{"id":17465,"date":"2023-08-06T23:00:00","date_gmt":"2023-08-06T21:00:00","guid":{"rendered":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=17465"},"modified":"2025-02-17T03:00:40","modified_gmt":"2025-02-17T02:00:40","slug":"it-album-amicorum-fan-jeltsje-ypey","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=17465","title":{"rendered":"It album amicorum fan Jeltsje Ypey"},"content":{"rendered":"<p><strong>It hat in moai doaske, dit losbl\u00eadige freondinne\u00ad\u00ad\u00ad\u00adboekje. It doaske is fan b\u00fbten beklaaid mei reade side en goudkleurige byskes en fan binnen mei ljochtblau papier. De earste eigneresse hat der lykwols mar s\u00e2n bydragen yn garre. Binne der bledsjes weirekke? Wierskynlik net; mei alle net-br\u00fbkte (mar wol oarspronklike) bledsjes derby is it doaske dochs hielendal fol.<\/strong><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-08.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright wp-image-17475\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-08-300x200.jpg\" alt=\"\" width=\"315\" height=\"210\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-08-300x200.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-08-1024x683.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-08-768x512.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-08-1536x1024.jpg 1536w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-08.jpg 1750w\" sizes=\"auto, (max-width: 315px) 100vw, 315px\" \/><\/a>Dy earste eigneresse wie Jeltje Petronella Helena Cornelia Ypey, berne yn Ljouwert op 21 april 1829 en d\u00ear ferstoarn op 18 july 1857, as frijfaam, 28 jier \u00e2ld. Jeltsje wie in dochter fan Leonardus Ypey (1794\u20131836) en Elisabeth Maria Salverda (1798\u20131852). Har \u00e2lden krigen alve bern; s\u00e2n waarden net \u00e2lder as seis jier, en gjinien helle de 35. Ek heit Leonardus waard mar 41. Fan it hiele h\u00fasgesin waard syn widdo it \u00e2ldst: Elisabeth Maria wie 54 doe\u2019t se ferstoar. Der is <a href=\"https:\/\/collectie.friesmuseum.nl\/?diw-id=tresoar_friesmuseum_S1964-398\" rel=\"noopener noreferrer\" target=\"_blank\">in skildere portret<\/a> fan har bewarre bleaun, taskreaun oan Willem Bartel van der Kooi.<sup>1<\/sup> Se sjocht \u00fas earnstich mar opmerksum oan.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-09.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright wp-image-17476\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-09-300x200.jpg\" alt=\"\" width=\"315\" height=\"210\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-09-300x200.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-09-1024x683.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-09-768x512.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-09-1536x1024.jpg 1536w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-09.jpg 1750w\" sizes=\"auto, (max-width: 315px) 100vw, 315px\" \/><\/a>Dat it album fan Jeltsje west hat, stiet oars net foar de folle h\u00fbndert prosint f\u00east. De namme fan de eigneresse wurdt yn it albumke net neamd. Twa kontribuanten, Suffridus en Elisabeth Maria Ypey (n\u00fb. <strong>1<\/strong> en <strong>3<\/strong>), jouwe lykwols oan dat sy bydrage oan it album fan in suster. Behalven Jeltsje soe dy suster ek Maria Louisa Ypey (1822\u20131854) w\u00eaze kinne, mar dy stie kwa leeftyd fierder fan de measte kontri\u00adbuan\u00adten \u00f4f, dat it hat grif Jeltsje har album west.<\/p>\n<div id=\"attachment_17477\" style=\"width: 310px\" class=\"wp-caption alignright\"><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Opregte-Haarlemsche-Courant-1857-07-23.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" aria-describedby=\"caption-attachment-17477\" class=\"size-medium wp-image-17477\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Opregte-Haarlemsche-Courant-1857-07-23-300x69.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"69\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Opregte-Haarlemsche-Courant-1857-07-23-300x69.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Opregte-Haarlemsche-Courant-1857-07-23-768x177.