{"id":1391,"date":"2013-06-19T23:00:33","date_gmt":"2013-06-19T21:00:33","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1391"},"modified":"2013-06-20T13:10:49","modified_gmt":"2013-06-20T11:10:49","slug":"fryske-dichtbondels-nei-frankfurter-buchmesse","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1391","title":{"rendered":"Fryske dichtbondels nei Frankfurter Buchmesse"},"content":{"rendered":"<p><strong><em>Amsterdam, 19 juny 2013<\/em> &#8211; It Nederlands Letterenfonds hat de titels fan de Fryske liter\u00eare wurken bekend makke d\u00ear\u2019t omtinken foar frege wurde sil op de Frankfurter Buchmesse 2013. It giet om tsien boeken; trije d\u00earfan binne dichtbondels. Foar de seleksje tekenet Alpita de Jong.<\/strong><\/p>\n<p><a><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Elmar-Kuiper-Ut-namme-fan-mysels-240x300.jpg\" alt=\"\" title=\"Elmar Kuiper, Ut namme fan mysels\" width=\"240\" height=\"300\" class=\"alignright size-medium wp-image-1398\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Elmar-Kuiper-Ut-namme-fan-mysels-240x300.jpg 240w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Elmar-Kuiper-Ut-namme-fan-mysels.jpg 448w\" sizes=\"(max-width: 240px) 100vw, 240px\" \/><\/a>By de trije dichtbondels giet it om <em>Ut namme fan mysels<\/em> (2006) fan Elmar Kuiper, <em>Equinox<\/em> (2009) fan Tsj\u00eabbe Hettinga en it deb\u00fat <em>Fan gl\u00eas it brekken<\/em> (2010) fan Elske Kampen. De beide l\u00easte bondels steane ek op de shortlist foar de Gysbert Japicxpriis 2013, w\u00earfan\u2019t de winner op 13 septimber wr\u00e2ldkundich makke wurdt. Opmerklik is dat inkeld resinte po\u00ebzy keazen is. Wurk fan dichtsjende grutheden \u00fat \u2019e foarige ieu as <nobr>Obe Postma,<\/nobr> Douwe Tamminga en Tiny Mulder hat de seleksje net helle.<\/p>\n<p>By de proazawurken leit dat der oars hinne. Ek hjir trije hjoeddeiske titels, alle trije ferhalebondels: <em>N\u00fbmers<\/em> (2004) fan Jaap Krol, <em>In Jikse-libben<\/em> (2008) fan Janneke Spoelstra en <em>De gewoanste man<\/em> (2011) fan Hidde Boersma. D\u00earneist is lykwols keazen foar fjouwer \u2018klassike\u2019 romans: <em>De s\u00fbnde fan Haitze Holwerda<\/em> (1938) fan Ulbe van Houten, <em>Gr\u00fbn en minsken<\/em> (1940) fan Reinder Brolsma, <em>Leafdedea<\/em> (1963) fan Homme Eernstma en <em>De f\u00fbke<\/em> (1966) fan Rink van der Velde.<\/p>\n<p><em>Leafdedea<\/em> en <em>De f\u00fbke<\/em> makken al earder in entree yn it b\u00fbtenl\u00e2n: <em>Leafdedea<\/em> ferskynde yn 1997 yn it Fr\u00e2nsk as <em>Amouramort<\/em> en <em>De f\u00fbke<\/em> waard yn 1995 yn it Ingelsk \u00fatj\u00fbn as <em>The trap<\/em>. Mar <em>De s\u00fbnde fan Haitze Holwerda<\/em> en <em>Gr\u00fbn en minsken<\/em> lykje mei harren boereromankarakter en oerlibbe tematyk net folle k\u00e2ns op in werberte yn \u2019e frjemdte te meitsjen. Hooplik binne der al mooglikheden foar de trije keazen dichtbondels. Mear as de trije ferhalebondels jouwe sy in moaie earste yndruk fan de kwaliteit en aktualiteit fan de Fryske literatuer fan no. <\/p>\n<p>Alpita de Jong hat de seleksje makke as yntindant Frysk foar de Frankfurter Buchmesse 2013 yn oktober. Sy sil d\u00ear warber w\u00eaze as ambassadrise foar de Frysktalige literatuer, yn opdracht fan it Nederlands Letterenfonds, de provinsje Frysl\u00e2n en Tresoar. In brosjuere mei de titel <em><nobr>10 Books<\/nobr> from Friesland<\/em> moat de wurken \u00fbnder de oandacht bringe fan b\u00fbtenl\u00e2nske \u00fatjouwers. De brosjuere wurdt op 27 septimber presintearre yn Tresoar.<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Amsterdam, 19 juny 2013 &#8211; It Nederlands Letterenfonds hat de titels fan de Fryske liter\u00eare wurken bekend makke d\u00ear\u2019t omtinken foar frege wurde sil op de Frankfurter Buchmesse 2013. It giet om tsien boeken; trije d\u00earfan binne dichtbondels. Foar de &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1391\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[3],"tags":[178,179,180,25,30,58,68,77,90,117,171,175,176,177],"class_list":["post-1391","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-berjochten","tag-alpita-de-jong","tag-elske-kampen","tag-jaap-krol","tag-douwe-tamminga","tag-elmar-kuiper","tag-janneke-spoelstra","tag-obe-postma","tag-rink-van-der-velde","tag-tsjebbe-hettinga","tag-tiny-mulder","tag-reinder-brolsma","tag-hidde-boersma","tag-homme-eernstma","tag-ulbe-van-houten"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1391"}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=1391"}],"version-history":[{"count":36,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1391\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":1420,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1391\/revisions\/1420"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=1391"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=1391"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=1391"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}