{"id":17991,"date":"2024-02-18T23:00:00","date_gmt":"2024-02-18T22:00:00","guid":{"rendered":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=17991"},"modified":"2025-12-28T15:52:50","modified_gmt":"2025-12-28T14:52:50","slug":"it-poesyalbum-fan-minke-de-jong","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=17991","title":{"rendered":"It poesyalbum fan Minke de Jong"},"content":{"rendered":"<p><strong><em>Hochlyrik<\/em> komme je yn poesyalbums komselden tsjin, <em>gesunkenes Kulturgut<\/em> namstemear. Op dit weblog d\u00fbkte earder al <em>Nachleben<\/em> op \u2013 ornaris anonym en oanpast \u2013 fan d\u00fbmny- en folksdichters as De G\u00e9nestet, Heije en Tollens yn poesyalbums fan flink wat generaasjes letter. In sprekkend foarbyld biedt ek it poesyalbum fan Minke de Jong. De stim fan Willem Bilderdijk echoot d\u00earyn nei \u2013 of is it dy fan Guido Gezelle?<\/strong><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-01.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignleft size-medium wp-image-17992\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-01-198x300.jpg\" alt=\"\" width=\"158\" height=\"270\" \/><\/a>Minke de Jong kaam \u00fat wat tsjint&shy;wurdich in \u2018gearstald gesin\u2019 neamd wurdt. Har \u00e2lden wienen widner en widdo doe\u2019t se yn 1900 in nije lange hier yngongen en brochten beide twa bern \u00fat harren eardere houliken mei. Heit Jacob de Jong hie troud west mei Minke Syperda, mei wa\u2019t er in soan en in dochter krigen hie, Jacob en Tettje. Mem Finnigje Bottema hie troud west mei Douwe de Boer, mei wa\u2019t se twa dochters krigen hie, Sietske en Trijntje. Jacob en Finnigje krigen tegearre nochris twa bern: Minke dus, en har jongere broer Douwe. Opmerklikern\u00f4ch ferneamden Jacob en Finnigje dy beide l\u00easte bern nei harren eardere, ferstoarne partners.<\/p>\n<p>Minke, berne yn Easterwierrum op 25 oktober 1901, hie dus in \u00e2ldere healbroer, trije \u00e2ldere healsusters en in jonger \u2018echt\u2019 broerke. Alle fiif droegen se by oan har poesyalbum, krekt as har beide \u00e2lden. Jacob en Finnigje buorken yn Easterwierrum en strutsen yn 1904 mei harren h\u00fash\u00e2lding del yn Marsum. Alle tritich bydragen yn Minke har album binne d\u00ear ynskreaun, yn 1914 en 1916. Yn 1928 troude Minke mei Meint Bottema (1903\u20131986), in warbere sosjaaldemokraat, dy\u2019t yn tal fan plakken \u00fbnderwizer wie oant er yn 1960 skoalhaad waard yn De Harkema. Minke ferstoar op 5&nbsp;septimber 1983 yn it Drachtster sikeh\u00fbs Nij-Smellinghe.<\/p>\n<p>Har poesyalbum kaam yn de hannel tel\u00e2ne. It is in moaie represintant fan in sjenre h\u00e2nskriften d\u00ear\u2019t ferskes fan njoggentjinde-iuwske dichters yn fuortlibje oant fier yn de tweintichste iuw. It makket de ynh\u00e2ld fan in poesyalbum gauris \u00e2ldfrinziger as men op gr\u00fbn fan syn \u00fbntsteanstiid ferwachtsje soe; taal en toan binne soms fan rom in iuw earder. De kontribuanten oan de poesyalbums sille de ferskes yn \u2019e regel wol net oerskreaun hawwe \u00fat de oarspronklike bondels of it samle wurk fan de dichters sels. It gros is grif fandele \u00fat kranten, tydskriften, bloml\u00eazings en almenakjes, en wierskynlik foaral \u00fat oare poesyalbums. Op it bochtige paad fan oarspronklike publikaasje nei poesyalbum wurde de ferskes ornaris anonimisearre en net selden ek bekoarte, modernisearre of ferhaspele.<\/p>\n<p>In moai foarbyld is it it ferske dat Minke har healsuster Tetsje yn 1914 \u00fbnder de oanhef \u2018Aan mijn Zusje Minke!\u2019 oan har album bydraacht:<\/p>\n<p style=\"padding-left: 40px;\">Kort is \u2019t leven ons gegeven<br \/>\nDaarom neem het wel in acht<br \/>\nWant het heden te verlengen,<br \/>\nOf het gistren weer te brengen<br \/>\nStaat niet in des menschen macht<br \/>\nEn het morgen is verborgen<br \/>\nIn een ondoorzichtbren nacht.<\/p>\n<div id=\"attachment_17993\" style=\"width: 280px\" class=\"wp-caption alignright\"><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Dragtster-Courant-1914-04-29.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" aria-describedby=\"caption-attachment-17993\" class=\"wp-image-17993 size-medium\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Dragtster-Courant-1914-04-29-300x182.jpg\" alt=\"\" width=\"270\" height=\"164\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Dragtster-Courant-1914-04-29-300x182.