{"id":17721,"date":"2023-10-29T23:00:00","date_gmt":"2023-10-29T22:00:00","guid":{"rendered":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=17721"},"modified":"2025-05-19T20:08:56","modified_gmt":"2025-05-19T18:08:56","slug":"it-poesyalbum-fan-klaaske-anema","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=17721","title":{"rendered":"It poesyalbum fan Klaaske Anema"},"content":{"rendered":"<p><strong><em>NRC Handelsblad<\/em> wie mar ien fan de kranten en omroppen dy\u2019t begjin 2002 kritykleas omslikken op wat it Histoarysk Sintrum Ljouwert optsjinne hie. \u2018Gedicht Mata Hari gevonden\u2019, kopte de krante boppe in berjocht oer de fynst fan in poesyalbum mei d\u00earyn in bydrage \u00fat 1888 fan de doe alve- of tolve\u00adjierrige Margaretha Zelle. Hoe no, hie de lettere <em>femme fatale<\/em> behalven d\u00fbnseres ek dichteres west?<\/strong><\/p>\n<p>\u2018Een tot nu onbekend gedicht van Mata Hari\u2019 neamde <em>NRC Handelsblad<\/em> it ferske dat Margaretha skreaun hie yn it poesyalbum fan har skoalfreondinne Grytsje de Hoo.<sup>1<\/sup> Sa\u2019n formulearring giet de suggestje fan \u00fat dat Margaretha Zelle alias Mata Hari, n\u00east wat se fierders yn har tragyske libben allegearre \u00fatsp\u00fbke, ek po\u00ebtysk warber west hie. In suggestje dy\u2019t eksplisyt makke waard yn de kop boppe it berjocht dat it online po\u00ebzytydskrift <em>Rottend Staal<\/em> oan it nijs wijde: \u2018<small>MATA<\/small> <small>HARI<\/small> <small>SCHREEF<\/small> <small>OOK<\/small> <small>GEDICHTEN<\/small>\u2019.<sup>2<\/sup><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-01.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright wp-image-17723\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-01-191x300.jpg\" alt=\"\" width=\"153\" height=\"240\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-01-191x300.jpg 191w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-01.jpg 636w\" sizes=\"auto, (max-width: 153px) 100vw, 153px\" \/><\/a>In foute suggestje. It Ljouwerter famke Margaretha Zelle skreau net sels gedichten, sy skreau gedichten <em>oer<\/em>. Soks is eigen oan poesy\u00adalbums, sa\u2019t dat ek eigen wie oan de beide sjenres h\u00e2n\u00adskriften d\u00ear\u2019t it poesyalbum \u00fat \u00fbntstien is, it album amicorum en de persoanlike po\u00ebzybloml\u00eazing. Nim de bydrage dy\u2019t Margaretha levere oan in oar poesyalbum, dat fan Ybeltsje Hoogslag.<sup>3<\/sup> D\u00ear skreau se op 16 febrewaarje 1889 it folgjende ferske yn:<\/p>\n<p style=\"padding-left: 40px;\">Als gij soms in stille stonden<br \/>\nVreugde in uw album smaakt<br \/>\nEn dit blaadje hebt gevonden<br \/>\nDenk dan wie \u2019t u heeft gezonden<br \/>\n\u2019k Wensch dat \u2019t u gelukkig maakt<\/p>\n<p>Dat ferske giet werom op it gedicht \u2018In een album\u2019, dat al yn 1832 publisearre waard, yn it <em>Letterkundig magazijn, van wetenschap, kunst en smaak<\/em>.<sup>4<\/sup> De auteur, inkeld oantsjut mei \u2018K.H.G.\u2019, wie de predikant Koenraad Hendrik Greeven (1798\u20131876).<sup>5<\/sup> Yn totaal telt \u2018In een album\u2019 29 rigels; de seis dy\u2019t Margaretha yn Ybeltsje har album sette, foarmje it slot. Margaretha sil de rigels wol net streekrjocht \u00fat dat <em>Letterkundig magazijn<\/em> fan 1832 oerskreaun hawwe. Sy hat se grif f\u00fbn yn in lettere boarne \u2013 yn in bloml\u00eazing of foarbyld\u00adboekje bygelyks, of as bl\u00eadfolsel yn in krante of tydskrift. Dat ferklearret ek de farianten.<\/p>\n<p>Itselde is s\u00fbnder mis it gefal mei it ferske dat Margaretha yn 1888 bydroech oan dat yn 2002 foar it ljocht kommen poesyalbum fan Grytsje de Hoo. Dat ferske gong sa:<\/p>\n<p style=\"padding-left: 40px;\">Wilt gij alle klippen mijden<br \/>\nVan de groote levenszee.