{"id":1703,"date":"2013-09-06T09:00:00","date_gmt":"2013-09-06T07:00:00","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1703"},"modified":"2013-10-13T14:20:59","modified_gmt":"2013-10-13T12:20:59","slug":"wa-moat-de-gysbert-hawwe","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1703","title":{"rendered":"Wa moat de Gysbert hawwe?"},"content":{"rendered":"<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Gysbert-Japicx-tinkstien-yn-de-nei-him-neamde-br\u00eage-yn-Boalsert-troch-G.J.-Adema-1952-215x300.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"215\" height=\"300\" class=\"alignright size-medium wp-image-1801\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Gysbert-Japicx-tinkstien-yn-de-nei-him-neamde-br\u00eage-yn-Boalsert-troch-G.J.-Adema-1952-215x300.jpg 215w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Gysbert-Japicx-tinkstien-yn-de-nei-him-neamde-br\u00eage-yn-Boalsert-troch-G.J.-Adema-1952.jpg 430w\" sizes=\"(max-width: 215px) 100vw, 215px\" \/>Der binne fan dy dingen yn it libben dy\u2019t je net winne of fertsjinje, mar krije: leafde, in bern, s\u00fbnens, in lintsje. Neffens Eeltsje Hettinga heart de Gysbert Japicxpriis d\u00ear ek by, en hy hat fansels gelyk. Literatuer is gjin wedstriid en de kwaliteit fan literatuer lit him net byh\u00e2lde op in skoareboerd.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Mar de Gysbert Japicxpriis wurdt wol mear en mear in wedstriid, yn neifolging fan liter\u00eare prizen b\u00fbten Frysl\u00e2n. Dat hat alles te krijen mei de winsk fan de provinsje en \u00fat it fjild dat de priistakenning mear omtinken krijt, want dat hyt literatuer- en l\u00easbefoarderjend te w\u00eazen. De taak om oandacht te generearjen is by Tresoar dellein. Dat hat laat ta twa kompetysjeferheegjende eleminten: in shortlist en in oersetwedstriid. Ek de poll op it weblog fan Cornelis van der Wal, dy\u2019t (foarriedige) winners \u00e9n ferliezers sjen lit yn in persintueel sekuere rangoarder, ferheget nammers it wedstriidkarakter.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Dat jildt miskien likegoed foar dit artikel, bin \u2019k bang. Tresoar hat my frege om op papier te setten hokker bondel op de shortlist neffens my de priis hawwe moat, en w\u00earom. Dat is in moaie put, fanwegen de hege kwaliteit fan de nominearre po\u00ebzy. It wurdt in kar \u00fat weelde. Mar it bliuwt in kar yn it foardiel fan de ien en dus yn it neidiel fan de oar, wylst nimmen fan de nominearre skriuwers \u00fat eigen beweging meidocht oan de marmotterace dy\u2019t de Gysbert Japicxpriis no is. It wurdt harren mar oandien. Literatuer is in hurd bedriuw.<\/p>\n<p>Foar de Gysbert Japicxpriis 2013, ornearre foar in dichtbondel ferskynd tusken 2009 en 2012, kamen neffens in troch Tresoar opstelde groslist krapoan fyftich \u00fatjeften yn de beneaming. Fan dy fyftich hat de advyskommisje, besteande \u00fat Jetske Bilker, Goffe Jensma en Jantsje Post, der s\u00e2n op in shortlist set. Twa binne fan dichters dy\u2019t koartlyn ferstoarn binne: Tsj\u00eabbe Hettinga en Harmen Wind. Ek binne der twa by fan dichters dy\u2019t de priis al ris earder krigen hawwe: Tsj\u00eabbe Hettinga en Abe de Vries.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Beide omstannichheden foarmje reglemint\u00ear gjin \u00fatslutingsgr\u00fbn, mar mochten de kommisjeleden it nedich fine en weach dy omstannichheden mei, dan binne se net de iennichsten: foar Josse de Haan wie it reden de trije neamde dichters net as serieuze kandidaten te besk\u00f4gjen, sa liet er op it weblog fan Abe de Vries witte. Dat is wol nei te fielen. In priis\u00fatrikking s\u00fbnder liiflik oanw\u00eazige laureaat is as in brulloft s\u00fbnder breid. En yn koarte tiid twaris deselde persoan lauwerje giet nochal demonstratyf foarby oan de loflikens fan oare k\u00e2nshawwers.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;It binne pragmatyske oerwagings, dy\u2019t bewust of healbewust ynfloed hawwe kinne op de takenning fan de priis. Dat jildt ek foar de sneue konstatearrings dat guon tige fertsjinstlike skriuwers hieltyd wer foarbyparte wurde en dat froulju yn it prizesirkus oan krapperein komme. Sokke oerwagings soe men lykwols op \u00f4fst\u00e2n h\u00e2lde moatte. Sjenre en it jier fan ferskinen binne de iennichste kritearia foar pleatsing op de groslist en liter\u00eare kwaliteit soe it iennichste kritearium w\u00eaze moatte foar pleatsing op de shortlist en foar takenning. Al it oare is polityk.