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Dragtster-Courant-1914-04-29.jpg 600w\" sizes=\"auto, (max-width: 270px) 100vw, 270px\" \/><\/a><p id=\"caption-attachment-17993\" class=\"wp-caption-text\"><em>Dragtster Courant<\/em>, 29-04-1914<\/p><\/div>\n<p>Dat ferske kaam ea \u00fat \u2019e koker fan de konser&shy;vative histoarikus, taalgelearde en dichter Willem Bilderdijk, dy\u2019t it opnaam yn syn anonym ferskynde bondel <em>Spreuken<\/em> \u00fat 1823, skreaun as \u2018zedelesjes\u2019 foar syn soantsje Lodewijk Willem. It ferske krige ek in plak yn&nbsp;it&nbsp;s\u00e2nde diel fan <em>De dichtwerken van Bilderdijk<\/em> \u00fat 1857. Yn datselde jier nimt de Amsterdamske \u00fbnder&shy;wizer en skoalboekjes&shy;skriuwer Pieter Krom it op yn syn <em>Leer&shy;oefeningen voor de lagere of volksscholen<\/em>, dat fiif jier letter oan in twadde printing ta is. D\u00earnei makket it ferske in formidabele opgong. As in tekstuele meme kuieret it oant hjoed-de-dei ta troch kranten, tydskriften, bondels grienmank, bedriuws- en ferieningsbl\u00eaden en allerhande gelegenheidsprintwurk. It ferskynt yn publikaasjes fan \u00fatienrinnende sinjatuer, fan rjochtsinnich herfoarme en grifformeard oant kristlik-sosjalistysk en katolyk. Gauris tsjinnet it as oertinkinkje by de jierwiksel of simpelwei as bl\u00eadfolsel.<\/p>\n<div id=\"attachment_18030\" style=\"width: 280px\" class=\"wp-caption alignright\"><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Dragtster-Courant-1918-11-26-1.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" aria-describedby=\"caption-attachment-18030\" class=\"wp-image-18030\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Dragtster-Courant-1918-11-26-1-300x163.jpg\" alt=\"\" width=\"270\" height=\"147\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Dragtster-Courant-1918-11-26-1-300x163.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Dragtster-Courant-1918-11-26-1.jpg 600w\" sizes=\"auto, (max-width: 270px) 100vw, 270px\" \/><\/a><p id=\"caption-attachment-18030\" class=\"wp-caption-text\"><em>Dragtster Courant<\/em>, 26-11-1918<\/p><\/div>\n<p>Faken stiet Bilderdijk syn namme derby, mar faken ek net, en mear as ien kear wurdt it op namme set fan&#8230; de Flaamske pryster-dichter Guido Gezelle. Dat begjint mei de ferskining yn 1904 by \u00fatjouwer L.J. Veen fan <em>Guido Gezelle\u2019s motto-album<\/em>: in boekje mei in kalinder foar it opskriuwen fan bygelyks jierdagen, lardearre mei oanhellings \u00fat it wurk fan Gezelle. Wa sil sizze hoe\u2019t it ferske fan Bilderdijk d\u00eartusken rekke is? It boekje waard werprinte yn 1930, 1935 en 1948. Ferskate kranten en tydskriften skreaunen Bilderdijk syn ferske d\u00ear blykber \u00fat oer (of skreaunen elkoar oer) mei de namme fan Gezelle derby. Sa&nbsp;kin it barre dat de <em>Dragtster Courant<\/em> it ferske yn 1914 \u00f4fprintet mei de namme fan Bilderdijk der\u00fbnder en yn 1918 mei dy fan Gezelle.<\/p>\n<p>De bydragen oan it poesyalbum fan Minke de Jong binne fan:<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-02.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-17995\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-02-300x227.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"227\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-02-300x227.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-02-1024x774.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-02-768x581.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-02.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>1.<\/strong> Jacob de Jong, Marsum, 07-02-1914. Minke har heit. Gedicht, 4 rigels, earste rigel \u2018Ik wensch u een lang en gelukkig leven\u2019.<\/p>\n<p>Berne Marsum 27-02-1863, ferstoarn Hurdegaryp 18-11-1935, soan fan Pieter de Jong (1819\u20131890) en Tettje Piersma (1817\u20131889), troud <em>1.<\/em> Ljouwerteradiel 11-05-1889 mei Minke Syperda (1864\u20131893), troud <em>2.<\/em> Baarderadiel 28-03-1900 mei Finnigje Bottema (1863\u20131945, n\u00fb. <strong>2<\/strong>), widdo fan Douwe de Boer (1856\u20131896).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>2.<\/strong> Finnigje Bottema, Marsum, 18-02-1914. Minke har mem. Gedicht, 4 rigels, earste rigel \u2018Rozen ziet gij voor u bloeien\u2019.<\/p>\n<p>Berne Raard 23-09-1863, ferstoarn Hurdegaryp 03-12-1945, dochter fan Gerlof Bottema (1829\u20131911) en Trijntje Kalsbeek (1829\u20131919), troud <em>1.<\/em> Raarderhim 16-12-1886 mei Douwe de Boer (1856\u20131896), troud <em>2.<\/em> Baarderadiel 28-03-1900 mei Jacob de Jong (1863\u20131935, n\u00fb. <strong>1<\/strong>), widner fan Minke Syperda (1864\u20131893).<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-03.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-17996\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-03-300x228.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"228\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-03-300x228.