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Opregte-Haarlemsche-Courant-1857-07-23.jpg 894w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><p id=\"caption-attachment-17477\" class=\"wp-caption-text\"><em>Opregte Haarlemsche Courant<\/em>, 23-07-1857<\/p><\/div>\n<p>Jeltsje hearde ta de hegere klasse yn Ljouwert. Har heit wie earst siktaris fan de gritenij Kollumerl\u00e2n, doe siktaris fan de st\u00ead Ljouwert en d\u00earnei griffier fan de Steaten fan Frysl\u00e2n. Har pake oan heitekant, Matthijs Ypey (1762\u20131817), hie yn de Fr\u00e2nske tiid bestjoerlike funksjes yn Frysl\u00e2n en wie d\u00earnei griffier fan de Fryske Steaten. Har pake oan memmekant wie Suffridus Salverda (1775\u20131851), dy\u2019t as steatelid en deputearre fan Frysl\u00e2n lang syn stimpel drukt hat op it provinsjale bestjoer.<\/p>\n<p>Ek de freondintsjes dy\u2019t oan it album bydroegen wienen berne mei in fergulde leppel yn \u2019e m\u00fble. Cornelia Sara Noodt (n\u00fb. <strong>2<\/strong>) wie in dochter fan de frederjochter yn it kanton Frjentsjer, dy\u2019t nammers ek boeken op syn fakgebiet en tal fan gelegenheidsfersen skreau.<sup>2<\/sup> De heit fan de suskes Ale\u00efda en Johanna Albarda (n\u00fb. <strong>5<\/strong> en <strong>6<\/strong>) wie abbekaat yn Ljouwert, deken fan de orde fan abbekaten yn Frysl\u00e2n, steatelid fan Frysl\u00e2n en lid fan de Twadde Keamer foar de liberalen. En de heit fan Anna Swanida Maria van de Lande (n\u00fb. <strong>7<\/strong>) wie abbekaat, \u00fbntfanger-griffier by de Commissie van de Zeedijken en mei-eigner fan de s\u00fbkerplantaazje Rac \u00e0 Rac yn Suriname \u2013 \u00e9n fan de slaven op dy plantaazje. Anna troude mei in assistint-residint op Java.<\/p>\n<p>Foar safier\u2019t de bledsjes tekst befetsje, is dy yn it Fr\u00e2nsk, mei \u00fats\u00fbndering fan de fjouwerrigel dy\u2019t de iennichste manlike kontribuant, de tolvejierrige Suffridus Ypey, levere op earste krystdei 1843:<\/p>\n<p style=\"padding-left: 40px;\">Als gij in uwe eenzaamheid<br \/>\nAan Uwe vrienden denkt,<br \/>\nDenkt dan ook eens aan hem<br \/>\nDie U dit blaadje schenkt.<\/p>\n<p>De meast \u00fatwreide bydrage, op in d\u00fbbeld bledsje, is fan de net identifisearre \u2018Willemine\u2019. Sy borduerde foar Jeltsje in blommekr\u00e2nske en skreau boppedat in kwatryn oer fan de Fr\u00e2nske skriuwer Alphonse de Lamartine:<\/p>\n<p style=\"padding-left: 40px;\">Ce qu\u2019une main \u00e9crit, une autre main l\u2019efface:<br \/>\nCe n\u2019est que dans les coeurs qu\u2019il faut graver son nom,<br \/>\nJe plains l\u2019\u00e9tranger qui ne laisse de trace,<br \/>\nQue dans les pages d\u2019un Album.<\/p>\n<p>De bydragen oan it album binne fan:<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-01.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright wp-image-17468\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-01-300x172.jpg\" alt=\"\" width=\"315\" height=\"180\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-01-300x172.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-01-1024x586.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-01-768x439.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-01-1536x879.jpg 1536w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-01.jpg 1750w\" sizes=\"auto, (max-width: 315px) 100vw, 315px\" \/><\/a><strong>1.<\/strong> Suffridus Ypey, Ljouwert, 25-12-1843. In broer fan Jeltsje. Gedicht, 4 rigels.<\/p>\n<p>Berne Ljouwert 27-02-1831, ferstoarn Ljouwert 27-09-1865, soan fan Leonardus Ypey (1794\u20131836) en Elisabeth Maria Salverda (1798\u20131852), troud Grins 28-05-1856 mei Ernestina Bernardina Harmanna van Panhuys (1832\u20131910).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-02.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright wp-image-17469\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-02-300x171.jpg\" alt=\"\" width=\"315\" height=\"180\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-02-300x171.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-02-1024x585.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-02-768x438.