<\/p>\n<p>By de \u00fatrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2005 oan Abe de Vries waard rept fan in ren\u00eass\u00e2nse yn de Fryske po\u00ebzy. Dy ren\u00eass\u00e2nse, om 2000 hinne ynset, liket noch hieltyd net \u00f4fr\u00fbn te w\u00eazen. D\u00ear moat al by oantekene wurde dat guon dichters dy\u2019t no de bloei fan de Fryske po\u00ebzy meibepale al fier d\u00earfoar oan harren oeuvre bouden. De suggestje as hie de Fryske po\u00ebzy foar\u00f4fgeand oan de milenniumwiksel noch yn tsjustere midsieuwen omtaast, is in ferkeardenien.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Ek kin men net \u00fath\u00e2lde dat de Fryske po\u00ebzy in oerhearskjend paradigma sjen lit. Klykfoarming en kreauwerij binne der gen\u00f4ch, mar liter\u00eare streamingen, nee. Eidet men de shortlist oer op syk nei oerienkomsten, dan rinne de biografyske it meast yn it each: seis fan de s\u00e2n kandidaten binne berne tusken 1945 en 1955, seis fan de s\u00e2n binne manlju en seis fan de s\u00e2n hawwe foar langere of koartere tiid yn it \u00fbnderwiis sitten of binne d\u00ear alteast foar oplaat.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Sa net, der binne tematyske tendinzen oan te wizen yn de nominearre bondels sels. Dy fungearje opfallend faak as partikuliere <em>lieux de m\u00e9moire<\/em>. Po\u00ebzy wurdt ynset om dat wat west hat of driget te ferdwinen foar ferjitnis te behoedzjen: jeugdherinneringen, de eigen biotoop, ferstoarne dierberen (benammen de deade heit is in nochal oanw\u00eazige figuer). Dat smyt spitigern\u00f4ch wolris retrogedichten op, dy\u2019t net folle mear as in mankelike neitins biede. Mar faker is d\u00ear in po\u00ebtikale ynfalshoeke mei anneks: is taal wol foldwaande tarist foar it f\u00easth\u00e2lden fan wat feroaret, ferflechtiget of fergiet? It is dat twadde tema dat it earste behoedzje kin foar neatsizzende nostalgy.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Mar eigenheid is wat de s\u00e2n bondels it d\u00fadlikst mien hawwe en wat harren tagelyk fan inoar \u00fbnderskiedt. Ik rin se ien foar ien byl\u00e2ns.<\/p>\n<p><strong><em>Sprieken wy net, wy waarden teneate<\/em><\/strong><\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Abe-de-Vries-Sprankeskyn.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"250\" height=\"250\" class=\"alignright size-full wp-image-1741\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Abe-de-Vries-Sprankeskyn.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Abe-de-Vries-Sprankeskyn-150x150.jpg 150w\" sizes=\"(max-width: 250px) 100vw, 250px\" \/><em>Sprankeskyn<\/em> fan Abe de Vries (1965) is in syktocht nei it paad dat de dichter weifiert fan it \u2018inerlik doarmjen\u2019, en dat paad is \u2018it spoar werom\u2019. It liedt nei it l\u00e2n fan herkomst, nei it oerlevere ferhaal en nei de joadsk-kristlike tradysje. It earste makket fan <em>Sprankeskyn<\/em> in lytse topografy fan de kuststreek l\u00e2ns it Fryske Waad. Dat motyf is net nij binnen it oeuvre fan De Vries; syn selstypearring as \u2018weromkommer \/ yn in l\u00e2n d\u00ear\u2019t ik de fjildnammen fan ken\u2019 is in echo fan de titel fan syn deb\u00fat <em>In weromkommer yn it \u00fbnl\u00e2n<\/em> \u00fat 2002.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Nij is al it weromgripen op en h\u00e2ldf\u00east sykjen yn joadske symboalen en w\u00ear\u2019t dy foar stean, ek al is de dichter \u2018net leauwich fan h\u00fbs \u00fat\u2019. It wurdt him lykwols oandroegen, troch in wize frou. Dat spoar werom bringt him ticht by Eden, d\u00ear\u2019t de fjouwer rivieren \u00fbntspringe dy\u2019t harren nammen oan de skiften fan de bondel j\u00fbn hawwe. In fyfde \u00e2ldtestamintyske rivier w\u00earby\u2019t de dichter himsels weromfynt, is de Jabbok, hjir situearre yn it Fryske terpel\u00e2n. Foar de heidenen \u00fbnder de l\u00eazers: by de Jabbok focht aartsfader Jakob mei (in boadskipper fan) God.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;It talige part fan <em>Sprankeskyn<\/em> is net in bytsje nijsgjirrich. De gedichten binne ryk oan idee\u00ebn, referinsjes en assosjaasjes, se biede foarmferskaat en gl\u00e2nzjend idioom. Want taal bringt heil: \u2018Jou my riedsels op yn in taal \/ om mei tongen te \u00fbntsiferjen \/ en wij swije de wr\u00e2ld nij.