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-03-1024x780.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-03-768x585.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-03.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>3.<\/strong> Douwe de Jong, Marsum, 06-02-1914. In&nbsp;broer fan Minke. Gedicht, 4 rigels, earste rigel \u2018\u2019t Is weinig van waarde\u2019.<sup>1<\/sup><\/p>\n<p>Berne Easterwierrum 24-04-1903, ferstoarn Eelderwolde 20-10-1967, soan fan Jacob de Jong (1863\u20131935, n\u00fb. <strong>1<\/strong>) en Finnigje Bottema (1863\u20131945, n\u00fb. <strong>2<\/strong>), troud <em>1.<\/em> Ljouwert 15-09-1937 mei Berta Berbera Heidel (1904\u20131939), troud <em>2.<\/em> Eelde 05-10-1949 mei Geessien Zwaving (1905\u20131988).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>4.<\/strong> Trijntje de Boer, Marsum, 08-02-1914. In healsuster fan Minke. Gedicht, 5 rigels, earste rigel \u2018Daar komt een tijd, die wisselt met de zangen\u2019.<sup>2<\/sup><\/p>\n<p>Berne Dearsum 18-12-1894, ferstoarn Hilversum 28-09-1980, dochter fan Douwe de Boer (1856\u20131896) en Finnigje Bottema (1863\u20131945, n\u00fb. <strong>2<\/strong>), troud Menameradiel 14-07-1921 mei Theunis Buruma (1893\u20131990).<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-04.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-17997\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-04-300x227.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"227\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-04-300x227.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-04-1024x775.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-04-768x581.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-04.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>5.<\/strong> Tettje de Jong, Marsum, 08-02-1914. In healsuster fan Minke. It titelleaze gedicht \u2018Kort is \u2019t leven ons gegeven\u2019 fan Willem Bilderdijk (1756\u20131831), 7 rigels.<sup>3<\/sup><\/p>\n<p>Berne Goutum 07-05-1893, ferstoarn Marsum 05-10-1952, dochter fan Jacob de Jong (1863\u20131935, n\u00fb. <strong>1<\/strong>) en Minke Syperda (1864\u20131893), troud Menameradiel 11-02-1926 mei Jan Nijmeijers (1896\u20131971).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>6.<\/strong> Anna van der Meulen, Marsum, 09-02-1914. Gedicht, 3\u00d74 rigels, earste rigel \u2018Gij vraagt mij of ik op dit blad\u2019.<sup>4<\/sup><\/p>\n<p>Wierskynlik Antje van der Meulen, berne Akkrum 27-06-1902, ferstoarn Bedum 07-11-1977, dochter fan Harmen van der Meulen (1875\u20131935) en Aafke Statema (1874\u20131937), troud Menameradiel 02-08-1928 mei Harmen Klijnstra (1895\u20131973). Antsje har \u00e2lden setten harren yn 1912 mei de bern te wenjen yn Marsum.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-05.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-17998\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-05-300x228.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"228\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-05-300x228.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-05-1024x778.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-05-768x584.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-05.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>7.<\/strong> Anna Jacoba Hiemstra, Marsum, 11-02-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigel \u2018Er luidt een klokje van scheiden\u2019.<sup>5<\/sup><\/p>\n<p>Berne Marsum 05-01-1901, ferstoarn 07-03-1979, dochter fan Haye Hiemstra (1871\u20131941) en Antje Elzinga (1873\u20131956), troud Menameradiel 15-02-1923 mei Marten Bouma (1898\u20131986).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>8.<\/strong> Siebrigje Huizinga, Marsum, 12-02-1914. Gedicht, 6 rigels, earste rigel \u2018Weinig letteren heb ik noodig\u2019.<sup>6<\/sup><\/p>\n<p>Miskien Sijbeltje Huizinga, berne Marsum 12-01-1901, ferstoarn 21-02-1979, dochter fan Aelze Huizinga (1861\u20131931, n\u00fb. <strong>28<\/strong>) en Korneliske Blokzijl (1861\u20131940), troud Menamera&shy;diel 04-06-1925 mei Yme Landstra (1897\u20131989).<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-06.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-17999\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-06-300x227.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"227\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-06-300x227.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-06-1024x776.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-06-768x582.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-06.