<br \/>\nNeem dan voor kaptein en stuurman<br \/>\nDeugd en achting met u mee.<br \/>\nGodsvrucht zij u tot matrozen.<br \/>\nEn de vrijheid uw compas.<br \/>\nMoed uw Anker. Hoop uw zeilen<br \/>\nTot bevaring dezer plas.<br \/>\nHoe de golven dan ook slaan.<br \/>\nGij landt wis behouden aan.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-03.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-17722\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-03-300x239.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"239\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-03-300x239.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-03-1024x815.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-03-768x611.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-03.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a>In boarne fan f\u00f3ar 1888 haw ik noch net f\u00fbn (in kwestje fan tiid), mar lettere, net-publisearre fyn\u00ad\u00adplakken binne der wol. Inkeld dy fynplakken meitsje it al tige \u00fbnwierskynlik dat Margaretha Zelle de betinker fan it ferske w\u00eaze soe. Twa fan de fynplakken binne it poesyalbum fan Idskia Postma (<a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=16898\" rel=\"noopener noreferrer\" target=\"_blank\"><em>Konsenylje<\/em>, 10-12-2022<\/a>) en it hjir\u00fbnder beskreaune poesyalbum fan har dochter Klaaske Anema (1911\u20131994).<\/p>\n<p>It poesyalbum fan Klaaske stekt yn in b\u00e2n fan pears flewiel mei op it foarplat twa hoekstikjes en in klaverfjouwer fan sulverkleurich blik. Nei in tekstleaze \u2018titelside\u2019, beprinte mei blaublomkes en in l\u00e2nskipke, folgje fjirtjin bydragen, d\u00ear\u2019t acht fan fersierd binne mei ien oant seis poesyalbumplaatsjes. It is in typysk famylje\u00adpoesy\u00adalbum: tolve fan de fjirtjin bydragen binne fan famyljeleden.<\/p>\n<p>De bydragen binne pleatst op mar fiif ferskillende dagen: op 8 jannewaarje 1922 yn Froubuorren (n\u00fb. <strong>1<\/strong>\u2013<strong>2<\/strong>), op in dei yn maart 1922 yn Wurdum (n\u00fb. <strong>3<\/strong>\u2013<strong>6<\/strong>), op 12 maart 1926 yn Stiens (n\u00fb. <strong>7<\/strong>\u2013<strong>8<\/strong>), op in dei yn maaie 1927 yn de buorskip Burstum (n\u00fb. <strong>11<\/strong>) en op 8 oktober 1927 yn Feanw\u00e2lden (n\u00fb. <strong>9<\/strong>\u2013<strong>10<\/strong>, <strong>12<\/strong>\u2013<strong>14<\/strong>). Dy deis yn maart 1922 wie Klaaske mei har mem Idskia op besite by pake en beppe oan memmekant yn Wurdum, d\u00ear\u2019t ek noch twa \u00fbngetroude tantes wennen. Behalven it poesyalbum fan Klaaske waard ek dat fan Idskia doe oanfolle. Yn beide albums die beppe (n\u00fb. <strong>3<\/strong>) de bydrage fan pake (n\u00fb. <strong>4<\/strong>) der mar even by.<\/p>\n<p>De bydragen oan it poesyalbum fan Klaaske Anema binne fan:<\/p>\n<p><strong>1.<\/strong> Idskia Postma, Froubuorren, 08-01-1922. Klaaske har mem. It gedicht \u2018Het klaverblad\u2019 fan Albert Evert Carl van Someren (1821\u20131890), 16 (oarspronklik 4\u00d74) rigels, s\u00fbnder de titel.<sup>6<\/sup><\/p>\n<p>Berne Wurdum 30-03-1887, ferstoarn Ljouwert 27-12-1964, dochter fan Bouke Pieter Postma (1860\u20131937, n\u00fb. <strong>4<\/strong>) en Klaaske Bosma (1861\u20131935, n\u00fb. <strong>3<\/strong>), troud Ljouwerteradiel 07-12-1910 mei Tiete Anema (1885\u20131944, n\u00fb. <strong>2<\/strong>).<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-02.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-17810\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-02-300x240.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"240\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-02-300x240.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-02-1024x819.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-02-768x614.