\u2019 Dat is moai, en de folgjende strofe is dat net minder:<\/p>\n<ul>Sprieken wy net, wy waarden teneate.<br \/>\nDe profeten soene gelyk krije, dy\u2019t riedlingen<br \/>\nsprekke oer de leafde. As wie sy wat oars<br \/>\nas op dyn \u00fatrop it kommen: sy is in gjalp nei dy.<\/ul>\n<p>Mar spitigern\u00f4ch befettet <em>Sprankeskyn<\/em> ek in byldzjend part. Dat bestiet \u00fat achttjin foto&#8217;s, makke troch de dichter sels. Op de searje dy\u2019t de ferserige \u2018S\u00e2n sakreminten\u2019 begeliedt, sjogge wy in frommes s\u00fbnder klean oan troch de tsjerke fan Hantumhuzen kr\u00fbpen en mei in ganoekia meneuveljen. In oare kwalifikaasje as relykitsch wol my net te binnen sjitte. En dan de searje mei opnij in neaken frommes, diskear mei read- en swartlakte neilen, dy\u2019t de wytmoarmeren bylden yn de Pier Pander Timpel bepoatelet: lege patetyk. Ynh\u00e2ldlik neutraler mar konseptueel earmoedich binne de foto\u2019s mei lange slutertiid by nacht \u2013 sjoch ris wat in moaie ljochtspoaren!<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Benammen de eksaltearre foto\u2019s fan de earste beide searjes biede net in kontekst dy\u2019t de gedichten better \u00fatkomme lit, earder oarsom: de foto\u2019s meitsje dat je fan de weromstuit ek de gedichten mei in skalk each besjogge. Is in fers mei \u2018sielspaden\u2019 deryn eins net wat bombastysk? En pakt it kenlik serieus bedoelde fers \u2018Roas fan myn hert\u2019 winliken net drakerich \u00fat?<\/p>\n<p><strong><em>Ferlerne tiid dy\u2019t ik fergetten wie<\/em><\/strong><\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Elske-Kampen-Fan-gl\u00eas-it-brekken-207x300.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"207\" height=\"300\" class=\"alignright size-medium wp-image-1738\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Elske-Kampen-Fan-gl\u00eas-it-brekken-207x300.jpg 207w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Elske-Kampen-Fan-gl\u00eas-it-brekken.jpg 480w\" sizes=\"(max-width: 207px) 100vw, 207px\" \/>As der fan de nominearre bondels ien by ferskinen goed \u00fbntfongen is, dan wol it deb\u00fat <em>Fan gl\u00eas it brekken<\/em> fan Elske Kampen (1955). De krityk wie ent\u00fbsjast. Edwin de Groot neamde it \u2018in skot yn \u2019e roas\u2019, Cornelis van der Wal f\u00fbn it \u2018folle mear as in \u00fbnthjit, it is daliks al in klassiker\u2019 en Eppie Dam spruts fan \u2018in eksposee fan wurdrykdom en taalbehearsking\u2019; de bondel wie foar him \u2018de iepenbiering fan 2010\u2019. Ek it l\u00eazerspublyk wie goed te sprekken. <em>Fan gl\u00eas it brekken<\/em> waard net allinne bekroand mei de Fedde Schurerpriis foar debutanten, mar krige boppedat de Fedde Schurerpublykspriis.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Dat is opmerklik, want Elske Kampen skriuwt ynbannige, suver bed\u00easte po\u00ebzy, w\u00earyn\u2019t observaasje en yntrospeksje \u00fatgeane boppe ekspressiviteit. Utroptekens \u00fbntbrekke letterlik en figuerlik. Betreklik lange, meidielsume gedichten, net selden mei in ballade-achtige struktuer, jouwe rom baan oan in <em>recherche du temps perdu<\/em>. Troch de bondel hinne wurdt hinte op it spul fan ljocht en skaad, it ferburgen w\u00eazen en it sichtber meitsjen. Dan fynt ljocht \u2018romte tusken myn rigels. \/\/ Even koe ik rikke s\u00fbnder fingers. \/\/ Nei lykwicht, nei ferlerne tiid \/ dy\u2019t ik fergetten wie.\u2019 In oar byld is dat fan gl\u00eas, dat trochlit en trochjout, mar ek spegelet en \u00f4fketst. Ljocht, skaad, gl\u00eas: it binne yn dizze bondel frekwinte, mar net de meast orizjinele begripen.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Yn ferskillende gedichten stapt Kampen \u00fat de yll\u00fazjeleaze wr\u00e2ld fan hjir en hjoed wei en giet se it grinsgebiet fan wurklikheid en dream binnen dat yn de bernetiid leit. It lytse universum fan in fantasyryk famke wurdt skildere yn taal en bylden dy\u2019t tagelyk trefseker binne \u00e9n it heimige yntakt litte. Leafdefolle portretten binne der ek fan in heit, in bern, in frou op har siik- en stjerb\u00ead.