{"id":1882,"date":"2013-10-13T13:00:47","date_gmt":"2013-10-13T11:00:47","guid":{"rendered":"http:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1882"},"modified":"2022-08-09T10:58:28","modified_gmt":"2022-08-09T08:58:28","slug":"in-albumynskripsje-ut-1794","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1882","title":{"rendered":"In albumynskripsje \u00fat 1794"},"content":{"rendered":"<p><strong>It album amicorum fan Rinse Koopmans, koartlyn wer foar it ljocht kommen, blykt in oant no ta \u00fbnbekende Fryske albumynskripsje \u00fat 1794 te befetsjen. De ynskriptor, Jacobus Scheltema, sitearret in tal dichtrigels fan Gysbert Japix en ferwiist yn de opdracht by <nobr>it sitaat<\/nobr> nei it tegearre l\u00eazen fan dy <nobr>syn wurk.<\/nobr><\/strong><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-1.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-1-300x200.jpg\" alt=\"\" title=\"\" class=\"alignright size-medium wp-image-2004\" width=\"300\" height=\"200\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-1-300x200.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-1-1024x682.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-1.jpg 1200w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a>Neffens de gewoante fan syn tiid hold de lettere heechlearaar Rinse Koopmans (1770\u20131826) as studint in album amicorum (\u2018freoneboek\u2019) by, d\u00ear\u2019t er ynskripsjes fan mei-studinten en oare kunde yn sammele. Dat album kaam op 20 desimber 1989 by feilingh\u00fbs Van Gendt yn Amsterdam \u00fbnder de hammer. It waard doe oankocht foar de bibleteek fan de Verenigde Doopsgezinde Gemeente Amsterdam, dy\u2019t as br\u00fbklien \u00fbnderbrocht is by de Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam. D\u00ear rekke it h\u00e2nskrift b\u00fbten sicht, oant it \u00f4fr\u00fbne moanne wer opd\u00fbkte tusken noch te katalogisearjen materiaal.<\/p>\n<p>Rinse Koopmans waard yn 1770 berne yn Grou, yn in meniste fermidden. Al op syn s\u00e2nde kaam er op de Latynske skoalle yn Ljouwert, d\u00ear\u2019t Valentinus Slothouwer doe rektor fan wie. Fan 1788 oant 1794 studearre Koopmans oan it Doopsgezind Seminarium yn Amsterdam. Fan 1796 \u00f4f wie er meniste d\u00fbmny yn Amsterdam, oan 1814 ta, doe\u2019t er beneamd waard as heechlearaar oan it Doopsgezind Seminarium. D\u00earn\u00east hold er him graach dwaande mei histoaryske letterkunde; sa skreau er st\u00fadzjes oer Dirk Rafa\u00eblsz Camphuysen en Constantijn Huygens. Op lettere leeftyd teach er werom nei Frysl\u00e2n en sette er him nei wenjen yn Koudum, d\u00ear\u2019t er yn 1826 ferstoar.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-2.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-2-300x200.jpg\" alt=\"\" title=\"\" class=\"alignright size-medium wp-image-2007\" width=\"300\" height=\"200\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-2-300x200.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-2-1024x682.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-2.jpg 1200w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a>Koopmans krige of kocht syn album amicorum, stutsen yn in kreaze br\u00fanlearen b\u00e2n mei goudstimpeling, yn 1789, sa\u2019t op te meitsjen falt \u00fat it jiertal dat op it achterplat fan de b\u00e2n stimpele is. De earste ynskripsje, net datearre, is fan de al neamde Ljouwerter rektor Valentinus Slothouwer. Dan folgje <nobr>31 ynskripsjes<\/nobr> \u00fat (foar safier datearre) 1792\u20131794, fan mei-studinten en oare lju \u00fat meniste en remonstrantske r\u00fbnten, en in \u00f4fskiedsgroet \u00fat 1811 fan syn neef Heeble Coopmans. Op ien nei binne de ynskripsjes yn it Latyn, Holl\u00e2nsk, Fr\u00e2nsk en D\u00fatsk. De ynskripsje fan \u2018Japik Scheltema\u2019 kipet der \u00fat: hy skreau syn freonebydrage yn <nobr>it Frysk.