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-02.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>2.<\/strong> Tiete Anema, Froubuorren, 08-01-1922. Klaaske har heit. Gedicht, 10 rigels, earste rigel \u2018Kindlief ik wensch U het beste\u2019.<\/p>\n<p>Berne Tsjom 07-11-1885, ferstoarn Froubuorren 17-04-1944, soan fan Jacob Anema (1855\u20131941) en Antje Westra (1858\u20131909), troud Ljouwerteradiel 07-12-1910 mei Idskia Postma (1887\u20131964, n\u00fb. <strong>1<\/strong>).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>3.<\/strong> Klaaske Bosma, Wurdum, 03-1922. In beppe fan Klaaske. Gedicht, 10 rigels, earste rigel \u2018Wilt gij alle klippen mijden\u2019.<sup>7<\/sup><\/p>\n<p>Berne Bears 22-11-1861, ferstoarn Wurdum 22-09-1935, dochter fan Pieter Bosma (1830\u20131908) en Janke van der Hem (1832\u20131898), troud Ljouwerteradiel 09-05-1885 mei Bouke Pieter Postma (1860\u20131937, n\u00fb. <strong>4<\/strong>).<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-04.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-17725\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-04-300x240.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"240\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-04-300x240.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-04-1024x818.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-04-768x614.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-04.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>4.<\/strong> Bouke Pieter Postma, Wurdum, 03-1922. In pake fan Klaaske. Gedicht, 20 rigels, earste rigel \u2018Van twee bloemen wil ik spreken\u2019.<sup>8<\/sup><\/p>\n<p>Berne Grou 08-11-1860, ferstoarn Wurdum 05-05-1937, soan fan Klaas Postma (1824\u20131909) en Jetske Visser (1827\u20131899), troud Ljouwerteradiel 09-05-1885 mei Klaaske Bosma (1861\u20131935, n\u00fb. <strong>3<\/strong>).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>5.<\/strong> Janke Postma, Wurdum, 03-1922. In tante fan Klaaske. Gedicht, 8 rigels, earste rigel \u2018Ga door \u2019t leven moedig voort\u2019.<\/p>\n<p>Berne Wurdum 04-01-1886, ferstoarn Wurdum 30-11-1945, dochter fan Bouke Pieter Postma (1860\u20131937, n\u00fb. <strong>4<\/strong>) en Klaaske Bosma (1861\u20131935, n\u00fb. <strong>3<\/strong>), net troud.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-05.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-17726\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-05-300x240.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"240\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-05-300x240.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-05-1024x819.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-05-768x614.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-05.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>6.<\/strong> Fettje Postma, Wurdum, 03-1922. In tante fan Klaaske. Gedicht, 14 rigels, earste rigel \u2018Rozen en doornen, donker en licht\u2019.<sup>9<\/sup><\/p>\n<p>Berne Wurdum 08-05-1904, ferstoarn Ljouwert 18-01-1982, dochter fan Bouke Pieter Postma (1860\u20131937, n\u00fb. <strong>4<\/strong>) en Klaaske Bosma (1861\u20131935, n\u00fb. <strong>3<\/strong>), net troud.<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>7.<\/strong> \u2018Ypie\u2019 = Ybeltje Minke Hoogland, Stiens, 12-03-1926. Gedicht, 4 rigels, earste rigel \u2018Ik ben een bloempje zwak en teeder\u2019.<\/p>\n<p>Berne Frjentsjer 19-10-1912, ferstoarn Noardburgum 03-05-1992, dochter fan Johannes Hoogland (1879\u20131917) en Tjimkje van der Velde (1881\u20131950, n\u00fb. <strong>8<\/strong>), troud Ljouwerteradiel 07-11-1934 mei Schelte Brandsma (1908\u20131985).<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-06.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-17727\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-06-300x242.