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Mar ek is der omtinken foar libbenleaze foarwerpen dy\u2019t skiednis meidrage of ea meidrage sille. It smyt bytiden om sa te sizzen Rilkeaanske dinggedichten op:<\/p>\n<ul>Stil dreame se yn kanferkasten of slomje<br \/>\nyn djippe doazen, \u00e2lde dingen doelleas<br \/>\nopteard, klomjend yn fersketten kleuren.<br \/>\n[&#8230;]<br \/>\nNije dingen wachtsje s\u00fbnder euvelmoed<br \/>\nmei gl\u00e2ns en skerpe r\u00e2nen, gjin skrassen<br \/>\noer it glimmend liif, noch gjin ferline.<\/ul>\n<p>De sitearre fragminten litte grutte niget oan en feardigens mei taal sjen, mar dogge ek wat konvinsjoneel oan. <em>Fan gl\u00eas it brekken<\/em> is in knappe bondel, dat jou ik de kritisy daalk ta, mar hoe melodieus en ritmysk ek, in tige dynamyske bondel is it net.<\/p>\n<p><strong><em>It himsels wjerk\u00f4gjende oantinken<\/em><\/strong><\/p>\n<p><a><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Eeltsje-Hettinga-Ikader-208x300.jpg\" alt=\"\" width=\"208\" height=\"300\" class=\"alignright size-medium wp-image-1728\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Eeltsje-Hettinga-Ikader-208x300.jpg 208w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Eeltsje-Hettinga-Ikader.jpg 417w\" sizes=\"(max-width: 208px) 100vw, 208px\" \/><\/a>It hert fan de bondel <em>Ikader<\/em> fan Eeltsje Hettinga (1955) bestiet \u00fat gedichten nei oanlieding fan it wurk fan Bas Jan Ader, de konseptueel keunstner dy\u2019t graach dingen falle liet, benammen himsels, en \u00fateinlik oer de r\u00e2ne fan de ierde foel, doe\u2019t er yn in sylboatsje de Atlantyske Oseaan oer soe. Hettinga syn fassinaasje foar Ader wurket troch oant yn de titel fan de bondel ta.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Swiertekr\u00eaft is gefaarlik foar wa\u2019t net mei beide fuotten op de gr\u00fbn stean bliuwt \u2013 leafst flakke gr\u00fbn, lykas yn Frysl\u00e2n. Mar Eeltsje Hettinga hat mear sympaty foar wa\u2019t de provinsje \u00fbntflechtet en de hichten en fierten opsiket, is it net fysyk dan teminsten yn de geast. Sels hat er, krekt as Ader, jierrenlang yn Amearika omspaand. Ferskillende gedichten yn <em>Ikader<\/em> helje herinneringen op oan de tiid dat er om utens wie.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Mar wichtiger is dat er syn kulturele eachweid net beheine lit troch de provinsjegrinzen. Ek yn syn fyfde dichtbondel tilt it wer op fan de ymplisite en eksplisite referinsjes oan benammen skriuwers en byldzjend keunstners mei hiel ferskillend kultureel DNA, fan Paul Celan oant Hans Faverey en fan James Ensor oant Yves Klein. De wr\u00e2ld is grutter as Frysl\u00e2n; wa wit begjint sy sels d\u00earb\u00fbten. Tekenjend is hoe\u2019t Hettinga yn it hekeldicht \u2018In l\u00e2n, in myte\u2019 lucht jout oan syn wearze fan it byld fan Frysl\u00e2n dat it Fries Museum \u00fatdroech yn de foto\u00fatstalling <em>Flakkel\u00e2n<\/em> fan Stephan Vanfleteren. Dat byld, in idealisearring fan provinsjalisme, stiet heaks op it kosmopolitisme dat al s\u00fbnt syn deb\u00fat <em>Akten fan winter<\/em> \u00fat 1998 troch it wurk fan Hettinga waait.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Eeltsje Hettinga wit wat taal ferget: \u2018Deis sleep ik it wurd by de bergen op, \/ j\u00fbns lis ik yn it dal foar dea\u2019. Ek dat der taal is \u2018d\u00ear\u2019t \/ nimmen yn komt, behalve it kr\u00e1-kr\u00e1 \/\/ fan it himsels wjerk\u00f4gjende oantinken\u2019. Likegoed giet er de berch op, \u2018b\u00fbten sinnen \/ de beamgrins fan in begjinnen oer\u2019. It resultaat is redenrike, ynventive po\u00ebzy, dy\u2019t somtiids lykwols skreaun wurdt mei in opsichtich grutte P. Dat komt \u00fbnder mear troch dichterlike oanslaggen lykas it foarop pleatsen fan ferh\u00e2ldingswurden (\u2018Op nimt him it gnuvend djip\u2019) en mulwurden (\u2018Bleaun is de tiid in iepen plak\u2019) en it achterop pleatsen fan eigenskipswurden (\u2018gr\u00eaffjilden read\u2019, \u2018op sokken wyt\u2019).<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;En guon gedichten binne al te partikulier. Harren drama is inkeld in bytsje te pleatsen as men mei help fan de oantekenings achter yn de bondel oan it googeljen slacht. D\u00earmei krije guon kryptyske oantsjuttings achtergr\u00fbn, mar noch gjin funksje binnen de kontekst fan it gedicht. It is yndied taal foltroppe mei kr\u00e1-kr\u00e1, d\u00ear\u2019t foar de l\u00eazer gjin plak yn is. <\/p>\n<p><strong><em>Ek jout it wat romte yn \u2019e jas<\/em><\/strong><\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jacobus-Quiryn-Smink-Sondelfal-211x300.