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-02-1536x877.jpg 1536w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-02.jpg 1750w\" sizes=\"auto, (max-width: 315px) 100vw, 315px\" \/><\/a><strong>2.<\/strong> Cornelia Sara Noodt, Ljouwert, 04-01-1844. Potlead\u00ad\u00ad\u00adtekening: monumint foar de freonskip. Achterop: \u2018Souvenir de votre amie C.S. Noodt\u2019.<\/p>\n<p>Berne Frjentsjer 29-11-1827, ferstoarn Ljouwert 22-08-1889, dochter fan Walraven Willem Noodt (1787\u20131844) en Ulrica Hermanna Huber (1791\u20131869), troud Grins 14-05-1852 mei Hendrik Wibo Huber (1821\u20131908).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-03.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright wp-image-17470\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-03-300x171.jpg\" alt=\"\" width=\"315\" height=\"180\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-03-300x171.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-03-1024x585.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-03-768x438.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-03-1536x877.jpg 1536w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-03.jpg 1750w\" sizes=\"auto, (max-width: 315px) 100vw, 315px\" \/><\/a><strong>3.<\/strong> Elisabeth Maria Ypey, Ljouwert, 29-01-1845. In suster fan Jeltsje. Potlead\u00ad\u00ad\u00adtekening: boereskuorren. Achterop: \u2018Souvenir de votre soeur E.M. Ypey\u2019.<\/p>\n<p>Berne Ljouwert 29-12-1833, ferstoarn Ljouwert 06-03-1854, dochter fan Leonardus Ypey (1794\u20131836) en Elisabeth Maria Salverda (1798\u20131852), net troud.<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-04-scaled.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright wp-image-17471\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-04-1024x288.jpg\" alt=\"\" width=\"630\" height=\"177\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-04-1024x288.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-04-300x84.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-04-768x216.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-04-1536x432.jpg 1536w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-04-2048x576.jpg 2048w\" sizes=\"auto, (max-width: 630px) 100vw, 630px\" \/><\/a><\/p>\n<p><nobr><strong>4.<\/strong> \u2018Willemine\u2019,<\/nobr> Ljouwert, 06-08-1845. Gedicht fan Alphonse de Lamartine (1790\u20131869), <nobr>4 rigels;<sup>3<\/sup><\/nobr> borduerwurkje: blommekr\u00e2ns.<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-05.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright wp-image-17472\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-05-1024x585.jpg\" alt=\"\" width=\"315\" height=\"180\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-05-1024x585.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-05-300x171.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-05-768x438.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-05-1536x877.jpg 1536w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-05.jpg 1750w\" sizes=\"auto, (max-width: 315px) 100vw, 315px\" \/><\/a><strong>5.<\/strong> Ale\u00efda Albarda, s\u00fbnder plak en datum. Akwarel: reade beien (<em>Ribes rubrum<\/em>).<\/p>\n<p>Berne Ljouwert 02-07-1828, ferstoarn Ljouwert 30-05-1905, dochter fan Binse Albarda (1796\u20131862) en Eldina Allegonda Asselina Geertsema (1793\u20131837), net troud.<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-06.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright wp-image-17473\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-06-300x168.jpg\" alt=\"\" width=\"315\" height=\"177\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-06-300x168.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-06-1024x574.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-06-768x431.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-06-1536x861.jpg 1536w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-06.jpg 1750w\" sizes=\"auto, (max-width: 315px) 100vw, 315px\" \/><\/a><strong>6.<\/strong> Johanna Albarda, s\u00fbnder plak en datum. Akwarel: <em>Verbena bonariensis<\/em>.