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"242\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-06-300x242.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-06-1024x826.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-06-768x620.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-06.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>8.<\/strong> Tjimkje van der Velde, Stiens, 12-03-1926. Gedicht, 6 rigels, earste rigel \u2018Weinig letters heb ik noodig\u2019.<sup>10<\/sup><\/p>\n<p>Berne Lekkum 13-11-1881, ferstoarn Jelsum 24-09-1950, dochter fan Pier van der Velde (1853\u20131926) en Ybeltje Jansma (1858\u20131923), troud <em>1.<\/em> Ljouwerteradiel 24-03-1906 mei Johannes Hoogland (1879\u20131917), troud <em>2.<\/em> Ljouwerteradiel 13-11-1919 mei Hendrik Tuininga (1872\u20131942), widner fan Hijke Bakker (1876\u20131916).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>9.<\/strong> Simon Klaas Sipma, Feanw\u00e2lden, 08-10-1927. In neef fan Klaaske. \u2018Kort en Goed. | Mijn wensch is klein. | Klaaske je zult gelukkig zijn.\u2019<\/p>\n<p>Berne Froubuorren 19-12-1905, ferstoarn W\u00fbns (offisjeel: It Hearrenfean) 17-04-1945, soan fan Gerben Sipma (1872\u20131937, n\u00fb. <strong>12<\/strong>) en Trijntje Anema (1881\u20131963, n\u00fb. <strong>10<\/strong>), troud Dantumadiel 18-06-1932 mei Elisabeth Veenstra (1907\u20131986). Lid fan it ferset; ferstoarn oan de ferw\u00fbnings dy\u2019t er opr\u00fbn yn in fjoergefjocht mei D\u00fatske soldaten \u00fbnder Ingwier by Makkum.<sup>11<\/sup><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-07.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-17728\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-07-300x240.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"240\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-07-300x240.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-07-1024x819.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-07-768x614.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-07.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>10.<\/strong> Trijntje Anema, Feanw\u00e2lden, 08-10-1927. In tante fan Klaaske. Gedicht, 8 rigels, earste rigel \u2018Zij uw leven als viooltje\u2019.<\/p>\n<p>Berne Tsjom 22-06-1881, ferstoarn Feanw\u00e2lden 05-10-1963, dochter fan Jacob Anema (1855\u20131941) en Antje Westra (1858\u20131909), troud Frjen\u00adtsjer\u00ad\u00ad\u00ad\u00ad\u00ad\u00adteradiel 30-05-1903 mei Gerben Sipma (1872\u20131937, n\u00fb. <strong>12<\/strong>).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>11.<\/strong> Antje Sipma, Burstum (tusken Grou en Akkrum), 05-1927. In nicht fan Klaaske. L\u00easte strofe fan \u2018De landelijke spiegel\u2019 troch Frederikus Hendrikus van Leent (1830\u20131912), 4&nbsp;rigels, s\u00fbnder de titel.<sup>12<\/sup><\/p>\n<p>Berne Froubuorren 19-05-1904, ferstoarn It Hearrenfean 20-03-1961, dochter fan Gerben Sipma (1872\u20131937, n\u00fb. <strong>12<\/strong>) en Trijntje Anema (1881\u20131963, n\u00fb. <strong>10<\/strong>), troud Frjentsjer\u00adteradiel 09-04-1925 mei Anne Voolstra (1904\u20131972).<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-08.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-17729\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-08-300x238.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"238\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-08-300x238.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-08-1024x813.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-08-768x610.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-08.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>12.