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"211\" height=\"300\" class=\"alignright size-medium wp-image-1754\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jacobus-Quiryn-Smink-Sondelfal-211x300.jpg 211w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jacobus-Quiryn-Smink-Sondelfal.jpg 546w\" sizes=\"(max-width: 211px) 100vw, 211px\" \/><em>Sondelfal<\/em>, de achtste dichtbondel fan Jacobus Q. Smink (1954), ferskynde fjirtjin jier nei syn foarl\u00easte, <em>Minskegedichten<\/em>. De rispinge \u00fat de tuskenlizzende jierren bestiet benammen \u00fat oantinkens fan de dichter oan syn bernejierren, syn heit en dy syn boerebedriuw, doarpsgenoaten en it dekor fan dat alles: it doarp Sondel. Dat is net mear wat it west hat, mar yn de geast fan de dichter bliuwt it \u00e2lde doarp yntakt. Hoewol\u2019t inkeld de namme fan in nijboustrjitte mei bungalows en boerderettes yn Sondel noch herinnert oan it tichtsmiten Swaaigat, sit Smink noch yn de \u00fbntkennende faze: \u2018Dat efter kafee Zeldenrust is it Swaaigat \/ Wa\u2019t praat hat fan dimpt dy seit mar wat\u2019.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Fansels binne der, lykas altiten yn it wurk fan Smink, ek gedichten oer fammen en famkes. De fammen komt er tsjin op \u2019e dyk of yn de supermerk: \u2018Watst op slach mei my dochst yn dy krappe tel \/ Ear\u2019t ik my de eagen delslaan kin\u2019. Mar de famkes, dat is in oar ferhaal. Dy sizze heit tsjin de dichter, sy ferliene him de status dy\u2019t yn de Sondel-gedichten takomt oan syn eigen heit. Troch de famkes is <em>Sondelfal<\/em> \u00fbn\u00fbntwynber in bondel mei in protte ferlytsingswurdsjes wurden.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Dan binne der noch gedichten, oars net de minsten, dy\u2019t b\u00fbten de beide neamde tema\u2019s falle, lykas \u2018Graach flokke\u2019, dat begjint mei de strofen:<\/p>\n<ul>Mei sa graach flokke it jaget<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;It \u00fbngemak op it spielt troch<br \/>\nAs koalstof en it skrobbet<\/p>\n<p>Ek jout it wat romte yn \u2019e jas<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Makket net dik en de dea<br \/>\nDraaft foar dy \u00fat it tsjerkh\u00f4f oer<\/ul>\n<p>De 52 gedichten yn <em>Sondelfal<\/em> binne net yn in stokramt fan skiften en subskiften wraamd, mar alfabetisearre op harren titel. Ek de foarm fan de gedichten is nearne twingend. Dy fariearret fan it frije fers oant it sonnet, s\u00fbnder dat Smink kwa foarm dogmatysk is: hy mei fan en ta graach wat rymje mar leit it der net tsjok op. Fan syn earste bondeltsje \u00f4f, <em>Ap\u00e0rte fersen<\/em> \u00fat 1983, skriuwt er suggestive, trintene en \u00fbnferliteratuerde po\u00ebzy. Boartlik is syn wurk ek wol neamd, terjochte, mar lokkigern\u00f4ch is it frij fan it soarte fan boartlikens d\u00ear\u2019t R.R. van der Leest altiten om bejubele is. Smink syn b\u00easte gedichten hawwe in licht \u00fbntr\u00eastigjende heimsinnigens.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Sokke gedichten \u00fbntbrekke fierhinne yn <em>Sondelfal<\/em>. Dy bondel is foaral ynkleure mei lichtfuottige weemoed. Yn guon gedichten \u2013 bygelyks de fersen d\u00ear\u2019t doarpstypen lykas Alde Jap, Nine Pit en Kreupele Jelle yn figurearje \u2013 giet dy weemoed oer yn sepiakleurige nostalgy. Hoe hinten en trinten fierders ek, dy gedichten h\u00e2lde it net \u00fat.<\/p>\n<p><strong><em>Wurdt po\u00ebzij \u00fas ynj\u00fbn mei de tate?<\/em><\/strong><\/p>\n<p><a><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Eppie-Dam-Mem-sjoch-boi-200x300.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"200\" height=\"300\" class=\"alignright size-medium wp-image-1733\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Eppie-Dam-Mem-sjoch-boi-200x300.jpg 200w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Eppie-Dam-Mem-sjoch-boi.jpg 399w\" sizes=\"(max-width: 200px) 100vw, 200px\" \/><\/a><em>Mem sjoch boi<\/em> fan Eppie Dam (1953) sit strak yn de lak. Dat is Dam wol tabetroud, fan syn h\u00e2n binne bondels mei frijer fersen en in losser struktuer ferskynd, mar ek bondels mei straffe straminen yn fersebou en yndieling. <em>Mem sjoch boi<\/em> befettet 56 fersen fan elk fjouwer kwatrinen, ferdield oer fiif skiften. Op s\u00e2n nei hawwe de fersen omearmjend rym; de l\u00easte s\u00e2n, dy\u2019t in rige foarmje mei deselde titel as de bondel, hawwe pearrym. Dat hat sa syn reden; foarm folget hjir funksje.