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>9.<\/strong> Sytske Huizinga, [wierskynlik Marsum, 1914]. It gedicht \u2018Een kruis met rozen\u2019 fan Petrus Augustus de G\u00e9nestet (1829\u20131861), 16 (oarspronklik 8&#215;4) rigels.<sup>7<\/sup> Sytske skriuwt har achternamme as \u2018Huizenga\u2019.<\/p>\n<p>Berne Marsum 08-05-1897, ferstoarn Feinsum 12-12-1951, dochter fan Aelze Huizinga (1861\u20131931, n\u00fb. <strong>28<\/strong>) en Korneliske Blokzijl (1861\u20131940), troud Menameradiel 01-07-1920 mei Willem Hoogland (1894\u20131965).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>10.<\/strong> Femmigje Anna de Vries, Marsum, 18-02-1914. Underwizeres fan Minke. Twa gedichten, 5+5 rigels, earste rigels \u2018Het zonnetje in huis te zijn\u2019 en \u2018Kleine waterdroppels, kleine korrels zand\u2019.<sup>8<\/sup><\/p>\n<p>Berne Harns 09-06-1884, ferstoarn Ljouwert 02-04-1964, dochter fan Wopke de Vries (1857\u20131913) en Harmtje Kroes (1859\u20131939). Underwizeres yn Tsjom (\u20131907), Marsum (1907\u20131919) en Ljouwert, skoalle 5 (1919\u2013). Net troud.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-07.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-18000\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-07-300x227.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"227\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-07-300x227.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-07-1024x774.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-07-768x581.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-07.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>11.<\/strong> Dieuwke Kuperus, Marsum, 19-02-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigel \u2018Wat is het leven hier op aard\u2019.<\/p>\n<p>Berne Marsum 03-07-1901, ferstoarn Britsum 02-03-1978, dochter fan Sijtze Kuperus (1873\u20131937) en Hendrika van der Kooi (1878\u20131903), troud Ljouwerteradiel 12-05-1923 mei Igle Rietstra (1897\u20131987).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>12.<\/strong> Klaaske van der Kooi, Marsum, 19-02-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigel \u2018Je leeft nog bij je ouders\u2019.<\/p>\n<p>Berne Marsum 26-03-1892, ferstoarn Hallum 14-03-1926, dochter fan Doeke van der Kooi (1850\u20131903) en Dieuwke Postma (1850\u20131922), troud Menameradiel 16-12-1915 mei Bote Tadema (1889\u20131951).<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-08.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-18001\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-08-300x226.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"226\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-08-300x226.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-08-1024x770.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-08-768x578.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-08.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>13.<\/strong> Grietje de Graaf, Marsum, 19-02-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigel \u2018Nedrig bloeit een eenzaam bloempje\u2019.<\/p>\n<p>Berne Marsum 13-10-1901, ferstoarn Marsum 02-05-1932, dochter fan Justinus Louis de Graaf (1870\u20131905) en Aaltje van der Veer (1873\u20131940), troud Menameradiel 31-05-1923 mei Jelle Jousma (1897\u20131974).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>14.<\/strong> Grietje de Vries, Marsum, 21-02-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigel \u2018Eeven als het mur[m\u2019]lend beekje\u2019.<sup>9<\/sup><\/p>\n<p>Berne Marsum 01-08-1901, ferstoarn Marsum 27-01-1940, dochter fan Klaas de Vries (1870\u20131951) en Hiltje Hoogland (1869\u20131934). Net troud.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-09.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-18002\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-09-300x227.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"227\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-09-300x227.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-09-1024x776.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-09-768x582.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-09.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>15.<\/strong> Dirkje Kikstra, Marsum, 24-02-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigel \u2018Gij vraagt mij of ik op dit blad\u2019.<\/p>\n<p>Berne Kleaster Anjum 19-02-1867, ferstoarn Seisbierrum 04-09-1935, dochter fan Hendrik Kikstra (1833\u20131875) en Minke Klaver (1844\u20131875), troud Frjentsjerteradiel 16-05-1891 mei Willem Poelstra (1867\u20131924).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>16.