<\/strong> Gerben Sipma, Feanw\u00e2lden, 08-10-1927. In omke fan Klaaske. Gedicht, 8 rigels, earste rigel \u2018Zoekt gij vergeefs een roosje\u2019.<\/p>\n<p>Berne Froubuorren 23-02-1872, ferstoarn Feanw\u00e2lden 04-03-1937, soan fan Siemen (ek Symen) Sipma (1824\u20131904) en Grietje de Jong (1830\u20131903), troud Frjentsjerteradiel 30-05-1903 mei Trijntje Anema (1881\u20131963, n\u00fb. <strong>10<\/strong>).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>13.<\/strong> Grietje Sipma, Feanw\u00e2lden, 08-10-1927. In nicht fan Klaaske. Earste twa strofes fan \u2018De waarde van een goed hart\u2019 troch Johann Nepomuk Christoph Friedrich Schmid (s\u00fbnt 1837 von Schmid, 1768\u20131854), 8 (oarspronklik 2\u00d74) rigels, s\u00fbnder de titel.<sup>13<\/sup><\/p>\n<p>Berne Tsjom 21-04-1909, ferstoarn Dokkum 30-05-1990, dochter fan Gerben Sipma (1872\u20131937, n\u00fb. <strong>12<\/strong>) en Trijntje Anema (1881\u20131963, n\u00fb. <strong>10<\/strong>), troud Dantumadiel 12-05-1934 mei Steffen Riemersma (1902\u20131983).<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-09.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-17730\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-09-300x239.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"239\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-09-300x239.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-09-1024x815.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-09-768x611.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Klaaske-Anema-09.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>14.<\/strong> Jeltje Sipma, Feanw\u00e2lden, 08-10-1927. In nicht fan Klaaske. Gedicht, 5 rigels, earste rigel \u2018Zooals de schoone lentetijd\u2019.<\/p>\n<p>Berne Tsjom 13-05-1911, ferstoarn Hurdegaryp 24-01-2010, dochter fan Gerben Sipma (1872\u20131937, n\u00fb. <strong>12<\/strong>) en Trijntje Anema (1881\u20131963, n\u00fb. <strong>10<\/strong>), troud Tytsjerksteradiel 21-05-1938 mei Dirk Vriesema (1908\u20131993).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>Noaten<\/strong><\/p>\n<ol><small><\/p>\n<li>Histoarysk Sintrum Ljouwert. Sjoch \u00fbnder mear <em>NRC Handelsblad<\/em>, 12-01-2002; <em>Friesch Dagblad<\/em>, 12-01-2002; <em>Nieuwsblad van het Noorden<\/em>, 12-01-2002; <a href=\"https:\/\/www.omropfryslan.nl\/fy\/nijs\/485709\/gedicht-fan-mata-hari-untdutsen\" rel=\"noopener noreferrer\" target=\"_blank\">Omrop Frysl\u00e2n, 11-01-2002<\/a>.<\/li>\n<li><a href=\"http:\/\/www.epibreren.com\/rs\/rs_frame.html?rs_archief200201.html\" rel=\"noopener noreferrer\" target=\"_blank\"><em>Rottend Staal<\/em>, jannewaarje 2002<\/a>.<\/li>\n<li><a href=\"https:\/\/collectie.friesmuseum.nl\/?diw-id=tresoar_friesmuseum_D2005-462\" rel=\"noopener noreferrer\" target=\"_blank\">Ljouwert, Fries Museum, D2005-462<\/a>.<\/li>\n<li><em>Letterkundig magazijn, van wetenschap, kunst en smaak. Voor het jaar 1832<\/em>, tweede stuk, Amsterdam 1832, s. 432.<\/li>\n<li>Sjoch oer him <em>Biographisch woordenboek van protestantsche godgeleerden in Nederland<\/em>, diel 3, <nobr>\u2019s-Gravenhage<\/nobr> 1919\u20131931, s. 331\u2013332; <em>Nieuw Nederlandsch biografisch woordenboek<\/em>, diel 6, Leiden 1924, kol. 629.<\/li>\n<li>A.E.C. van Someren, \u2018Het klaverblad\u2019, <em>Christophilus. Christelijk jaarboekje voor 1844<\/em>, jiergong 4, Nijmegen 1843, s. 84. Ek yn de poesyalbums fan Petronella Andringa yn in net datearre bydrage (Tresoar, Ljouwert), Fetsje Postma (n\u00fb. <strong>6<\/strong>) yn in bydrage fan Klaaske Bosma (n\u00fb. <strong>3<\/strong>) \u00fat 1916 (eigen kolleksje) en Idskia Postma (n\u00fb. <strong>1<\/strong>) yn in bydrage \u00fat 1922 (eigen kolleksje). Fierders M.L. van Albada, <em>Po\u00ebsie. Zes generaties albumversjes<\/em>, Midlaren 1984, s. 117, yn bydragen fan 1874 \u00f4f.