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;De bondel begjint frij \u00fbnpersoanlik en h\u00e2ldt dat lang fol. De earste fjouwer skiften foarmje in kaleidoskopysk oersjoch fan it mem-w\u00eazen yn psychologysk en kultuerhistoarysk perspektyf. Yn it earste skift passearje saken lykas net-winske \u00e2lderskip en postnatale depresje, mar wurdt ek de fraach opsmiten oft taal en po\u00ebzy jeften binne dy\u2019t fan mem komme:<\/p>\n<ul>Is taal fan mem? It l\u00e2n kom\u00f4f fan heit?<br \/>\nWurdt po\u00ebzij \u00fas ynj\u00fbn mei de tate,<br \/>\nde b\u00fbtendyk bewekke troch soldaten?<br \/>\nIen is de geast dy\u2019t yn twa wr\u00e2lden dijt.<\/ul>\n<p>De gedichten yn it twadde skift binne ynspirearre troch liter\u00ear wurk fan oaren, dy yn it tredde troch keunstwurken en dy yn it fjirde troch ferhalen \u00fat \u2019e Bibel.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Dy earste fjouwer skiften binne knap en kundich, d\u00ear net fan, mar krije pas harren folle betsjutting yn it ljocht fan it fyfde skift, mei de titel \u2018As kearde him in haven tsjin \u2019e boat\u2019. De fersen yn dat skift hawwe ien oansprutsene, in mem dy\u2019t om bef\u00eastiging frege wurdt mar dat net jaan woe of koe, en no net mear oansprekber is:<\/p>\n<ul>Ik mei jo net mear fergje no\u2019t de slom<br \/>\nfan \u00fbnbesef in waas l\u00fbkt oer jo dagen.<br \/>\nIk woe, it wie it dodzjen fan myn fragen&#8230;<br \/>\nDe echo balt syn ivich hoe en w\u00earom.<\/ul>\n<p>Foarmf\u00east en evenredich fan toan mar troch harren ynh\u00e2ld skrinend, sketse de fersen hoe\u2019t nearzich kristendom en skytskjin boargermansfatsoen in doem lein hawwe oer de bernejierren fan in jonkje dat omd\u00f4ch nei waarmte en bef\u00eastiging fan syn mem longere. Sels syn dichtsjen letter, ynset om har oandacht en wurdearring te krijen, wurdt \u00fat dat gemis wei motivearre.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Mei <em>Mem sjoch boi<\/em>, syn fjirtjinde dichtbondel, hat Eppie Dam in hichtepunt tafoege oan syn oeuvre. Fan begjin \u00f4f oan \u2013 hy debutearre as dichter yn 1978 mei de bondel <em>Mei de jierren<\/em> \u2013 hat er socht nei in bal\u00e2ns tusken foarm en ekspresje. Yn <em>Mem sjoch boi<\/em> hat er dy oertsj\u00fbgjend bemastere, benammen yn it l\u00easte skift, dat lykwols de foargeande fjouwer skiften goed br\u00fbke kin om optimaal effekt te sortearjen.<\/p>\n<p><strong><em>Ik haw de dream yn en de skyn<\/em><\/strong><\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Tsj\u00eabbe-Hettinga-Equinox-185x300.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"200\" height=\"324\" class=\"alignright size-medium wp-image-1759\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Tsj\u00eabbe-Hettinga-Equinox-185x300.jpg 185w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Tsj\u00eabbe-Hettinga-Equinox.jpg 491w\" sizes=\"(max-width: 200px) 100vw, 200px\" \/>It oeuvre fan Tsj\u00eabbe Hettinga (1949\u20132013), \u00fbntstien oer in tiidrek fan fjouwer desennia, hat g\u00e2ns \u00fbntjouwing trochmakke. De start leit yn in suver griis ferline: syn deb\u00fat <em>Yn dit l\u00e2n<\/em> stamt \u00fat 1973. In omslach, tematysk en fral yn foarm en toan, wie de bondel <em>Under seef\u00fbgels<\/em> \/ <em>De kust<\/em>, \u00fatkaam yn 1992, nei in perioade fan alve jier w\u00earyn&#8217;t gjin bondels ferskynden. S\u00fbnttiid hat Hettinga mei bondels, oersettings, foardrachten en cd\u2019s yn Frysl\u00e2n en fier d\u00earb\u00fbten namme makke. Ek syn l\u00easte bondel, <em>Equinox<\/em>, hat de wei nei in net-Frysktalich publyk f\u00fbn: foarich jier ferskynde in oersetting troch Benno Barnard \u00fbnder de titel <em>Evening<\/em>.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;<em>Equinox<\/em> is in bondel oer wr\u00e2lden dy\u2019t b\u00fbten it eachweid lizze: de eigen bernejierren, ferdw\u00fbn achter de kym fan it ferline, en it l\u00e2n fan herkomst fan de migrant, ferdw\u00fbn achter de kym fan de oseaan. Beide wr\u00e2lden wurde yn de laden taal fan Hettinga optild en ferheft ta mythos. Dy taal wjerspegelet liter\u00eare tradysjes fan ieuwen en jout tagelyk stal oan in persoanlik symboalestelsel, gebr\u00fbkmeitsjend fan in fracht oan metafoaren en retoaryske middels. It is de dichter dy\u2019t mei syn taalmacht dat wat troch tiid en \u00f4fst\u00e2n b\u00fbten berik rekke is, wer gearbringe kin binnen it domein fan de po\u00ebzy.