<\/nobr><\/p>\n<p>Jacobus Scheltema, in jongere broer fan de samler (en betinker) fan Fryske sprekwurden en folksferhalen Paulus Cornelis Scheltema, waard berne yn 1767 yn Frjentsjer en studearre rjochten yn syn bertest\u00ead. As patriot wykte er yn 1789 \u00fat nei Steinfurt, om him twa jier letter as keapman te f\u00eastigjen yn Amsterdam. D\u00ear sleat er him oan by de remonstranten. Nei de revol\u00fasje fan 1795 gong er tydlik nei Frysl\u00e2n werom foar in funksje yn tsjinst fan it nije bew\u00e2ld. Yn de desennia d\u00earnei makke er karri\u00e8re binnen it bestjoer en de rjochtspraak. Dochs hold er ek tiid oer en publisearje wiidweidich oer tal fan benammen skied- en letterkundige \u00fbnderwerpen. Jacobus Scheltema ferstoar yn 1835 <nobr>yn Utert.<\/nobr><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-3.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-3-1024x682.jpg\" alt=\"\" title=\"\" class=\"alignleft size-large wp-image-2008\" width=\"640\" height=\"426\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-3-1024x682.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-3-300x200.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-3.jpg 1200w\" sizes=\"auto, (max-width: 640px) 100vw, 640px\" \/><\/a><br \/>\n&nbsp;<br \/>\nDe bydrage fan Scheltema oan it album amicorum fan Koopmans is datearre 26 augustus 1794. In albumynskripsje begjint fakentiids mei in sitaat. Oars as de measte ynskriptoaren yn Koopmans syn album \u00fbntlient Scheltema dat net oan de Bibel, in klassyk auteur of Ferljochtingsmannen as Voltaire, Rousseau en Gellert, mar oan Gysbert Japix. It giet om njoggen rigels \u00fat \u2018Reamer <nobr>in Sape\u2019:<\/nobr><\/p>\n<ul>D\u2019Oprieuchte deughd let ijerzen, stiel nog fjoer-wirck,<br \/>\nMar stiet allijck ijen klippe aof getten moerwirck,<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Dat wijkt nog schrikt for storm nog twiere fleag.<br \/>\nIJen from gemoed, al woe de wr\u00e2ld om-kere,<br \/>\nDat het, dat h\u00e2dt ijn God \u2019t jinge it bejere,<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Moed, wille, treast, fornoeijen, winsck in w\u00e2d.<br \/>\nAl bloeide aerne ijen L\u00e2n ijn fr\u00eae in resten,<br \/>\nIt leijt oere heap trog oproer, schoering\u2019, lesten,<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Eer ij omsjea neij wijze fenne wr\u00e2ld.<\/ul>\n<p>De tekst lit lytse farianten op de edysjes fan 1668 en 1681 sjen \u2013 it opfallendst is \u2018twiere fleag\u2019 yn stee fan \u2018swiere-fleag\u2019 \u2013 mar stiet it tichtst by dy fan 1681. Op it sitaat folget in dedikaasje, d\u00ear\u2019t Scheltema yn ferd\u00fatst wat him en <nobr>Koopmans bynt:<\/nobr><\/p>\n<ul>&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Hoascke frieun! dit schrieuw ik hier al-<br \/>\nlinne om oon dij bij it troagnoassjen fen disse naamlijste,<br \/>\nit fornoeijen, dat wij sa folle reisen bij it oerkoaggien<br \/>\nfenne huinig zwiete ticht-wircken fen <em>Gijsbert Japiks<\/em><br \/>\nsmeitst habbe, war for dij Geast to bringen.<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Ik fuwge hier eak bij, dat ik mij forhuwge ijn<br \/>\ndijn frieunschip, dat ik dij Allerheagste tank dij<br \/>\nto kennen in dat ik dij bij de aade Friescke trouw<br \/>\nbezwar, onforwriggeliende to schille blieuwe<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Dijn onforfalsche stalcke Japik Scheltema<br \/>\n&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;Corn soon fen Frentjer<br \/>\n17 <sup>8<\/sup>\/<sub>26<\/sub> 94.