{"id":18133,"date":"2024-09-22T02:00:00","date_gmt":"2024-09-22T00:00:00","guid":{"rendered":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=18133"},"modified":"2024-10-13T23:22:21","modified_gmt":"2024-10-13T21:22:21","slug":"mail-oan-minke-iv","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=18133","title":{"rendered":"Mail oan Minke IV"},"content":{"rendered":"<p>Liebe Minke,<\/p>\n<p>Leaf datst nei myn wolw\u00eazen fregest en oft wy, do en ik, noch wol fan deselde po\u00ebzy h\u00e2lde. Gjin noed. Ja, dit weblog lei in hoartsje stil, mar inkeld om\u2019t ik it hiel drok hie op \u2019e saak. Dat is no dien, it wurk sit der op, ik bin mei pensjoen. En dan \u2018\u00fas po\u00ebzysmaak\u2019, dyn wurden, w\u00earom soe dy deselde bliuwe moatte en net feroarje meie? Myn smaak is oars noch wakker gelyk, sit d\u00ear mar net oer yn. Taj\u00fbn, ik haw even ompield mei de gedichten fan Erich Fried, mar mei de h\u00e2n op myn hert: ik sil it noait wer dwaan. It wie in rite fan jeugdsentimint.<\/p>\n<p>Dat kaam sa. Begjin dit jier yn D\u00fcsseldorf f\u00fbn ik yn in stasjonsboekwinkel in bloml\u00eazinkje gedichten fan Fried. Ynienen siet ik wer yn in skoallokaal fan it Lienward College oan de Ljouwerter Kanaalstrjitte, yn in les fan menear Snoeijing, learaar D\u00fatsk. Henk Snoeijing (1947\u20132012), yndertiid begjin tritich, himpen, mei koart blond hier en in briltsje mei r\u00fbne gl\u00eazen yn in tin montuer, wie in yntroverte, s\u00eaftmoedige en tagonklike dosint. Foar my makke er it fak dat er joech ta in <em>guilty pleasure<\/em>.<\/p>\n<p>It smiet by de diploma-\u00fatrikking in ferhalebondel fan Carl Zuckmayer op, skonken troch de D\u00fatske ambassade. Fan myn eineksamenjier bliek ik de heechste sifers foar D\u00fatsk helle te hawwen, sorry, en de ambassade beleanne soks mei in moai, b\u00fbn boek mei stofomslach. Yn in aula fol slagge learlingen en harren grutske \u00e2lden d\u00ear yn de Kanaalstrjitte haw ik dat boek skytskoarjend yn \u00fbntfangst nommen. It kaam ommers fan de D\u00fatske oerheid en dy wie, neffens it rigide oardiel yn de r\u00fbnten d\u00ear\u2019t ik my leafst yn ophold, oer alle boegen fout.<\/p>\n<p>Leafde foar D\u00fatsk wie yn de jierren santich eins <em>not done<\/em>. De stimming wie anty-D\u00fatsl\u00e2n en dus ek anty-D\u00fatsk, fanwegen Franz Josef Strau\u00df, Springer-Verlag, Berufsverbote, Bayer en <small>BASF<\/small>, Stammheim en noch sa wat, allegearre boppe-op de Twadde Wr\u00e2ldoarloch. Mar wylst wy, rekalsitrante pubers, by Fr\u00e2nsk omk\u00f4gje moasten op alderheislikst flauwe kluchten fan Moli\u00e8re, fuorre Snoeijing \u00fas maatskippijkrityske, provosearjende en bytiden revol\u00fasjon\u00eare literatuer fan \u00fbnder oaren Heine, B\u00fcchner, Brecht, Borchert, Grass en Biermann.<\/p>\n<p><div id=\"attachment_18134\" style=\"width: 310px\" class=\"wp-caption alignright\"><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Erich-Fried.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" aria-describedby=\"caption-attachment-18134\" class=\"size-medium wp-image-18134\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Erich-Fried-300x212.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"212\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Erich-Fried-300x212.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Erich-Fried-1024x724.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Erich-Fried-768x543.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Erich-Fried.jpg 1414w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><p id=\"caption-attachment-18134\" class=\"wp-caption-text\">Erich Fried<\/p><\/div>En dus ek fan Erich Fried (1921\u20131988), Eastenriker en Joad, dy\u2019t nei de Anschluss yn 1938 nei Ingel\u00e2n \u00fatwykt wie, dy\u2019t famylje ferlern hie troch tadwaan fan de nazi\u2019s en dy\u2019t as dichter radikaal stelling naam tsjin fassisme, militarisme, kapitalisme, de Vietnam-oarloch, it ferh\u00fbdd\u00fbkjen fan de Palestijnen troch Isra\u00ebl, de polityk yn de Bundesrepublik Deutschland, de mediahetze tsjin links en de behanneling fan finzen leden fan de Rote Armee Fraktion. Syn po\u00ebzy hie ympakt, wie foarwerp fan publyk debat en lokke sensuer \u00fat fan de autoriteiten.