<\/li>\n<li>Ek yn de poesyalbums fan Grytsje de Hoo yn in bydrage fan Margaretha Zelle (letter bekend as Mata Hari) \u00fat 1888 (Histoarysk Sintrum Ljouwert) en Idskia Postma (n\u00fb. <strong>1<\/strong>) yn in bydrage \u00fat 1922. Fierders Van Albada 1984, s. 100, yn in bydrage \u00fat 1980.<\/li>\n<li>Ek yn it poesyalbum fan Fetsje Postma (n\u00fb. <strong>6<\/strong>) yn in bydrage \u00fat 1916.<\/li>\n<li>Van Albada 1984, s. 118, yn in bydrage \u00fat 1882. Ek yn it poesyalbum fan Fetsje Postma sels yn in bydrage fan Idskia Postma (n\u00fb. <strong>1<\/strong>) \u00fat 1916. It gedicht befettet in rigel, \u2018Leeven is lieven en lieven is leven\u2019, dy\u2019t oarspronklik \u00fat it gedicht \u2018Lieven en leven\u2019 fan Abraham des Amorie van der Hoeven (1821\u20131848) komt; sjoch Abm. des Amorie van der Hoeven jr., <em>Proza en po\u00ebzy<\/em>, Leeuwarden 1850, s. 224\u2013225.<\/li>\n<li>Ek yn de poesyalbums fan Saakje Obma yn in bydrage \u00fat 1894 (Admiraliteitsh\u00fbs, Dokkum), Petronella Andringa yn in bydrage \u00fat 1898, Antsje Toornstra yn bydragen \u00fat 1901 en 1919 (Admiraliteitsh\u00fbs, Dokkum), Minke de Jong yn in bydrage \u00fat 1914 (eigen kolleksje), Fetske Hemminga yn in bydrage \u00fat 1915 (Tresoar, Ljouwert), Fetsje Postma (n\u00fb. <strong>6<\/strong>) yn in bydrage \u00fat 1918 en Rinske Lootsma yn in bydrage \u00fat 1923 (eigen kolleksje). Fierders Van Albada 1984, s. 64, yn bydragen fan 1900 \u00f4f.<\/li>\n<li> Sjoch de websites fan de <a href=\"https:\/\/oorlogsgravenstichting.nl\/personen\/140768\/simon-klaas-sipma\" rel=\"noopener noreferrer\" target=\"_blank\">Oorlogsgravenstichting<\/a> en fan de <a href=\"https:\/\/www.stichtingsneek19401945.nl\/grafsipmasimonklaas.html\" rel=\"noopener noreferrer\" target=\"_blank\">Stichting Sneek 1940\u20131945<\/a>.<\/li>\n<li>F.H. van Leent, \u2018De landelijke spiegel\u2019, <em>Cornelia. Damesalmanak voor het schrikkeljaar 1876<\/em>, Utrecht [1875], s. 19.<\/li>\n<li>Christoph Schmid, \u2018De waarde van een goed hart\u2019, <em>Bloesems, toegewijd aan den bloeijenden leeftijd. Gedichten voor de jeugd<\/em>, vertaald door W.N. Peijpers, Amsterdam [1856], s. 46.<\/li>\n<p><\/small><\/ol>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>NRC Handelsblad wie mar ien fan de kranten en omroppen dy\u2019t begjin 2002 kritykleas omslikken op wat it Histoarysk Sintrum Ljouwert optsjinne hie. \u2018Gedicht Mata Hari gevonden\u2019, kopte de krante boppe in berjocht oer de fynst fan in poesyalbum mei &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=17721\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[1406],"tags":[1313,1314,1315,1316,1317,1319,64,1320,1178,1321,1182,1322,1188,1189,1194,1201,1310,1311,1312],"class_list":["post-17721","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-freoneboekjes","tag-tiete-anema","tag-ybeltje-minke-hoogland","tag-tjimkje-van-der-velde","tag-simon-klaas-sipma","tag-trijntje-anema","tag-gerben-sipma","tag-mata-hari","tag-grietje-sipma","tag-idskia-postma","tag-jeltje-sipma","tag-bouke-pieter-postma","tag-antje-sipma","tag-klaaske-anema","tag-fettje-postma","tag-klaaske-bosma","tag-janke-postma","tag-grietje-de-hoo","tag-ybeltje-hoogslag","tag-koenraad-hendrik-greeven"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/17721","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=17721"}],"version-history":[{"count":82,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/17721\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":19063,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/17721\/revisions\/19063"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=17721"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=17721"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=17721"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}