<\/strong> Metje de Vries, [wierskynlik Marsum, 1914]. Gedicht, 8+4 rigels, earste rigels \u2018Een blij gelaat, \/ Een vroom gemoed.\u2019 De earste fjouwer rigels \u00fbntliend oan \u2018Honderd spreuken\u2019, n\u00fb. <small>XXV<\/small>, fan Jan Pieter Heije (1809\u20131876).<sup>10<\/sup><\/p>\n<p>Berne Marsum 06-01-1901, ferstoarn &#8230;, dochter fan Sijbren de Vries (1879\u20131969) en Trijntje Wensemius (1874\u20131950). Yn april 1914 mei har \u00e2lden, broers en susters emigrearre nei Houston, Texas.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-10.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-18003\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-10-300x226.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"226\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-10-300x226.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-10-1024x773.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-10-768x579.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-10.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>17.<\/strong> Anna de Vries, [wierskynlik Marsum, 1914]. Gedicht, 6 rigels, earste rigels \u2018Blijmoedig, \/ voorspoedig, \/ Bemindt door elkeen\u2019.<sup>11<\/sup><\/p>\n<p>Berne Marsum 29-11-1903, ferstoarn 01-08-2002, dochter fan Sijbren de Vries (1879\u20131969) en Trijntje Wensemius (1874\u20131950), troud mei Jean Fran\u00e7ois vander Henst (1898\u20131992). Yn april 1914 mei har \u00e2lden, broers en susters emigrearre nei Houston, Texas.<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>18.<\/strong> Tetje van der Hogt, Marsum, 01-03-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigels \u2018De bloemen zij bloeien, \/ Zoo lieflijk en blij\u2019.<\/p>\n<p>Berne Marsum 02-09-1902, ferstoarn Ljouwert 24-08-1987, dochter fan Geert van der Hogt (1874\u20131925) en Trijntje Bakker (1876\u20131969), troud Ljouwerteradiel 03-11-1926 mei Bavius Visser (1900\u2013nei 1986).<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-11.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-18004\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-11-300x228.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"228\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-11-300x228.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-11-1024x778.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-11-768x584.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-11.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>19.<\/strong> Willemina van der Hogt, Marsum, 01-03-1914. Gedicht, 6 rigels, earste rigel \u2018Wanneer gij eens in latere dagen\u2019.<\/p>\n<p>Berne Marsum 25-05-1904, ferstoarn Stiens 16-05-1996, dochter fan Geert van der Hogt (1874\u20131925) en Trijntje Bakker (1876\u20131969), troud Menameradiel 28-05-1930 mei Wybe Wieling (1900\u20131988).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>20.<\/strong> Jetske de Jong, Marsum, 18?-03-1914. Gedicht, 8 rigels, earste rigel \u2018Heb vrede met u zelven\u2019.<sup>12<\/sup><\/p>\n<p>Berne Marsum 19-09-1901, ferstoarn Boalsert 01-09-1989, dochter fan Gerrit de Jong (1875\u20131950) en Aaltje Jongsma (1873\u20131943), troud Menameradiel 19-05-1927 mei Jacob van der Meulen (1900\u20131984).<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-12.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-18005\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-12-300x228.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"228\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-12-300x228.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-12-1024x777.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-12-768x582.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-12.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>21.<\/strong> Pietje de Jong, Marsum, 14-03-1914. Gedichten, 6+4+2 rigels, earste rigel \u2018Wat zal ik schrijven op dit blad\u2019.<\/p>\n<p>Berne Marsum 31-05-1900, ferstoarn nei 1982, dochter fan Gerrit de Jong (1875\u20131950) en Aaltje Jongsma (1873\u20131943), troud Menameradiel 20-05-1926 mei Ype Jansens (1900\u20131975).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>22.<\/strong> Doetje Dijkstra, Marsum, 03-02-1916. Gedicht, 8 rigels, earste rigel \u2018Een lief en aardig roosje\u2019.<\/p>\n<p>Berne Easterwierrum 22-07-1901, ferstoarn Wjelsryp 27-10-1951, dochter fan Jetze Dijkstra (1864\u20131923) en Froukje Rijpstra (1870\u20131963), troud Baarderadiel 05-06-1929 mei Sjoerd Boersma (1894\u20131940).<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-13.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-18006\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-13-300x229.