<\/p>\n<p>Alteast yn D\u00fatsl\u00e2n. D\u00ear jildt Fried, yn 1987 winner fan de Georg-B\u00fcchner-Preis, oant hjoed-de-dei ta as in wichtich dichter, ien d\u00ear\u2019t men net omhinne kin, in dichter waans wurk sels te keap is yn stasjonsboekwinkels. Dat ik kocht d\u00ear yn it D\u00fcsseldorfer Hauptbahnhof dat bloml\u00eazinkje, \u00fat nostalgy tink ik, en sloech dy nacht, om wat om hannen te hawwen, op myn hotelkeamer oan it fertalen. Dreech wie dat oars net. Fried syn fersen binne ienf\u00e2ldich, rjocht ta rjocht oan. Se sykje effekt yn dialektyk, net yn lyryske subtilens. Doe\u2019t ik th\u00fas eardere Fryske oersettings fan guon gedichten der by luts, blieken mines d\u00ear dan ek amper fan te ferskillen.<\/p>\n<p>Dy eardere oersettings binne fan Marten Sikkema, skriuwersnamme fan Govert Gezelle Meerburg (1918\u20132005). Tusken 1985 en 1991 publisearre hy ferfryskings fan fjirtjin gedichten fan Fried yn it moannebl\u00ead <em>De Strikel<\/em>. Sikkema beg\u00fbn d\u00ear mei nei\u2019t er Fried moete hie doe\u2019t dy yn Nederl\u00e2n in l\u00eazingetoernee hold. Sikkema hie him fan Leiden nei Grins sjauffeurd en him \u00fbnderweis fertelle litten oer syn libben en wurk. Yn <em>De Strikel<\/em> fan desimber 1985 die er d\u00ear ferslach fan.<\/p>\n<p>Nei it ferstjerren fan Fried yn 1988 kaam <em>De Strikel<\/em> mei in in memoriam skreaun troch Sikkema syn dochter Babs Gezelle Meerburg en Ronald Noppers. Myn \u00e2ld-learaar Henk Snoeijing wie harren foargongen mei in betinkingsartikel yn de <em>Leeuwarder Courant<\/em>. Yn dat (Holl\u00e2nsktalige) artikel naam Snoeijing n\u00east in eigen oersetting fan \u2018Bevor ich sterbe\u2019 ek de Frysktalige oersetting op dy\u2019t Sikkema earder makke hie fan \u2018Reden\u2019.<\/p>\n<p>It wie de twadde mar net de l\u00easte bydrage fan Snoeijing oan de <em>Leeuwarder Courant<\/em>. Tusken 1988 en 2009 soe hy de <em>LC<\/em>-l\u00eazers mei in oardel h\u00fbndert sk\u00f4gjende stikken ynformearje oer D\u00fatsktalige literatuer. Dat barde meast yn de foarm fan resinsjes oer D\u00fatsk proaza yn Holl\u00e2nske oersetting, fan liter\u00eare grutheden as Rilke, Kafka, Musil, Roth, B\u00f6ll en Walser, mar ek fan jonge, noch amper bekende, faak debutearjende skriuwers. It wienen besprekken mei nuansearre oardielen en heldere konkl\u00fazjes, oer sawol de plussen en minnen fan it wurk sels as de kwaliteit fan de oersetting.<\/p>\n<p>Snoeijing droech oan de <em>Leeuwarder Courant<\/em> ek fjouwer essayistysker stikken by: in artikel (syn earste bydrage) oer Musil en betinkingsartikels oer Goethe, Heine en, lykas sein, Fried. Ut dat l\u00easte artikel: \u2018Veel van Frieds gedichten hebben zo een pamfletachtig karakter gekregen, zijn extreem tijdgebonden en kunnen over enkele jaren nog slechts met behulp van vele voetnoten gelezen worden. [&#8230;] Maar de gedichten waarin de politieke aanleiding niet expliciet genoemd wordt, waarin niet woede de boventoon voert, maar waarin vanuit een humanistische levenshouding geschreven is, zullen nog lang een geboeid gehoor vinden.\u2019<\/p>\n<p>\u2019t Is wier, de leafdesgedichten dy\u2019t Fried ek skreau, h\u00e2lde it better \u00fat as syn politike po\u00ebzy, dy\u2019t bytiden grinzget oan agitprop. It lofliet op de leafde \u2018<a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=18079\" target=\"_blank\" rel=\"noopener noreferrer\">Was es ist<\/a>\u2019 \u2013 yn Nederl\u00e2n popul\u00ear wurden yn de oersetting fan Remco Campert \u2013 is \u00fatgroeid ta in <em>evergreen<\/em>, dy\u2019t yn boeken mei titels as <em>Die 100 sch\u00f6nsten Gedichte der deutschen Literatur<\/em> net \u00fbntbrekt.<\/p>\n<div id=\"attachment_18136\" style=\"width: 2570px\" class=\"wp-caption alignright\"><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Erich-Fried-op-de-Berlynske-Muorre-scaled.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" aria-describedby=\"caption-attachment-18136\" class=\"size-full wp-image-18136\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Erich-Fried-op-de-Berlynske-Muorre-scaled.jpg\" alt=\"\" width=\"2560\" height=\"986\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Erich-Fried-op-de-Berlynske-Muorre-scaled.jpg 2560w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Erich-Fried-op-de-Berlynske-Muorre-300x116.