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Yn it programmatyske gedicht \u2018De sk\u00fbte\u2019 \u2013 ien lange Homearyske opsomming \u2013 fergeliket de dichter himsels mei in boat dy\u2019t myten meifiert. De boat is suver <nobr>te lyts:<\/nobr><\/p>\n<ul>Ik haw de smoar yn en it ferjit; ik haw de dream yn<br \/>\nEn de skyn, de fjurrigens en de sintels, de wierheid<br \/>\nFan it wierjend neat; alles haw ik yn dat fan in oar<br \/>\nIs: de moanne en de stjerren, de meteoaren en<br \/>\nDe planeten, de swarte gatten en de s\u00fbging fan<br \/>\nIt mystearje, te grut foar it rom fan \u2019e sk\u00fbte [&#8230;]<\/ul>\n<p>It wie in hege taakopfetting dy\u2019t dizze dichter der op nei hold.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;De kr\u00eaft fan de po\u00ebzy fan Hettinga leit foar in wichtich part yn de betsjoening dy\u2019t bygelyks fan de krekt sitearre rigels \u00fatgiet. Mar op papier wurket syn po\u00ebzy justjes oars as wannear\u2019t dy foardroegen wurdt. De magy fan de foardracht giet op papier ferlern as de tekst, sa swart op wyt, ynienen forsearre konstruksje sjen lit, en guon gedichten yn <em>Equinox<\/em> hawwe d\u00ear fan te lijen. Se befetsje in surplus oan adjektiven, al te betochte nijfoarmingen, wrongen syntaksis en twangmjittige lettergrepetellerij. Fierders fertoant de bondel net de measte gearhing: it is de rispinge \u00fat in grut tal jierren, ynklusyf gelegenheidswurk.<\/p>\n<p><strong><em>Wolst noch wat freegje, noch wat roppe<\/em><\/strong><\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Harmen-Wind-Heechtiid-204x300.jpg\" alt=\"\" title=\"\" width=\"204\" height=\"300\" class=\"alignright size-medium wp-image-1746\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Harmen-Wind-Heechtiid-204x300.jpg 204w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Harmen-Wind-Heechtiid.jpg 300w\" sizes=\"(max-width: 204px) 100vw, 204px\" \/>Harmen Wind (1945\u20132010) hat de koart nei syn ferstjerren ferskynde bondel <em>Heechtiid<\/em> s\u00fbnder mis gearstald yn it besef dat er \u00fbngen\u00easlik siik wie. En al binne twa gedichten oanwiisber fan folle earder, foar in grut part fan de gedichten jildt grif dat se skreaun binne mei de r\u00each tsjin de muorre. De titels fan beide skiften dy&#8217;t de bondel telt, sprekke d\u00fadlike taal: \u2018De geande man\u2019 en \u2018It l\u00easte etmiel\u2019.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Ek de gedichten sels, benammen dy yn it twadde skift, fermoaikje neat: it binne heldere fersen dy&#8217;t it needlot \u00fbnder eagen sjogge. \u2018It l\u00easte etmiel\u2019 bestiet \u00fat twa dozyn registraasjes, ien op elk heel oere, fan wat foarfalt op in dei \u00fat it libben fan immen dy\u2019t foar de dea opskreaun is. De ik-figuer \u00fbndergiet de dingen suver stoisynsk, synysk hast: \u2018Do krijst dyn ein in kear. Nim no in \/ hertstilst\u00e2n: men fielt de pine, falt \u2013 en klear.\u2019 Dit is it tsjinstelde fan de wurdpielderij dy\u2019t Wind mei fyn ynleine irony beskriuwt yn \u2018Sneinsdichter\u2019; dit is dichtsjen mei de dea op <nobr>\u2019e hakken.<\/nobr><br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Yn it earste skift komme benammen de fan\u00e2lds fertroude tema\u2019s \u2013 God, de heit, it Wurd, de tiid, slytskens yn it deistich bestean, it foarbygean \u2013 oan bod, de tema\u2019s dus dy\u2019t Wind hieltyd wer s\u00fbnt syn earste, yn 1985 ferskynde bondel <em>Ut ein<\/em> by de kop pakt hat. Wat yn <em>Heechtiid<\/em> lykwols alhiel \u00fbntbrekt, is de wurgens dy\u2019t yn guon eardere bondels as in griis flues oer de siden lei. <em>Heechtiid<\/em> d\u00earfoaroer docht ferslach fan in noch net earder meimakke barren en docht dat mei urginsje. Yn it l\u00easte gedicht transformearret \u2018heechtiid\u2019 ommers ta <nobr>\u2018de heechste tiid\u2019:<\/nobr><\/p>\n<ul>De heechste tiid, noch giet de r\u00east<br \/>\nnet iepen. Dy\u2019t op dy past, hat<br \/>\nyn har h\u00e2n dyn hert. Sy skoot<br \/>\ndy hoeden yn \u2019e ribbekast.