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"229\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-13-300x229.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-13-1024x780.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-13-768x585.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-13.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>23.<\/strong> Jacob de Jong, Marsum, 10-03-1916. In healbroer fan Minke. Gedicht, 4 rigels, earste rigels \u2018Twee open oogen \/ Een hartje van goud\u2019.<sup>13<\/sup><\/p>\n<p>Berne Goutum 01-04-1891, ferstoarn Marsum 16-11-1955, soan fan Jacob de Jong (1863\u20131935, n\u00fb. <strong>1<\/strong>) en Minke Syperda (1864\u20131893), troud Menameradiel 11-02-1926 mei Adriaantje Hiemstra (1898\u20131976).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>24.<\/strong> Tjitske van der Plaats, Marsum, 11-03-1916. It gedicht \u2018Zonnetje\u2019 fan Jan Dirk Christiaan van Dokkum (1868\u20131938), 3\u00d74 rigels.<sup>14<\/sup><\/p>\n<p>Berne Bitgum 07-02-1903, ferstoarn Ljouwert 15-08-1975, dochter fan Lieuwe van der Plaats (1863\u20131914) en Houkje Siderius (1865\u20131944), troud Menameradiel 25-06-1925 mei Anne Pieter van der Heide (1900\u20131943), echtskieding 29-03-1934.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-14.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-18007\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-14-300x230.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"230\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-14-300x230.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-14-1024x784.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-14-768x588.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-14.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>25.<\/strong> Sietske de Boer, Marsum, 31-03-1916. In healsuster fan Minke. Gedicht, 8 rigels, earste rigel \u2018Even als de lieve lente\u2019.<sup>15<\/sup><\/p>\n<p>Berne Koudum 30-06-1888, ferstoarn Valkenburg (S\u00fad-Holl\u00e2n) 06-02-1977, dochter fan Douwe de Boer (1856\u20131896) en Finnigje Bottema (1863\u20131945, n\u00fb. <strong>2<\/strong>), troud Menameradiel 02-05-1912 mei Rindert Keestra (1888\u20131957).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>26.<\/strong> Boukje (ek Baukje) Span, Marsum, 14-04-1916. It gedicht \u2018In het album van eene vriendin\u2019 troch Pieter Jacobus Cornelis Thomson (1806\u20131867), s\u00fbnder de titel, 6 rigels.<sup>16<\/sup><\/p>\n<p>Berne Britsum 28-09-1904, ferstoarn 04-05-1994, dochter fan Cornelis Span (1869\u20131955) en Janke Wijma (1870\u20131950), troud Baarderadiel 21-09-1927 mei Nanne Rodenhuis (1903\u20131977).<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-15.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-18008\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-15-300x228.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"228\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-15-300x228.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-15-1024x779.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-15-768x584.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-15.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>27.<\/strong> B. van der Werff, s\u00fbnder plak, 22-12-1916. Twa gedichten, 8+4 rigels, earste rigels \u2018Blijf steeds eenvoudig vroom en goed\u2019 en \u2018Liefe Minke pluk steeds rozen\u2019.<\/p>\n<p>Net identifisearre.<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>28.<\/strong> Aelze Huizinga, Marsum, [wierskynlik 1916]. Gedicht, 10 rigels, earste rigel \u2018Een ieder kan al is hij jong\u2019.<\/p>\n<p>Berne Blessum 18-04-1861, ferstoarn Ljouwert 20-11-1931, soan fan Jan Huizinga (1815\u20131891) en Attje Poelstra (1826\u20131903), troud Menameradiel 07-06-1883 mei Korneliske Blokzijl (1861\u20131940). Deagraver.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-16.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignright size-medium wp-image-18009\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-16-300x228.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"228\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-16-300x228.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-16-1024x778.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-16-768x584.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Minke-de-Jong-16.jpg 1320w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><strong>29.<\/strong> Klaas Kuiken, Marsum, 28-04-1916. Gedicht, 8 rigels, earste rigels \u2018Er is in \u2019t leven \/ Van iedereen\u2019. Skreaun troch syn echtgenoate Sytske van der Heide (n\u00fb. <strong>30<\/strong>).