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Erich-Fried-op-de-Berlynske-Muorre-1024x394.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Erich-Fried-op-de-Berlynske-Muorre-768x296.jpg 768w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Erich-Fried-op-de-Berlynske-Muorre-1536x592.jpg 1536w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Erich-Fried-op-de-Berlynske-Muorre-2048x789.jpg 2048w\" sizes=\"auto, (max-width: 2560px) 100vw, 2560px\" \/><\/a><p id=\"caption-attachment-18136\" class=\"wp-caption-text\">In tekst fan Erich Fried op de Berlynske muorre<\/p><\/div>\n<p>Nei dy diploma-\u00fatrikking yn de Kanaalstrjitte gongen wy, slagge en \u00f4fswaaid, op in boerewein mei in trekker derfoar en drank oan board Ljouwert troch, by de wenadressen fan dosinten l\u00e2ns. Snoeijing n\u00fbge \u00fas gastfrij yn. Wat makke dat ik him doe tante oer it kontrast tusken de rebelly fan syn liter\u00eare helden en syn eigen boargerlike f\u00easte baan, syn boargerlike nijbouh\u00fbs en de boargerlike keunst d\u00ear oan de muorre? Yn stee fan my in ferbale ringel om de earen te jaan gong Snoeijing ferduldich yn petear. Fiifenfjirtich jier letter, pensjonearre en wenjend op st\u00e2n mei \u00fbngefaarlike keunst oan de muorre, skamje ik my foar dat tergjen, noch mear as foar dat skytskoarjen by it yn \u00fbntfangst nimmen fan dat boek. It spyt my, menear Snoeijing.<\/p>\n<p>Oant safier, meine teure Minke, oer myn gedoente mei in faaks net hiel goede mar moedige dichter en myn oantinkens oan in hiel goede learaar D\u00fatsk. No wer Volldampf voraus mei dit weblog! Gru\u00df &amp; Kuss,<\/p>\n<p>Klaas<\/p>\n<p><small>\u2013 Marten Sikkema, \u2018In moeting\u2019, <em>De Strikel<\/em> 28, n\u00fb. 11 (desimber 1985), s. 280\u2013283.<br \/>\n\u2013 Henk Snoeijing, \u2018Erich Fried: dichter tussen verguizing en aanbidding\u2019, <em>Leeuwarder Courant<\/em>, 02-12-1988.<br \/>\n\u2013 Ronald Noppers &amp; Babs Meerburg, \u2018Erich Fried, D\u00fatsk dichter 1921\u20131988\u2019, <em>De Strikel<\/em> 32, n\u00fb. 3 (maart 1989), s. 13\u201315.<\/p>\n<p>Gedichten fan Erich Fried yn it Frysk, oerset troch Marten Sikkema:<br \/>\n\u2013 \u2018Sprekke\u2019, \u2018Mar\u2019, \u2018Petear mei ien dy\u2019t oerlibbe hat\u2019, \u2018Goed foarnimmen\u2019 en \u2018Engagearre fers\u2019, <em>De Strikel<\/em> 28, n\u00fb. 11 (desimber 1985), s. 280\u2013283.<br \/>\n\u2013 \u2018Wat it is\u2019 en \u2018Nacht yn Londen\u2019, <em>De Strikel<\/em> 31, n\u00fb. 4 (april 1988), s. 106, 111.<br \/>\n\u2013 \u2018De fijannen\u2019 en \u2018Sykjend\u2019, <em>De Strikel<\/em> 32, n\u00fb. 1 (jannewaarje 1989), s. 5, 23.<br \/>\n\u2013 \u2018Mar miskien\u2019, \u2018Alde dei\u2019, \u2018Fersen l\u00eaze\u2019 en \u2018Ear\u2019t ik stjerre sil\u2019, <em>De Strikel<\/em> 32, n\u00fb. 3 (maart 1989), s. 14\u201315.<br \/>\n\u2013 \u2018Hark, Isra\u00ebl\u2019, <em>De Strikel<\/em> 34, n\u00fb. 3 (maart 1991), s. 27.<\/small><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Liebe Minke, Leaf datst nei myn wolw\u00eazen fregest en oft wy, do en ik, noch wol fan deselde po\u00ebzy h\u00e2lde. Gjin noed. Ja, dit weblog lei in hoartsje stil, mar inkeld om\u2019t ik it hiel drok hie op \u2019e saak. &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=18133\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[445],"tags":[1390,16,1381,1387,1389],"class_list":["post-18133","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-flessepost","tag-marten-sikkema","tag-babs-gezelle-meerburg","tag-erich-fried","tag-henk-snoeijing","tag-ronald-noppers"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/18133","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=18133"}],"version-history":[{"count":43,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/18133\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":18250,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/18133\/revisions\/18250"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=18133"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=18133"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=18133"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}