus&nbsp;net de Soan fan God is, of oarssein, God de Soan, falt ek de Trije-ienheid \u00fat inoar. Net dat Stevens dat mei safolle wurden seit; God neamt er al, de Hillige Geast net. Mar de fearren dy\u2019t de goede man as bespotting yn syn fleis stutsen krijt, sa\u2019t Jezus in toarnekroan op \u2019e holle drukt krige, binne dat inkeld de fearren fan de f\u00fbgel fan de ferbylding, sa\u2019t bygelyks <a href=\"#1\">James Baird<\/a> hawwe wol? \u2018The feathers are the signs of the bird of the imagination, of the power of self-shaping\u2019, skriuwt er. En <a href=\"#5\">Joseph Milner<\/a> sit op itselde spoar:<\/p>\n<p style=\"padding-left: 40px;\">The use of \u201cfeathers\u201d too fits nicely into the body of Stevens\u2019 poetry, for he typically uses the feathery bird in flight as his symbol for the imagination. Thus they stick the feathers in him as if to mock his notion that he were like a bird able to take wing.<\/p>\n<p>My komt it lykwols oannimliker foar dat it giet om de fearren fan de do dy\u2019t tradisjoneel de Hillige Geast personifiearret. Sa besjoen makket Stevens him mei dat byld kenber as in unitarist, in tsjinstanner fan it dogma fan de Triniteit en fan de godlike status fan Jezus.<\/p>\n<p>Syn Jezus is net de Kristus dy\u2019t foar \u00fas de dea oerw\u00fbn hat, hy is earder in foarrinder fan Josef K., de haadpersoan \u00fat <em>Der Proze\u00df<\/em> fan Franz Kafka. Ek Josef K. is gjin ferkeard minske mar wurdt deryn luze: \u2018Jemand mu\u00dfte Josef K. ferleumdet haben, denn ohne da\u00df er etwas B\u00f6ses getan h\u00e4tte, wurde er eines Morgens verhaftet\u2019, is de ferneamd wurden iepeningssin fan dy roman. Beide J.K.\u2019s binne s\u00fbnder k\u00e2ns op heger berop of graasje ta de dea feroardiele. Sa\u2019t Jezus, hingjend oan it kr\u00fas, deastutsen wurdt mei in spear, sa wurdt Josef&nbsp;K. terjochtsteld mei in dolkstek yn it hert. En sa\u2019t Jezus wol besk\u00f4ge waard en wurdt as \u00fbnderdiel fan de Trije-ienheid mar it net is, sa liket ek Josef&nbsp;K. even in trije-ienheid te foarmjen mei de beide \u2018Herren\u2019 dy\u2019t him ophelje foar syn eksek\u00fasje:<\/p>\n<p style=\"padding-left: 40px;\">K. ging straff gestreckt zwischen ihnen, sie bildeten jetzt alle drei eine solche Einheit, da\u00df, wenn man einen von ihnen zerschlagen h\u00e4tte, alle zerschlagen gewesen w\u00e4ren. Es war eine Einheit, wie sie fast nur Lebloses bilden kann.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-142r-1.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-13712\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-142r-1-200x300.jpg\" alt=\"\" width=\"260\" height=\"390\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-142r-1-200x300.jpg 200w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-142r-1-683x1024.jpg 683w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-142r-1-768x1151.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Allard-Pierson-UvA-hs-XXV-C-38-142r-1.jpg 1001w\" sizes=\"auto, (max-width: 260px) 100vw, 260px\" \/><\/a>Mar&nbsp;ienris&nbsp;op it eksek\u00fasjeplak blike de twa hearen no krekt de skerprjochters te w\u00eazen dy\u2019t him om hals bringe. De \u00fbnferbreklike trije-ienheid wie mar skyn. Ek de Trije-ienheid dy\u2019t Jezus neffens tsjerklike dogma\u2019s foarmet mei God en de Hillige Geast, is der net. Lykas Judas yn de Bibel is Lazarus yn Stevens syn fers mar ynstruminteel: winliken is it God sels dy\u2019t de goede man ferriedt. \u2018Eli, Eli, lama sabachtani?\u2019 ropt Jezus as er oan it kr\u00fas hinget, of, sa\u2019tst yn dyn Matth\u00e4us-libretto l\u00eaze kinst: \u2018Mein Gott, mein Gott, warum hast du&nbsp;mich verlassen?\u2019 It oardiel is \u00fbnwerroplik, de&nbsp;dea definityf. Jezus is net God-minske mar minskebern, Adam, Elkerlyc, Alleman. Hy is Josef&nbsp;K. Hy is \u00fas, it part yn \u00fas dat omdoch longeret nei \u00fbnstjerlikens.<\/p>\n<p>Hawar Minke, no mar gau wer dyn treastrike Matth\u00e4us opsette. Do meist net oer Stevens? Dat kin. En ik haw in hekel oan Bach. Ja echt! Mei waarme groet,<\/p>\n<p>Klaas<\/p>\n<p>&nbsp;<br \/>\n<small><a name=\"1\"><\/a>\u2013 James Baird, <em>The dome and the rock. Structure in the poetry of Wallace Stevens<\/em>, Baltimore 1968, s.&nbsp;5\u20136.<br \/>\n<a name=\"2\"><\/a>\u2013 Eleanor Cook, <em>A reader\u2019s guide to Wallace Stevens<\/em>. Princeton\/Oxford 2007, s.&nbsp;205.<br \/>\n<a name=\"3\"><\/a>\u2013 Lucy Beckett, <em>Wallace Stevens<\/em>. Cambridge\/London\/New York\/Melbourne 1974, s.&nbsp;168.<br \/>\n<a name=\"4\"><\/a>\u2013 Ronald Sukenick, <em>Wallace Stevens. Musing the obscure. Readings, an interpretation, and a guide to the collected poetry<\/em>. New York\/London 1967, s.&nbsp;218.<br \/>\n<a name=\"5\"><\/a>\u2013 Joseph O. Milner, \u2018Stevens\u2019 \u201cThe Good Man Has No Shape\u201d: \u201cThe Man with the Blue Guitar\u201d in a minor key\u2019, <em>The Wallace Stevens Journal<\/em> 4 (1980), s.&nbsp;2\u20134.<br \/>\n<\/small><\/p>\n<p><small>Alle Ingelske Bibelsitaten neffens de King James Bible. Ofbyldings: de Opwekking fan Lazarus, de Krusiging fan Jezus, it Beskriemen troch Maria en de Trije-ienheid, yn in Latynsk st\u00fbneboek. Champagne (Troyes?), om 1480 hinne. Allard Pierson, Universiteit van Amsterdam, Hs. XXV&nbsp;C&nbsp;38.<\/small><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Ha Minke, Dus do hast myn oersetting fan \u2018The Good Man Has No Shape\u2019 fan Wallace Stevens l\u00eazen wylsto de Matth\u00e4us-Passion opstean hiest. Do skriuwst dat dy Matth\u00e4us dy peace of mind skinkt. W\u00earom dan sa\u2019n prottelmail oan my? Kin &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=13695\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[445],"tags":[847,848,849,850,851,201,528,841,844,845],"class_list":["post-13695","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-flessepost","tag-james-baird","tag-joseph-milner","tag-franz-kafka","tag-elias-annes-borger","tag-lucy-beckett","tag-josse-de-haan","tag-wallace-stevens","tag-eleanor-cook","tag-ronald-sukenick","tag-johann-sebastian-bach"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/13695","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=13695"}],"version-history":[{"count":83,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/13695\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":16454,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/13695\/revisions\/16454"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=13695"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=13695"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=13695"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}