<\/p>\n<p>Berne Sint Anne 05-05-1879, ferstoarn Maarssen 29-01-1940, soan fan Marten Kuiken (1850\u20131882) en Klaasje Krottje (1852\u20131926), troud Menameradiel 08-05-1913 mei Sytske van der Heide (1880\u20131943, n\u00fb. <strong>30<\/strong>).<br clear=\"all\"><\/p>\n<p><strong>30.<\/strong> Sytske van der Heide, Marsum, 28-04-1916. Gedicht, 8 rigels, earste rigel \u2018Verdwijnen moet de tijd der jeugd\u2019.<\/p>\n<p>Berne Sint Anne 01-11-1880, ferstoarn Maarssen 04-11-1943, dochter fan Romke van der Heide (1850\u20131919) en Antje Algera (1848\u20131924), troud Menameradiel 08-05-1913 mei Klaas Kuiken (1879\u20131940, n\u00fb. <strong>29<\/strong>).<\/p>\n<p><strong>Noaten<\/strong><\/p>\n<p><small><\/p>\n<ol>\n<li>Ek yn it poesyalbum fan Fetske Hemminga yn in bydrage \u00fat 1915 (Tresoar, Ljouwert). Fierders M.L. van Albada, <em>Po\u00ebsie. Zes generaties albumversjes<\/em>, Midlaren 1984, s. 66\u201367, yn bydragen fan 1855 \u00f4f.<\/li>\n<li>Ek yn <em>Lelie- en rozeknoppen. Weekblad voor meisjes<\/em> 2 (1883\u20131884), n\u00fb. 48 (16-04-1884), s.&nbsp;383.<\/li>\n<li>Willem Bilderdijk, <em>Spreuken<\/em>, Leyden 1823, s. 53. Ek yn <em>De dichtwerken van Bilderdijk<\/em>, <small>VII<\/small>, Haarlem 1857, s. 400. Yn itselde jier yn P. Krom, <em>Leeroefeningen voor de lagere of volks&shy;scholen. Tweede cursus. Eerste stukje<\/em>, Amsterdam 1857, s. 45; 1862<sup>2<\/sup>, s. 45. Oant en mei 1914 \u2013 it jier dat Tetsje it yn Minke har album skreau \u2013 ek yn <em>De Fabrieksbode. Weekblad der Nederlandsche Gist- en Spiritusfabriek<\/em> 1 (1882\u20131883), n\u00fb. 28, 30-12-1882; <em>De Blijde Wereld. Christen-Socialistisch Weekblad<\/em> 2 (1904), n\u00fb. 17, 19-02-1904; 12 (1914), n\u00fb. 12, 02-01-1914; <em>Guido Gezelle\u2019s motto-album<\/em>, Amsterdam [1904], s. 13 (op namme fan Gezelle); <em>Het Oosten. Wekelijksch Orgaan der Weesinrichting te Neerbosch<\/em>, n\u00fb. 1736, 06-04-1904; n\u00fb. 1807, 16-08-1905, n\u00fb. 1947, 22-04-1908; <em>Rotterdamsch Nieuwsblad<\/em>, 31-12-1904 (anonym); J. Fransen, \u2018Bilderdijk als schrijfmeester\u2019, <em>Christelijk Schoolblad<\/em> 13 (1906), n\u00fb. 40, 05-10-1906; J.H. Wiersma, <em>Tot herinnering. Een boekje voor jongens en meisjes die de zondagschool verlaten<\/em>, [s.pl. \u00b11906], s. 43; <em>De Blauwe Vaan. Orgaan voor Drankbestrijding<\/em> 6 (1909), nu\u0302. 29, 23-07-1909; 9 (1911), n\u00fb. 11, 15-12-1911; <em>Leidsch Dagblad<\/em>, 26-02-1910; <em>Pni\u00ebl. Weekblad voor het Christelijk Gezin<\/em>, n\u00fb. 1088, 02-11-1912; <em>Gereformeerd Maandblad. Godsdienstig en Maatschappelijk Tijdschrift voor Zuid-Afrika<\/em> 18 (1913), n\u00fb. 1, jannewaarje 1913; <em>Emmer Courant<\/em>, 25-10-1913; <em>Dragtster Courant<\/em>, 29-04-1914. Nei 1914 noch yn tal fan oare publikaasjes.<\/li>\n<li>Ek yn it poesyalbum fan Fetske Hemminga yn in net-datearre bydrage. Fierders Van Albada 1984, s. 54, yn in bydrage \u00fat 1885.<\/li>\n<li>Ek yn it poesyalbum fan Petronella Andringa yn in bydrage \u00fat likern\u00f4ch 1900 (Tresoar, Ljouwert) en yn it <em>Nieuwsblad van het Noorden<\/em>, 10-06-1906. Fierders Van Albada 1984, s. 53, yn bydragen fan 1916 \u00f4f.<\/li>\n<li>Ek yn de poesyalbums fan Saakje Obma yn in bydrage \u00fat 1894 (Admiraliteitsh\u00fbs, Dokkum), Petronella Andringa yn in bydrage \u00fat 1898, Antsje Toornstra yn bydragen \u00fat 1901 en 1919 (Admiraliteitsh\u00fbs, Dokkum), Fetske Hemminga yn in bydrage \u00fat 1915, Fetsje Postma yn in bydrage \u00fat 1918 (eigen kolleksje), Rinske Lootsma \u00fat 1923 (eigen kolleksje) en Klaaske Anema yn in bydrage \u00fat 1926 (eigen kolleksje). Fierders Van Albada 1984, s. 64, yn bydragen fan 1900 \u00f4f.<\/li>\n<li>P.A. de G\u00e9nestet, <em>Laatste der eerste. Verspreide gedichten<\/em>, Amsterdam 1861, s. 286\u2013288; 1862<sup>2<\/sup>, s. 286\u2013288. Ek yn <em>De dichtwerken van P.A. de G\u00e9nestet<\/em>, I, ed. C.P. Tiele, Amsterdam 1869, s. 208\u2013209. Fierders Van Albada 1984, s. 109, yn in bydrage \u00fat 1873.<\/li>\n<li>It twadde gedicht is in oersetting \u00fat in Ingelsk troch Jacoba Mossel en waard \u00fbnder de titel \u2018De macht van \u2019t kleine\u2019 publisearre yn Catharina van Rennes, <em>Voorjaarsbloemen. Een bundeltje van 12 kinderliedjes<\/em>, Amsterdam 1886 (minstens twa kear werprinte). Ek yn K. Veldkamp &amp; L. Bouman, <em>Zangschool in liederen<\/em>, II, Groningen 1916, 1925<sup>3<\/sup>; <em>Ons lied. Een nieuwe bundel voor de zondagschool<\/em>, Nijmegen [\u00b11918], s. 9; <em>Haagsche liederbundel<\/em>, \u2019s-Gravenhage [\u00b11920], s. 80\u201381; <em>Christelijke liederen voor jeugd-evangelisatie, school en huis<\/em>, Den Haag [\u00b11930], s. 29; en yn lettere edysjes fan de mear as fjirtich kear werprinte lietebondel J. Veldkamp &amp; K. de Boer, <em>Kun je nog zingen, zing dan mee!