<\/p>\n<p>Berne Ljouwert 31-12-1829, ferstoarn Ljouwert 12-09-1849, dochter fan Binse Albarda (1796\u20131862) en Eldina Allegonda Asselina Geertsema (1793\u20131837).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-07.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright wp-image-17474\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-07-300x171.jpg\" alt=\"\" width=\"315\" height=\"180\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-07-300x171.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-07-1024x584.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-07-768x438.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-07-1536x876.jpg 1536w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Jeltsje-Ypey-07.jpg 1750w\" sizes=\"auto, (max-width: 315px) 100vw, 315px\" \/><\/a><strong>7.<\/strong> Anna Swanida Maria van de Lande, Ljouwert, s\u00fbnder datum. Prikwurkje: blommen.<\/p>\n<p>Berne Grins 24-07-1820, ferstoarn Batavia 06-05-1850, dochter fan Jacob Frederik van de Lande (1788\u20131857) en Elizabeth Maria Salverda (1791\/2\u20131823), troud Banjoemaas (Banyumas, Java) 16-09-1846 mei Gualterus Johannes Tormijn (1811\u20131861).<\/p>\n<p><strong>Noaten<\/strong><\/p>\n<ol>\n \t<small><\/p>\n<li><a href=\"https:\/\/collectie.friesmuseum.nl\/?diw-id=tresoar_friesmuseum_S1964-398\" rel=\"noopener noreferrer\" target=\"_blank\">Ljouwert, Fries Museum, S1964-398<\/a>.<\/li>\n<li>Bondele yn W.W. Noodt, <em>Gedichten<\/em>, Leeuwarden: <nobr>L. Schierbeek,<\/nobr> 1838. In anonime resinsint skreau yn <em>Vaderlandsche letteroefeningen<\/em>, 1839, s. 547, oer dy fersen: \u2018Zij behooren tot die soort, die reeds van overouden tijd als niet te dulden staan geteekend, \u2013 tot de middelmatigen. Zij hebben niets, wat hen onderscheidt, zijn alledaagsch van inhoud, niet meer dan redelijk van versificatie en stijl, zonder gloed en leven. Beter ware het, ze ongedrukt te laten, en er zich in gezellige en vriendschapskringen mede te vermaken, waar de goedwilligheid ook aan het middelmatige haren bijval niet onthoudt.\u2019<\/li>\n<li><em>Vert-vert. Journal sans abonn\u00e9s<\/em>, n\u00fb. 840 (29-12-1834), s. 2, mei fariante rigels 3 en 4: \u2018Plaignez le voyageur qui ne laisse de trace \/ Que sur les pages d\u2019un album!\u2019. Ek opnommen yn <em>La Semaine. Encyclop\u00e9die de la presse p\u00e9riodique<\/em> 3, n\u00fb. 60 (31-12-1848), s. 935, \u00fbnder de titel \u2018Vers \u00e9crits sur l\u2019album de Miss Hannah-Burke\u2019, mar dat fynplak is fan letter datum as de ynskripsje fan \u2018Willemine\u2019.<\/li>\n<p><\/small><small><\/small><\/ol>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>It hat in moai doaske, dit losbl\u00eadige freondinne\u00ad\u00ad\u00ad\u00adboekje. It doaske is fan b\u00fbten beklaaid mei reade side en goudkleurige byskes en fan binnen mei ljochtblau papier. De earste eigneresse hat der lykwols mar s\u00e2n bydragen yn garre. Binne der bledsjes &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=17465\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[1406],"tags":[1271,1261,1262,1263,1264,1265,1266,1267,1268,1269,1270],"class_list":["post-17465","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-freoneboekjes","tag-anna-swanida-maria-van-de-lande","tag-jeltje-petronella-helena-cornelia-ypey","tag-leonardus-ypey","tag-elisabeth-maria-salverda","tag-willem-bartel-van-der-kooi","tag-alphonse-de-lamartine","tag-suffridus-ypey","tag-cornelia-sara-noodt","tag-elisabeth-maria-ypey","tag-aleida-albarda","tag-johanna-albarda"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/17465","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=17465"}],"version-history":[{"count":69,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/17465\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":18624,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/17465\/revisions\/18624"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=17465"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=17465"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=17465"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}