<\/ul>\n<p>It Latynske wurddiel yn de rjochter boppehoeke rint troch op de kearside fan it bl\u00ead: \u2018Conjuges ac amantes\u2019 (mei-inoar troud en inoar leavjend). Dy wurden keppelje de bydrage fan Jacobus Scheltema oan de (Holl\u00e2nsktalige) ynskripsje dy\u2019t syn frou Pietje Scheltema-Ennema in dei earder op dy kearside skreaun hie.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-4.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" src=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-4-300x200.jpg\" alt=\"\" title=\"\" class=\"alignright size-medium wp-image-2009\" width=\"300\" height=\"200\" srcset=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-4-300x200.jpg 300w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-4-1024x682.jpg 1024w, https:\/\/www.konsenylje.nl\/wp-content\/uploads\/Hs.-65-626-4.jpg 1200w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a>Koopmans en Scheltema hienen beide grutte niget oan it bestudearjen fan it wurk fan Gysbert Japix; bewiisplakken d\u00earfoar jout Philippus Breuker yn syn proefskrift <em><nobr>It wurk<\/nobr> fan Gysbert Japix<\/em> \u00fat 1989. Fan Scheltema is yn h\u00e2nskrift in Holl\u00e2nske oersetting fan \u2018Reamer in Sape\u2019 oerlevere dy\u2019t er yn of koart nei 1793 makke hat. Koopmans hold yn 1801 foar it Amsterdamske genoatskip Felix Meritis in <em>Redevoering over Gijsbert Jacobs<\/em>, dy\u2019t ek yn druk ferskynd is; boppedat wie er yn it besit fan it ferneamde Gysbert-portret troch Matthijs Harings, dat no yn it Fries Museum hinget. Scheltema syn ynskripsje yn it album amicorum fan Koopmans tsj\u00fbget fan in freonskip tusken twa Amsterdamske Friezen dy\u2019t harren leafde foar Gysbert Japix syn \u2018huinig zwiete ticht-wircken\u2019 <nobr>mei-inoar dielden.<\/nobr><\/p>\n<ul>Ofbyldings: Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam, bibleteek fan de Verenigde Doopsgezinde Gemeente Amsterdam, <nobr>Hs. 65-626.<\/nobr><\/ul>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>It album amicorum fan Rinse Koopmans, koartlyn wer foar it ljocht kommen, blykt in oant no ta \u00fbnbekende Fryske albumynskripsje \u00fat 1794 te befetsjen. De ynskriptor, Jacobus Scheltema, sitearret in tal dichtrigels fan Gysbert Japix en ferwiist yn de opdracht &hellip; <a href=\"https:\/\/www.konsenylje.nl\/?p=1882\">Fierder l\u00eaze <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[430],"tags":[45,69,204,205,206,207,209,210,211,212,213,214,215,250],"class_list":["post-1882","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-fynsten","tag-gysbert-japix","tag-philippus-breuker","tag-rinse-koopmans","tag-valentinus-slothouwer","tag-heeble-coopmans","tag-jacobus-scheltema","tag-matthijs-harings","tag-dirk-rafaelsz-camphuysen","tag-constantijn-huygens","tag-pietje-ennema","tag-voltaire","tag-jean-jacques-rousseau","tag-christian-furchtegott-gellert","tag-paulus-cornelis-scheltema"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1882","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=1882"}],"version-history":[{"count":215,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1882\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":16646,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1882\/revisions\/16646"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=1882"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=1882"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.konsenylje.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=1882"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}