<\/em> Fierders Van Albada 1984, s. 90, yn bydragen fan 1912 \u00f4f.<\/li>\n<li>Van Albada 1984, s. 115, yn in bydrage \u00fat 1931.<\/li>\n<li>J.P. Heije, <em>Al de kinderliederen<\/em>, Amsterdam 1861, s. 209.<\/li>\n<li>Van Albada 1984, s. 75, yn in bydrage \u00fat 1944.<\/li>\n<li>Ek yn de <em>Nieuwe Haarlemsche Courant<\/em>, 12-02-1892; 04-06-1897; <em>De Avondpost<\/em>, 09-12-1895; <em>Vrede. Orgaan tot Bespreking van de Praktijk der Liefde<\/em> 1 (1898), n\u00fb. 22, 01-10-1898; <em>Pni\u00ebl. Weekblad voor het Christelijk Gezin<\/em> 15 (1906), n\u00fb. 764, 18-08-1906, s. 272; P. van Vledder, <em>Bouwsteenen. Keur van \u2018goede gedachten\u2019 tot opbouw van ons geestelijk leven<\/em>, [s.pl. 1908], s. 220; H. van den Berg Rzn., <em>Verzameling van spreekwoorden, gezegde(n), kernachtige en pittige volzinnen, spreukjes en rijmpjes<\/em>, [s.pl. \u00b11910], s. 24; H.W. Roes, <em>Bemesting veldvruchten-, groente- en ooftteelt<\/em>, [s.pl.] 1910<sup>7<\/sup>, 1910<sup>8<\/sup>, s. 163; <em>De Katholieke Illustratie<\/em> 46 (1911\u20131912), n\u00fb. 21, 02-03-1912; <em>Het Oosten. Wekelijksch Orgaan der Weesinrichting te Neerbosch<\/em>, n\u00fb. 2987, 28-03-1928. It ferske waard resinter ek wol br\u00fbkt yn rou-advertinsjes (<em>Haarlems Dagblad<\/em>, 28-09-1979; <em>Provinciale Zeeuwse Courant<\/em>, 25-04-2002).<\/li>\n<li>Van Albada 1984, s. 86, yn bydragen fan 1912 \u00f4f.<\/li>\n<li>J.D.C. van Dokkum (tekst), Cath. van Rennes (muzyk), <em>Zonnetje. Lied voor \u00e9\u00e9n zangstem en piano<\/em>, Gent 1893 (= <em>Nederlandsche zangstukken<\/em>, 13\/2); J.D.C. van Dokkum, \u2018Zonnetje\u2019, <em>Nationale Vereeniging voor den Volkszang. Afdeeling: \u2019s-Gravenhage en Omstreken. Tekstboek<\/em>, [Den Haag 1921<sup>6<\/sup>], s. 18.<\/li>\n<li>Ek yn it poesyalbum fan Fetske Hemminga yn in bydrage \u00fat 1914. Fierders Van Albada 1984, s. 113, yn in bydrage \u00fat 1901.<\/li>\n<li>P.I.K. Thomson, <em>Gelegenheids-versjes, ten gebruike voor kinderen van verschillende leeftijd; als: nieuwjaars-, verjarings- en album-versjes<\/em>, Goes [1865], s. 73. Ek yn it poesyalbum fan Idskia Postma yn in bydrage \u00fat 1922 (eigen kolleksje). Fierders Van Albada 1984, s. 74, yn in bydrage \u00fat 1905.<\/li>\n<\/ol>\n<p><\/small><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Hochlyrik komme je yn poesyalbums komselden tsjin, gesunkenes Kulturgut namstemear. Op dit weblog d\u00fbkte earder al Nachleben op \u2013 ornaris anonym en oanpast \u2013 fan d\u00fbmny- en folksdichters as De G\u00e9nestet, Heije en Tollens yn poesyalbums fan flink wat generaasjes &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=17991\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[1406],"tags":[1347,1363,1348,1364,1349,1365,1350,1366,1351,1367,1352,1368,1353,1369,1354,1370,1355,1371,1356,1372,1357,1373,1358,1374,511,1359,1375,640,1360,1376,1345,1361,1346,1362],"class_list":["post-17991","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-freoneboekjes","tag-sytske-van-der-heide","tag-minke-de-jong","tag-grietje-de-graaf","tag-anna-de-vries","tag-anna-jacoba-hiemstra","tag-dirkje-kikstra","tag-guido-gezelle","tag-klaaske-van-der-kooi","tag-doetje-dijkstra","tag-tettje-de-jong","tag-willem-bilderdijk","tag-klaas-kuiken","tag-willemina-van-der-hogt","tag-boukje-span","tag-aelze-huizinga","tag-antje-van-der-meulen","tag-jan-pieter-heije","tag-dieuwke-kuperus","tag-tetje-van-der-hogt","tag-tjitske-van-der-plaats","tag-jacob-de-jong","tag-femmigje-anna-de-vries","tag-sijbeltje-huizinga","tag-metje-de-vries","tag-trijntje-de-boer","tag-jetske-de-jong","tag-grietje-de-vries","tag-sietske-de-boer","tag-pietje-de-jong","tag-b-van-der-werff","tag-finnigje-bottema","tag-sytske-huizinga","tag-petrus-augustus-de-genestet","tag-douwe-de-jong"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/17991","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=17991"}],"version-history":[{"count":39,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/17991\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":19777,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/17991\/revisions\/19777"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=17991"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=17991"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=17991"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}