<\/p>\n<p>Wolst noch wat freegje, noch wat<br \/>\nroppe. Hearst d\u00ear ien flokken yn \u2019e<br \/>\nfierte? Is dat r\u00fbzjen d\u00ear de wyn? De<br \/>\nstoartbak boppe? L\u00easte azem? Wjukken?<\/ul>\n<p>It dichterskip fan Wind, dellein yn tsien Frysk- en s\u00e2n Holl\u00e2nsktalige bondels, hat yn <em>Heechtiid<\/em> in einpunt en in bewuste \u00f4fr\u00fbning krigen. Dryst eksperimint en felle ekspresje \u00fbntbrekke yn dizze bondel sa goed as yn it hiele oeuvre, dat lykwols fan begjin oant ein n\u00east f\u00easte tema\u2019s in formidabele, subtile taalfeardigens sjen lit, d\u00ear\u2019t de nu\u00e2nses fan emoasje namste ynkringender yn \u00fatkomme. Wind wie in besiele ambachtsman yn Doesburch, gjin sweeslaand po\u00ebet op de Parnas. Likegoed tsj\u00fbget <em>Heechtiid<\/em> fan in \u00fbngewoan grutte <nobr>dichterlike moed.<\/nobr><\/p>\n<p><strong>En de Gysbert giet nei&#8230;<\/strong><\/p>\n<p>Nee, literatuer is gjin wedstriid, mar de Gysbert Japicxpriis is dat wilens al. Yn de poll op it weblog fan Cornelis van der Wal stiet op it momint fan skriuwen Jacobus Smink royaal oan kop mei <nobr>57 prosint<\/nobr> fan de \u00fatbrochte stimmen, folge troch Eppie Dam mei <nobr>15 prosint<\/nobr> en Eeltsje Hettinga mei <nobr>13 prosint.<\/nobr> De oare nominearren komme net boppe de <nobr>8 prosint<\/nobr> \u00fat. Der is <nobr>87 kear stimd.<\/nobr><br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Myn eigen top trije sjocht der wat oars \u00fat: Harmen Wind stiet op ien, Eppie Dam op twa en Jacobus Smink op trije. Alle trije wienen dy al as dichter warber lang foardat de earderneamde \u2018ren\u00eass\u00e2nse fan de Fryske po\u00ebzy\u2019 ynsette. Ik h\u00e2ld it der mar op dat myn listje mear oer my seit as oer de troch my \u00fatferkarde bondels of dy ren\u00eass\u00e2nse. En hoe hie myn listje der\u00fat sjoen as ik kieze kinnen hie \u00fat de groslist yn stee fan de shortlist? Op de groslist steane ommers ek noch \u2013 ik doch mar in greep \u2013 <em>Granytglimkes<\/em> fan Elmar Kuiper, <em>De trektocht<\/em> fan Albertina Soepboer en <em>Kristus Pavlov<\/em> fan Cornelis van <nobr>der Wal&#8230;<\/nobr><br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Hawar, it wurd is no oan de advyskommisje en dan oan de provinsje. Hawwe dy ienris sprutsen, dan past it de goegemeente en applaudissearje ynstimmend.<\/p>\n<ul>Ek publisearre op <a href=\"http:\/\/www.demoanne.nl\" target=\"_blank\">www.demoanne.nl<\/a>, yn fjouwer parten op 3\u20136 septimber 2013, <nobr>en yn <em>De Moanne<\/em><\/nobr> 12 (2013), n\u00fb. 5 (septimber), s. 54\u201359.<\/ul>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Der binne fan dy dingen yn it libben dy\u2019t je net winne of fertsjinje, mar krije: leafde, in bern, s\u00fbnens, in lintsje. Neffens Eeltsje Hettinga heart de Gysbert Japicxpriis d\u00ear ek by, en hy hat fansels gelyk. Literatuer is gjin &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1703\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[112],"tags":[90,179,182,188,189,190,192,10,193,11,194,21,195,29,196,30,197,32,198,47,201,54,75],"class_list":["post-1703","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-2009-2017","tag-tsjebbe-hettinga","tag-elske-kampen","tag-edwin-de-groot","tag-jetske-bilker","tag-goffe-jensma","tag-jantsje-post","tag-bas-jan-ader","tag-abe-de-vries","tag-paul-celan","tag-albertina-soepboer","tag-hans-faverey","tag-cornelis-van-der-wal","tag-james-ensor","tag-eeltsje-hettinga","tag-yves-klein","tag-elmar-kuiper","tag-stephan-vanfleteren","tag-eppie-dam","tag-benno-barnard","tag-harmen-wind","tag-josse-de-haan","tag-jacobus-quiryn-smink","tag-reinder-rienk-van-der-leest"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1703"}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=1703"}],"version-history":[{"count":84,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1703\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":1826,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1703\/revisions\/1826"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=1703"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=1703"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=1703"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}